zondag 6 juni 2021

In stik ik fan stimmen


‘Wêr hat er it oer?’ It dichtwurk fan Tsjêbbe Hettinga, op ’e nij besjoen


Yn de Fryske literatuer falt it net sa hiel faak foar dat men al frij gau nei de dea fan in dichter in sammelútjefte fan syn wurk besette kin. De ferskining fan sa’n útjefte is faak in heuchlik feit. Sa’n boek noeget út om werom te gean nei de dichtbondels, om jin op ’e nij mei in bekend skriuwerskip te ferstean, dêr’t in ein oan kaam is. Wy lêze de gedichten wer, mar no krekt in bytsje oars as earst. Want der komme net mear.

Fjouwer jier nei it ferstjerren fan dichter Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) koenen de besoargers en oersetters syn twatalige, Frysk-Nederlânske sammelwurk Het vaderpaard / It faderpaard – Alle gedichten (2017) presintearje, in publikaasje fan it prestizjeuze útjouwershûs De Bezige Bij yn Amsterdam. (1) Yn dy 831 siden tellende pil binne syn sân ferskynde bondels en fierdere losse útjeftes opnaam, plus in bondel dy’t noch yn tarieding wie, en in tal losse en net earder publisearre fersen. Dat alles foarsjoen fan notysjes en beselskippe fan in list mei fynplakken, in bibliografysk oersjoch en in biografyske skets mei hjir en dêr koarte opmerkingen oer it wurk. Spitigernôch mist in literêre yn- of útlieding, in stik wêryn’t op systematyske wize yngien wurdt op bygelyks de tematyk, de literêre eigenskippen fan de gedichten, op de ferskowingen en feroaringen dy’t yn ’e rin fan ’e tiid yn it oeuvre opfalle.

Wat ek yn it each rint: der is, yn de trije jier dy’t wilens ferrûn binne nei publikaasje, noch net ien serieuze skôging oer Het vaderpaard / It faderpaard ferskynd yn Fryslân. ‘Foar de stúdzje fan Hettinga syn wurk sil dizze twatalige sammelútjefte (..) in grutte stimulâns wêze kinne’, skreau ik yn 2017. (2) Dy hoop is noch net útkaam. Nei alle kanonisearring en literatuerpolitike en kultuerkommersjele reklame wurdt it oeuvre blykber as untouchable beskôge. Of men mient dat wy der alles wol sa’n bytsje oer sein hawwe. Ik leau net dat soks it gefal is en dêrom wol ik yn dit opstel besykje om it literêre petear wer op gong te krijen. Dat kin miskien it bêste troch te besykjen mear fet te krijen op de sterke mar ek op de swakkere punten fan syn dichterskip. It liket soms krekt al binne leafhawwers fan Fryske poëzy te ferdielen yn kritykleaze oanbidders fan it wurk en fûle fersmiters derfan, and never the twain shall meet. (3) De wierheid sil dêr lykwols earne tuskenyn lizze. In mear nuânsearre diskusje soe wolkom wêze.

1

Swakke punten? Jawis. De lêzer fan Het vaderpaard / It faderpaard sil it dalik opfalle hoe swak oft de earste trije bondels feitlik noch binne en wat in mislearring dêrnei ek de folle ambysjeuzere fjirde betsjut. De rom fan Hettinga kin net berêste op Yn dit lân (1973), Loft- lân- en seefersen (1974), Fan lân, loft en leafde (1975) of Tusken de bedriuwen troch is âlderdom (1981).

Dy bondels jouwe de rispinge fan mear as tsien jier dichtsjen en beslagge ynklusyf oersettingen (dêr’t ik hjir fierder net op yngean) de earste 240 siden fan it sammelwurk. De earste trije bringe typyske santiger jieren poëzy: koarte fersen, koartigelich, in soad wytrigels, ûnregelmjittige foarmen, losse observaasjes, oertinkings en anekdoates. Wol dalik oanwêzich is de letter noch promininter obsesje mei kleuren, sintúchlike waarnimmingen en it ljocht. Fansels stiet soks net los fan it yn dizze jierren hieltyd minder wurdende sicht fan de dichter, mar dat is net wat literatuerûndersyk dwaande hoecht te hâlden; it moat oer de gedichten gean, oer de teksten. Hoe wurkje se, wat wolle se, wat meitsje se wier, hoe relatearje se oan oare literatuer, oan de wrâld bûten it papier, wat makket dat se mear of minder slagge binne?

Mar inkeld giet de dichter yn syn begjinjierren wat minder koart om ’e hoeke. Yn Loft- lân- en seefersen komt hjir en dêr alris in fers foar dat him te bûten giet oan it stêf- en klankrymlik beskriuwen, it muzikale boartsjen mei in hieleboel eigenskipswurden. Dat is in foarleafde dy’t Hettinga yn de fjirde bondel ta yn it ekstreme tapasse sil. No binne it noch mar in pear útsûnderingen, te witten ‘Ljocht út en troch (ferhaald fan de dagen fan augustus)’ (s 52), ‘Q.B.F.F.Q.S. snieflokkefeest fan de kâlde gloarje’ (s. 60) en ‘Oan kant mei dy rudige rike rekreant’ (s. 72). Men komt men rigels tsjin as:

doe middenmank de bosken murden / mûzelûden (s. 52)

de úthymjende heakapen / kapel fan leafde / foar de flamjende fammen (s. 52)

myn temûk tebrutsen leafde siedde ûnder de seadde (s. 60)

de wyn de boadskipper fan de bare froast / berjochtet sneedsk de flymjende fiken fan / it leaze lânskip (s. 60)

want fryslâns frede freget om frijwilligers / om by de graasje fan de argewaasje en altemets de alteraasje (s. 72)

Mar in inkelde kear klinkt maatskippijkrityk, op de Hollânske twaddewente-ymmigranten yn Fryslân bygelyks en in kear op it multynasjonale kaptaal dat de Tredde Wrâld skea docht. Fan de Vietnam-oarloch is neat te fernimmen. De grutte wrâld bliuwt meast fier fuort. It draait om it ferbyldzjen fan it Fryske lânskip yn de Greidhoeke, it gelok of ûngelok fan de leafde en it isolearre wêzen fan de bliner wurdende waarnimmer.

Folle ambysjeuzer, lykas sein, is de fjirde bondel: Tusken de bedriuwen troch is âlderdom. De gedichten binne ferheljender wurden, yn bredere rigels delset, mei omtinken foar in regelmjittige foarm. Mar de bylderykdom ferdrinkt no werklik yn allerhanne foarmen fan rym (behalve einrym), sa likernôch op de wize en yn in tichtens dy’t wy earder al yn in pear gedichten oantroffen. Steurend is it ‘overdadige gebruik van middelen als alliteratie, assonantie en gekunstelde woordspelletjes’, sa’t resinsint Jelle van der Meulen skreau. (4) In strofe út ‘Hjerst’ (s. 220) jout in idee:

kâld fiel ik de krêftferliezende dei ûnder it swart-
beklomme dak fan de nearzige nacht weikrûpen en
sjoch ik har digerjend fuotljocht fan de ûnsichtbere
sinne wylst de wetterwiskjende westewyn
– stoarmeftige rôffûgel fan leafde en beammen –
wyld oanhellet oer myn lege lân mei syn hege wetter


Byld nei byld fjurret de dichter op de lêzer ôf, eigenskipswurd nei eigenskipswurd komt ritmysk foarby yn brede skilderingen fan ljocht en lûd, mar hoesa, wêrta, wêr rint it op út? De gedichten jouwe yndrukken, assosjaasjes, ferbine kleuren, smaken en gewaarwurdingen, mar der is gjin of folle minder omtinken foar geastlik ferarbeidzjen, emosjoneel ferantwurdzjen of eksistinsjeel wrakseljen. It lyrysk ik problematisearret, filosofearret en reflektearret net. It stelt fêst. Ropt op. Wiist oan. It jout fragminten fan in subjektive werklikheid troch.

