vrijdag 28 februari 2014
woensdag 26 februari 2014
In hearehûs yn Brooklyn en in idee foar Tresoar
Der is fansels íen hûs dat absolút ideaal is foar in Fryske writer-in-residence om utens – stel dat de provinsje of in stichting ris om wat oars siket as it arkje fan Rink as skriuwersûnderkommen om it ûntstean fan nije Fryske literatuer te befoarderjen.
Dat hûs is The Van Sinderen House op it adres 70 Willow Street yn Brooklyn, New York. It is te hier foar rike toeristen yn ’e simmer-, foarjier- en neijierfakânsjes.
It is it hûs dêr’t de Amerikaanske skriuwer Truman Capote (1924-1984) syn klassikers Breakfast at Tiffany’s (1958) en In cold blood (1966) skreaun hat. Capote hierde it yn de perioade 1955-1965. En it is it hûs dat yn 1839 boud is troch Adriaen van Sinderen, de pakesizzer fan de Fryske dûmny Ulpianus van Sinderen, deselde dy’t yn 1747 nei in reis fan seis moanne fan board stapte yn King’s County, in gemeente fan New York, earder Nieuw-Amsterdam.
Sadwaande hat it ek noch wat Frysks oer him, it kin net moaier...
Yn 2011 is it monumintale pân ferkocht foar de rekordpriis (foar in wenhûs yn Brooklyn) fan 12,5 miljoen dollar. It is boud yn de Amerikaanske ‘Greek Revival’ styl mei plantaazje-aksinten en soe alsa yn it suden fan de Feriene Steaten net misstien hawwe. As typyske ‘urban villa’ foar dy dagen hat it in skitterjende draaitrep, in prachtige feranda oan de achterkant en in gigantyske tún. En dat alles mar ien strjitte fierder as de ferneamde Brooklyn Promenade, mei syn spektakulêre útsjoch op Manhattan en de Brooklyn Bridge.
Adriaen van Sinderen (1772-1843) wie in smoarrike hanneler dy’t yn 1806 syn business beskreau yn in brief oan syn neef Hotse van Sinderen, in sulversmid yn Dokkum: “We are sellers wholesale of most kinds of English and East Indian wares, such as wool, cotton, linen, and silk (..) From here is shipped rice, tobacco, coffee, sugar, etc. The return is mostly genever and linens, as well as some fine cloth, glass, iron and copper wares, oil, and a lot of small wares.” Adriaen van Sinderen wie ek de oprjochter fan de Brooklyn Savings Bank en de stichter fan de Long Island Bible Society.
Hy hat it hûs neilitten oan syn pakesizzer en namsgenoat Adrian Van Sinderen (1833-?), in abbekaat dy’t oan Yale studearre hie, mar dy’t in minder fraai hearskip bliek te wêzen. Ein tachtiger jierren fan de 19de ieu waard ferfolging tsjin him ynsteld, om’t er mei jild spekulearre hie út fûnsen mei in wearde fan 200.000 dollar dy’t ûnder syn behear steld wiene; hy kocht ûnder mear oandelen yn it spoar nei it Wylde Westen. Doe't it op in proses útdraaide flechte er nei Berlyn. The New York Times makke yn 1892 in baas flater mei de melding dat er stoarn wie - mar wat der fierder al fan dizze Van Sinderen wurden is, bliuwt oant de dei fan hjoed ûnbekend.
Sa’t de famylje sa’t it liket graach beklamje wol, wie dizze Adrian Van Sinderen in oarenien as de Adrian Van Sinderen (1887-1963) dy’t letter in súksesfolle bankier wie, boeksammeler en foarsitter fan de American Horse Show Association.
Yn 1886 waard it hûs ferkocht oan William Allen Putnam, in rike bankier en filantroop. Syn frou Caroline Haines Putnam makke der in sintrum fan fan de saneamde ‘Anti-Suffragette Movement’, in organisaasje fan froulju dy’t tsjin (!) it kiesrjocht foar froulju wiene. De mannen koene de froulju ommers prima fertsjintwurdigje.
Nei de dea fan frou Putnam yn 1940 waard it hûs skonken oan it Reade Krús, dat der keunst- en braillelessen joech en itensiederslessen foar froulju fan oarlochsfeteranen. Yn 1953 kaam it hûs yn eigendom fan Oliver Smith, in bekende dekorûntwerper foar Broadway-produksjes lykas West Side Story. Hy wie it dy’t in appartemint yn it hûs ferhierde oan Truman Capote – mar dy die krekt as wie it hele hûs fan him as de ferhierder net thús wie.
Op dit plak wurdt 70 Willow Street oanbean foar ferhier yn ’e fakânsjes. Miskien in idee foar Tresoar om der ris nei te sjen?
.

Dr. Adrian Van Sinderen Lambert (1872-1952)
“When I returned from Europe I had the ambition to make a living. I thought it would be a difficult thing to do, and a proper, decent thing to do. I took an active part in teaching. This had really always interested me and I have been doing it ever since. I have never become a great or brilliant teacher, although rather better than the average, but not much. I have always hoped to become better but doubt now if I ever shall. I have always desired to do some original research but among the many other duties which seemed necessary I have not made the time. I have no hobbies or special interests outside of my work and would qualify rather well among that vast army of uninteresting, colorless citizens who lead humdrum lives, keep out of scandal, die and are forgotten.”
(1918)
(1918)
R.E.M. - Wendell Gee
That's when Wendell Gee takes a tug
Upon the string that held the line of trees
Behind the house he lived in
He was reared to give respect
But somewhere down the line he chose
To whistle as the wind blows
Whistle as the wind blows with me
He had a dream one night
That the tree had lost its middle
So he built a trunk of chicken wire
To try to hold it up
But the wire, the wire turned to lizard skin
And when he climbed inside
There wasn't even time to say
Goodbye to Wendell Gee
So whistle as the wind blows
Whistle as the wind blows with me
There wasn't even time to say
Goodbye to Wendell Gee
So whistle as the wind blows
Whistle as the wind blows with me
If the wind were colors
And if the air could speak
Then whistle as the wind blows
Whistle as the wind blows
.
dinsdag 25 februari 2014
Moarn yn it Friesch Dagblad: Sovjetfrysk
By de Fryske Akademy hawwe inkelde taalkundigen op it stuit de hannen fol oan it beantwurdzjen fan fragen dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker steld hawwe oer de konsekwinsjes fan útstellen ta staveringswiziging en in opleine standerdisearring fan it Frysk. Utstellen dy’t de FA sels dien hat, mar dy’t dochs mar net wêze moatte.
Trije kear hat der no al oerlis west tusken FA, provinsje en kritisy, en it liket der net op dat de plannen – dy’t yn prinsipe al oannaam wiene troch Provinsjale Steaten – trochgean kinne sûnder grutte skea oan de Akademy en de politike beslútfoarming. Wat mei de bêste bedoelingen begûn, driget út te rinnen op de kreaasje fan in fan boppe-ôf opleine, ideologysk stjoerde taalfariant dy’t net ien yn Fryslân yn dy foarm prate sil. It rint út op de kreaasje fan Sovjetfrysk.
De FA wol dat se yn de Wâlden tenei ‘romte’ sizze en skriuwe, of dat se op ’e Klaai tenei ‘rûmte’ foar kar nimme. Ommers, it is fan twaën ien. Mar watfoar raam ek dien wurde sil yn de taalrykdom fan it Frysk, altyd sil it risseltaat in ferearming wêze. In kealslach dy’t goedpraat wurdt mei it idee dat in taal mei minder farianten makliker te learen is. Dat is in idee fixe. Sûnt wannear is in sprake dy’t nergens praat wurdt, makliker te learen as in libbene taal?
Misbegrepen soarch oer de takomst fan it Frysk stekt alsa achter de útstellen fan de Akademy. Soarchliker is dat de FA en in klup as de Feriening Frysk Underwiis (FFU) net fetber binne foar arguminten. It ynboude minderweardichheidskompleks yn harren taalopfetting – foar it folle fierder standerdisearre ABN oer – is sa djip woartele dat der net tsjin te praten falt. Dêrom hat it oerlis oanstien op skriftlike beantwurding fan fragen. It kin aansen net oars as Provinsjale Steaten sille de eagen iepengean.
