Behalve ien kear yn ’e fjirtjin dagen in ôflevering op ynternet (2003-2008) publisearre it literêre tydskrift Farsk yn gearwurking mei útjouwerij Bornmeer ek fiif Jierboeken (2004-2008) en sechstjin tematyske Farskskriften (2003-2007). Foar dy lêste útjeften, dy’t lykas de Jierboeken ek yn de boekhannel ferkocht waarden, betocht de redaksje alle kearen in tema en frege skriuwers en dichters om in bydrage. Begjin 2009 fusearre Farsk mei Hjir. De namme Farsk waard troch de útjouwer en haadredakteur fan it fusytydskrift ensafh (Piter Boersma) dêrnei oerdien oan in arsjitekteburo. Tresoar bliek de digitale ôfleveringen net bewarre te hawwen. Ek ensafh hat gjin war dien om de digitale literêre produksje fan Farsk tagonklik te meitsjen en te hâlden. Fan gjin Farskskrift is op ynternet fia Google in ôfbylding te finen. Letterkundige stúdzjes oer it tydskrift Farsk en syn ûnderskate ferskiningen bestean net.
Mar miskien kin it konsept fan de Farskskriften anno 2021 wol tsjinje as foarbyld foar it yn in krisis ferkearende dichterskollektyf Rixt.
DichterS fan Fryslân
In pear ynliedende wurden. By Rixt binne in stik as fjirtich Fryske en in pear Nederlânsktalige dichters oansletten, dy’t as it har sa útkomt in gedicht ynstjoere foar publikaasje op in webside. Ek is der altyd in ‘Dichter fan ’e Moanne’, dy’t yn dy moanne twa fersen leveret. Yn it begjin hjitte it kollektyf ‘DichterS fan Fryslân’. De earste Facebookpost gie online op 8 septimber 2017. Krekt fan 31 maaie 2018 ôf wurdt de namme ‘Rixt’ brûkt. It idee foar in dichterskollektyf ûntstie as in alternatyf model foar de Dichter fan Fryslân, dêr’t de provinsje yn 2017 kandidaten foar socht. Op 13 septimber die DichterS fan Fryslân in parseberjocht de doar út:
It kollektyf DichterS fan Fryslân ropt Provinsjale Steaten op om fan de ferkiezing fan in Dichter fan Fryslân ôf te stappen en it dichterskollektyf de gelegenheid te jaan om Dichter fan Fryslân ta in grut súkses te meitsjen. Om syn oprop krêft by te setten giet it kollektyf dizze wike alfêst los.
Op dat stuit hienen al 25 dichters har oansletten by it kollektyf. Yn in parseberjocht fan fiif dagen letter, 18 septimber, hjit it:
DichterS fan Fryslân is in kollektyf fan mear as 25 dichters dy’t mei-inoar it provinsjedichterskip staljaan wolle. De groep is ûntstien nei protesten fan ûnderskate dichters tsjin de proseduere om ta in Dichter fan Fryslân te kommen. It kollektyf wol dat de provinsje no sa gau mooglik oerlis organisearret mei partijen út it fjild om te kommen ta in nije ynfolling fan it earfolle amt fan Dichter fan Fryslân.
Unnedich te sizzen dat de provinsje net akkoart gie. Mar: ‘Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuele saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de (..) aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk’, sa stiet noch altyd op de webside fan Rixt te lêzen. Kollumskriuwer Pieter de Groot wie yn juny 2018 yn ien fan syn Dwerse stikjes noch dúdliker; de Dichter fan de Moanne soe, sa hie Rixt-foaroanman Syds Wiersma it neffens him betocht, hieltyd in dichter wêze dy’t ‘op syn of har wize de aktualiteit yn de breedste sin polityk achtslacht’.
‘Gjin kritearium’
Dy eask fan aktualiteit is blikens de lêste (digitale) gearkomste fan de Stichting Rixt op 4 maart 2021 loslitten. ‘Aktualiteit is gjin kritearium’, neffens redaksjelid fan Rixt Simon Oosting op dy gearkomste. ‘In goed gedicht komt derop.’