Ien fan de fersen dy’t wat foarm en styl oanbelanget tichtby it lettere wurk komme, en dy’t dat al oankundigje, is ‘Yn ’e besnijing fan ’e djipte tusken ljocht en ljocht’ (s. 234). Lykas yn it foargeande fers (‘De râne fan de metro-poal’, s. 232) ferlitte wy it plattelân en komme yn ’e stêd telâne. Yn seis- en sânfuottige rigels fan min ofte mear gelikense lingte, dy’t wol ritmysk mar net metrysk binne, dy’t dan wer jambysk en dan wer trocheeysk úteinsette, mar it metrum ek dalik wer loslitte, jout it fers in stream fan sintúchlike yndrukken fan in dei yn ’e stêd mei in leave. Fan de fjouwer trettjinrigelige strofen sitearje ik de lêste:

yn de fiolette nacht sette wy troch de útholle stêd
noch lang net sêde fan it gefoel dat reserves oansprekt
as waarme oalje troch it rêdwurk fan de tiid streamend
nei in feest fan fjoer tusken de púnfal fan in ôfbraakbuert
yndiaansk beskildere dekôr efter fan sâlt ferwidere sinnen
yn ’e dûnkergriene wyldernis en pine tillende woastinen
fan leechte rillige stilte folklonken no fan pink floyd
oanbegjin oerwelle oanstriid pearring tramtearre triedden
stoned ûnder stones eksoatysk each dûns down koarre
ik in stik ik fan stimmen kick sweet sweat dyn sfear
bal masqué op it flot fan medusa de wrâld ús rêde bêd
in stêd fier yn ’t lemieren wêryn’t yn ekstaze in fanke
har fan nacht en klean ûntdocht brún as bôle yn ’e moarn


De weilitten ynterpunksje (yn syn earste fjouwer bondels brûkt de dichter gjin haadletters, komma’s of punten) ûntlûkt ynearsten oan it each dat de strofe, dy’t noch mei in grammatikale sin liket te begjinnen, de wenstige oardering fan skriftlike kommunikaasje yn de sechsde en sânde rigels ferlit. Wat folget is in ritmyske, assosjative steapeling fan rymjende wurden, klanken en bylden sûnder grammatikaal ferbân. It is literêre free jazz – nettsjinsteande de ferwizingen nei Pink Floyd en de Rolling Stones – dy’t om ferbaliteit en foardracht siket, mar dy’t as lêstekst net hiel goed oerein bliuwe kin.

2

Hoe kin dy belangrike ûntjouwing yn it iere wurk, fan de keale, koarte fersen fan 1973 nei de brede taalbarok fan 1981, tsjut, pleatst of ferklearre wurde? In namme dy’t yn dat ferbân faak en net sûnder reden neamd wurdt, is dy fan de Welsh-Ingelske dichter Dylan Thomas. (5) Dy syn ‘brede’, rymrike romantyske poëzy mei syn plattelânskiplike oriïntaasje, en ek de foardracht fan de dichter sels derfan, hat Hettinga al betiid hiel bot oansprutsen.

Mei Thomas syn wurk moat er al yn syn tiid oan de pedagogyske akademy yn Hengelo yn ’e kunde kaam wêze, yn 1970/’71, sa skriuwt Oppewal (s. 802). Mear oanwizingen wurde neamd. Yn de santiger jierren hat de dichter yn Wales op fakânsje west (s. 806); hy kocht doe foardrachten fan Thomas op langspylplaten (s. 816). Yn 1974 joech er in eksimplaar fan de Collected Poems fan Thomas kado oan in Hengelose freon (s. 787). Yn 1977 publisearre er in fers yn Hjir dat tinken docht oan syn lettere gedicht ‘De blauwe hauk fan Wales’ dat nei Thomas ferwiist (s. 816). Doe’t er yn 1986 syn stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins besleat mei in doktoraalskripsje, gie dy oer taalkundige aspekten fan it oersetten fan it ferneamde gedicht ‘Fern Hill’ fan Thomas, in fers dat er sels yn it Frysk oerbrocht hie. (Oersettingen binne spitigernôch net opnaam yn it sammele dichtwurk.)

Ien fan de earste fersen dy’t ynfloed of besibbens sjen litte, is, as wy oerdiedich rym, tefolle eigenskipswurden en barokke steapeling as mjitstêf brûke, it al neamde ‘Ljocht út en troch (ferhaald fan de dagen fan augustus)’. Dat fers datearret fan 1972; it waard yn augustus fan dat jier bekroane mei de Rely Jorritsmapriis. Mar de breedte fan dat gedicht is in útsûndering yn it iere wurk. It liket der op dat Hettinga krekt yn de twadde helte fan de santiger jierren him yn syn skriuwen mear begjint te oriïntearjen op foarm- en styleleminten dêr’t it lêzen fan (ûnder mear) Thomas him mei yn ’e kunde brocht hat.

Faaks – de biografyske skets neamt de mooglikheid net – hat it lêzen fan Douwe Tamminga syn oersetting fan ‘A Winter’s Tale’ fan Thomas him dêrby ta oanmoediging west. Dy oersetting ferskynde syn desimber 1974, ûnder de titel In winterforhael, as twatalich boekje by de Fryske Akademy. (6) De publikaasje wie ek bedoeld as earbetoan oan Tamminga sels, de oersetter, dy’t dyselde winter ôfskie naam as wurdboekmeiwurker. Douwe Tamminga wie de grand old man fan de Fryske poëzy, de strange beiteler fan taal, de man mei de grutste wurdskat fan allegear, de oersetter nei it Frysk ta dy’t syn gelikens net hie. De oersetting hie er al yn 1961 in kear publisearre, yn De Tsjerne, mei in wiidweidich opstel oer it wurk fan Thomas derby. (7) Doedestiids stuts er de jonge dichter Durk van der Ploeg dermei oan, ôf te lêzen oan dy syn twadde bondel It libertynsk gehucht. (8)

Underskate dichtersgeneraasjes hawwe by Tamminga heard hoe goed en soepel it Frysk de brede, djippe toanen fan in wrâldferneamde Ingelsktalige dichter ferklankje koe. Fan dy foarstelling gie in sterk taalideologyske wurking út: sok oersetten liet ommers ek sjen dat de ôfstân tusken Fryske literatuer en ‘wrâldliteratuer’ minder grut wie as wolris ôfskildere waard. Yn de wurden fan hânboekskriuwer Klaes Dykstra, yn 1981:

It is dêrom in blyk fan folwoeksenens, dat Dylan Thomas no lykweardich eigentiidsk oerbrocht wurde koe (..). Dêr docht ut bliken, dat de Fryske literatuer, dat wol sizze de Fryske taal, lang om let, wat diksy en technyk oangiet, it hjoed sa goed sa kwea bemastere hat en ridlik treast is. (9)

Ik sitearje hjir de earste twa strofen fan Tamminga syn oersetting, omstavere:

’t Is in winterferhaal
Dat de sniebline skimer te wâl bringt sa jûns
De berchmarren del mank de kûm fan it dal,
Fan in pleats sylt it sêft troch flokken fan dûns,
Bleke feewazem waret om seilskoat en fal,

En de kjeldloft egaal,
En it hearûch rûkt yn de snie, en earne geskriem
Fan in ûle op in skuorre, en reek út de naal
Is ien skiep-wyt flues mei it froasthurde hiem,
Yn it kriemende streamdal begûn it ferhaal.


Net inkeld it winterske drama en de konkrete boerebylden, -roken en -lûden sprekke oan; it is foaral de meldij, de gong fan de rigels en it mei presisy en grut suggestyf effekt brûken fan stêf- en klankrym dy’t yndruk meitsje. It begjin fan ‘In winterforhael’ is in skoalfoarbyld fan rymhantearring mei ek in ynhâldlik doel. Hettinga syn beneiering fan rym yn Tusken de bedriuwen troch is âlderdom liket lykwols mear ynjûn troch de winsk om taalmuzyk te meitsjen, om wetterfallen út te sprekken. Om mar net stil te wêzen.