Ik ha absolút gjin ferlet fan de ynfiering fan Sovjetfrysk yn it ûnderwiis. Of by de amtnerij. Ik tink fierrewei de measte Friezen ek net, as se der in tel by stilstean. Taal libbet en mei net koartknipt wurde troch ûnderwiisideologen. It ferfrjemdzjen fan in befolking fan syn eigen taal is in misdied. Oan ús de taak en stean derop oan dat sa’n kollektivisaasje fan it Frysk net plakfine sil.

maandag 24 februari 2014
De Vries: Fan Bitgum fia de Berezina nei Winaam
Oer it foarteam fan ‘Abe Koekje’. Mei sterke ferhalen en in pear omballingen, yn Ruslân mar ek betreffende de humorist Tetman de Vries en de dichter Jan Wybenga
Omballingen? Gelokkich al, want oars hie der oer it lânarbeiderslaach De Vries út Bitgum oant 1904, it bertejier fan pake Abe, net folle nijsgjirrichs te melden west. Myn âldste noch te trasearjen foarfaar yn it De Vries-laach húsmanne yn Deinum, dat wie in ‘meester schoenmaker’ Kornelis Pieters, troud yn 1696 mei in Jetske Minnes. Fierder tebek wol net, want dy Deinumer doopboeken binne der net mear. Lit my dêrom mar begjinne yn it jier 1845, as Lieuwe Pieters de Vries, 32 jier, arbeider te Bitgum, trout mei Grietje Meinderts Dijkstra, 26 jier, tsjinstfaam te Bitgum. Grietje hie gjin mem mear, dy wie stoarn yn ’e kream. Har pake wie de grofsmid fan Bitgum, Jan Johannes de Lang.
Wat no sa aardich is: Grietje sit yn direkte line yn it foarteam fan myn pake Abe, en har âldere suster Aaltje Meinderts Dijkstra (1813-1885) yn dat fan dy oare humorist mei Bitgumer woartels, Tetman de Vries.
Mar earme minsken, allegear. En tragyske húshâldingen. Nim no de âldste soan fan Lieuwe Pieters en Grietje Meinderts: Pieter Lieuwes de Vries (1846, Bitgum – 1924, Mullum). Hy trout op 24 april 1870 yn de gemeente Menameradiel mei Antje Geerts Hempenius (1845-1922), dochter fan Geert Sikkes Hempenius en Wytske Kornelis Hoitsma. Se krije tsien bern:
Lieuwe (1871), hat alve moanne libbe;
Grietje (1872), hat fjouwer moanne libbe;
Lieuwe (1873-1909), myn foarfaar, 35 jier wurden, “hat himsels dea meand”, ha ik fan ús heit;
Wytske (1875-1901), 26 jier wurden;
Grietje (1877), hat njoggen moanne libbe;
Geert (1879), hat noch gjin moanne libbe;
Geert (1880), hat twa moanne libbe;
Geert (1881-1926), is 45 jier wurden;
Krelis (1883-1913); neffens oerlevering yn Dútslân fan in tsjerkesteiger fallen, 29 jier wurden;
Grietje (1886-1971).
Ien jier ‘koopman’
It binne de anonime wurklju yn de 19de ieu dêr’t wy net folle fan op it spoar komme kinne. In pear basisgegevens en grutte linen: bertejier- en plak, berop, troud of net, bern of net, ferhuzingen, jier fan ferstjerren, plak fan ferstjerren. Alles dêr noch oerhinne is moai meinommen. Sa sjoch ik dat de heit en mem fan Antje Geerts, de frou fan Pieter Lieuwes, yn maart 1839 trouwe moasten. Hy wie in 19-jierrige ‘boerenknecht’ yn Ingelum, sy in 19-jierrige tsjinstfaam yn Froubuorren. Syn heit hie ‘potschipper’ west, dus in keapman yn potten en pannen dy’t syn negoasje per skip nei de doarpen brocht, en wie ‘overleden in een vaartuig’. By it houlik fan beide minderjierrigen wie in plysjeman tsjûge, de 70-jierrige Johannes Geerts Santhuizen. It gong blykber net allegear yn harmony. Trije moanne letter waard it earste bern berne.
Pieter Lieuwes en syn húshâlding binne lange tiid yn Bitgum bleaun, oant wy se yn 1897, as dochter Wytske trout, oantreffe yn Doanjum. Yn 1909, by de dea fan soan Lieuwe, wenje se yn Mullum, dêr’t se fierder bliuwe sille. Pieter Lieuwes hat syn hele libben boerearbeider west, al hat er yn de Grutte Agraryske Krisis al besocht om in poat oan de grûn te krijen yn de hannel. Want yn 1880, by de oanjefte fan syn twadde Geert, jout er as berop op: koopman. Mar by de tredde Geert yn 1881 is it alwer: arbeider. Syn besykjen om te ûntkommen oan de grûn is mislearre.
Soan Lieuwe, krekt as syn heit boerearbeider, trout op 22 maaie 1897 mei Grietje Alkema (1878-?), dochter fan boerearbeider Abe Hendriks Alkema (1844-1941) en Aaltje Pieters Hoekstra (1845-1921). Se krije twa soannen: Pieter (1898-1922) en Abe (1904-1996). Grietje Alkema bliuwt earst allinnich achter mei twa bern nei’t har man Lieuwe yn 1909 ferstjert. Pas yn 1913 trout se op ’e nij, mei de 37-jierrige Seisbierrumer opperman Jan Leyen, in soan fan in smidsknecht. Har soan Pieter wurdt mar 23 jier; hy ferstjert yn 1922 yn it sikehûs yn Ljouwert oan de ferwûningen fan in ûngemak op it wurk. Mem Grietje wennet dan al yn Winaam.
Slach oan de Berezina
Genealogysk ûndersyk lit jin bytiden ferbannen sjen dy’t ferrasse. Abe Hendriks Alkema, de pake fan myn pake Abe, wie in grut part fan syn libben boerearbeider yn Doanjum. Ien fan de tsjûgen dy’t meikaam om de berte fan syn earste bern Hendrik (1870) by de gemeente oan te jaan, wie in boer – ik nim oan, it wie de boer dêr’t er doe by wurke. Dat wie Gerlof Riemers Terpstra (1803-1873), de pake fan boer Gerlof Fokkes Terpstra dy’t yn 1901 – nei de dea fan Klaas Sybes Okkinga, dêr’t ik op dit plak oer skreaun ha – op Okkinga State yn Winaam kaam te buorkjen – de pleats dêr’t myn heit yn de santiger en tachtiger jierren fan de foarige ieu arbeider west hat, doe ek noch (altyd) by in Terpstra.
Abe Hendriks wie ek de man dy’t myn pake syn foarnamme joech. Syn soan Pieter troude yn 1903 mei Luutske Dijkstra út Seisbierrum, en harren earste soan Abe Alkema stoar fiif moanne âld op 17 jannewaris 1904. Pake Abe waard op 10 oktober 1904 berne en krige deselde foarnamme, sadat Abe Hendriks Alkema dochs ferneamd waard.
In âldere broer fan Abe Hendriks, Anne Alkema (1835-1921), wenne te Winaam; doe’t syn omkesizzer Grietje Alkema mei har soannen Pieter en Abe allinnich kaam te stean, wie Winaam foar har in logysk plak om hinne te ferhúzjen. De Alkema’s hawwe sa’t it liket hast oeral yn Westergoa wol wenne: Hjerbeam, Mullum, Doanjum, Ried, Winaam, mar ek Wûns, Engwierrum, Tsjom. In omke fan Abe Hendriks Alkema sloech wat de ferhalen betreft alles. Dizze Duurdt Hendriks Alkema (1790, Wûns – 1877, Tsjom) wie soldaat yn it nasjonale leger fan 1808 oant 1818. Yn 1822 wie er tichelaar te Mullum, yn 1829 boerearbeider, dêrnei opperman te Tsjom, yn 1849 kalklasser yn Mullum, en letter kalkbrâner. Hy is wierskynlik einige yn it Tsjommer earmehûs.
