zondag 26 september 2021

Hoe't Fryslân yn 1506 syn 'kroanprins' ferlear

Moard! Moard!’ skreaut Douwe Sikkes Sjaarda yn 1506, efkes bûten Snits. En dan is er dea. Waard syn liaison mei ‘moaie Dieuwke’ him fataal? Of stuts der oars wat achter de miskien wol ûnbekendste politike moard út de Fryske skiednis?

Op it Reaklif sil fan ’t jier de betinking fan de Slach sûnder al tefolle franje plakfine kinne, om de bekende reden dat oars om testbewizen frege wurde moat. Neffens de organisaasje is dat net sa’n winkend perspektyf foar de doelgroep en ek dreech wier te meitsjen, yn ’e iepen loft en oan in trochgeande dyk. No is in bytsje minder yn dit gefal ek net sa hiel slim, want earlik is earlik, 1345 is langer as in pear jier lyn. En om no altyd dy Hollanners by de noas te nimmen.

Nee, dan it jier 1506. Lit ús dêr ris nei sjen. Yn dat jier foel de miskien wol belangrykste ûnbekende politike moard út de Fryske skiednis foar. In moard, út ’e fierte wei besjoen net alhiel ûngelyk oan dy op Willem fan Oranje, 78 jier letter yn Delft. It ferskil: mei de dea fan de ien sette in fiif ieuwen duorjend nasjonaal legindebouwen út ein, wylst de iennichste en lêste kear dat it lot fan Douwe Sikkes Sjaarda (1478-1506) yn in Fryske krante út ’e doeken dien waard, wie yn 1912.

Likegoed is it ferhaal te moai, te groulik en te nijsgjirrich om wei. Us spitigernôch iennichste boarne fan wat der foarfoel is in kronyk út 1622 fan de skiedskriuwer Pier Winsemius. In boarne dus fan hast 120 jier letter. Oft dy de stoarje grizeliger, spannender of romantysker makke hat, witte wy net, miskien is it ferhaal ek wol hielendal net wier. Mar Winsemius wie offisjeel troch de Steaten beneamd as skiedskriuwer fan Fryslân; syn ferslaggen stean in stik better bekend as de soms ‘fantastyske skiedskriuwing’ fan syn foargongers.

Earst efkes fûstkje: Douwe Sikkes Sjaarda (ek wol Sjaardema) wie de net-offisjele ‘kroanprins fan Fryslân’. Hy hearde ta de machtige Sjaarda-clan fan Frjentsjer en wie de lêste manlike erfgenamt fan syn pake. Syn beppe Edwert en him as iennichst bern kaam in hiel soad ta fan wat dy clan yn ’e rin fan mear as in ieu byinoar troud en rôve en fan de boeren oan belêsting ôfnaam hie. Douwe syn pake, dat hie de grutte man west. Dy hie it Sjaardemaslot bouwe litten, de grutte Frjentsjerter wetterstins. Dy hie fan keizer Freark fan it Hillige Roomske Ryk de hearlike rjochten oer Frjentsjer, Harns en it Bilt krigen en wie oansteld as ‘banderhear’ yn ’e Wâlden, wat betsjutte dat er dêr de rjochters beneame mocht. Safolle macht hie yn in oar gea miskien wol it begjin fan regionale soevereiniteit ûnder lieding fan in semy-foarstlik hûs betsjutte kind. Mar dit wie fansels Fryslân. It tilde hjir fanâlds op fan de lokale potentaten. Oaren (Saksers, Grinzers, Geldersken, Hollanners) makken handich gebrûk fan ’e ferdieldheid.

Douwe syn pake, heit en syn iennichste omke binne al stoarn, as hy yn 1498 neamd wurdt ûnder de Skieringers dy’t de Saksyske hartoch Albrecht ynhelje, om sa in ein te meitsjen oan de ûnderlinge strideraasje. En, as konsekwinsje dêrfan, ek oan de letter sa folle en sa faak beskriemde ‘Fryske frijheid’. Op dat stuit is Douwe tweintich jier, hiel folle hat er nei alle gedachten noch net te fertellen. In skoansoan fan syn stienrike muoike Swob, Juw Dekama, is teminsten de Skieringer sterke man dy’t it foartou nimt yn de deliberaasjes mei de Saksers.