Hoe sil dit lyrysk ik, dat sa gefoelich is foar yndrukken, dat sa hinget oan syn jeugd, dat sa’t liket gjin problemen ken oars as de listen fan de leafde en it ferstriken fan de tiid, foar wa’t de wrâld amper bestiet, dit ik dat amper oan himsels twivelet, net twivelje wol, him ûntjaan? Krekt alve jier nei it Grutte Tefolle ferskynt Hettinga syn fyfde dichtbondel, Under seefûgels / De kust (1992).

3

Yn de tachtiger jierren is de dichter dwaande mei in stúdzje Frysk. Freonen lêze literêr wurk op kassettebandsjes foar him yn, en hy is redaksjelid fan it literêre tydskrift Hjir, mei haadredakteur Piter Boersma. Syn literêr eachweid wurdt alsa ferbrede. Yn dizze tiid lûkt er in protte op mei Wilco Berga, de Harnzer skilder en dichter dy’t mei him in foarleafde foar muzyk, optredens en Dylan Thomas dielt. Ek Berga set op fakânsje ôf nei Wales foar in beafeart (10) en de geast fan Thomas waret om yn syn earste bondels, Reager, fisk en man (1990) en Fan dit lân in fresko (1991). (11) Oare maten binne Binne Lútsen Boarnstra en Jelle Kaspersma, beide dichters fan de romantyske soarte, mar mei minder fermogen as harren freon. As it ‘Sizzenskiplik Wurkferbân’ spesjalisearje se har yn gekjeierige optredens fol taalbarok en -boarterij.

Under seefûgels / De kust ferskynt yn 1992 en bringt grutte feroaringen. Hjir wurdt neat mear mei de gek beslein. Hjir – en tenei yn it fierdere wurk – begjinne de sinnen gewoan mei in haadletter, hawwe komma’s en einigje mei in punt. Foarm is it toverwurd. De rigels fan de syklus ‘Under seefûgels’ binne minder ientoanich, brûke minder faak hinderlik stêfrym, wurde gauris opknipt mei tuskensinnen, en meitsje riinsk gebrûk fan sterke enzjambeminten. ‘[D]e lege wurde-eksploazjes binne mei masterhân út de fersen snien’, notearre kritikus Jabik Veenbaas. (12) Deselde feroaringen, mei mear súkses tapast, litte de gedichten yn it twadde part fan de bondel, ‘De kust’, sjen. Strofyske foarmen krije mear fariaasje, mar hieltyd neffens in skema. Ynspringende en net-ynspringende rigels wikselje inoar ôf. Strange foarmen meitsje dat it ferhalende, barok presintearre materiaal mei brekken en slypjen oanbrocht wurde moat.

Yn dizze poëzy sit in ynherinte driuw nei behearsking, nei perfeksje, ek al wurdt dy noait berikt. Yn guon gedichten út de syklus, en yn ‘It Wikeler Hop’ (s. 272), ‘It gers it hea en de rook fan beide’ (s. 278) en ‘De blauwe hauk fan Wales’ (s. 320) komt de dichter lykwols in ein. Syn technyk is follesidiger wurden en lit alle romte oan in nije wendberheid fan de rigels. Veenbaas tinkt by it fers ‘Dat blauwe skaden’ (s. 302) wat opbou en toan oanbelanget oan ‘A Winter’s Tale’. Ek ‘De blauwe hauk fan Wales’ ferwiist nei Thomas; ‘Blabze oan kleuren’ (s. 296) docht him tinken oan Thomas syn ‘Now’. (13)

Mar ynfloed fan de Russysk-Amerikaanske dichter Iosip Brodsky is no ek te merkbiten, bygelyks oan ‘De blauwe hauk fan Wales’, dat guon bylden lient fan Thomas mar syn motyf fan Brodsky’s gedicht ‘De hjerstskreau fan ’e hauk’. Dêrneist litte de niis sinjalearre stylferoaringen, dy’t in gruttere firtuositeit freegje om’t de dichter temjitte komme moat oan de easken fan in yngewikkelder syntaks, har goed ferlykje mei Brodsky syn foarm-firtuositeit. It gedicht ‘Grutte elegy foar John Donne’ fan Brodsky, skriuwt resinsint Hanz Mirck, ‘waarin de Rus een groot risico neemt door een zeer lange opsomming te geven van alle voorwerpen die slapen, zou Hettinga ook geïnspireerd kunnen hebben om de opsomming en de uitgesponnen beschrijving te durven gebruiken.’ (14)

De Fryske krityk reagearre ferdield. Hylke Tromp op Radio Fryslân fûn de bondel ‘ûnbegryplik moai’ (s. 807). Ek Tjerk Veenstra yn it Friesch Dagblad wie entûsjast. Dichter Eppie Dam neamde yn Frysk en Frij dizze poëzy lykwols ‘kleurryk en machtich, mar ek bluisterich. Bombizich en barok’. Hy woe hawwe, ‘de betsjutting (fan it ferhaal) sit [noch altyd] bemitsele yn syn taalmonuminten fan klearebare wurdkeunst’. Dam miste ‘de befrijing fan it ferlossende wurd’. Dichter Albertina Soepboer seach tefolle in ‘werheljen fan bylden en wurden’, dat makke de bondel hjir en dêr minder krêftich. (15)

Koartsein, de beweger-dichters wiene posityf, de dichter-bewegers minder. Dichter en kritikus foar de Leeuwarder Courant Tjitte Piebenga sprong sels hielendal út syn fel en sette de tsjinstellingen op skerp. ‘Wer hat er it oer?’, frege er him ôf. (16) Hy stelde fêst dat Hettinga sûnt syn earste bondel en benammen sûnt Tusken de bedriuwen troch is âlderdom ‘hieltyd mear wurden nedich hat’. Piebenga miste lykwols ‘laden’ wurden, dy’t wat mear dogge as inkeld mar rymje. As foarbyld joech er in strofe út it earste fers fan de syklus ‘Under seefûgels’ (s. 244):

… Wer en de seefûgels dy’t ik dy yn dyn hite
Hutte yn dy ynbring, ynleaf lyts kring.
En ik ferfar, mei, de see fan it bloed
Efternei, de slangedûns fan swart fleis
Temjitte, en mei, sit ik dy op ’e hûd en …


Dy strofe ferliket er mei in strofe út Thomas syn ‘A Winter’s Tale’, en hy skriuwt dan: ‘By Dylan Thomas fluch, yn ’e rûgens, fiif alliteraasjes oer fiif rigels, by Hettinga fjouwer oer inselde tal rigels, mar by Thomas wit ik wêr’t it oer giet, by Hettinga net, of mar heal.’ Ek in folle konkreter fers as ‘It weinhûs’ (s. 314) wie foar Piebenga wurk fan in ‘útstelde lyryske puber, in dichtsjend wurdboek yn ’t kwadraat’. Eppie Dam stelde letter syn oardiel by, fan Piebenga wit ik dat net.

Mei de gedichten yn it twadde diel fan de bondel, ‘De kusten’, krijt in nij soart Fryske poëzy it wurd, soe men hast sizze. Gjin syklus mear, mar grutte, losse fersen. Barokke bouwurken ferskine op papier, wêryn’t it slagget om argetypyske Fryske plattelânsnoasjes te ferbinen mei in sykjend, langjend en weromtinkend, romantysk lyrysk ik. In ik dat de rike taal fan syn mankelikens yn ’e stringen hâldt mei dekôr, lûd, mjitte, ferbylding en organisaasje. Mei mar ien doel: om bylden fan it libben op te roppen, en dy ta libben te bringen. It lyrysk ik foarmet, en ferdwynt tagelyk yn, epyk.

4

Is it lyrysk ik yn Under seefûgels / De kust in minske dy’t út ûnderskate dekôrs wei in wrâld-yn-mytes opbout, yn de opfolger Fan oer see en fierder is sprake fan in oerkoepeljende mytyske wrâld, dêr’t de dekôrs en de hannelingen út fuortkomme of yn opdûke.