Mar yn de Frânske tiid is er desertearre, sa wolle de ferhalen, út it leger fan Napoleon by de rivier de Berezina achter Minsk yn Ruslân, yn de Slach oan de Berezina (1812) tsjin de Russen. Duurdt waard finzen nommen yn Dresden en die mei oan oarlochshannelingen tsjin de Prusen. Op ’e flecht krige er in sabelhou yn ’e nekke doe’t er op in hynder in rivier ynsprong. Hy siet doe yn it 9de Rezjimint Lânseliers. Letter waard er kanonnier 2de klasse by de 4de Batterij Artillery te Venlo yn Limboarch by de Nasjonale Milisy. Hy foel doe ûnder it distrikt Ljouwert, kanton Frjentsjer fan 1811-1821. Yn 1820 wie er legere yn it garnizoen Grave by Nijmegen. Yn 1814 makke er in foettocht fan Graz yn Eastenryk nei Almenum yn Fryslân, hy woe doe 24 jier. Dit alles optekene op www.genealogieonline.nl.
In sinjalemint fan Duurdt gie sa: “Lengte 5 voet, 7 duimen en nog iets, smal gezicht, blauwe ogen, grote neus, ordinaire mond, ronde kin, ligtbruin haar en wenkbrauwen; merkbare tekenen: pokdalig.”
In omke fan ‘Jan-ien’
Noch in ferrassing: ik kin no ek wat mear sizze oer it foarteam fan de dichter Jan Wybenga, dêr’t ik op dit plak earder oer skreaun ha. In dochter fan Duurdt, Eekje Duurdts Alkema (1827-1913), dus in nicht fan myn pake syn pake, troude yn 1865 mei skipper Pier Jans Wybenga, dy’t doe yn Almenum wenne. Foar beide wie it in twadde houlik. Pier Jans Wybenga wie in omke fan de pake fan Jan Wybenga, alsa in omke fan ‘Jan ien’ út de dichtbondel kj 3 (1972).
De heit fan ‘Jan ien’ wie Albert Jans Wybenga (1816-1902), syn mem Baukje Douwes Bakker, berne yn Arum, stoarn 1866. Dizze Albert Jans wie wer in soan fan Jan Alberts Wybenga (sa. 1782-1821), troud mei Wytske Piers Hibma (1784-1854). En dy Jan Alberts wie in soan fan Albert Jans Wybenga (sa. 1749-1821), berne te Achlum, arbeider, troud mei Jetske Watzes Andela. Dit Wybenga-laach gie nei de Herfoarme Tsjerke en is dus in oar laach as dat fan Aaltje Wybenga (1753-1824), de frou fan de bekende mennistepreker Pieter Stinstra (1747-1819) út Harns.
Op ien of oare wize hechtsje ik no nóch mear wearde oan de ynlieding dy't ik by de Samle fersen fan Jan Wybenga skreaun ha.
Doodbaarshuisje
Werom nei pake. Abe de Vries bedarre yn Winaam, wierskynlik net lang nei it trouwen fan syn mem Grietje Alkema yn 1913 mei Jan Leyen út Seisbierrum. Leyen en syn famylje hawwe belangryk west foar pake, sa’t it liket. Jan Leyen wie in soan fan Jochum Leyen, in grofsmidknecht yn Seisbierrum; de grofsmid dêre wie Pieter Leyen, alsa famylje. De Leyens wiene in famylje út Harns; in Pieter Cornelis Leyen wie oerkaam út Winkel yn Noard-Hollân en wie blok- en mastemakker, dus skipstimmerman.
It liket derop dat Jan Leyen stipe hân hat fan syn famylje yn Harns; hy wenne yn 1928 op it adres Hofstraat 28, flakby Hofstraat 39 dêr’t timmerman C. Leijen wenne en wurke. (Dat pân stie yn 1814 te boek as ‘doodbaarshuisje’, dêrnei as ‘turfdragershuis’ yn eigendom fan de stêd, en yn 1905 as ‘woonhuis en pakhuis’.)
No seach ik dat der ek in Leyen/Leijen foarkomt yn de genealogie fan S. Elsinga yn Harns. Ik moat dat noch fierder útsykje, mar de lêzer fan myn petret fan pake yn de Harlinger Courant wit dat pake Abe yn de koekjehannel gien is op oantrunen fan syn mem Grietje, want “sa hie pake ommers ek syn brea fertsjinne”. Watfoar pake bedoeld waard, is net helendal dúdlik: in Alkema? Of in Leyen? Dat lêste leit mear foar de hân. Faaks hie der al in Leyen foar bakker Elsinga mei bôle en koeke sutele, noch foar’t pake Abe dêr yn de tritiger jierren mei begûn.
As ik wer ris wat aardichs opfandelje út de genealogyske grotten, meld ik my wol wer.

zaterdag 22 februari 2014
De Frisia's út Harns: geen hots en knots maar een prettig wijsje
Harns hie yn de fyftiger jierren in bloeiende orkestjekultuer, dêr’t de akkordeon in foarnaam plak yn hie. Rinus Beuker, Jan Roukema, Wim Kroon, Ko Bonnema, de toetsetovenaars spilen yn neifolging fan de Rotterdamse Three Jacksons foar it faderlân wei op brulloften en partijen, yn bandsjes mei yllustere nammen as De Notenkrakers en De Frisia’s.
Al dy muzyk, lei it oan Harns, de haven, de matroazekultuer? “Of het nu komt doordat ze groot worden met de zang van de zee in hun oren, blijft een open vraag, maar in ieder geval zijn er onder de Harlingers velen, die hun sporen op het gebied van de lichte muziek met ere hebben verdiend,” notearre de Leeuwarder Courant – wierskynlik sjoernalist S.J. van der Molen – op 28 oktober 1960. Mar, iroanysk: doe wie it hast al foarby mei de opbloei fan de lichte muzyk yn it havenstedsje.
(Foto: Rinus Beuker, Jan Roukema, foaroan Ko Bonnema)
Fan de Harnzer dûnsorkesten yn dy tiid binne De Frisia’s it bekendst wurden. Se bestiene út de bruorren Jan en Jopie Roukema en in tredde muzikant, meastentiids ek in akkordeonist, lykas Johan Bok út Snits, Dick van Rijnberk, ôfkomstich út Apeldoarn, en letter Ko Bonnema, mar ek wolris mei in slachwurker (Johannes Michels), in sjonger-humorist (Kees van der Woude, Abe de Vries) of in sjonger (Jopie van der Woude). Letter diene De Frisia’s – of ‘De Originele Frisia’s’, sa’t se harsels it leafst betitelen – it ek in skoft sûnder Jan Roukema, dan spile Rinus Beuker mei. En noch wer even letter dûkt Jan wer yn it orkestje op, en is Jopie derút.
Beide Roukema’s hiene ein fyftiger jierren neist it orkest ek in eigen bedriuw, Jan in kafee-restaurant oan it Havenplein yn Harns en Jopie in muzyksaak yn de Jongemastrjitte yn Boalsert. It spyljen hiene se leard fan harren pake Jan de Bruin, dy’t in saneamde ‘diatoanyske harmoanika’ hie. It bysûndere is dat se beide gjin noaten lêze koene, se diene alles op gehoar en muzikaliteit. Se hiene “earen as oaljefanten”, hat Van Rijnberk, letter muzyklearaar yn Koevorden, wol sein.
Harren aktiviteiten foelen gear mei de opkomst fan de grammofoanplaat; benammen Decca seach wol brea yn it fleurige akkordeonspul. Yn de perioade 1958-1961 hawwe De Frisia’s aardich wat e.p.’s, 45-toeren singles en ek in lp opnimme kind, en guon dêrfan ferkochten as it spoar, net allinnich yn Fryslân mar yn heel Nederlân. S.J. van der Molen fan de Leeuwarder Courant wie optein dat der ek muzyk fan Fryske artysten op de swarte skiif ferskynde en folge it orkest yn de krante op de foet. Doe’t de boargemaster fan Boalsert, mr. J.A. Geukers, yn febrewaris 1958 in eksimplaar fan de earste Decca-skiif fan De Originele Frisia’s oanbean krige, sei er “dat in Bolsward het oude het nieuwe de hand geeft en dat op deze muzikale manier Frieslands naam weer eens op een andere wijze wordt uitgedragen.”
