dinsdag 26 juni 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Farwol, útjouwers

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Diskear in ferfolch op de Skroeier fan ferline wike oer de stichting Boeken fan Fryslân. Dy sil dochs út ein sette... is de bedoeling. Dan kin er miskien dalik in nije taak derby nimme: it stypjen en advisearjen fan skriuwers dy't sels de leie nimme wolle. Want sis no sels, wat dogge de tradysjonele útjouwers noch?

"Faaks leit hjir noch in nije taak foar de stichting Boeken fan Fryslân: it jaan fan advys, ynformaasje en stipe oan skriuwers by it opsetten fan harren eigen zzp-bedriuwke. Want wat dogge útjouwers hjoeddedei noch oan it ‘meitsjen’ fan in Frysk skriuwer? Nul komma niks, want it kostet tefolle en it smyt te min op. De sa njonkenlytsen iennichste reden fan bestean fan de útjouwer is syn tagong ta it distribúsjenetwurk fan boekhannels (fia it Sintraal Boekhûs)."

Scooter, Alddyk

www.flickr.com/photos/abedevries

woensdag 20 juni 2012

De ko

www.flickr.com/photos/abedevries

Tsjirk op 'e lúster

www.flickr.com/photos/abedevries

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Spoekestichting

Hjoed yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer de stichting Boeken fan Fryslân. Dy't dea is, net dea is, wer begjinne sil, en hoe lang giet soks dan goed?

"Foar bûtensteanders is it dreech te befetsjen dat in beheind wurkfjild fan fjouwer, fiif útjouwers en ien as twa oerheidstsjinsten net by steat is en kom mei in serieus alternatyf foar It Fryske Boek, de frijwillige ferkeapstichting dy’t opgien is yn Tresoar."

Idylle?

www.flickr.com/photos/abedevries

Omreage beareklau

www.flickr.com/photos/abedevries

The Serenes - The Gathering Of Eighteen Years Of Silence

The Serenes - Rebecca (You're Gonna Be Alright)

Deadebelêzer

www.flickr.com/photos/abedevries

zondag 17 juni 2012

Woven Hand - Story And Pictures

Ambulânse

Hrabal, 'Al te luide eenzaamheid' (fragmint)



"Vijfendertig jaar lang heb ik oud papier geperst op mijn mechanische pletpers, vijfendertig jaar lang had ik gedacht dat ik zo, zoals ik werkte, voor altijd zou blijven werken, dat die pers met mij met pensioen zou gaan, maar de derde dag nadat ik die gigant van een pers bij Bubny had gezien, werd het tegendeel van al mijn dromelarij werkelijkheid. Ik kwam op mijn werk en daar stonden twee jongelui, ik herkende ze, het waren leden van de socialistische arbeidersbrigade, ze waren gekleed alsof ze zo dadelijk baseball moesten spelen met hun oranje handschoenen en oranje Amerikaanse petten met klep en blauwe werkbroeken tot aan hun tepels en groene coltruien onder de galgjes. Een triomfantelijke chef leidde hen rond in mijn keldergewelf, liet hun mijn pletpers zien en de jongelui voelden zich er meteen thuis, ze legden schoon papier op de tafel en zetten daar hun flessen melk op en ik stond daar bedeesd en beduusd bij, ik voelde me gestresst en gepresst en opeens merkte ik aan mijn lichaam en ziel dat ik nooit meer in staat was om me aan te passen, dat ik in dezelfde situatie verkeerde als ooit die monniken van een paar kloosters, toen deze erachter kwamen dat Copernicus een ander slag kosmische wetten had uitgevonden dan tot dan toe had gegolden, dat de aarde niet het centrum van de wereld was, maar omgekeerd, die monniken hebben toen collectief zelfmoord gepleegd, omdat ze zich geen wereld konden voorstellen die anders was dan die waarin en waardoor ze tot dan toe hadden geleefd. De chef zei me vervolgens dat ik de binnenplaats aan moest vegen, of meehelpen of helemaal niets doen, want de volgende week kon ik schoon papier gaan verpakken in de kelders onder de drukkerij van Melantrich, dat ik daar niets anders zou hoeven te doen dan schoon papier verpakken. En toen werd het zwart voor mijn ogen, want ik die vijfendertig jaar lang stampsel en maculatuur tot balen had geplet, ik dus die niet kon leven zonder die verrassing dat ik elk moment een mooi boek als premie uit dat walgelijke papier kon vissen, ik moest onbevlekt, onmenselijk schoon papier gaan verpakken. Die tijding wierp me op de eerste keldertree en daar zat ik dan als een hansworst, geheel door die tijding uit het veld geslagen, mijn armen hingen slap over mijn knieën, met een gebarsten glimlach blikte ik naar die twee jongelieden die er niets aan konden doen, omdat hun was gezegd dat ze in de Spálená papier moesten pletten, en dus waren ze gegaan, want het was hun brood, hun opdracht, ik zag ze met de mestvork het oud papier in de trog gooien en vervolgens de groene en rode knop indrukken, en ik troostte me met de dwaze hoop dat die machine van me in staking zou gaan, dat die er de brui aan zou geven, dat ze zou veinzen dat haar tandradjes en aandrijfwielen waren vastgelopen, maar ook die mechanische pletpers van me pleegde verraad, ze werkte heel anders, net als toen ze nog jong was, ze daverde op volle toeren en zelfs wanneer ze vlak bij het fatale keerpunt kwam, tinkelde ze even en vanaf de eerste baal tinkelde ze de hele tijd, alsof ze me stond uit te lachen, alsof ze wilde aantonen dat pas onder socialistische handen haar hele capaciteit en potentialiteit ten volle konden gedijen."