Gjin Fryske mytyske wrâld bringt de bondel, mar in Grykse, yn it Frysk. De ik is ferfongen troch in alwittende ferteller. Oer in man wurdt ferteld, in ‘bline passazjier’. De ferteller ferbyldet in reis mei in skip nei in Gryks eilân, it ferbliuw dêr, de froulju dy’t der wenje, it libben fan in fiskersmienskip, en it fertrek. Hichtepunten binne ‘Oankomst’ (s. 334), ‘Fan oer see en fierder’ (s. 362), ‘Under de wrâld’ (s. 376) en ‘De moerbeibeam’ (s. 382). Yn har bylderykdom, sensitiviteit en kalmere toan as earder wol, binne dizze fersen like epysk as lyrysk fan karakter. Yn 2001 krige Hettinga foar Fan oer see en fierder de Gysbert Japicxpriis takend.

Dat wy yn de bondel bûten de tiid bedarje sille, yn in optochte wrâld fol klassike langst om te libjen yn it ljocht fan de Middellânske See, dêrop wiist al dalik de earste strofe fan ‘Oankomst’, it iepeningsgedicht fan de bondel:

Tsjin in hagelwite flecht fan snieguozzen yn,
Noch foar’t syn lytse spegeljende haven
Fersânje koe ta in lânskip fan wier en sâlt,
Fan brûnsgrien hiem en gielkoperen hurdstee
Troch dagen hege blauwe winen as it stof
Fan hjerstmis ploege maitiidsgrûn ferwaaiend,
Sa wie er útsyld, opdat de see, rjochtsprekkend
Oer in siel dy’t net in anker ferneare,
Him opnaam en de readferbaarnde earen fan
It seil Biskaje syn ûnbeskieden weach,
It hûnske gromjen fan Atlas en Gibraltar,
Beharken, of dowesturten en batsk kreakjend
Roer, oant tsjin in kleare jûnloft swarte bergen
Brieken troch de skyn fan in ûneinichheid.


Dêr is in Odysseus op thúsreis, in Slauerhoff op syk nei it paradys, it beloofde lân, it ferlerne eilân, de siele. Men kin by de haadpersoan ek tinke oan Tiresias, de bline Grykse sjenner út The Waste Land fan T.S. Eliot, sa’t ik earder nei foarren brocht haw. (17) Of, sa’t de klassikus Marko van der Wal mient, oan Damodokus, de bline dichter oan it hôf fan kening Alkinous yn de Odyssee. (18)

De foarmjouwing fan de gedichten is folslein regelmjittich en klassyk. Sfear, toan en setting fan it gedicht, fan de hiele bondel, dogge tinken oan wurk fan de Karaïbyske, Ingelsktalige dichter Derek Walcott, dêr’t Hettinga al yn de tachtiger jierren mei yn ’e kunde kaam. Oersettingen fan Walcotts ‘It testamint fan Arkansas’ en ‘It ljocht fan de wrâld’ publisearre er yn 1990 yn Hjir. Walcotts magum opus Omeros, fol seereizen en klassike ferwizingen yn strak organisearre rigels fan hieltyd tolve wurdlidden, ferskynde ek yn 1990.

Hettinga brûkt yn ‘Oankomst’ rigels fan ôfwikseljend alve en tolve wurdlidden en yn oare gedichten yn de bondel past er ferlykbere telprosedees ta (lykas er dat al dien hie yn Under seefûgels / De kust). Marc van Oostendorp brocht dy wurkwize yn ferbân mei wurk fan Thomas, mar by Walcott treffe wy sa’n rekkenkundige oardering fan epysk materiaal dus ek oan. (19) Yn kombinaasje mei de faak needsaaklike hurde enzjambeminten yn sa’n systeem en de tapassing fan hieltyd in fêst oantal beklamme wurdlidden, ûntstiet in klankpatroan dat regelmjittich genôch is foar it ûnthâld en frij genôch foar foardracht en ymprovisaasje.

De lêste, folweardige, by libben publisearre dichtbondel fan Hettinga is it yn 2009 ferskynde Equinox. ‘Tsjêbbe Hettinga komt thús’, sette dichter-resinsint Harmen Wind boppe syn resinsje yn de Leeuwarder Courant. (20) Ek yn dizze bondel binne gedichten oan te treffen dy’t ta it bêste hearre wat er skreaun hat, ik neam ‘Under mûzebiters’ (s. 396), ‘Spegel fan ’e oseaan’ (s. 420), ‘Ymmigrant’ (s. 428), ‘Wylpen wee’ (s. 434) en ‘Hân fan snie’ (s. 464). Ferdield oer trije skiften reizget de dichter hinne en wer tusken twa kontininten, oft dat no Amearika en Europa binne, de Fryske Greidhoeke en de Fryske Bouhoeke, man en frou, ferline en hjoed of libben en dea.

De fersen binne koarter wurden, beslagge meast mar ien, heechút twa siden; it skift ‘Twa kontininten’ hat tsien fersen fan twa kear sân rigels, it skift ‘Yn ’t lân ferwaaid’ set útein mei fjouwer doarpsportretten fan sân rigels. Fan ien dragende mythe dy’t alle fersen beflapt, lykas yn Fan oer see en fierder, is gjin sprake. De komposysje fan de bondel as gehiel is sadwaande in stik losser, bûnter as dy fan syn foargonger.

Ek yn 2009 waard bekend dat Hettinga frege wie, troch Poetry International en de Stichting Lezen Vlaanderen, om in lytse bondel foar de ynternasjonale Gedichtedei 2010 te skriuwen. Dat waard de twatalige útjefte Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby (2010). Dy befettet twa lange, frijwat ûngelyksoartige gedichten, te witten it titelgedicht (s. 516), dat spilet op it Bilt en oan de Waadkust en de lêzer weromfiert nei de wrâld fan Equinox, en ‘Gezicht vol zeevogels / Gesicht fol seefûgels’ (s. 562), dat it toaniel ferpleatst nei it stedslibben en de rivier de Wezer by Bremen.

Ik wol no, op basis fan de sân hjir boppe koart oantsjutte publisearre dichtbondels, besykje om in antwurd te jaan op de fraach dy’t Tjitte Piebenga yn 1993 stelde: ‘Wer hat er it oer?’

5

It wie fansels in wat nuvere fraach. Yn de fraach opsletten leit it idee dat dichters it ‘earne oer hawwe’ yn har gedichten en gedichtebondels. In ûnderwerp, in kwesty, in miening, in tema dat yn de poëzy nei foarren brocht wurdt, dêr’t de dichter yn fersen wat fan tinkt en syn lêzer dus ‘wat oer seit’ wat de resinsint dalik oppikt en dêr’t er yn in pear sinnen de hân op lizze kin. Dat is yn de poëzy fan Tsjêbbe Hettinga nei de begjinjierren al gau net sa ienfâldich mear it gefal. De dichter ‘ropt op’, ‘lit sjen’, ‘makket yn ’e geast mei’ en lit sadwaande net hiel folle romte foar twarjochtingsferkear mei de lêzer. ‘De moderne dichter’, skreau Jan Walravens yn 1950,

leert ons niets en wil ons van niets overtuigen, maar evoceert voor ons een wereld, waarin hij ons wil doen plaats nemen als in een Venetiaanse gondel en waarin hij ons wil doen handelen, voelen en dromen. Dit doet hij door zijn beeldenrijkdom, die evocatief, verrassend en overrompelend is. (21)

Dat is ek Hettinga syn ambysje. ‘It giet my om de evokaasje, om it oproppen’, sei er yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân-meiwurker Geart de Vries (s. 810). ‘Ik jou in fyk út it libben.’ It giet derom de dingen sjen te litten ‘sa’t se yn wêzen binne, hoe’t se, ferjitten yn jinsels, oproppen wurde kinne’ (s. 811).