De Frisia-hits nûmers 3 en 4, e.p.’s, ferkochten yn acht moanne tiid 20.000 stiks. De LC ferklearre it súkses sa: “Wie accordeon zegt en De Frisia’s, zegt geen Bach of Beethoven. De Roukema’s kennen de grenzen van hun kunnen en weten wat in hun genre het publiek vraagt”. Ien fan beide ljochtet ta: “Een melodietje dat de mensen na één keer luisteren al fluiten, zingen of neuriën. Geen hots en geen knots maar een populair nummertje met een prettig wijsje. Dat mag best dertig of veertig jaar oud zijn.”
Ommers, de oarloch hie der foar de harkers tusken sitten. En dat hie foar in protte minsken net in tiid west foar amusemint en lichte muzyk. Sa lei it foar de hân om werom te gripen op de muzykkultuer fan de tritiger jierren. Fryske sankjes as ‘Sliep sêft myn berntsje’, ‘Dan is it maityd’ en ek wol in pittige Skotse trije kamen oan bar by De Frisia’s, mar harren earste lp, presintearre yn novimber 1959, hjitte ‘Wir machen Muzyk’. Hy befette meldijen út de foaroarlochse Dútske Schlagerwrâld fan komponisten as Franz Doelle, Theo Mackeben, Werner Heymann, Franz Grothe, Robert Stolz, Paul Abraham, Hans May en oaren. Op de lp stiene nûmers as ‘Das gibt’s nur einmal’, ‘Das muss ein Stuck von Himmel sein’, ‘Wir zahlen keine Miete mehr’ en ‘Wenn der weisse Flieder wieder blüht’. “Zodoende zal de muziekvriend van de wat oudere lichtingen plezierige herinneringen ophalen (..),” skreau de LC. Jan Roukema die oars net mei; op de plaat (Decca LQ 60406) spilen Jopie Roukema, Rinus Beuker en Dick van Rijnbek.
Yn juny 1960 krige Jopie Roukema fan de boargemaster fan Boalsert de Phonogram-medaille, in jierlikse ûnderskieding fan de plateyndustry dy’t earder al gien wie nei Teddy Scholten, Corry Brokken en Willy Alberti. Hy siet doe tritich jier yn it amusemint. Yn 1960-1961 parste Decca seis singles yn stereo – dêrnei holden se dêr foarearst mei op, want it wie djoer. By de seis sieten fjouwer fan The Blue Diamonds, ien fan De Spelbrekers (‘Parijs ligt aan de Seine’) en ien fan De Frisia’s (‘Frisia Hits no. 7’).
Yn de hjerst fan dat jier wie der praat dat De Frisia’s meidwaan soene oan it earste Grand Gala du Disque, de Edison-útrikking yn it Concertgebouw yn Amsterdam dy’t in tradysje wurde soe. Se hiene al alve platen makke en wiene “als enige accordeontrio uit Nederland en als enige artiesten uit onze provincie” útnoege, mar my is net bekend oft se úteinlik ek optreden hawwe op 22 oktober op it Gala. De LC, dy’t wol melding makke hie fan de útnoeging, neamde it orkest net yn it ferslach fan de jûn. It opnimmen fan muzyk gie wol troch. Yn oktober 1960 hat in ploech Harnzer muzikanten yn in studio yn Amsterdam yn opdracht fan de platemaatskippij Tivoli in tal Frysktalige nûmers opnaam: ‘Krysttiid yn Fryslân’, ‘Winterwille’, ‘De fleurige ûngetiid’ en ‘De clivia’. Jan Roukema spile no al mei en Ko Bonnema wie ek fan de partij. Jitske de Boer (‘De Zingende Huisvrouw 1957’) en Minne Huizinga tekenen foar de sang. “Wijs geworden door ervaring wisten ze welke strenge eisen er gesteld zouden worden” yn de studio, skreau de krante – wat der op tsjutte kinne soe dat it net meidwaan oan it Grand gala du disque dochs wat in teloarstelling west hie.
Dêrnei rûn it mei De Frisia’s al gau nei de ein. Nije orkesten, bygelyks dat fan Ko Bonnema en de Rinsema's, namen de merk oer. Yn jannewaris 1962 stiene De Frisia’s foar it lêst yn de krante ûnder dy namme, doe't se spilen yn ‘De Tipeltange’ fan de RONO, neffens de omrop “in fleurich program fan wat spylderij, praterij en sjongerij” mei ûnder mear ek Akke Radsma en S.J. van der Molen. Yn alle gefallen Jan Roukema hat noch jierren solo-optredens dien, dan komme wy him yn ’e krante noch tsjin as “Jan Roukema met zijn wonderorgel” of “Jan Roukema met zijn magisch wonderorgel”.
Mar sa’t it mei de foardragerij as utering fan folkskultuer gie, sa gie it ek mei it akkordeonorkest. It koe langer gjin stân hâlde. Massamedia, massakultuer en popmuzyk namen yn it begjin fan de sechstiger jierren it stokje oer.

vrijdag 21 februari 2014
Jikky de Boer-Spoelstra, De Zingende Friese Huisvrouw
Pake Abe siet yn de fyftiger jierren yn cabaretgroepkes yn Harns, dêr’t ek Jikky de Boer-Spoelstra (1928-1995) deel fan útmakke: De Zingende Huisvrouw
Jikky Spoelstra – se brûkte yn ’t earstoan har famkesnamme Jitske – foarme nei de oarloch in duo, de ‘Harley Sisters’, mei har freondinne Dorry Hofstra, letter Wijnands-Hofstra. De sjongerij fan beiden kaam fuort út it toaniel; letter die Jikky ek wol cabaretachtige stikjes. Se song, mar spile ek gitaar, mûleoargel en mandoline.
De earste kear dat se yn de Leeuwarder Courant foarkomt, is yn maart 1957 as se tegearre mei Dorry én ek allinnich meidocht oan de lanlike talintewedstryd ‘De zingende huisvrouw’, organisearre troch in ferkeapmaatskippij fan it Amerikaanske Columbia Records. As ‘Harley Sisters’ dogge Jikky en Dorry mei mei it nûmer ‘De clivia’ fan de Harnzer ferskeskriuwer Dico van der Meer, en solo sjongt Jikky in liet oer in sosjaliste. Uteinlik wint se mei ‘De clivia’ – fan Dorry is dan gjin sprake mear, faaks hat sy har weromlutsen út de einstriid? It is dan 30 maart 1957; de finale wie yn de RAI yn Amsterdam. Jikky is no offisjeel ‘De Zingende Huisvrouw 1957’.
Yn de krante jout Jikky oan dat se it leafst lietsjes fan Dico van der Meer (1897-1951) sjongt. “Dat was een Harlinger zoals u weet. We kenden hem wel van vroeger.” De namme Harley Sisters wie betocht troch Henk Stuurop yn Snits, sei se. “We deden eens mee en toen vroeg hij hoe ‘ie ons moest aankondigen. En we hadden daarover echt nog helemaal niet nagedacht. Hij heeft dat Harley Sisters toen bedacht, vanwege Harlingen, en zo is het gebleven.”
Yn 1952 song se ek al, in fertolking fan ‘Allentown Jail’ fan Jo Stafford op it Lanenkaatsen. Mar no komt har sjongerij yn in streamfersnelling. Yn maaie 1957 komt se in kear nei platesaak Radio Vaartjes oan de Voorstreek 3 yn Ljouwert om har ‘exclusieve Columbia-opname met haar succesnummer De Clivia’ te ferkeapjen. ‘Eventueel met handtekening’. Dêrnei sil se optrede yn de Harmonie yn Ljouwert op in bûnte jûn yn it ramt fan de Goed Zo-aksje ter bestriding fan de polio, mar dat moat se wegens sykte ôfsizze. Wol is is in moanne letter fan de partij op de ‘Variété Faveur’, in ‘vrolijke kermisrevue’ yn de Harmonie. No as ‘De zingende Friese huisvrouw’. Op 12 febrewaris wurket se mei oan opnames fan de RON by it Keunstsintrum yn de Prinsetún foar it programma ‘De draaimûne’ fan Peter de Jong.
