dinsdag 30 oktober 2012

Joan Baez - Sweet Sir Galahad (Live at Woodstock, 1969)

Moarn yn it Friesch Dagblad: Skriuwersboun op dwaalwegen

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer de koerts fan It Skriuwersboun yn de diskusje oer de provinsjale literêre prizen. It Boun stiet achter de útstellen fan DS, mar de skriuwers tinke der oars oer. Sneon is der yn Ljouwert in spesjale temagearkomste oer it ûnderwerp:

"Yn Fryslân bart alles tritich jier letter, hearre je wolris sizzen. It sil in oerbliuwsel wêze fan de lette oanlis, yn de jierren ’60 fan de 19e ieu, fan spoarbanen yn Fryslân. It earste spoar yn Nederlân wie der ommers al yn 1839, de line Amsterdam-Haarlem.

Miskien is it sechje wat oerdreaun. Mar dat te uzes de saken fakentiden op ’e kop set wurde is wol wis. Wat te tinken fan It Skriuwersboun, it fakbûn foar Fryske skriuwers? As Deputearre Steaten blike litte dat se fan doel binne om twa fan de trije provinsjale literêre prizen ôf te skaffen, ropt it Boun net it skriuwersekwivalint út fan de spoarstaking fan 1944. Wolnee. It bestjoer fan it Boun skriuwt, sûnder de leden te riedplachtsjen, in brief dêr’t it provinsjaal foarnimmen nota bene yn omearme wurdt."

maandag 29 oktober 2012

In sterke provinsje (FD, Skroeier, 9 maaie 2012)

Al in tal jierren binne guon ‘realisten’ yn ’e pleit foar in ‘lânsdiel Noard’, in fúzje fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Sa’n fúzje soe in folle effysjinter bestjoer opsmite as wat trije aparte provinsjale organisaasjes sjen litte kinne. En boppedat soe it noarden fan it lân dan better in fûst meitsje kinne foar De Haach oer.

Net allinnich de splintergroep Partij voor het Noorden, mar ek de wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de stêd Grins, de Drintse kommissaris fan de Keninginne Jacques Tichelaar en fansels alle pleatslike VVD-ôfdielingen yn it noarden fan Nederlân wolle ôf fan de âlde provinsjes. Hawwe de foarstanners gelyk?

Ik bin bang fan net. As men harren arguminten hifket, blykt it meastentiids om jild te gean. Ien grutte noardlike bestjoersorganisaasje is útsoarte goedkeaper. Yn in beskaat tinken betsjut goedkeaper blykber automatysk ek: better. Sa’n útgongspunt stiet lykwols op spande foet mei de winsklikheid, yn in demokrasy, dat minsken safolle mooglik belutsen wurde by de maatskippij, ek en benammen ticht by hûs.

Provinsjes binne essinsjeel yn it regionaal organisearjen fan de demokrasy. Skaalfergrutting en sintralisaasje binne fan belang wurden op gemeentlik nivo, foaral om’t it Ryk hieltyd mear ferantwurdlikheden op ’e skouders fan gemeenten leit. Der is lykwols in ein oan de technokratsyke effysjinsjedriuw. Sille eigen hûs en hiem net slim te lijen krije fan stuorkegarders dy’t allinnich libje foar jild?

Krekt yn wrâld dy’t hieltyd fierder globalisearret is it belangryk dat minsken harren regionale identiteit werkenne en uterje kinne yn polityk, kultuer en bestjoer. Men moat it de foarstanners al meistimme dat provinsjes anno 2012 no net dalik de meast ynspirearjende organisaasjes binne. Mar opheffe? Dat is in brêge te fier. Folle mear yn ’e rede leit it en wurkje ta nei in fersterking fan de rol fan de besteande provinsjes.

No’t gemeenten grutter wurde, moatte provinsjes ek mei feroarje. Mear foech krije en in dúdliker, profesjoneler profyl. Yn De Haach wurdt aansen in nij kabinet foarme. Fansels dûke der ek wer allerhanne besunigingsideeën op. Fandatoangeande is it goed om de finger oan de pols te hâlden. Wêr bliuwt de diskusje oer it fuortsterkjen fan ús provinsje?