Evokaasje komt fan it Latynske evocatio: it foar de geast roppen fan minsken, tafrielen en barrens. It oanwêzich meitsjen, wekker meitsjen, fan wat net oanwêzich (mear) is, of krekt it fuortjeien fan gefaren, wie it doel fan de Romeinske evocatio yn religieuze rites en foar it leger yn tiden fan oarloch. It tiidwurd is evocare, gebiede.

Foar Walravens wurket dit foar de geast roppen mei bylden en bylderykdom, mar yn de poëzy fan Hettinga spilet taalmuzyk in like grutte evosearjende rol. De lange, meanderjende, driuwende sinnen en de grutte hoemannichte, oaren sizze: oerdied, oan rimen foarmje mantra’s dy’t mei har hypnotisearjende kadâns meitsje dat de lêzer meifierd en fêsthâlden wurdt. Ofstân nimme, hohâlde, analysearje, fragen stelle, de wrâld feroarje wolle, dat is der allegear net by. It gedicht komt as in kokon fan byld en lûd om de lêzer hinne te lizzen; in romte dêr’t er pas útkukelet as it lêste wurd klonken hat. Unnoadich te sizzen dat de op ferskate cd’s en in dvd fêstleine Dylaneske foardracht fan Hettinga, dy’t de gedichten bringt as yn in muzykfoarstelling, der alles oan docht om sa’n kokon te spinnen en yn stân te hâlden.

Dizze poëzij liket te’n djipsten ritualistysk te wêzen. Kleuren, mar ek kaaibylden lykas sulver, nacht, see, seefûgels, eilân, funksjonearje as tagongspoarten, skeakelingen nei in oare, ferbylde, geastlike realiteit, nei wat Veenbaas in ‘persoanlike mytology’ neamt. (22) In ritueel is, neffens ien definysje, de ‘expression of an inward attitude and at the same time the means of its evocation’. (23) ‘[I]n ritual’, skriuwt de roomske filosoof Peter Kwasniewski,

we externalize, we make formal and public, our inner acts of adoration, thanksgiving, penance, and petition; and by continually performing the ritual and letting it inform our minds and hearts, we continually evoke or call forth these same inner acts. (24)

Is dat net krekt wat de gedichten fan Hettinga dogge? Net per se om’t de dichter roomsk grutbrocht is, mar miskien wol om’t syn eigen beheinde en hieltyd fierder ôfnimmende fisuele mooglikheden ta ûnderfinen en mei eigen eagen oanskôgjen him nammerste twingender bringe ta ekspresje, ta eksternalisearjen fan it ferinerlike (it belibbe en noch te belibjen) libben.

Dêrmei tsjinnet ek de fraach him oan watfoar rol religy spilet yn it wurk. Yn 2013 haw ik dy fraach steld mar net beantwurde yn myn taspraak by gelegenheid fan de postume Fryske Anjer-útrikking. (25) It brûken fan it wurd ‘siele’ yn de lettere bondels soe op religieuze ynhâlden tsjutte kinne. Mar ‘siele’ hat, as ‘psyche’, ek in foarkristlike, Gryks-klassike konnotaasje, wêrby’t de psyche wol as de essinsje fan de minske sjoen wurdt, as syn libbensadem, mar gjin ivich neibestean ken as it lichem ôfstjert. Boppedat, yn animistyske religys binne alle dingen besiele, net inkeld minsken mar ek plakken, bisten, planten, huzen.

It is dus net in útmakke saak watfoar wrâldskôging it brûken fan ‘siele’ ferriedt. Yn Fan oer see en fierder tsjinnet it him al oan yn de achtste rigel fan it iepeningsgedicht ‘Oankomst’: ‘Sa wie er útsyld, opdat de see, rjochtsprekkend / Oer in siel dy’t net in anker ferneare’. Efkes fierderop is de siele ek in ‘eilân, troch eilannen omspield’. Dan wurdt dúdlik dat de tafrielen dy’t him yn de bondel op it eilân ôfspylje, bylden binne dy’t de siele-as-reizger opropt út himsels wei. It wurd is de rituele kaai dy’t de inerlike foarstelling ûntslút.

Ek Gerbrandy hat ‘een religieuze connotatie’ opmurken yn guon gedichten; it lânskip is by Hettinga ‘misschien niet heilig, maar zeker bezield’. (26)

Het zou misleidend zijn Hettinga een religieus dichter te noemen, maar er is in deze gedichten een besef waarneembaar van de mysterieuze eenheid van een als bezield opgevatte kosmos. In dat opzicht doet Hettinga’s werk denken aan dat van H.H. ter Balkt, voor wie het gras, de vlashekel, de gloeilamp en de Wurlitzer allemaal deel uitmaken van een organisch verband. (27)

Leauwe yn in besiele kosmos lit him werkenne yn in animistysk of panteïstysk, hilligjend oanfielen en útdrukken dat lient út ûnderskate religys en kultueren. Ek de kristlike: Hettinga hat bygelyks it panteïstyske ‘Sinneliet’ (datearjend út 1225) fan Fransiskus fan Assisy yn it Frysk oerbrocht, it liet dêr’t tanksein wurdt foar de fjouwer eleminten fjoer, wetter, lucht en ierde, dêr’t Fransiskus dan noch ûnder mear it ljocht fan ‘broer’ sinne en ‘suster’ moanne by docht. ‘Love binne Jo, myn Hear, troch hja dy’t ferjeffenis skinke / troch Jo leafde en sykte en ferdrukking drage.’

Mar syn eigen gedichten bringe gjin religieuze tinkbylden, hâlde har net dwaande mei tsjerke, teology of Godsfoarstellingen. Hjir en dêr falle wol ‘roomske’ wurden, bygelyks ‘krúswei’, ‘trijeienheid’, mar de grûntoan liket eksistinsjalistysk. Yn de gedichten folget de lêzer in minske dy’t úteinlik allinnich is, in ‘bline passazjier’. In ik, dat langstme hat nei in oar, him op syn syktocht meislepe lit troch de leafde en de keunst, oer in see fan poëzy, nei de befrijing fan memorabele foarstellingen dy’t ta stân komme yn persoanlik-ritueel taalgebrûk. Ljochtbylden yn in tsjustere wrâld.

6

Bûtenlânske nammen mei sa út en troch falle, mar oan de Fryske poëzy hat Hettinga fansels ek mear as it ien en oar te tankjen. Noch it meast oan Obe Postma (it ljocht, de evokaasje, foaral fan it ferline), Douwe Kiestra (de natuertaal, de mystiek fan de boerebylden), Sjoerd Spanninga (de klam op it byld, op it reizgjen), Hessel Miedema miskien (de assosjaasjedrift, de boartlikens) en wis ek oan Douwe Tamminga (de taalmacht, it ambacht, de krektens). Dat binne de lytse Fryske reuzen, taaldichters en imagisten, op waans skouders er nei 1981 komt te stean.

In ferliking fan oantallen favorite gedichten falt, yn myn gefal, lykwols lang net altyd yn it foardeel fan Hettinga út. Dat komt tink ik foaral om’t syn wurk op it tematyske flak dochs frijwat beheind is. Ik sjoch foar dy beheindens, nei dizze rûngong troch de sammele fersen, trije oarsaken.

Op it foarste plak: engaazjemint, maatskipijkrityk, gedichten dy’t har ferstean mei in problematyske polityk of kommentaar jouwe op in oan de protters razend ûnrjocht, subtyl of eksplisyt, wy komme it net tsjin. De eigen tiid wurdt weifiltere, in mytyske romte bliuwt oer. As de fersen fyftich jier earder skreaun wiene, hie der net hiel folle west dat har komôf út ús eigen tiid ferret hie. Hettinga hat ‘tiidleaze’ fersen skriuwe wollen, en dat betsjutte blykber, post-Sixties and post-Seventies yn it opkommende neoliberale kulturele klimaat, in ôfsidich bliuwen, op papier, fan de grutte politike debatten en sosjale en ekonomyske problemen fan syn tiid, likegoed as fan it periodyk de kop opstekkende provinsjale wrakseljen om in ein oan taaldiskriminaasje en om in better plak foar it Frysk.