Konservatoarium Utert



Exam Fernando Nina, June 2012.

zaterdag 16 juni 2012

Townes Van Zandt - Nothin'

Woven Hand - Dirty Blue

Cowboy Junkies - Angel Mine

'Fryske skriuwers hingje graach wat bryk'



Koos Tiemersma rikte as foarsitter fan It Skriuwersboun justerjûn de prizen út fan de ferhalewedstriid foar jong skriuwerstalint oantemei 25 jier yn de GJ-seal yn Tresoar. De byienkomst wie mei sa'n 40 belangstellenden goed besocht.

It wie my by binnenkomst opfallen dat der wat feroare wie yn de seal. Mar wat? Neffens Teake Oppewal wiene de petretten rjocht hongen, alteast, dat wie besocht, en ek wie it glês skjinmakke. Ien en oar joech de foarsitter de wurden yn (hy kin it ek krekt wat oars sein hawwe, mar hjir kaam it op del): "Fryske skriuwers hingje graach wat bryk." En sa is it mar krekt!

donderdag 14 juni 2012

Mark Olson & Gary Louris - Saturday Morning On Sunday Street

Tsjêbbe Hettinga nei Bornmeer

Dichter Tsjêbbe Hettinga hat de Friese Pers Boekerij ynruile foar Bornmeer – blykber hat Steven Sterk wol jild foar de foarmjouwingswinsken fan in twatalige Equinox op kommendewei.

Boeken dy’t djoer en lúks útjûn wurde moatte, sa wit jo korrespondint, sloarpje subsydzjejild op en dogge tagelyk in graai yn de kas fan de útjouwer, ommers, de binnenkommende euro’s kinne gauris net tsjin de útgeande oan.

Bornmeer besiket op dizze wize faaks wat fan it prestiizje werom te winnen dat ferlern gie doe't Steven Sterk ferline jier yn in fraachpetear bekendmakke dat er eins net folle nocht mear hie om poëzij út te jaan.  

Fierder stelt it skriuwersfolk op FaceBook fragen oer de stichting Boeken fan Fryslân, yn 2010 oprjochte troch de útjouwers en de bibleteektsjinst en riinsk fan subsydzjejild foarsjoen troch de provinsje. It wachtsjen is op berjochten yn de krante oer de opheffing fan de stichting.

De belangrykste reden foar de mislearring fan de mienskiplike ferkeap fan Fryske boeken (it doel fan de stichting) is, as it my net mist, dat de Afûk der gjin nocht oan hat. As provinsjaal útjouburo hat de Afûk sels genôch konneksjes yn de (semi-)oerheids- en ûnderwiiswrâld foar syn bûtenboekwinkelske ferkeap. Mar ek by de oare útjouwers ûntbrekt it entûsjasme. De konklúzje moat wol wêze, it is yn it post-Fryske Boek tiidrek wer gewoan elk foar himsels.