Bob Dylan - Idiot Wind (Live)

zaterdag 27 oktober 2012

Gesicht op Alde Leie

www.flickr.com/photos/abedevries

Ray Wylie Hubbard - Conversation With The Devil (Live)

Brief oan de skriuwers

Achte skriuwer,

As organisatoaren fan Projekt P by de priisútrikking fan de Obe en de Fedde wolle wy noch in ferfolch jaan op de aksje fan 12 oktober. Dy middeis ha goed tritich skriuwers meidien, dêrneist hienen wy tweintich ôfberjochten krigen fan skriuwers dy’t witte lieten it in ‘baas aksje’ te finen, mar gjin tiid frij meitsje te kinnen. Oer it foarnimmen fan de provinsje de beide prizen ôf te skaffen binne tal fan stikken yn de media ferskynd, ûnder mear fan André Looijenga en Anne Tjerk Popkema yn de Ljouwerter.

‘Aksjefiere’ is ien ding, mar der moat, tinke wy noch al in ferfolch op komme. De nota Taal, Kultuer en ûnderwiis wurdt 31 novimber behannele yn de kommisje Boarger en Mienskip, dat is is saak om dêr safolle mooglik ynfloed op út te oefenjen. Nei de aksje ha wy in prima petear hân mei Bert Looper, oer it prizebelied, mar ek oer de aktiviteiten fan Tresoar as de Moanne fan It Fryske Boek en de promoasje fan Fryske literatuer yn it algemien. Dêrneist binne wy fan doel om te besykjen en meitsje in ôfspraak mei Jannewietske de Vries oer it letterenbelied as ferwurde yn de nota. Foar wy yn petear mei har gean, stjoere wy in brief mei dêryn ús stânpunten oer de plannen, net allinne wat it prizebelied oangiet, mar ek oer de beurzen foar debutanten en de sitewaasje yn letterenlân yn it algemien. Wy wolle jo freegje om it inisjatyf te stypjen troch jo namme deroan te ferbinen. By it brief oan de deputearre en oan de steatefraksjes komt dan in list mei adheezjebetsjûgings. Sjoch bylage. Graach foar 31 oktober berjocht.

“En it Skriuwersboun dan?”, sille jo miskien tinke. It bestjoer fan it Skriuwersboun hat as reaksje op de nota op 6 septimber al de saneamde “brânbrief” skreaun, te finen op de webside fan it Boun. Dêryn stiet: “Wy hawwe begryp foar it fuortsnijen fan in oantal literêre prizen en it fersterkjen fan de Gysbert.” Ut de kommoasje om de útrikking fan de Obe en de Fedde hinne hat wol bliken dien dat in grut part fan de skriuwers der oars oer tinkt. Sels trije bestjoersleden dienen mei. Nei ôfrin fan de priisútrikking frege Omrop Fryslân de deputearre oft sy op har foarnimmens werom komme sil. “Nee,” liet Jannewietske de Vries op resolute toan witte, “ik sykje om nije wegen om de Fryske literatuer te stimulearjen en ek it publyk, in grutter lêzerspublyk te berikken en dêr binne wy mei de skriuwers oer yn petear. It Skriuwersboun hat sels advisearre om dizze prizen, om hjir sa mei om te gean. Om dat ôf te skaffen.”

Underwilens ha de leden fan it Boun in útnoeging foar in temagearkomste krigen, dy is op op 3 novimber om 14.30 by Wouters en it tema is de kultuernota. Lit it oerlis mei en de ‘brânbrief’ fan it bestjoer foar de deputearre net de stok wurde om de Fedde en de Obe mei fuort te slaan… Temagearkomsten binne foar elkenien tagonklik – lid of net – dat it is dan ek saak dat safolle mooglik skriuwers en oare belanghawwenden oanwêzich wêze sille. Om te praten oer de prizen, it letterenbelied én de wize wêrop’t it bestjoer de belangen fan de skriuwers yn dizzen behertiget. Ek fan ús kant hoopje wy op jimme komst.