In twadde swak punt is it foaral waarnimmende romantysk lyrysk ik, dat ivich ûnderweis is nei it gelok dat altyd earne oars leit, mar it konflikt net streekrjocht yn himsels siket. Sa’n romantyske, rêsteleaze Odysseus is, sis mar, net dalik de orizjineelste fertelynstânsje. It lyrysk ik jout boppedat wol ‘in stik ik fan stimmen’, mar dy stimmen hawwe allegear ûngefear deselde toanhichte en allegear ûngefear itselde timbre, deselde klankkleur. De ik komt net faak oan himsels ta en wurket mar algeduerich oan it evosearjen fan ferline en fantasij, yn bylden, lûden, kleuren en taalpracht, of taalfracht.

Wol treft hjir en dêr in Slauerhoffiaanske fersuchting, mar it lyrysk ik giet de konfrontaasje mei himsels net werklik oan. It hâldt him beskûl, of it lost op yn fata morgana’s fol ferbositeit en steapelingen fan eigenskipswurden. It jout him net bleat yn, en it stelt him net bleat oan, it inkelde wurd. (It stiet net kwetsber oan ’e ôfgrûn, soe Elmar Kuiper miskien sizze.)

In tredde eigenskip fan dizze poëzy dy’t it tematysk berik beheint, is de konsintraasje op taalmuzyk dy’t de gedichten tentoanspriede. Ien fan de sterkste en fernijendste punten fan it wurk is sa besjoen tagelyk ien fan de swakste. Want wat ferfiere wol, meinimme, meislepe, dat kin net hiel goed tagelyk stilstean en neitinke. Taalmuzyk lûkt út syn aard wei it omtinken nei himsels, it twingt de eagen nei technyk, ynventiviteit, fokabulêre, it stelt de earen ôf op soanyske en ritmyske effekten. Dat kin ôfliede fan de ynhâld ynstee fan dy krekt te fersterkjen, foaral as de muzyk de tematyk en hanneling oerstimt. Resinsint Harmen Wind wie fol lof oer Equinox, mar seach ek dat Hettinga it l’art-pour-l’art’sjen net altyd litte koe. Altyd mar wer dy adjektyfkonstruksjes ommers. Hy helle in foarbyld oan út ‘Nachtappels’ (s. 206):

En allinne mar mei har yn swartlakte stilearring
Ferburgen teannen de fleiswurden ierde dragend op
Wolketwillingen
Mei de lemmetlange nullen fan hakken yn ’e grûn
Spanden wolfoarme spieren har parallelle hege
Skonken har nei har har nei binnen sûgjende midden.


Sa binne dizze sammele fersen in rige hege toppen op in smel front, bergen dy’t har gelikens net hawwe, mar mei ôfbrokkele en tebroazele rotsen dertuskenyn, dêr’t it moas al oerhinne krûpt. Mar tagelyk: wat binne dy toppen heech, skerp, fassinearjend. Mei gedichten as ‘It Wikeler Hop’, ‘It gers it hea en de rook fan beide’, ‘It weinhûs’, ‘It faderpaard’, ‘Oankomst’, ‘Under mûzebiters’ en oaren hat Hettinga mar trije bondels noadich hân om syn eigen brêge te slaan fan de lytse Fryske nei de wrâldliteratuer. Alteast, sa tocht ik der yn 2013 by de Anjer-útrikking oer, miskien doe noch wat ûnder de yndruk fan it eksportsúkses fan syn poëzy, en yn neifolging fan Gerbrandy:

Het is de spanning tussen rusteloosheid en liefde voor zijn geboortegrond die Hettinga’s poëzie een universele diepgang verleent, waardoor hij zich moeiteloos kan meten met Slauerhoff en Walcott. Om die thematiek aan den lijve te ondervinden zal de lezer graag wat troebele metaforen voor lief nemen. (28)

Sân jier letter leit it lân der wat my oanbelanget krekt wat oars hinne. Om Hettinga hinne is it fierhinne stil bleaun. De ôfstân tusken keunst en de taal- en literatuersitewaasje yn Fryslân is der yn de tuskentiid, nettsjinsteande of just mei troch tadwaan fan strategyske promoasje, net lytser op wurden, krekt net. Boppedat, brechjeslaan hawwe Douwe Tamminga en oare Fryske skriuwers en dichters kwa nivo en ambysje fansels ek wol dien. Allinnich, dat wie yn in oare, eardere tiid, doe wie dêr minder massamediaal omtinken foar, of it gie om literatuer dy’t him minder ‘maklik’ popularisearje en oan de man bringe liet.

Douwe Tamminga lei him net ta op in bloeiende opfieringspraktyk foar de mikrofoan, hy makke gjin subsidiearre poëzyfilmkes lykas tsjintwurdich Dichter fan Fryslân Nyk de Vries. Fóar Hettinga wie it provinsjaal literatuerbefoarderingsbelied minder rjochte op it ‘ferkeapjen’ fan Fryske literatuer bûten Fryslân, dat is it ferskil.

Dy beliedswiziging – de klam op nasjonale promoasje fan Tsjêbbe Hettinga syn wurk yn 1993, kombinearre mei de ferskining yn 1994 fan de twatalige Spiegel van de Friese poëzie en yn 1995 de cd Vreemde kusten – is fansels wol in tige propagandistyske wurking fan útgien, sawol bûten as binnen Fryslân. Dat kin net ûntkend wurde. Ek op my hat dat ynwurke. It sil krekt oan ’e ein fan ’e njoggentiger jierren west hawwe dat ik ‘It Wikeler Hop’ lies, ien fan Hettinga syn meast lyryske fersen, yn de doe krekt ferskynde Spiegel. Fan Fryske poëzy wist ik doe sa goed as neat. Krekt doe krige ik yn ’e rekken dat der yn myn eigen taal folle mear mooglik wie as noflik prate mei heit en mem thús. Krekt doe seach ik dat je ek toverje kinne mei dat wat altyd sa ticht by hûs wie: memmetaal, lânskip, seeljocht.

Achterôf is it lykwols ek dúdlik dat stelselmjittige kanonisearring fan in inkeld dichterskip yn de Fryske sitewaasje ek skea dwaan kin, en docht, oan it ferskaat yn it literêre fjild. Doe’t yn de njoggentiger jierren alle spotlights op Hettinga rjochte waarden, koene se net skine op like nijsgjirrige dichters dy’t yn dy tiid har mei har earste wurk oppenearren, lykas Wilco Berga, Cornelis van der Wal, Eeltsje Hettinga en Albertina Soepboer. Doe’t de Fryske literatuer yn 1993 de kâns krige om op ’e Buchmesse yn Frankfurt wat te dwaan, keas de doetiidske provinsjaal literatuerbefoarderer Bouke Oldenhof foar in ôffurdiging fan ien persoan, Tsjêbbe Hettinga. Wylst It Skriuwersboun hawwe woe, der soe in kollektyf fan Fryske skriuwers nei Dútslân ôfreizgje moatte. (29) De ‘nije’, multymediale, net-maatskippijkrityske Hettinga fan 1992 en letter paste perfekt yn it him ek nasjonaal ûntjaande kultuerkommersjele sirkwy én yn de promoasjeplannen fan FLMD, letter Tresoar en provinsje. Mei as gefolch dat it derby belûken fan oaren sjoen waard as oerstallich of sels skealik. 

Het vaderpaard / It faderpaard is sadwaande net allinnich in faak yndrukwekkende reis troch de wrâld fan de dichter Tsjêbbe Hettinga. It hat ek in warskôging yn: om net te ferjitten dat it ryk fan de Fryske poëzy altyd folle mear te bieden hat as wat it oeuvre fan íen dichter sjen litte kin.


Noaten

1 Tsjêbbe Hettinga, Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten (De Bezige Bij, Amsterdam/Antwerpen 2017). Vertaald door Benno Barnard in samenwerking met Tsjêbbe Hettinga en in samenwerking met Tsead Bruinja en Teake Oppewal.