Yn 1500 is er studint yn Parys, mar yn 1501 en 1502 is er werom yn it heitelân. As wy him wer treffe yn de annalen is er polityk al in hiele menear. Yn dy beide jierren wurdt er neamd as grytman (in soartemint machtige boargemaster) fan Frjentsjerteradiel. Wat der fjouwer jier letter krekt bûten de stedspoarten fan Snits barde, is yn ’e wurden fan skiedskriuwer Winsemius (Chronique, side 406) it folgjende:

‘Desen soon van Sicko Saerdama (..) also hij naar Sneeck gereisd ende by gefalle met seker boelschap Moy Dieucke genaamt buyten de Stadt wandelende geraakt was, is van sekeren Leidekker geheeten Hendryck van Swol stillekens gevolgd. En also dat Douwe Siaerdama veel nadenken gaf, heeft hem gheboden van daer te gaen. Dan de moordenaer hebbende daer omtrent achter een seker hek een hellebaerdt staan, nadat hy Douwe Siaerdama spijtsinnige woorden ghegeven heeft, is hem met het selfde hellebaerdt aangevallen. Douwe, een man fan frissen gemoede in sijn ouderdom van seven-ende-twintich jaren, heeft hem met sijn gheweer (hetwelke men een Switser noemde) gesocht af te keeren. Dan is Douwe na een lang ghevecht onder in sijn lijf gestoken ende op de plaets gestorven. De moordenaer met de sijnen is ghevlucht, ende Douwe Siaerdama, na lang gekrijt van Moordt, Moordt, toen de Burgheren van de Stadt quamen, is doodt ghevonden.’

Douwe, noch net troud, wie dêr dus oan ’e kuier mei syn freondinne of maitresse, ‘moaie Dieuwke’. It wurd ‘boelschap’ betsjut safolle as in ‘ferbeane leafdesferhâlding’. De passaazje – mear is it net – by Winsemius fine wy by mar ien lettere skiedskriuwer werom, de Snitser Eelco Napjus, dy’t letterlik sitearret mar de frou ‘Maij’ neamt, wat in gewoane foarnamme wêze kinne soe, en dy’t sprekt fan ‘eenen niet zeer loffelijken minnehandel’.

Hjir stean wy foar mear as ien riedsel. Wêrom hat bygelyks ien fan Winsemius’ belangrykste foargongers, de mûnts Worp fan Thabor, waans Kronijken van Frieslandt en dêr it fyfde boek fan út 1538 ús wichtichste boarne is foar de Fryske skiednis fan de iere sechstjinde ieu, de moard op Douwe mei gjin letter neamd? Syn kronyk meldt hielendal neat út de perioade 1505-1511, wylst Worp letter dochs tichtby Snits wenne hat. Ek lettere skribinten, op Napjus nei, swije Douwe en Dieuwke dea. Winsemius fertelt de stoarje lykwols sa libben, as hie er sels tsjûge fan it bloedferjitten west. Syn tekst suggerearret twa mooglike redenen foar de moard, de iene yn de amûreuze, de oare yn de politike sfear. Wienen Douwe en Dieuwke de Fryske foarrinners fan Romeo en Julia? Of moast in up and coming regionaal hearsker út ’e wei romme wurde en moast neitiid elkenien dêr oer swije?

Dat kinne wy allegear net mear te witten komme, by brek oan oare boarnen. De achter in stek alfêst klearleine ‘hellebaerdt’ suggerearret in plande moard en ek dat de moardner fantefoarren al wist dat er Douwe op dat plak oantreffe soe – dy makke faaks wol mear sa’n kuier mei syn faam. It leit foar de hân dat Dieuwke net inkeld moai mar ek fan hege komôf wie, want in Sjaarda frijde net mei elkenien. De genealogyen fan de Camstra’s, Harinxma’s, Hottinga’s, Juckema’s, Juwsma’s en gean sa mar troch soenen dêr nochris op neisocht wurde kinne. Oan ’e oare kant: miskien wie der hielendal gjin Dieuwke, en hat Winsemius har optocht om der in moaier ferhaal fan te meitsjen.

Dochs is der wat nuvers mei de fermeldingen fan Douwe Sikkes. Yn de nammelist fan grytmannen fan Baerdt van Sminia fan 1837 stiet foar de perioade 1497-1504 in Douwe Tjaards Rodmersma notearre as grytman fan Frjentsjerteradiel. Mar letter (1893) hat Andreae dat yn syn Nalezing korrizjearre: Rodmersma (út Doanjum) wie yn 1502 ‘foerwarer’ (plakferfanger) foar Douwe Sikkes Sjaarda. ‘’t Kan zijn (..) dat men hem met Douwe Rodmersma heeft verward.’