Ein oktober 1958 sinjalearret sjoernalist S.J. van der Molen fan de Leeuwarder Courant dat se no deel útmakket fan in cabaretgroepke; dat sil it selskip ‘Amusanta’ west hawwe dêr’t Abe de Vries ek oan meidie. Van der Molen komt dan noch efkes werom op de singel fan Jikky, ‘De clivia’, “een grappige geschiedenis, geschreven door wijlen Dico van der Meer in de tijd, toen voor de KRO het ‘Harlinger singeltsje’ in het programma ‘Op de ringmuur’ furore maakte. Het is voorzover ons bekend de enige plaat, waarop men een Fries stadsdialect kan horen. Mevrouw De Boer ‘brengt’ het liedje leuk en ze zingt op de keerzijde niet onverdienstelijk een werkje van Willy van Hemert/Pi Scheffer, dat meer smaak en geest verraadt dan wat doorgaans in dit genre het menu van radio en draaitafel in Nederland uitmaakt. Het liedje heet ‘Er woont nog wel een sprookjesfee’.”
‘Amusanta’ hat grif in pear jier bestien; wy komme it selskip bygelyks noch tsjin yn in adfertinsje yn de LC fan 14 july 1961 foar in grutte feestjûn yn Wyns. Yn 1959 priizge it selskip himsels sa oan: “Wij brengen geen kunst met een grote K, maar een gezellige, leuke en beschaafde avond met eigen werk. Wij brengen streekliedjes en schetsen. Vraagt U eens inlichtingen aan Cabaret-ensemble ‘Amusanta’, Hugo de Grootstraat 53, Harlingen.”
Jikky brocht noch in Krystsingle út in 1961, tegearre mei Menno Huizinga en it orkest The Frisia’s ûnder lieding fan Jan Roukema: ‘Krysttiid yn Fryslân’. It nûmer wie skreaun troch Roukema en Hein Faber en wie opnommen yn oktober 1960. Oer Jikkie de Boer-Spoelstra is in stikje ferskynd yn it blêd Oud Harlingen 25-25 (2009) en it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân hat op 22 febrewaris 2009 in earder opnommen ynterview mei har útstjoerd.

Hoe't de partijsiktaris fan de Feriening Frysk Underwiis yn it spier is foar it Sovjetfrysk
Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 20 febrewaris 2014 15:09
De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in fierdergeande standerdisearring fan it Frysk en hat fertrouwen yn de Akademy-meiwurkers. Hindrik Sijens en syn kollega’s hawwe dus ús stipe. In Grien Boekje sil aanst grif fan betsjutting wêze foar de learmiddelproduksje en der (hooplik) ta bydrage dat der regaad makke wurdt yn de besteande tizeboel op dat mêd (ûnnedich dialektysk ferskaat en net needsaaklike ynslûpsels yn lesmateriaal en toetsen). Dy wyldgroei makket in taal slim ûnderwiisber en makket learlingen ûnwis. In Grien Boekje (foar taal en teken) is needsaaklik foar de fierdere ûntjouwing fan it Frysk as kultuertaal/standerttaal yn ûnderskate maatskiplike domeinen en wurket boppedat statusbefoarderjend. Om dat te betinken hoecht men gjin grut ljocht te wêzen. (..)
Abe de Vries, seedyksterfeartfisk, 20 febrewaris (link op ItNijs.nl)
(..) Ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra yn syn reaksje (..) alle beswieren en arguminten efkes bydel rint dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker ferline jier én dit jier ynbrocht hawwe tsjin de troch de Fryske Akademy útstelde staveringsferoaringen, en tsjin it folslein bjusterbaarlik fan de wrâld losse útstel fan deselde Akademy om de Fryske taal koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’, en ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra út namme fan de Feriening Frysk Underwiis yn itselde stikje efkes protest hearre litte woe tsjin de wize sa’t de Fryske Akademy en in pear amtners op it Provinsjehûs, dy’t inoar goed of yn alle gefallen better as sljochtweihinne kenne, in amtlik útstel yninoar draaid hawwe dêr’t de hûnen gjin bôle fan luste – leste, sil Hiemstra wol tinke – mar dat – dat útstel dus – likegoed yn earste oanlis troch Provinsjale Steaten oannaam waard… Spitich dus dat dy reaksje no net te lêzen is. Wat no wol te lêzen is… dat is ûndersteand fraai bewyske Sovjetfrysk fan in yn de tritiger jierren al wegens oerstallich opheven Tytsjerksteradeelster politburo: “De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in (..)”
Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 20 febrewaris 2014 23:54
Wat hat dizze wrantelige en noartlige ‘hear’ De Vries tsjin tige bekwame Akademy-meiwurkers en rjochtskepen provinsjale amtners? Giet it faaks djipper as in saaklik ferskil fan ynsjoch? Foer foar psychologen. De man makket him mei syn ûnberoaide taalgebrûk en wrâldfrjemde ferlikings (‘Sovjetfrysk’!) folslein bespotlik en sil der grutte wjersin mei oproppe by dyjingen dy’t er fan syn ‘opfettings’ oertsjûgje wol. En dêr de kolommen fan it Frysk Deiblêd ek noch ta misbrûkt. Wat besielet dizze man? Net tige produktyf en konstruktyf. En tige skealik foar de takomst fan it Frysk, al wit er dat sels blykber noch net. It sil as in boemerang wurkje tsjin him en syn anty-standertmaten. (..)
Abe de Vries, ItNijs.nl, 21 febrewaris 2014 00:35
Sov’jetfrysk, s. it – Soart kleur- en smakeleas ‘Standertfrysk’, dat yn 2013 en 2014 yn syn twingend foarskreaune wurdfarianten “wol even” fan boppe-ôf oplein wurde soe troch har drok meitsjende ûnderwiismantsjes, harsels gearbringende yn in “Feriening Frysk Underwiis”, dy’t slimslûch misbrûk meitsje woe fan de “kennisachterstân” en de “belangstellingslijte” op it mêd fan de Fryske taal by leden fan Provinsjale Steaten; ûnderwiismantsjes, boppedat, dy’t yn har ûnwil om yn diskusje te gean mei kritisy mei werklik ferstân fan saken hieltyd mar wer de yndruk wekke dat se mar al te graach de politike stratezjyen neifolgje dy’t yn de perioade fóar de Fal fan de Muorre en de korrespondearjende ferdriuwing út it autokratyske Frysktalige paradys min ofte mear súksesfol tapast waarden yn Moskva.
Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 21 febrewaris 2014 10:08
Wy sille fierdersoan gjin wurden mear smoarch meitsje oan dat leechlizzende, lêbjende en lekskoaiende hearskip De Vries. Hy hat himsels al foldwaande diskwalifisearre (sjoch boppe). Dêr hoecht men net nochris oerhinne. De man wit fan de gekkichheid net wat er allegearre útkreammerje en de wrâld yn slingjerje moat. En tinkt ek noch dat soks serieus nommen wurdt (op ien of twa nei dan, dy’t ek net wizer binne). Selden sa meimakke. Benaud dat Provinsjale Steaten him aanst nei Sibearje of De Kalkman ferbalje sille? Hy moat harren mar net op in idee bringe. Yndied ja, de man is foer foar psychologen.
Lês ek: Abe de Vries, 'Provinsje kin net oars as taalplannen ynlûke', Friesch Dagblad, 1 febrewaris 2014

donderdag 20 februari 2014
De lytse man mei de grutte stim
In memoriam: foardrager-opropper Abe de Vries
Yn 1912 stie er foar it earst op ’e planken. Noch mar acht jier âld, yn ûnderbroek en op bleate fuotten. En by dat iene optreden soe it net bliuwe. Yn de fyftiger en sechstiger jierren wie hy de humoristyske spil fan Harnzer kabaretselskippen as ‘Doch Gewoan’ en ‘Amusanta’, nammen dy’t ek bûten de stedsmuorren publyk lutsen. Doedestiids hie elk in bynamme. Koekjekeapman-kastelein-foardrager en opropper Abe de Vries út Winaam wie fier yn ’t rûn bekend as Abe ‘Koekje’.