Rixt-gedichten binne dus langer net oars as oare gedichten. Se litte no inkeld noch mar sjen wêr’t de publisearjende dichters har mei dwaande hâlde. Oft de koertswiziging it risseltaat is fan in konflikt yn redaksje en bestjoer is net dúdlik, mar it hat der wol wat fan. Yn alle gefallen die redaksjelid en reachmaster fan it kollektyf Cornelis van der Wal net mei oan de gearkomste en levere er oer syn part fan de kollektyftaken ek gjin ferslach yn. De reden kin lizze yn in diskusje dy’t binnen Rixt fierd is oer in útstel fan oansletten dichter Carla van der Zwaag om Rixt-dichters te freegjen fersen yn te stjoeren mei ‘Fryske identiteit’ as tema. Dêr wie de redaksje op tsjin. ‘De redaksje wie net sa foar’ en ‘de redaksje koe him net fine yn dit tema’, lêze wy.
Bedoeld sil west hawwe, de redaksje minus ien. Yn de redaksje fan Rixt sitte nei it opstappen fan Van der Wal noch, behalve de Nederlânsktalige Kate Schlingemann, de Fryske dichters Henk Nijp en Simon Oosting. Gjin easken fan aktualiteit mear en leafst gjin gedonder mei wat it betsjut om jin Fries te fielen.
It earste is spitich, om’t Rixt dêrmei in bysûndere literêre rjochting en mearwearde ferliest dy’t it sûnt syn oprjochting yn septimber 2017 hie. It is no eins gewoan in kommersjeel publikaasjenetwurk dat lytse subsydzjes en oare tsjinsten regelet foar oansletten dichters.
It twadde is domwei belachelik. Fryske dichters hoege net oer in (dreech) begryp as identiteit te skriuwen, mar der is gjin inkelde reden te betinken wêrom’t it tema mijd wurde moatte soe of mei in skalk each besjoen. Libje in protte dichters net yn Fryslân, skriuwe se net yn it Frysk, fiele se har op ien of oare manier net Frysk, ek as se om utens wenje, en giet net in aardich part fan it politike provinsjale en nasjonale libben te uzes oer fragen fan ‘mienskip’, diversiteit en identiteit?
Wol kontribúsje, gjin ideeën
Hoe’t de dichters dêr sels oer tinke, witte wy net. Rixt-dichters binne wol oansletten by it ‘kollektyf’, sa’t de groep himsels neamt, mar se binne gjin lid, hoege net heard te wurden en hawwe formeel neat te fertellen.
Dat is oars net sa’n punt, mar no’t de stichting Rixt fan de provinsje noch mar 5000,- euro subsydzje krijt foar 2021 en inselde bedrach foar 2022, moat it bestjoer op syk nei mear ynkomsten en yn dat ramt wurdt krekt dien as binne de dichters lid fan in feriening.
It idee fan it bestjoer is om har op de man of frou ôf in jierlikse donaasje te freegjen fan 25,- euro. Mear mei fansels ek. En wat krije de dichters dêr foar werom? In webside – der moat ek noch in Ingelsktalige fersy komme – dêr’t in oantal fan har gedichten al of net yn oersetting op publisearre wurde, en in pear optredens hjir of dêr foar de trije, fjouwer Rixters dy’t har it meast oppenearje.
Leit dêr gjin bestjoerlik probleem? Bestjoer en redaksje kinne sûnder fierdere útlis of motivaasje, sjoch hjirboppe, winsken of advizen fan oansletten dichters yn ’e wyn slaan, mar wolle al graach harren jild.
It komt der op del, nei myn smaak, dat behalve in te min oan bestjoerlike transparânsje der ek in te min oan ideeën by Rixt bestiet. It bestjoer wol graach Ingelsktalige oersettingen om de Fryske poëzy ‘ynternasjonaal op ’e kaart te setten’ en hat yn dat ramt ek al ‘kontakten’ mei Poetry International yn Rotterdam, it Nederlands Letterenfonds yn Amsterdam en City of Literature yn Ljouwert. Dat klinkt goed. Soks te hearren hat yn ’t generaal in positive útwurking op it ego fan de oansletten dichters. Ek út bewegersperspektyf wei besjoen soe men sizze, hjir mei men op in boppeslach tidigje. It probleem is allinnich wol wat der dan op dy ynternasjonale menukaart stiet dy’t Rixt de wrâld presintearje sil. ‘Aktualiteit is gin kritearium, in goed gedicht komt derop.’ Mar wat is ‘goed’? Hjoeddedei?