It kin ek wêze, soe men tinken wol hawwe kinne, dat der spul west hat mei de Saksyske hearskers oer it grytmanskip. Douwe Sikkes syn beppe Edwert hie hartoch Albrecht en letter dy syn soannen Georg en Hindrik útnoege om earst mar te wenjen op har Sjaardemaslot yn Frjentsjer, en krekt yn it jier fan de moard op Douwe ferliet de Saksyske hôfhâlding de stêd wer. Hawwe dy manlju in mooglike weropstanning fan de Sjaarda’s foar wêze wollen en dêrom Douwe in kopke lytser makke? Of is it gien sa’t de Meppeler publisist Pieter Janzen yn 1912 yn de Leeuwarder Courant hawwe wol, dat it Fetkeaperske enfant terrible Tjerk Walta tsjin Douwe gearsward hat? Wy witte oer Janzen lykwols dat dy it net altyd like krekt naam mei de wierheid, en boppedat: hoe soe dy dat witten hawwe, as op Winsemius nei net ien fóar him der oait oer skreaun hat?

Fragen, fragen. Mar it ferhaal is te moai om wei. Al wie it mar om’t de betinkers yn Warns no wer ris wat nijs hawwe om oer te praten. 


Friesch Dagblad, 25 septimber.

dinsdag 7 september 2021

In mistaast, of 'The Hill We Fall Off'


 

Hjoed yn in primeur fan it Friesch Dagblad is te lêzen dat deputearre Sietske Poepjes fan Kultuer akkoart gien is mei it etnysk sensurearjen, troch in saneamde ‘sensitivity reader’, fan in oersetting dy’t troch de Provinsje Fryslân betelle wurde sil. Of al is.

Us Amanda, wa ken har net? De jonge frou ‘fan kleur’, dy’t sa wolsprekkend diskriminaasje oankleide en oprôp ta de striid tsjin ûnderdrukking. Se spruts op de ynauguraasje fan deselde Amerikaanske president dy’t efkes letter in pear miljoen Afghaanske, dus net-swarte, froulju oan de taliban útleverje soe, mar dat mei hinnebruie.

No hat de blanke Fryske deputearre opdracht jûn om ‘The Hill We Climb’ oer te setten yn it Frysk. Wêrom? Elkenien is bliid mei in sigentsje sympatyk kosmopolitysk libben yn de âlde Fryske folkstaal. Mar in oersetting regelje is, oars as je tinke soene, net altyd in kwestje fan lange halen, gau thús. Al hielendal net as wat Amerikaansks oerset wurde moat.

It rjochthawwende buro yn de States hat nammentlik easke dat earst in respektabel Minske Fan Kleur nei de Fryske berchbeklimming sjen moast. Om der wis fan te wêzen dat de oersetter gjin wa wit watfoar ûngelokkige stereotypearjende flaters op swart-wyt, kleure- of oar minderheidsmêd begean soe.

En dêr is Poepjes mei akkoart gien. ‘The Hill We Fall Off.’

Hoe’t útjouwerij Meulenhoff oersetster Marieke Lucas Rijneveld oer de râne treaun hat, koe fansels net, wie dat dan net dúdlik? Literatuer, keunst, kin net bestean as allerhanne befolkings- en belangegroepen harren gefoelige, sensurearjende en ferbiedende hannen net thúshâlde kinne, en bedriuwen, media en sels oerheden jouwe ta oan sokke manipulative praktiken.

Meulenhoff is in bedriuw, ha wy net folle oer te sizzen. Mar dat de Provinsje Fryslân, dat binne jo en ik, dat is de hiele buorren, aktyf oan it opmarsjearjen fan dit aaklike fenomeen meiwurket? Dat ús provinsjale oerheid literêre publikaasjes stipet op betingst fan grien ljocht fan ien of oare sensor fan ien of oare kulturele mear- of minderheid, of wa’t mar moard en brân begjinne te roppen?

It makket net út dat yn dit gefal de sensor gjin net-korrekt ûnrant oantroffen hat yn de tekst. In troch de provinsje ynskeakele freonlike sjongeres mei Kongoleeske achtergrûn – sûnder in protte ûnderfining mei skriftlik Frysk, mar dat tusken heaken, want dêr gie it net om – hat net it geringste plakje, misserke, útgliderke oantroffen, neffens de krante. Hoe soe it ek oars.

Wat útmakket, is dat se der nei sjen mócht.


.