woensdag 29 april 2015
zaterdag 25 april 2015
Tjibbe Gearts van der Meulen - By de dea fan Eeltsje Halbertsma
Ferstoarn de 22ste maart 1858
De doarpsklok bile 't holle bombam oer
It Wetterlân - en earnstich wier dy stimme.
Gjin droever klank mocht fan 'e Grouster toer
It ear fan echte Friezen oait fernimme;
Dy toane ropt: ,,It swarte grêf is iepen!
Bring wa't de deasliep rêstich leit te sliepen."
Men bringt it lyk, it sakket yn 'e grûn,
Men nimt de lodde, in klute modder rôlet
Op 't deafets-lid; hol klinkt it yn it rûn
En freon en miich en dy't it grêf wer follet,
Elk suchtet swier. De dea hat hearskippije;
Wy weinje wol mar moatte yn Gods wil swije.
Foar wa is nou dat grêf wer iepen gien?
En oer waans fet is nou dat grêf wer sletten?
Om wa stoart nou de sibbe freon in trien?
En wa wurdt yn syn stille went fergetten?
Wa mei de stille rêst des deads wer barre?
Waans stoflik deel wurdt wer ta stof fergarre?
De deaklok, dy't ús jamk weemoedich stimt,
Folt nou ús siel mei djippe droevenisse;
't Is rouwe en smert by wa't dit nijs fernimt,
Dat we út ús hôf de geefste stamme misse.
Dy't Fries him fielt moat nou it herte bliede;
't Wier Halbertsma oer wa't de klok moast liede.
De taal wêryn't iens Gysbert Japiks song,
Us memmetaal moast foar de tiidstream wike;
Mar Eeltsje Hiddes spriek: de taal waard jong,
Dy't, nei ús each, de lêste sike sike.
O Halbertsma! wat soe myn sprake wêze,
Koe 't Fryske folk dyn geasteswurk net lêze?
't Foaroardeel, blyn foar witten en ferstân,
Belette dy net jimmer Fries te bliuwen,
Om foar dyn lânslju d' ear fan 't Heitelân
Yn Gysberts taal te sjongen en te skriuwen.
En sûnt dyn sang oer 't Fryske lân mei klinke,
Sûnt kin ús taal nete mear yn 't neat fersinke.
Weemoedich mei de swiere klokketoan
Us sizze: 't stof moast wer ta de ierde keare,
De hân is stiif, it ierdske deel is stoarn;
Doch sil syn namme jimmer bliuwe yn eare.
Nee Fries! yn-Fries! do joust de Fries weardije,
Noait sil in Fries yn Fryslân fan dy swije.
Dyn libben is net onnut hinne tein;
It sied is ripe, d' oogst oerfloedich folle;
De Fryske sin is net yn 't neat ferflein;
Al waaie nou de gerzen oer dyn holle,
Dyn grutheid bliuwt foar wis ta 't lêste slachte
By Fryslâns bern yn seinjende gedachte.
Sink dan yn 't grêf en gean de tsjust're wei,
Us allegearre talein hjir op ierde,
Al rout de Fries, hy tinkt mei bliidskip nei,
Dat troch dyn dwaan de Fryske lusthof tierde
Mei blommen dy't de tiid ferduorje sille,
Ta tiidnoats nocht en neiteams stille wille.
Licht rûze der stoarmen oer dyn lêste went,
Licht sil de wrâld fan ûnwaar trilje en skodzje,
De tsjust're takomst is ús onbekend.
Mar hoe't wy op dyn rêstpleatrs skreppe en bodzje,
Dyn geast bestiet en sil net fan ús wykje,
Dyn Fryske geast, - mocht dy ús geast ferrykje.
(Ut: Tj. G. van der Meulen, Ald en nij. Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym (2 dln.; Gebr. van der Meulen, Birgum s. j. [1907-1908])

zondag 19 april 2015
donderdag 16 april 2015
zondag 5 april 2015
Abonneren op:
Posts (Atom)