maandag 5 mei 2014

Ik skriuw it ferhûddûke 'dû'

Oan de skriuwers fan Fryslân, 

Sa’t jim hjoed lêze kinne yn it Friesch Dagblad is it troch de provinsje ferline jier yn it libben roppen taaloerlis mislearre en is de Fryske Akademy (FA) fêst fan doel en set troch mei syn plannen om dialektseleksje ta te passen yn in normearjende ‘Wurdlist Frysk’ op kommendewei. 

De wurdlist sil net ferplichtsjend oplein wurde oan amtners en it ûnderwiisfjild, wurdt sein. Dat is winst. Mar likegoed sil de FA net te tellen safolle wurden út it gongbere Frysk net opnimme wolle. Sy sil yn in protte fan dy gefallen in kar meitsje tusken Klaaifryske en Wâldfryske ekwivalinten; de iene foarm bestimpelje as ‘geef Frysk’ en de oare mar gewoan weilitte. 

Dat sil hoe dan ek gefolgen hawwe. Ik kin my net yntinke dat soks yn it belang is fan it Fryske skriuwen. En ek net, dat myn Wâldfryske kollega’s har derûnder deljaan sille dat de Wâldfryske foarm ‘dû’ skrapt wurdt, sa’t de FA fan doel is, en inkeld ‘do’ yn it Fryske ‘Griene Boekje’-dat-helendal-gjin-Grien-Boekje-is opnommen wurdt. 

It giet hjir net om ‘dû’, mar om it prinsipe. It is mar ien foarbyld út hûnderten pynlike yngrepen yn jins taaleigen dy’t de FA op it punt stiet om troch te fieren. Fansels sille Klaaifryskskriuwers dêr likegoed fan te lijen krije. 

Hoe better te protestearjen as yn jins skriuwen? Ut solidariteit mei de dû-skriuwers ûnder ús sil ik oantemei de behanneling fan in nij Steatebeslút op kommendewei, mooglik nei de simmerfakânsje, dêrom ‘dû’ skriuwe ynstee fan it mysels fertroudere ‘do’. Yn al myn Fryske teksten, op myn weblog, op Facebook en yn ’e krante. 

It soe in moai sinjaal wêze as jim ek foar jimsels in wiziging yn jim skriuwen oanbrochten dy’t deselde sinjaalfunksje op it each hat. 

Dû litst dy dochs net fertelle troch ien of oare akademy dat dyn Frysk ynienen fan de twadde rang is? 

Mei heechachtinge, en hertlike Biltse groetnis, jo 

Abe


.

3 opmerkingen:

  1. Pieter Breuker6 mei 2014 om 01:14

    Abe,

    In lytse korreksje. By it trochgean fan de FA-plannen sil in taalbrûker by it rieplachtsjen fan de (elektroanyske) staveringshifker 'dû' wol fine as er dat wurd yntypt. Mar oars as 'do' stiet 'dû' 'net ‘as foarkarsfoarm te boek' en dêrmei ek net as 'selsstannige yngong' yn de wurdlist. De taalbrûker sil dêrom trochferwiisd wurde nei 'do'.
    Wêrom kiest de FA foar 'do'? Omdat dy foarm faker yn it skreaune Frysk foarkomt as 'dû'. No is frekwinsje mar ien fan de FA-kritearia om ta seleksje oer te gean. Want hoewol’t yn de Taaldatabank fan de FA it algemien-Fryske 'sneon' ek (folle) faker foarkomt as it Wâldfryske 'saterdei', binne dy beide foarmen wól lykweardich yn de FA-optyk. Wêrom dat ferskil yn status? Om dat te begripen moat men trochleard hawwe. De FA beskôget 'do'- 'dû' blykber as fonologyske farianten fan inoar, wylst it by 'sneon'- 'saterdei' om 'leksikale farianten' giet. Ik lis it ferskil no earst marris net út. De belanghawwenden moatte dêr har tosken sels mar op stikken bite.
    Noch eefkes in oanfolling. Hoewol't dy de trochsneed taalbrûker miskien it meast oansprekke sille, giet it yn de FA-plannen beslist net allinnich om dialektseleksje. Foarsafier't de FA no mei syn plannen foar it ljocht kommen is, wurdt dúdlik dat bygelyks 'ried' de foarkar boppe 'rie' hat, mar dêrmeist bliuwt 'goerie' as 'leksikalisearre gefal’ wol yn eare, fertsjinnet 'mûtse' de foarkar boppe 'mûts', omdat de lêste foarm 'tichter by it Nederlânsk stiet'. Oant no hat de FA yn totaal sa’n 50 foarbylden jûn wêrby’t in kar makke wurde ‘moat’, mar ik rûs dat it yn ‘e praktyk om inkelde tûzenen gefallen giet.
    Mei-inoar hat de FA seis kritearia nedich om hieltiten tusken farianten skiftsje te kinnen. Dat makket it ‘systeem’ al hiel kompleks en dat wurdt ûnwurkber omdat der gjin hiërargy yn dy kritearia is én omdat se gauris mei-inoar yn striid binne. De FA jout de taalbrûker gjin hâldfêst, mar bringt him op ‘e doele en ferfrjemdet him fan syn eigen (goed) Frysk.
    Ta beslút. Kin it ek oars? Jawis, útgean fan de besteande (liberale) skriuwtaalnoarm. As de FA dan dochs ek in taak as taalbefoarderjend ynstitút op him nimme wol, dan soe it folle better wêze om derfoar te soargjen dat it Frysk (folle) mear skreaun wurdt. In taalnoarm komt (primêr) ta stân yn de taalmienskip sels, net achter in buro.

    Pieter Breuker

    BeantwoordenVerwijderen
  2. josse de haan6 mei 2014 om 01:45

    Pieter ,Breuker, as ik dy goed begryp hat de literêre skriuwer aanst gjin frijheid mear om nuânses yn syn skriuwen op te nimmen. As de noarmen fan de Fryske Akadeemje jilde sille - ek yn it printe Frysk (romans, novellen, berneboeken, poëzy) - wurdt it nobrûkte Frysk oantaast yn syn wêzentlik bestean.

    Mei oare wurden, it keunstmjittich stjoeren fan de taal krijt foarrang boppe it stypjen fan in ryk brûken fan de Fryske taal. Dat giet tsjin elke natuerlike ûntjouwing fan in taal yn.

    Ik leau net dat de lju fan it Nederlânske Griene Boekje soks ea besocht hawwe (yn it Nederlânsk fine jo farianten).

    Is de Fryske Akadeemje ea oprjochte om ditsoarte yngrepen yn de taal te dwaan? Ik miende dat de Akadeemje it Frysk stypje moast.
    It sil ek in reden wêze dat se dêre al jierren neat mear oan de literatuer dogge Se binne dwaande mei wetsteksten en oare ienlagige taaluteringen.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Pieter Breuker6 mei 2014 om 09:08

      Josse, goeie,


      Nee, it sit noch eefkes oars. Ek de literêre skriuwer hâldt, yn alle gefallen yn teory, de frijheid om bygelyks 'dû' te skriuwen. Mar by it trochgean fan de FA-plannen driget it gefaar dat útjouwers, bygelyks de Afûk, aanst mei de wurdlist yn de hân teksten fan dyselde skriuwers neirinne en easkje dat dy oan de FA-noarm foldogge. In oar gefaar is dat skriuwers dy't net goed yn it Frysk thús binne, skielk te seil geane op de FA-wurdlist. Dy skriuwe dan yn de iene sin ‘do’, yn de oare fleurich ‘saterdei’ , se kieze op gesach fan de FA foar 'helte' en binne dêrmei ek bûn oan it stive 'frage', se miene dat allinnich de folle foarm 'hjirre' mar goed is, ensafh. 'Hjir do!’, soe ik tsjin sokken sizze wolle, lês ris wat mear as de FA-wurdlist.



      Pieter Breuker

      Verwijderen