Dokkum On Fire

www.flickr.com/photos/abedevries

Seaddehûs Furgum



En der is ek in FB-side: www.facebook.com/zodenhuis

dinsdag 12 juni 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Keunst lâns de waadkust

Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer it adfys 'Waddenland' op kommendewei (begjin july) fan Atelier Fryslân oer de Nederlânse waadkustkriten. Earder (yn in publikaasje fan it Atelier fan desimber ferline jier) ûntbruts in pleit om keunst yn te setten as lûker fan kwaliteitstoerisme:

"Yn de foarstúdzje miste ik de rol dy’t keunst en nije keunst- en belibbingssintra spylje kinne yn it oanlûken fan mear kwaliteitstoerisme. In grut terpemuseum by Winaam of Hegebeintum. In European Wadden Experience Center by Holwert of op it Bilt. En ynternasjonaal ferneamde ‘land art’ keunstners dy’t wat dogge mei waad en seedyk. Net allinnich yn Fryslân: ek yn Grinslân, Dútslân en Denemarken."

Pau yn wynfearren

www.flickr.com/photos/abedevries

Tim op cover jierferslach Nationaal Muziekinstrumentenfonds 2011



Foto: Sjaak Ramakers

Tim siert mei Vera Beumer en Pieternel Tils it omslach fan it nijste (2011) jierferslach fan it Nationaal Muziekinstrumentenfonds. Prachtige foto’s fan Sjaak Ramakers út Utert. Binnenyn in lyts fraachpetear ûnder de noemer ‘De nieuwe Itzhak Perlman?’

As it ‘m net wurdt mei de fioele, dan wit Tim it wol: “En mocht het hem om welke reden dan ook niet lukken om violist te worden, dan wordt hij gewoon kok. Want dat vindt hij ook geweldig. Hij bakt nu soms zijn eigen brood en draait zijn hand niet om voor een smakelijke lasagna of spaghetti. En als dat ook niet lukt – vooruit, dan wordt-ie maar acteur.”

Mei in lytsere foto fan ûnderskreaune: Tim yn it Noarderleech, 2008.


dinsdag 5 juni 2012

Nije diken

www.flickr.com/photos/abedevries

Harmoniekwartier

www.flickr.com/photos/abedevries

Moarn ek yn it FD: Krullen in het landschap

Moarn ek yn it Friesch Dagblad: grutte reportaazje oer byldzjend keunstner Hein Mader (1925-2011) en syn bylden om 'e Lauwersmar hinne:

"De vergezichten in het Lauwersmeergebied, met hun uitgestrekte horizontale partijen land en lucht, vormen het ideale decor voor de grote, abstracte maar ook sierlijke en verrassende stalen totempalen van Hein Mader. Alsof ze een krul zetten in het landschap: het is goed zo. Rustig en goedkeurend zijn ze in gesprek met het land, de wind, het meer, de lucht en de zon, die allemaal het hunne toevoegen aan Maders werk. Een van de topstukken is de stalen wimpel bovenop de Soensterdijk bij Kollumerpomp, een andere de diagonaal geplaatste ‘kurkentrekker’ bij de haven van Zoutkamp."

Moarn yn it Friesch Dagblad: Surf Effekt Rapportaazje

Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer it nij te bouwen wynmûnepark yn de Iselmar lâns de Ofslútdyk lyk foar de snuffert fan Makkum. Megamûnen fan 120 meter heech, 190 meter as de wjukken meiteld wurde...

"Soe der behalve in miljeu-effektrapportaazje (MER) ek sokssawat as in surf-, swim- en kuiereffektrapportaazje komme? Noch driuwender is in antwurd op de fraach hoe’t provinsje en gemeenten it foar mekoar bokse sille en kom de tasizzing nei dat der tagelyk bulten wynmûnen op it plattelân ferdwine sille. Dy dingen hawwe ommers eigners. En eigners hawwe rjochten."