Abe de Vries ferstoar ôfrûne moandei yn ’e âldens fan 91 jier yn fersoargingshûs Saxenoord yn Frjentsjer. Fryske foardrachtskeunstners lykas hy, dy’t jierrenlang fan de iene brulloft nei de oare tôgen om mei in hânfol grappen en grollen in pear sinten te fertsjinjen, se binne der net mear (op in inkeling nei as Teake van der Meer). Mylde humor, miskien wat tam yn ús eagen, dat die it yn de fyftiger jierren goed. Samar in graai út de Harnzer en Frjentsjerter krante:
“Mei syn oankondigingen is Abe net banaal, wat net fan elke conferencier sein wurde kin.” “Abe lit in oanberne gefoel foar humor sjen en kin him ynlibje yn de meast dwylsinnige sitewaasjes.” “Abe’s manier fan optreden wie net basearre op smoarchbekkerij, syn grapkes hiene in oprjocht en tagelyk ûnskuldich karakter.” “Abe de Vries is ûnútputlik yn syn humor, dêrby kin er in skoaljonge delsette, mar ek in frou op hege jierren dy’t 35 jier lyn klant fan him wie doe’t er noch sutele mei de koekjekarre.”
Arbeider-keapman
Om’t er de legere skoalle net ôfmeitsje mochten hie (fanwege kattekwea waard er fiif dagen foar de einstreek nei hûs stjoerd) gie Abe mar by de boer yn ’t wurk. Earst yn syn bertedoarp Doanjum, by boer Klaas de Boer. Dy stjoerde him op in goede dei mei in 23-jierrich en dus tige betûft hynder nei Minnertsgea. Wêr’t dat doarp lei, dat wist Abe net, mar de boer sette him op it hynder en sei: “As it hynder stean bliuwt, dan giest der mar ôf, want dan bist teplak.”
En sa gie it. It hynder sloech midden yn Minnertsgea by it kafee linksôf, sjakte oer it spoar dat der doe noch wie en hold ho earne yn de Minnertsgeaster Mieden by de pleats fan bestimming.
As jonkje oan it wurk op it lân hold er him ris fansiden yn in sleatswâl en rôp keihurd om help. Doe’t de skrokken arbeiders deroan draven kamen, sei er dealeuk: “Neat oan ’e hân. Wat woene de hearen?”
Begjin tweintiger jierren ferhuze er mei syn âlden nei Winaam. Nei in pear jier by in boer yn dat ‘reade doarp’ fan Barradiel kaam er in kear by in hynderman yn it Biltse Alde Leie, dêr’t er Klaske van Sinderen tsjin it liif rûn. It stel troude, mar Abe woe al werom nei Winaam. Dat sa barde it ek. Alles – en ‘alles’ is in grut wurd yn dit ferbân – waard op in boerekarre set, ek fjouwer hinnen. Underweis moast noch hoholden wurde om in kleankast mei te nimmen en dêr koene dy hinnen moai yn. By oankomst yn Winaam stie de krekttroude breid Klaske al wat beteutere te sjen, want dy hinnen hiene yn de nije oanwinst bepaald net stil sitten.
Earmoede wie it yn tritiger jierren, en der moast wat barre, mar wat? Abe syn mem woe mar hieltyd dat har soan yn de koekjehannel gean soe. Sa hie pake ommers ek syn brea fertsjinne. “Do prebearrest it mar,” sei boer Sipke Schat, dêr’t er wurke. “Wol it net, dan kinst elke oere fan de dei weromkomme.” It plan gie troch: der kaam in pakjedrager op ’e fyts, dêr waard in trommel op montearre en sa begûn Abe in eigen saak op te bouwen. Wat letter waard in transportfyts oanskaft, dêrnei in bakfyts en letter sels in moterbakfyts en in bestelauto.
Al gau hie de Winamer arbeider-keapman mear as 280 klanten yn Harns dy’t er koeke en bôle ferkocht. En by nacht, dan waard gauris noch oannommen wurk ferset. Even in ierdappelbultsje ‘omskeppe’ bygelyks.
Foardragerij
Nei de oarloch joech Abe de koekjes deroan, kocht it Winamer kafee en sa waard de arbeider-keapman ynienen kastlein-arbeider. Kastlein yn ’t wykein en op woansdei, arbeider de rest fan ’e wike. Doe, midden fyftiger jierren, sette er ek mei de foardragerij út ein.
Ien fan de earste kearen wie yn Harns, in brulloft. Hy gie der op de fyts hinne, mar syn ferfiermiddel hie gjin achterljocht en dat seach fansels in al te iverige tsjinner fan de wet. In bekeuring wie it risseltaat. De jûn fan de brulloft makke Abe in praatsje fan syn bekeuring. Ut de seal waard roppen: “Wat kost die bekeuring?” Abe: “Fiif gûne!” It antwurd: “Dan krije jou die vijf gulden d’r overheen!” “It waard in knaljûn,” sei Abe letter. “Ik koe net mear stikken.”
En hy doarde it ek fierderop te sykjen. In damklup yn Warns socht mei in adfertinsje in humorist. In brief wie gau skreaun, en in pear dagen letter gie de tillefoan by de buorren. De foarsitter yn Warns, om ynljochtingen. “As jo soargje foar in prima programma, krije jo tachtich gûne,” klonk it oan de oare kant fan de line. Abe, selsfersekere: “Foarsitter, dan geane dy tachtich gûne mei nei Winaam!”
Rinus Beuker út Harns gie mei as muzikant. It waard dêr yn Warns in grut súkses en yn it skoft rôp de foarsitter: “Abe, it wurdt tachtich gûne hear!” Mei blauwe skouders gie er werom nei Winaam: de bestjoersleden hiene wat al te entûsjaste manieren hân om harren lof te uterjen.
Sûnt dy kabareteske ‘slach by Warns’ wie it kostje fan de kastlein-conferencier kocht. De koppen waarden byinoar stutsen en in cabaretselskip waard oprjochte, mei de Harnzer musikus Wim Kroon, mei Betty van der Hoek en Hannie Dijkstra, mei de Zingende Huisvrouw Jikke Spoelstra. Of mei Jan Roukema en syn wûnderoargel. Sije Boonstra hat wol ris mei west, Henny en Arie Rinsma, Wouter Jorna, neam mar op.
“Abe de Vries blijft een eenvoudige plattelander,” skreau de Harlinger Courant yn 1958, “die rustig een shagje draait en die zich op zijn gemak blijft voelen, zelfs al zouden Grace Kelly of Nikita Chroetsjov hem met een bezoek vereren.”
Opropper
Op lettere leeftyd krige Abe noch in nije kâns doe’t Reinder de Jong, doedestiids ynfloedryk heareboer op Ropta State, oanbelle by huize De Vries. “Wy sykje in nije opropper, dat moatsto wurde.” Deselde boeren dêr’t er jierrenlang foar bealge hie, biten koppe en ierdappelbulten omskept, fregen him no om de ferkeap fan harren guod op de saneamde boelguodden yn goede banen te lieden.
It earste boelguod yn Winaam wie spannend. Mar it gie goed. “Wy geane no mei twaën, wy grieme net!”
Abe hie minskekennis en humor. Hy doarde de kandidaat-keapers en de strykjildskriuwers byneed fan snedige replyk te tsjinjen en al gau foel er yn rûnten fan notarissen op. Yn 1967 naam er it oproppen oer fan Rients Beintema, dy’t nei fyftjin jier ophold. “Beintema ferbetterje sille jo dalik net,” sei by dy gelegenheid notaris Van der Wal út Frjentsjer. “Jo binne nou noch reserve-eersteklasser, yn de kommende tiid sille jo je oparbeidzje moatte ta earste klasser.”
Dat wie Abe, wilens 63 jier, wol tabetroud, want de keunst fan it oproppen ferstie ‘de kleine man met de grote stem’ as gjin oar. Yn 1968, in pear jier foar syn pinsjoen by de ZPC yn Frjentsjer, ferhuze er nei dat plak. Oant midden tachtiger jierren wurke er foar ûnder mear De Groot yn Seisbierrum, Van der Wal yn Frjentsjer, Van der Hem yn Jorwert en Elzer yn Sint Anne.
It wie in grutte teloarstelling foar him, doe’t er it oproppen opjaan moast om’t it net mear koe. De lêste trettjin jier fan har houlik brochten Abe en Klaske troch yn Saxenoord. Klaske van Sinderen ferstoar ferline jier, op 92-jierrige leeftyd. Abe Koekje hat har net ynhelje kind.
[Harlinger Courant, 4 oktober 1996; oerset yn it Frysk]
Sjoch ek: Cabaret Abe de Vries

In fraai bewyske Sovjetfrysk
6 oeren lyn troch Sytze T. Hiemstra
De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in...