2 Abe de Vries, ‘In barokke fyk út it libben’, Friesch Dagblad (22 april 2017) 22.

3 Sjoch Abe de Vries, ‘Literatuerkrityk: reuzen de bek bine’, weblog seedyksterfeartfisk, 8 septimber 2013. Webside: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2013/09/literatuerkrityk-reuzen-de-bek-bine.html; krigen 15 jannewaris 2021.

4 Op syn site mei besprekken: https://www.frieseliteratuur.nl/tsjebbe-hettinga/. Krigen 19 jannewaris 2021.

5 Under mear yn: Tomas Lieske, ‘Poëziekroniek’, Tirade 39-360 (sep.-okt. 1995) 473; Jabik Veenbaas, ‘Dionysos yn ’e stringen’, yn: Jabik Veenbaas, De lêzer is in duvel. Essays (Bornmeer, Ljouwert 2003) 110.

6 Douwe Tamminga, In winterforhael = A Winter’s Tale. Oersetting en taljochting D.A. Tamminga (Fryske Akademy, Ljouwert 1974).

7 Yn: De Tsjerne 16-12 (1961) 361-365. Mei essee: ‘Ta in fers fan Dylan Thomas’, 356-360.

8 Sjoch ûnder mear Eeltsje Hettinga, ‘Durk van der Ploeg – ‘Kultuer hat hjir ’t ûnthâld ferlern (1)’, Blog Eeltsje Hettinga, 18 oktober 2011. Webside: http://eeltsjehettinga.blogspot.com/2011/10/durk-van-der-ploeg-kultuer-hat-hjir-t.html; krigen 15 jannewaris 2021. Earder ek al yn: U.J. Boersma, ‘De Fryske eksperimintelen I’, Us Wurk XIII (1964) 42-53, 52.

9 Klaes Dykstra, ‘Ynfier út Ingelân (ynfloeden en oersettingen út it Ingelske taalgebiet’, yn: Philologia Frisica 1981 (Fryske Akademy, Ljouwert 1982) 65-74, 72.

10 Jan Kroes, ‘Fijn zand, eerste toneelstuk van Wilco Berga’, Leeuwarder Courant (8 septimber 1989) 25.

11 Tjitte Piebenga, ‘Op ’e skouders fan Dylan Thomas’, Leeuwarder Courant (12 april 1991).

12 Veenbaas, 105.

13 Ib., 110.

14 Hanz Mirck, ‘Een heel grote kleine jongen’, Tzum literair weblog (20 april 2017). Webside: https://www.tzum.info/2017/04/recensie-tsjebbe-hettinga-vaderpaard-it-faderpaard-gedichten/; krigen 20 jannewaris 2021.

15 Ernst Bruinsma, ‘Tsjêbbe Hettinga en de canon in Friesland’, yn: Philologia Frisica 2005 (Fryske Akademy, Ljouwert 2007).

16 Tjitte Piebenga, ‘Wêr hat dy Hettinga it oer?’, Leeuwarder Courant (12 maart 1993) 22.

17 Abe de Vries, ‘De eagen fan Tiresias. Oer it sjen yn Fan oer see en fierder fan Tsjêbbe Hettinga’, yn: Abe de Vries, Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer (Bornmeer, Ljouwert 2008).

18 Marko van der Wal, ‘Tsjêbbe’, tirade-blog (24 maart 2013). Webside: https://www.vanoorschot.nl/tirade_blog/tsjebbe/; krigen 17 jannewaris 2021.

19 Marc van Oostendorp, ‘Dual metrics in Tsjêbbe Hettinga’s poetry’, It Beaken 78-3/4 (2016) 241-254.

20 Harmen Wind, ‘Tsjêbbe Hettinga komt thús’, Leeuwarder Courant (3 july 2009) 7.

21 Jan Walravens, ‘Phenomenologie van de moderne poëzie’, Tijd en Mens. Tijdschrift van de Nieuwe Generatie 2-8 (nov.-des. 1950) 305.

22 Veenbaas, 106.

23 H.J. Paton, The Modern Predicament. A Study in the Philosophy of Religion (MacMillan, New York 1955) 64.

24 Peter A. Kwasniewski, ‘Traditional Liturgy as a Liberation from Egoism’, Homiletic & Pastoral Review (January, 1999) 19-28; 26.

25 Abe de Vries, ‘Brêge nei de wrâldliteratuer. Oer it belang fan Tsjêbbe Hettinga foar de Fryske dichtkeunst’, yn: Abe de Vries, Erfskip & krisis. Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2 (Uitgeverij De Contrabas, Utrecht/Leeuwarden 2015) 163.

26 Piet Gerbrandy, ‘Het vaderpaard / It faderpaard – Alle gedichten’, poezieclub 2017-2. Webside: https://www.poezieclub.nl/recensies/68-het-vaderpaard-it-faderpaard-alle-gedichten.html; krigen 19 jannewaris 2021; Piet Gerbrandy, ‘In een eindeloze vlucht’, De Volkskrant (5 juny 2009).

27 Piet Gerbrandy, ‘Ienwurden yn in einleaze flecht.’ Kosmische poëzie van Tsjêbbe Hettinga’, Awater 9-1 (2010) 6.

28 Piet Gerbrandy, ‘Oanwaaid en eigen’. De rusteloze epiek van Tsjêbbe Hettinga’, Ons Erfdeel 47-3 (2004) 415.

29 Sjoch dêroer ûnder mear wat Josse de Haan, doedestiids bestjoerslid fan It Skriuwersboun, seit yn ‘Bisto de iennige dy’t wit wat kwaliteit is?’, ensafh (20 jannewaris 2010). Webside: https://www.ensafh.nl/?p=4733; krigen 15 jannewaris 2021.














zaterdag 5 juni 2021

It anty-literêre advys fan de Ried

 


Foar my leit de nijsbrief Maitiid 2021 fan de Ried fan de Fryske Beweging. 

Dêr docht út bliken dat de Ried de ôfrûne tiid mar leafst fjouwer kear in byienkomst, al of net digitaal, hân hat mei de deputearre fan Kultuer: yn april 2020, en yn jannewaris, febrewaris en april fan dit jier. De earste kear gie it op fersyk fan de Ried oer it nije learplan Frysk, en de oare trije kear woe de deputearre graach witte wat de Ried – en oare partijen – tocht fan ‘it literêre fjild’ yn Fryslân.

Ja, goede fraach. Dat wolle wy ek wol witte, wy sette kofje en begjinne te lêzen. It grutste probleem mei it Fryske ‘literêre fjild’ is neffens de Ried, ik sitearje, ‘net hoe’tst mear skriuwers krijst en mear boeken produsearje kinst, mar wêrom’t der sa’n bytsje Frysk lêzen wurdt en hoe’tst dat oars krijst’.

Om dat probleem te bestriden hat de Ried in tal goede suggestjes dien, sa docht bliken. Bygelyks it beneamen fan in literatuerûndersiker oan de Fryske Akademy en it jaan fan lessen oer Fryske literatuer yn basis- en fuortset ûnderwiis (en oan de pabo fan NHL/Stenden, foar safier’t dat noch net regele is). En de Ried seit noch mear ferstannige dingen. Mar dêr giet it hjir fierder net oer – myn each foel op wat oars.

City of Literature is moai’, hat de Ried nei foarren brocht, ‘mar it moat net tydlik wêze, of te folle rjochte op de yntellektuele Fries’.

En, noch moaier:

It ferskaat moat grutter: faaks wat minder literêr en wat mear ferdivedaasje en funksjoneel Frysk!’ (It útropteken is fan de Ried.)

Mar dan ek wer:

Soargje dat der foar elke doelgroep wat te lêzen is, yn syn eigen “format”. Rjochtsje dêr de subsydzjestreamen ek op yn.’

No like it my goed om yn dizze ôflevering fan ‘Altyd dwers, altyd ferkeard’ efkes langer stil te stean by de hjirboppe neamde advizen fan de Ried fan de Fryske Beweging, ommers in belangrike organisaasje en in oerkoepeling fan noch folle mear belangrike organisaasjes.