Freonlike groet,
Elmar Kuiper Elske Schotanus Hilda Talsma Abe de Vries

woensdag 24 oktober 2012

Tim jout útlis: Kiki de Handtamme Valkparkiet

It Grut Fryskeboekewikegeskinkebedroch?

Fan in betroubere boarne begryp ik dat der dit jier noait net, en ferline jier likemin net 4000 Fryske boekewikegeskinken oer de toanbank gien binne by oankeapen fan Fryske boeken.

It hâldt mei 1000-1500 wol op.

De rest waard weijûn troch de boekhannels by oankeapen fan meast Hollânsktalige boeken.

Wat sizze jim dêr fan??

dinsdag 23 oktober 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Skriuw mar Frysk!

Moarn yn it Friesch Dagblad in resinsje fan it oeuvre-fotoboek fan Co Rentmeester, mar fansels ek wer in Skroeier. Oer it besykjen de minsken hjirre wat better Frysk skriuwe te litten:

"Dêrom komt de Afûk no mei in social-media kampanje ‘Skriuw mar Frysk!’ as oanfolling op de bekende taalkursussen. Mei koarte YouTube-filmkes op Facebook wurde minsken bewust makke fan de taalnoarm. Yn de earste ôflevering lit taaldokter Henk Wolf sjen wannear’t je yn it Frysk no in –g of in –ch brûke. It is in prachtich inisjatyf fan de Afûk, dat it fertsjinnet om fierder útwreide en fersterke te wurden. Filmje op lokaasje bygelyks, mei mear teatrale effekten. De earste ôflevering smakket yn alle gefallen nei mear en hooplik komt der budzjet om sa’n moderne en boartlike foarm fan taalûnderwiis út te bouwen."

zondag 21 oktober 2012

Ray Wylie Hubbard - The Ballad Of The Crimson Kings

Ray Wylie Hubbard In Concert

Eilânsân

De frontale korteks fan de deltadyk foarby 
rikje ik twa hongerwinters út op in keal dún, 
dêr’t yn ’e healdagen twa ravens skrasken 
boppe in pot fol ferbriefke meereseinsamkeit. 

Hjir hawwe de ravenmasters it pleit ferlern: 
de nacht hat har wrakhout útsaaid oer it strân. 
No stjoer ik patrûljes fan ferlieding it waad oer, 
sa’t se dêr wytmûtst op skearmeskes streekje, 

en ik smyt myn ljocht ek op it hûs oan ’e wâl. 
By fiskersbuorrenbrêge en ielheakdream 
bin ’k it merkeltsjotterjen yn ’e brúnwetterfeart, 
bin ’k it kopketûmeljen boppe de seedykskrún. 

Foar’t moarnier de sinne komt en my baarnt 
wer mei in kâldfjoer dat ik net fertarje kin, 
skriuw ik yn it eilânsân myn doopnamme 
ien kear noch as de dichter fan it postskriptum.

Black Sabbath - Voodoo

woensdag 10 oktober 2012

Ships That Pass During The Day

www.flickr.com/photos/abedevries

Moarn yn it Friesch Dagblad: Prizesnijerij in histoarysk fersin

Sûnder oerlis, diskusje of sicht op alternativen lûke Deputearre Steaten har fierhinne werom út it Frysk-literêr prizebelied. Dat is net allinnich bestjoerlik frijwat ûnbehoarlik, it is ek in histoarysk en polityk fersin. Moarn yn it Friesch Dagblad myn opinystik 'Literêre prizen: toppen fan iisbergen':

"Earst efkes in ferhaaltsje. 'Toen in 1943 de helft van zijn pension op de Haarlemse Dreef door een bom werd weggeslagen en de bewoners uit het resterende gedeelte in paniek en bovendien in pyjama de straat opvlogen, wachtte men een kwartier lang vergeefs op dr. K.J.L. Alberdingk Thijm. Deze verscheen ten slotte geheel gekleed in de deuropening en baande zich minzaam groetend een weg door de ontstelde menigte, daarbij opmerkend dat het kil was voor de tijd van het jaar.'