Sa begjint in oankundiging fan in reaksje op ItNijs.nl – mar dy’t it linkje oanklkt, komt op in side dy’t net bestiet…
Ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra yn syn reaksje, dy’t dus gjin reaksje is, of wêze mei, alle beswieren en arguminten efkes bydel rint dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker ferline jier én dit jier ynbrocht hawwe tsjin de troch de Fryske Akademy útstelde staveringsferoaringen, en tsjin it folslein bjusterbaarlik fan de wrâld losse útstel fan deselde Akademy om de Fryske taal koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’, en ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra út namme fan de Feriening Frysk Underwiis yn itselde stikje efkes protest hearre litte woe tsjin de wize sa’t de Fryske Akademy en in pear amtners op it Provinsjehûs, dy’t inoar goed of yn alle gefallen better as sljochtweihinne kenne, in amtlik útstel yninoar draaid hawwe dêr’t de hûnen gjin bôle fan luste – leste, sil Hiemstra wol tinke – mar dat – dat útstel dus – likegoed yn earste oanlis troch Provinsjale Steaten oannaam waard…
Spitich dus dat dy reaksje no net te lêzen is. Wat no wol te lêzen is… dat is ûndersteand fraai bewyske Sovjetfrysk fan in yn de tritiger jierren al wegens oerstallich opheven Tytsjerksteradeelster politburo:
En sa is 't mar krekt!
Van Sinderens 3: Troch de mangel fan de ivige earmoed
It wie yn it ûnrêstige earste jier fan de ‘Bataafsche Vrijheid’ dat myn foarfaar Hendrik Sipkes fan Sinderen (1773-1809) de stap weage. Likegoed sil it in ienfâldige plechtichheid west hawwe, syn trouwen mei Klaaske Thomas Hoekstra (1772-1842) op sneon 7 maaie fan it jier fan ús Heare 1795 yn in úthoeke fan de nije republyk, Ternaard.
Hendrik wie 22 jier, arbeider. Op de akte stiet dat er út Blije kaam. Klaaske wie in jier âlder en kaam út Ternaard. It stel troude yn it doarp fan de breid, want wat hie Hendrik yn Blije? Faaks allinnich wat seizoenswurk by in boer, en miskien hierde er dêr in keamer fan famylje of kunde. Syn pake, dokter Johannes Stelwagen, hie oait yn Blije wenne. Hindrik syn mem wie by syn trouwen al wei en syn heit, de grofsmid Sipke van Sinderen, wie in pear jier earder mei de lytste bern nei Starum ferhuze. Yn Holwert wennen noch ien âldere en twa jongere bruorren, mar dy hiene de hannen fol oan harsels, of wiene te jong om wat foar him betsjutte te kinnen.
Ternaard dus. It houlik sil sletten wêze troch dûmny Bartholdus Folperus Bornaeus (Foudgum, 1719-Ternaard, 1809), dy’t mar leafst 46 jier, fan 1758 oant 1804, de Ned.Herf. gemeente fan Ternaard tsjinne hat. Fan him witte wy net folle mear as dat er besitter fan in sjees wie. En hy wie in oerpakesizzer fan dûmny Everhardus Bornaeus (1622-1680, foto), dy’t te Boalsert stien hat, de skriuwer fan De Getrouwe Harder, ofte Een voorstel van alle de principaelste plichten die een dienaer Jesu Christi waerneemen moet (Leeuwarden, 1669). Everhardus Bornaeus hearde by de ‘Nadere Reformatie’, in befynlike streaming yn it protestantisme dy’t as foarrinner sjoen wurde moat fan de befynlik griffermearden. It leit yn ’e rede dat syn oerpakesizzer yn Ternaard net folle lichter leaude en dêr sil er ek op de kânsel blyk fan jûn hawwe.
Fan útkearing nei hûsbesit
Hendrik en Klaaske keazen alsa foar in takomst yn Ternaard. Hy sil mei line hawwe op syn skoanfamylje yn it nije wenplak. Skoanâlden Thomas Klazes en Tietske Klazes wiene nei de berte fan harren earste bern yn 1751 (se hiene trouwe moatten) út Hantum, Hantumhuzen of Hantumerútbuorren nei Ternaard ferhuze. Oft se yn 1795 noch libben is ûnwis, mar yn Ternaard wenne doe noch al syn âldere sweager Jouke Thomas Hoekstra (1764-1815) en dy syn frou Eelkje Simons. Eelkje har suster Klaaske Simons (Terpstra) hie in winkeltsje yn it doarp en har broer Jacob Simons (Terpstra) wie gardenier – dat alheel sûnder stipe sille Hendrik en Klaaske net sitten hawwe.
Se krije seis bern: de twaling Sipke (1795-1854) en Thomas (1795-1846), Sije (1800-1878), Christina (1803-1852), Klaas (1805-1881) en Tjitske (1807-?). Alsa ferneamt Hendrik sawol syn heit Sipke as syn mem Christina; de nammen Sije, Klaas en Tjitske ferwize respektivelik nei in suster Sijke, broer Klaas en mem Tjitske fan Klaaske. Likegoed giet it de húshâlding net foar de wyn. Dat docht bliken as Hendrik yn 1809 op 36-jierrige leeftyd komt te ferstjerren en der by syn namme dizze notysje makke wurdt: “De overledene was gehuwd, laat zes kinderen na en was gealimenteerd.” Dat lêste betsjut dat Hendrik in útkearing krige fan de earmfâlden fan Ternaard.
Mem Klaaske Thomas moat no oant har dea yn 1842 mar sjen hoe’t se it roait. It kroast is dan respektivelik 13, 13, 8, 6, 4 en 2 jier âld. Klaaske – en nei alle gedachten de skoanfamylje fan har broer – moat toverje kinnen hawwe, want sa op it each dogge de bern it net sa min. It is wilens in opgeande tiid yn de lânbou, der is wurk, de befolking waakst oan en de Grutte Agraryske Krisis sil noch oant it midden fan santiger jierren op him wachtsje litte. Fan it ein fan tritiger jierren ôf sjogge wy bern fan Hendrik werom yn de notariële argiven. De earste is soan Sipke, mar ek Sije en Klaas dogge al gau mei. Sipke keapet yn 1839 in hûs mei hiem yn Ternaard, Klaas yn 1841 yn Wierum en Sije yn 1854 yn Ternaard.
Kick-off troch Tsiendaagse Oarloch?
Mar soene se allinnich troch op it lân te wurkjen foarút buorke wêze? Of hat der faaks ek noch wat oars meispile? Dat lêste is heel goed mooglik. Under de dikke fjouwertûzen Friezen dy’t as militêr meidien hawwe oan de Tsiendeiske Fjildtocht tsjin België yn 1831 sieten in stik as acht mannen út Ternaard en omjouwing. En hoe is it mooglik: ien fan dy acht wie de 26-jierrige Klaas Hendriks van Sinderen (soan fan Hendrik), en in oar fan dy acht wie syn 39-jierrige neef Simon Joukes Hoekstra!
En wa die der ék noch mei oan dy nochal nutteleaze ekspedysje om de Belgen in leske te learen? Dat wie Klaas Hendriks syn 29-jierrige folle neef Jan van Sinderen út Starum, it bern fan syn muoike Baukje en in ‘onbekende vader’.
Dy’t wit dat de tsjinstplicht doedestiids gau foar mannen fan 18 oantemei 24 jier, dy kin hjir de faktor ‘tafal’ mei in gerêst hert útslute. It sjocht der earder nei út dat dizze trije skuttersneven yn tsjinst fan de kening har betelje litten hawwe om foar in oar tsjinst te dwaan. Foar sa’n ‘plakferfanger’ waard yn dy tiid troch goedbuorkjende famyljes (boeren, patrisiërs en adel) in protte jild delteld. En as der no yn Ternaard en omkriten ien húshâlding wie dy’t dat jild wol brûke koe, ien húshâlding dy’t yn it earste fearnsdeel fan de 19de ieu troch de mangel fan de earmoed helle waard, dan wiene it ommers wol widdofrou Klaaske Thomas en har seis bern sûnder heit. En sa pragmatyk sille ek Jan van Sinderen út Starum en syn allinnichsteande mem Baukje tocht hawwe.