De Ried docht nammentlik in hiele nuvere suggestje – de Ried jout in foarstelling fan saken sa’t dy inkeld mar troch in besleine bril waarnommen wurde kin.

Want City of Literature – warskôging – moat net ‘te folle rjochte [wêze] op de yntellektuele Fries? Ut watfoar hege hoed – miskien dy fan de deputearre sels? – toveret de Ried it idee dat ‘de yntellektuele Fries’ earne wennet? Lit stean dat de kommersjele marketing-ûndernimming City of Literature de kâns rinne soe om him – as er al bestiet – te faak te geriven. Op kosten fan ‘de gewoane Fries’ – gjin sitaat – dy’t syn gerak net krijt?

Binne bewenners fan fersoargingstehuzen, klanten fan de fiedselbank en húskebrûkers – dy groepen hawwe it ôfrûne jier allegear presintsjes krigen fan City of Literature – ynienen kollektyf promovearre ta yntellektuele Friezen?

It ferskaat moat grutter, mient de Ried. Wêr krekt fan stiet der net by, mar bedoeld wurdt, leau ik, dat de provinsje te folle jild útjout of omtinken besteget oan literatuer.  Je krije it idee dat de Ried óf sa hurd mooglik út ’e bocht fleane wol, óf dwaande is om de deputearre op ’e lije side oan te krûpen mei it each op winsklike takomstige besluten.

Mar útsutelje dat de provinsje op ien of oare manear ‘te folle’ oan literatuer dwaan soe is der fansels fier by troch. Krekt it tsjinoerstelde is de wierheid. De grutte mearderheid fan de ‘literêre’ Fryske boeken dy’t ferskynt is gjin ‘hege literatuer’, it is allegear hiel tagonklik, begryplik, werkenber, mear of minder meinimmend skreaun en absolút prachtich foar ‘de gewoane Fries’ dy’t de Ried net neamt mar o sa graach betsjinje wol.

No kin it fansels wêze dat wy sokke dingen yn ferhâlding sjen moatte. Dan soe it net gean om minder jild foar literatuer yn absolute mar yn relative sin. Dan moat der simpelwei méar jild komme, neffens de Ried, foar ‘ferdivedaasje en funksjoneel Frysk’. Sjoch, dat is sympatyk. Mar ek wer net hielendal, want wat is no wer ‘funksjoneel Frysk’? En wêr is al dat ‘net-funksjonele Frysk’? En wat hat dat bysûndere taaltsje - in dialekt of de oertaal, wat is it - te krijen mei literatuer en ‘it literêre fjild’?

Om in lang ferhaal wat yn te koartsjen, de Ried hat by de deputearre op syn minst trije en miskien wol fjouwer kear yn ’e pleit west foar subsydzje foar syn eigen nijs- en opinywebsite ItNijs.frl. Byneed op kosten fan de Fryske literatuer.

Dy Frysktalige site is it ‘format’, brocht yn ‘funksjoneel Frysk’, foar de gewoane Fries. Dy’t lykwols rjocht hat op better, want it wurkjen mei frijwilligers hat syn beheiningen en de Ried soe mei ItNijs.frl graach in profesjonalisearringsslach meitsje wolle. Sadat noch mear gewoane Friezen by steat steld wurde om gewoan Frysk te lêzen, dat wol sizze, net-literêr en net-yntellektueel Frysk.

Mear jild nei ItNijs.frl is bêst genôch. Mar de anty-yntellektuele en anty-literêre ûnder- en boppetoan fan it advys oan de provinsje en de byhearrende ferkearde foarstelling fan saken wat ‘it literêre fjild’ oanbelanget, dy kinne wy inkeld mar sinjalearje en beskrieme.


.

donderdag 3 juni 2021

Fergees ferneamd tanksij City of Literature


 

Ynternasjonalisearring’ fan de Fryske poëzij is ien fan de spearpunten fan it CoL-programma. Op de webside fan dizze ‘netwurkorganisaasje’ dy’t jierliks tonnen útjaan kin, krijt men in faach idee wat it doel is: ‘Hoe maken we de Friese poëzie internationaal zichtbaar?’

Nou, dêr hat CoL in oplossing foar betocht. ‘In het komende jaar laten wij werk van plm. 25 Friese dichters vertalen in het Engels. De gedichten worden opgenomen in het internationale archief van Poetry International.’

It kin fansels wêze dat dy oplossing net troch CoL betocht is, mar troch ien of beide ‘partnerorganisaties’ yn dit projekt, te witten Rixt en het Nederlands Letterenfonds. It ‘netwurk’ makket de ferantwurdlikheid diffús: as it mis giet is it nimmens skuld en komt der krityk, dan jout net ien thús. Mar goed, ik krige dus in brief fan de baas fan CoL. 

Oft ik as ien fan dy 25 meidwaan woe en yn dat gefal trije fan myn gedichten – ik mocht se sels útkieze – oanleverje woe dy’t dan yn it Ingelsk oerset wurde soenen troch betûfte oersetters. 25 dichters, allegear trije fersen, dat wie it idee.

Ik tocht, moat ik no wer dwers en ferkeard? Sil ik as non-celebrity mar gewoan trije fan myn ferskes oanleverje en fierder net muoilik dwaan? Dat wie yndie myn earste refleks, jo kinne it leauwe of net.

Mar ja, ik moat ek om myn imago tinke. Tocht ik doe. En dan begjint it my dochs yn ’e plasse te boarreljen en te prutteljen. 25 Fryske dichters mar leafst. Ik telle. Noch in kear telle. No haw ik noait útblonken yn siferaasjes, mar ien ding wit ik wol. Der binne hielendal gjin 25 Fryske dichters.

Ast de deaden teminsten net meitelst – mar wêrom soest, ast ‘ynternasjonalisearje’ wolst?

Hoe’t de list fan útferkarden krekt ta stân kaam wie, op grûn fan watfoar kritearia, dat stie der net by. It idee kaam by Rixt wei, lies ik. Rixt, dat is it romrofte Fryske ‘kollektyf’ dat dichtsjen as hobby hat. Rixt hat in noflike gearsit hân mei it Letterenfonds, sa sil it wol gien wêze.

Nou, dat ha se dan mar moai foar it oansletten folkje regele.

Twadde dat yn my opkaam. Wie der foar de oanleverjende dichters ek in fergoeding beskikber, frege ik. Nee, dat wie der net. Fergees ferneamd wurde en dan ek noch in fergoeding hawwe wolle? Tsssk.

Ja, de oersetters krigen fansels wól betelle. Elkenien wit dat oersetters bysûndere feardichheden hawwe dêr’t se jierren foar yn de skoalbankjes sitte moasten. In soartemint dokters binne it. Dichtsje, dat is in oar ferhaal. Dichtsje kin elkenien wol, sadwaande. 

En och, dy dichters beskreppe har stikje bôle dochs meast wol earne oars. Of se ha in útkearing.

Ik nochris sjen nei City of Literature. Jierliks budzjet 400.000 euro, lies ik earne. Hat in ‘saaklik lieder’, betelle. In ‘artistyk lieder’, betelle. In ‘marketing-koördinator’, betelle. Foar elk ding dat se betinke of yn 'partisipearje', keapje se promoasje op sosjale media. Foar elk ding dat se betinke ha se in reklameburo dat filmkes makket.

En foar guon dingen dy’t se betinke, skoot Poepjes ek noch wat, bygelyks lêstlyn 50.000 euro foar it wûnderaardige projekt ‘Wjerspegelje’. Jo witte wol, de tsien kritykleaze rigels op de skythúskespegels.

Sa wynt my soks dan yn ’e holle om. Nuver, net? Tsja. Miskien wol. Arjan Hut, Syds Wiersma, Sytse Jansma, dy meigeande manlju hawwe relaasjes yn 'it fjild' op 'e noed. Alle respekt. Mar  ik moat ek om myn imago tinke.

Ik doch dus net mei. Altyd dwers. Altyd ferkeard. Nuver, net?


.