It is in amusante anekdoate fan Godfried Bomans. As ik no dat bombardearre pensjon ferfang troch it Frysk literêr prizebelied, en dr. Thijm troch de Fryske skriuwers. Hoe sille dy skriuwers de skodoar fan Tresoar útrinne, freedtemiddei, as de alderlêste útrikking fan de Obe Postmapriis foar oersettingen en de Fedde Schurerpriis foar debuten achter de rêch is? Net út it lykwicht te krijen, lykas dr. Thijm? Of fertrietlik en opstannich, om’t de kealslach yn literatuer en lêzen gjin ein liket te hawwen?"

dinsdag 9 oktober 2012

Snakkerbuorren

www.flickr.com/photos/abedevries

Moarn yn it Friesch Dagblad: De Tamminga Bruna Campina Priis

Moarn fansels wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, op 'e nij oer... de nuvere ideeën op it Provinsjehûs oer literatuer, skriuwers en prizen.

"It moat in oeuvrepriis wurde, heart men sizzen; foar de bekroaning fan it inkelde boek soe better in nije priis komme kinne. De bêste-boek-fan-it-jier-priis, kwa marketing bekt dat goed. Dat in Gysbert mei sa’n beheining anneks reglemintêre útklaaiing ferwurde sil ta in risikoleaze preemje, sis mar in gouden-horloazje-pinsjoenpriis, dy’t elke skriuwer in kear yn hannen treaun krijt, as er mar tiid fan libjen hat, wa stiet dêr by stil?

Is der sicht op private partijen en fûnsen dy’t in jierlikse literêre priis bestuiverje wolle, prachtich. Mar mei de Gysbert Japicxpriis, in priis fan ús allegear, hat soks neat te krijen. It is appels en parren. Tusken twa heaken, de namme fan de nijkommer oan it literêre front sirkulearret al. It wurdt de Fryslân Boppe Priis of de Tamminga Bruna Campina Priis."

zondag 7 oktober 2012

Freonen fan de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis, dd. 7 oktober, 11:04 oere

Sjoch ek dit berjocht op de Contrabas.

Jetske Bilker
Piter Boersma
Klaas Bruinsma
Marga Claus
Eppie Dam
Lida Dijkstra
Anne Feddema
Ruurdtsje de Haan
Gerben Gerbrandy
Edwin de Groot
Ate Grypstra
Sytse Jansma
Ferdinand de Jong
Martsje de Jong
Grytsje Kingma
Jan Kleefstra
André Looijenga
Elmar Kuiper
Sjoerd van Meteren
Jelle van der Meulen
Simon Oosting
Auck Peanstra
Anne Tjerk Popkema
Jantsje Post
Grytsje Schaaf
Willem Schoorstra
Elske Schotanus
Tryntsje van der Steege
Hilda Talsma
Koos Tiemersma
Geart Tigchelaar
Rommert Tjeerdsma
Abe de Vries
Daam de Vries
Jetze de Vries
Cornelis van der Wal
Sito Wijngaarden
Henk Wolf

dinsdag 2 oktober 2012

David Allan Coe - River

David Allan Coe - I Still Sing The Old Songs (From Heartworn Highways)

Moarn yn it Friesch Dagblad: Swietlûdige amputaasjes

Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer guon konsekwinsjes fan de útstelde nije nota Kultuer, Taal en Underwiis fan de provinsje. Deputearre Jannewietske de Vries is fan doel om twa fan de trije Frysk-literêre prizen ôf te skaffen. Allinnich Provinsjale Steaten en skriuwersprotesten kinne it tij keare!