Om’t Rixt gjin literêre útgongspunten formulearret – himsels net motivearret as in needsaaklike bydrage oan de keunst fan ús tiid – falt it foar de redaksje net ta om op de fraach wat ‘goed’ is in antwurd te jaan.
‘Goed’ is in kwaliteit yn in kontekst en as dy net bylevere wurdt, betsjut sa’n kwalifikaasje net folle.
De tematyske romte dy’t men foar himsels iepenet troch de facto it aktualiteitskritearium te ferlitten, iepenet sadwaande tagelyk in literêre leechte. Rixt is it spegelbyld fan wat elk foar himsels allegear wol net by de ein hat. In hiel grut part fan de fersen op Rixt.frl sil dan ek noait in serieuze blomlêzing of skôging helje, mar dat is de ambysje ek net. Poëzy of wat derop liket wurdt as meartalich tekstueel of ferbaal los sân foarbrocht op in kollektyf poadium, dat is blykber goede bedoeling genôch. Miskien dat der ris in blomke tusken sit. Mar wol dat dan groeie?
Literêre mearwearde
Literêre mearwearde, dat is it punt. In literêre klup dy’t gjin dúdlik literêre útgongspunten hat, soe dy mearwearde dan miskien better – of ék, sa’t jo wolle – sykje kinne yn it stimulearjen fan de produksje fan poëzy troch bydragen te freegjen op spesifike tema’s, en troch profesjonele redaksje oan te bieden om de dichters te helpen harsels te ferbetterjen. Dat de redaksje tsjin dy beneiering oan skytskoarret docht bliken út it sûnder ferantwurding yn de notulen oan de kant skowen fan in idee foar in tema fan Van der Zwaag en it ynstee freegjen, net om in oar idee of tema, mar om in algemiene ynstjoering.
Farsk hat, lykas yn it begjin fermeld, yn de perioade 2003-2007 sechstjin tematyske útjeften dien. It doel dêrfan wie om de Fryske literatuer yn kwaliteit en berik fierder foarút te helpen en syn diverse karakter te ferbreedzjen. Sawol op mikro- as op makro-skaal kamen literêre tema’s oan bar, Fryske en universele. De respons fan de skriuwers en dichters wie suver alle kearen sadanich dat de Fryske literatuer him ek yn ynternasjonaal ferbân net dalik hoegde te skamjen. Ynstee fan tematyske en teoretyske diskusjes oer literatuer en keunst te ûnderdrukken of út ’e wei te gean, en mar ôf te wachtsjen wat binnenkomt, soe Rixt in foarbyld nimme kinne oan it projekt fan de Farskskriften.
Boppedat, foar in ynstelling as it Nederlands Letterenfonds, dat ommers literatuerbefoardering op it each hat, is it folle oantrekliker om sa’n ûndernimmen te sponserjen as om ta de ponge te moatten foar alle kearen twa tafallige gedichten fan in tafallige ‘Dichter fan ’e Moanne’, dy’t net iens aktueel hoege te wêzen.
Praat mei de dichters oer tema’s. Oer mooglikheden om wat nijsgjirrichs oer de wrâld te sizzen. Wat hâldt har dwaande, wat sjogge se oer de holle? Fersko it swiertepunt fan reklame en presintaasje (ferkeap) nei oplieding en begelieding (produksje). Hoe kinne dichters better wurde yn wat se dogge en hoe kin Rixt har dêr by helpe? It tydskrift ensafh sil yntusken gjin beswier hawwe kinne tsjin in mear tematyske ynstek, om’t men dêr de keunst fan it literêre temanûmer, nei in mislearre besykjen in tal jierren lyn, net mear beoefenet.
.