maandag 28 november 2016

Wat seit in Fryske skriuwer? Everything is awesome?

Is er, as er net dwaande is mei it bouwen fan syn image, mei it netwurkjen foar súkses, mei it ferkeapjen fan syn oansteande optreden, boek of film, mei it foar himsels anneksearjen fan shared space, ek noch - yn in oare kapasiteit - in minske belutsen by it sosjale funksjonearjen fan syn taal? Wol er, doart er, kin er dêr wat oer sizze? 

Bygelyks dat it Taalplan Frysk fan deputearre Sietske Poepjes driget út te rinnen op de grutste tebeksetter foar it Frysk ûnderwiis sûnt de útfining fan de boekprintkeunst, en sels Amnesty International sjocht de oare kant út? Bygelyks dat bern it rjocht op goed Frysk ûnderwiis ûntkeard wurdt? 

Wat sizze de mediatigers fan de Fryske skriftekennisse, Piter Boersma, Sjieuwe Borger, Tsead Bruinja, Ernst Bruinsma, Anne Feddema, Froon Akker, Josse de Haan, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Alpita de Jong, Bart Kingma, Sigrid Kingma, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Meindert Reitsma, Willem Schoorstra, Elske Schotanus, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Liuwe Westra, Syds Wiersma en al dy oaren, witte jo it, ikke net. Alles is geweldich? 

Graach oant sjen op 22 desimber, Saailân, Ljouwert, 19.00 oere! Fan herte útnoege!

vrijdag 18 november 2016

Lân fan Taal hat neat mei it Frysk

Twa grutte Frysketaalprojekten skrast troch KH2018 

Langer al as twa jier hie de Ried fan de Fryske Beweging der mei dwaande west. Yn ’e hoop, en ek neffens de ferwachtingen dy’t wekke waarden, om it útfiere te kinnen yn it ramt en ûnder de paraplu fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. 

It projekt ‘Fan Underen Op: mei taal oan ’e haal’. 

Dat hie as doel om it taalbewustwêzen yn ’e provinsje fuort te sterkjen mei kulturele en kommunale inisjativen. Mar it feest giet net troch. Fan ’t simmer sette Siart Smit, direkteur fan Lân fan Taal, dat in ûnderdiel is fan KH2018, der in fette streek trochhinne. 

In kwestje fan besunigje moatte, of spilet der dochs ek wat oars mei? Earder slagge it de stúdzjerjochting Minorities & multilingualism fan professor Goffe Jensma al net om in grut empirysk ûndersyk nei taalgebrûk yn ’e provinsje op de wurklist fan Lân fan Taal te krijen. Dêrby binne neffens in betroubere boarne de emoasjes heger oprûn as oars. It liket derop dat ‘de Bûterhoeke’ – Tresoar en Afûk – yn ’e mande mei de fan Tryater ôfkomstige programmadirekteur Smit út noch yn gjin nocht hat oan projekten dy’t skaal en ambysje sjen litte as it om it befoarderjen fan it gebrûk fan de Fryske taal en de kennis dêroer giet. 

Fan Underen Op gong werom op in idee út 2011 foar in ‘kulturele karavaan’: it opsykjen fan doarp en stêd mei in mearsidich kultureel programma, dat ek as doel hie om de kulturele kapasiteiten fan de minsken sels oan te boarjen. De Ried fan de Fryske Beweging woe mei syn fersy berikke, neffens in tekst op de eigen site, ‘dat we wat bewuster mei it Frysk omgeane, de taal bewust mear brûke. Troch faker Frysk te praten, kinne we mei-inoar foarkomme dat de taal yn de takomst ferlern giet. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat we hieltyd minder Frysk prate en skriuwe.’ Ek ûnder mear de RUG en it Europeesk Buro foar Lytse Talen soene meiwurkje. 

Renze Valk, skriuwer fan de Ried, skreau op 22 novimber 2014 op ItNijs dat KH2018 ek besykje moatte soe ‘om de kleau tusken stêd en plattelân te sljochtsjen’; tusken urbane mienskippen dy’t net witte wêr’t har iten weikomt, en plattelânsmienskippen dy’t har yntellektuele en kreative kapitaal ferlieze. Mei dy ynstek sleat Fan Underen Op naadleas oan by it earste KH-manifest fan desimber 2011, dat folle mear emansipatware aksinten lei as de lettere foaral kultuerkommersjeel rjochte bidbookfersys. 

Valk: 'Mei Ljouwert 2018 yn it foarútsjoch wol de Ried Fan Underen Op organisearje en in programma oanbiede dêr’t neist it doarp of de stedswyk ek profesjonele minsken út de teater- en muzykwrâld by belutsen wurde. It programma is net allinne foar Frysktaligen bedoeld, mar ek foar minsken dy’t wend binne in oare taal te praten. It sil fan doarp ta stedswyk ferskillend wêze, omdat de situaasjes nearne gelyk binne.'

Valk seach yn it winterskoft fan 2017-2018 likegoed al in ‘âlvestêde- en doarpetocht foar de Fryske taal en kultuer’ foar him. 

Mar fan dy moderne en miskien wol like befrijende Winterjounenocht komt dus neat op ’e hispel. KH2018 wol net nei de doarpen mei in grut, djoer, útinoar rinnend oanbod fan taal, kultuer, skiednis en sport, dat miskien wol it risiko ynhat dat it as ‘Frysk-nasjonalistysk’ of ‘djipfriezerij’ ôfskildere wurde kin, sadat de minsken yn Fryslân miskien wol wekker wurde mar de toeristen thúsbliuwe. 

Wat wolle KH2018 en Lân fan Taal dan wol mei it Frysk? Dat is it projekt Taalkaravaan, dat gjin karavaan is. Op de site fan Lân fan Taal wurdt it in ‘mobile language festival’ neamd, mar dat is it ek net, want it ‘will be travelling past existing unique activities, festivals and locations in Fryslân’. Mei oare wurden, der sille bydragen levere wurde oan besteande festivals. It giet dan om aktiviteiten op it mêd fan teater, literatuer, muzyk en film. It is dus de wenstige topdown kultuerdistribúsje dêr’t foar betelle wurde moat en dy’t konsumearre wurde kin, produkten fan de hearskjende kultuerkommersjele elite.   

Mei taalbewustwurding en it korrizjearjen fan kultureel-mentale bylden oer stêd en plattelân – de ambysjes fan de plannen fan de Ried en de RUG-stúdzjerjochting – hat it allegear neat te krijen. 

Dyselde Ried sit no der no wat raar yn. KH2018 kaam twa jier lang mar net mei hurde tasizzingen mar der moasten al kosten makke wurde foar advys en organisaasje. En de Provinsje dan? Of kolleezjepartij FNP? 

Op 21 juny presintearre deputearre Sietske Poepjes (CDA) har beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’, ynklusyf it sa troch de FNP neamde ‘Deltaplan foar it Frysk’. Soe dêr dan miskien romte yn sitte foar it útfieren fan it grutte taalplan? Beweger Jehannes Elzinga frege it in dei letter iepentlik (op ItNijs.frl): ‘Is binnen dit budzjet ek jild foar it projekt Fan Underen Op fan de Ried fan de Fryske Beweging?’ 

In antwurd kaam der net. Of eins al. Nee, sei Lân fan Taal al, en nee, sei no ek it Kolleezje fan Deputearre Steaten. 

De Ried is tsientûzenen euro’s lichter. En tanksij Lân fan Taal en de Provinsje sille it Frysk en de Frysk-sprekkers dêr net in hier better fan wurde.