"‘Het Fries geeft kracht,’ skriuwt deputearre Jannewietske de Vries yn har foaropwurd by de nije nota Kultuer, Taal en Underwiis. De provinsje fynt de taal tige wichtich, sa stiet efkes fierderop. In espeltsje moaie en modieuze wurden kom ik tsjin. Jonge talinten (software) moatte wy koesterje. Foarsjennings (hardware) moatte op peil bliuwe. Taal en kultuer (mindware) moatte fitaal bliuwe. En elk wit – want perfesser Goffe Jensma hammeret der gauris op – dat it skreaune Frysk de rêchbonke fan de taal is.

Hoe is dêrmei te rymjen dat de deputearre ûnder dekking fan swietlûdich kultuerpropagandistysk praat oer ‘kracht’ tagelyk twa fan de trije Frysk-literêre prizen ôfskaffe wol?"

Fryske literatuer: Unskuldich fermeits

Goeiemoarn letterfreonen. Foar't juster it nijs kaam oer de nije kultuernota, hie ik ûndersteande kollum skreaun as Skroeier foar takom woansdei. Miskien wol aardich om dy tekst dochs efkes mei jim te dielen.

Unskuldich fermeits

Auck Peanstra, skriuwster en bestjoerslid fan It Skriuwersboun, sjocht it glês it leafst healfol, lit se op FaceBook witte. Kollega-skriuwers as Hilda Talsma en Ferdinand de Jong dogge aardich war om mei opfallende boadskippen op ynternet omtinken te lûken foar harren boeken. It is de Moanne fan it Fryske Boek, der binne optredens, moetingen fan literatuer en muzyk, it moat nó wêze. Spitigernôch dogge boekwinkels der noch net bot oan mei. Se sjogge it Fryske boek as in plicht ynstee fan in kâns en nimme gjin kommersjele inisjativen.

Tagelyk is it ek literêr besjoen in nijsgjirrige tiid. Meikoarten wurdt troch deputearre Jannewietske de Vries bekendmakke dat it prizestelsel op ’e kop giet, en dan is der noch de útrikking fan de Fedde Schurer- en Obe Postma-prizen oer twa wike. Op ensafh.nl nimt redakteur André Looijenga alfêst de feroaring by de prizen ûnder skot, en mei reden. “De provinsje fynt de Fryske literatuer net mear sa hiele wichtich,” skriuwt er. “En kulturele prizen binne ynstrumintalisearre ta befoardering fan produksje yn de kreative ekonomyske sektor.”

Likegoed moat ek ûnder eagen sjoen wurde dat de belangstelling en wurdearring foar Fryske literatuer al in tal jierren yn it delgean is. De nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis bygelyks ha gjin inkeld effekt hân op de publike diskusje, noch yn kranten noch yn it literêr sirkwy fan blogs en blêden sels. It is dus op himsels net sa nuver dat ús op risseltaten en effysjinsje en jildstreambehearsking rjochte bestjoerders en plannemakkers wat nijs betocht hawwe. Mar beurzen foar debutanten? Ien grutte literêre priis?

It is yn skriuwerslân wenst en sangerje om op de provinsje, en de boekhannels, en dit en dat, mar faak bliuwt de eigen rol bûten skot. De provinsje sil skriuwers serieus nimme foar safier’t se harsels serieus nimme; ik stim it Goffe Jensma mei, as dy stelt dat skriuwers en Fryske taalbrûkers yn it algemien har tefolle yn it definsyf triuwe litten hawwe. As de kniper op ’e skine komt, hat dat ek mei in te min oan ambysje te krijen. Wurdt soks net wjerspegele yn de media en de kultuerkommersjele sektor, dêr’t, neist Bildungsidealen, geniet en relatyf ûnskuldich fermeits foarop stean?

‘Letterlike ynnovaasje,’ ferwachtet Looijenga fan skriuwers. En ‘nije lûden en nije ferhalen yn in âlde taal’. Ik woe dat eins noch wat oanskerpje. Ik wol fan dy skriuwers yn myn eigen taal graach wat opstekke oer mysels. As dat net mear slagget, lit dan mar.