Earder al hie in âldere broer fan Klaas Hendriks, Thomas (1795-1864), it paad nei it leger fûn. Thomas van Sinderen hat in skoft beropsmilitêr west. It hat him gjin gouden bergen brocht, of hy hat it te mâl dien mei potfertarren. By syn dea moast nammentlik oer him opskreaun wurde: “Gepensioneerd militair, certificaat van onvermogen. Er behoorde geen onroerend goed tot de nalatenschap.”
Gernier
Sije Hendriks van Sinderen (1800-1878), myn foarfaar, troude yn 1824 yn Ternaard mei Aaltje Stevens Wierstra (1801-1836). Doe’t har mem Aaltje Libbes Haga yn 1834 kaam te ferstjerren, wie se widdofrou, ûnfermogend, en krige stipe fan de earmfâlden fan Ternaard. It stel krige seis bern, dêr’t twa fan betiid stoaren. Oer bleaune Klaaske (1825-1910), Steven (1828-1862), Hendrik (1831-1904) en Sipke (1838-1902). Sipke krige fjouwer dochters, dat de namme gie inkeld fierder fia Steven en Hendrik.
Steven blies it langjierrige bûn tusken fan Van Sinderens en de Hoekstra’s – syn beppe wie ommers in Hoekstra – nij libben yn doe’t er yn 1854 te Holwert troude mei de 23-jierrige yn Rinsumageast berne Eelkje Simons Hoekstra, in dochter fan syn neef Simon Joukes Hoekstra en Akke Sydses van der Wal. De skoanheit wie deselde Simon Joukes dy’t lykas syn omke Klaas meidien hie oan de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831.
Ek yn dat jier 1854 begûn it jierrenlange wrotten foar heit Sije fruchten op te smiten. Einlings koe Sije in hûs mei hiem yn Ternaard keapje foar 200,- gûne. En fan 1855 ôf sil er elke safolle jier in nij kontrakt slute by in notaris foar it hieren, yn ’e mande mei oaren, fan stikken boulân. By syn dea yn 1878 hearde der ek ûnreplik guod ta de neilittenskip.
Mei oare wurden, Sije hie himsels foarút bealge fan arbeider ta gernier.
In sydpaadsje om hjir efkes by stil te stean is in pakesizzer fan niisneamde Steven van Sinderen, Jetske van Sinderen (1897-1985). Sy wie in ferpleechster dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch út religieuze motiven wei eigenhannich ûnderskate ûnderdûkte joaden út Amsterdam wei begelate nei skûlplakken yn ûnder mear Rockanje yn Súd-Hollân, Terwispel, Nijmegen en Balkbrug. Ek betocht se falske identiteiten en betelle se soms foar harren ferbliuw. Op 27 novimber 1981 waard Jetske van Sinderen troch Yad Vashem, de Israëlyske betinkingsorganisaasje, oanwiisd as ‘Rjochtfeardige ûnder de Naasjes’.
De flok fernijd
Mar foar Sije syn twadde soan, myn foarfaar Hendrik Sijes van Sinderen (1831-1904), soe it libben minder fraais yn petto hawwe. Ja, it like wol as waard yn syn bestean de flok wer manifest dy’t ek hongen hie oer de húshâlding fan syn oerpake, de grofsmid Sipke van Sinderen yn Holwert. Yn ’t koart: Hendrik syn earste frou Grietje Rinderts Jouksma stoar twa wike nei de befalling fan harren earste bern. It jonkje, Rindert, stoar ek – en ek hjir spile wer in nammekwestje: blykber woe Hendrik syn heit net ferneame, mar ferneamde er de heit fan syn frou. En hoe is it mooglik: ek syn twadde frou, Trijntje Freerks Eisenga, stoar binnen it jier nei de berte fan harren twadde bern, Hendrik syn iennichste soan, myn oerpake Freark (op ’e nij ferneamde Hendrik syn heit net, mar de heit fan syn frou…).
Noch gjin rampen genôch?
Nee dus. Myn oerpake Freark van Sinderen (1874-1963) syn earste frou Dieuwke Hendriks de Boer stoar yn of flak nei de kream fan harren earste bern, soan Hendrik yn 1900. It berntsje stoar dêrnei ek, sân moanne âld.
Ik doar my hast net yn te tinken hoefolle fertriet en eangst Freark hân hawwe sil om’t it leafste yn syn libben no samar ék dûbel by him weifallen wie. Om’t de skiednis him ommers werhelle. Hy makke itselde mei wat syn heit meimeitsje moatten hie. En hy moast dêrom no wol freezje dat der noch mear ellinde komme soe… Mar gelokkich, syn twadde frou Trijntje Bouma soe him fiif bern skinke (hoewol’t de lêste, Ale, yn 1927 op 11-jierrige leeftyd yn Ljouwert yn it sikehûs kaam te fertsjerren).
Tel dêrby op de mangel fan de ivige earmoed, dêr’t sawol Hendrik as syn soan Freark trochhinne helle waarden – doe’t Freark in jonge wie, yn de tiid fan de Grutte Agraryske Krisis, gie alles en elkenien op it plattelân ommers sawat fallyt en moast mannige húshâlding it brea letterlik yn triennen dope, want der wie neat oars om it yn te dopen, net iens it fet fan bûter – en ik kin my in lyts bytsje better yntinke wêrom’t ús beppe – en hoe oars wie ús pake! – it libben faak net fan de ljochtere en lichtere kanten opnimme kinnen hat.
Alwer: remplacant
It is nuver, mar bytiden liket it as is de skiednis in spegelpaleis fol bylden dy’t har werhelje yn oare bylden. It ûngelok fan grofsmid Sipke wjerspegelet him yn dat fan lânarbeider Hendrik. It mei alle macht ferneame wollen fan dûmny Scipio Halbetsma wjerspegelet him yn it krekt nét ferneame wollen fan gernier Sije Hendriks. En de opgong fan in laach nei de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831 wjerspegelet him yn de blide hoop fan Freark, de hoop op in moaie takomst, de hoop dy’t er hie doe’t er as 19-jierrige jongfeint yn de winter fan 1897 in plakferfangerskontrakt sleat mei in rike boerinne út Wytmarsum dêr’t de boer by weifallen wie.
It kontrakt waard sletten mei Elske Aelzes de Jong-Sinnema (1844, Hichtum-1906, Winsum), widdofrou fan boer Nammen Obbes de Jong (1827-1880), sa’t it yn de boeken stiet “voor haar zoon Symon Sinnema, loteling”. Blykber hat de notarisklerk dy’t it opskreau sliept, want soan Simon fan Nammen en Elske wie doe al lang stoarn, nammentlik yn itselde jier (1880) as syn heit… It jonkje waard mar sân dagen âld en is neffens in genealogy op ynternet tegearre mei syn heit begroeven yn ien kiste. It kin dêrom wêze dat de ‘loteling’ yn kwestje soan Eelze (1875) west hat.
Wierskynlik wie myn oerpake Freark alsa de lêste yn Fryslân, of yn alle gefallen wie er ien fan de lêsten, dy’t sa’n remplacantekontrakt oangeande de tsjinstplicht oangie. In jier letter koe dat by wet net mear. De tsjinstplicht waard doe oan ien persoan bûn.
Hoe’t dat ek wêze mei: earmoedsaaier Hendrik Sijes sil in moai poepke jild krigen hawwe, wat goed útkaam, want soan Freark hie trouplannen mei Dieuwke Hendriks de Boer, dochter fan Ytje Klazes Ritsma en de Ljouwerter fabryksarbeider Hendrik Klazes de Boer. Yn 1898 waard it houlik sletten, yn Ljouwert, dêr’t it stel wierskynlik earst by de âlden-De Boer ynwenne hat. In jier letter ferhuzen Freark en Dieuwke nei Ternaard – en it tryste ferfolch ha ik hjirboppe al sketst.
PC-winner
Oer de 20ste ieu sil ik koart wêze, ek al om’t der noch in protte neiteam fan Freark van Sinderen yn libben is. Freerk en Trijntje Bouma hawwe sa’t skynt op aardich wat plakken omhúsmanne, ûnder mear yn Holwert, Alde Leie, Minnertsgea, Tsjummearum en Froubuorren. Sa kaam der yn alle gefallen in ein oan it hûndertjierrige ferbliuw fan syn laach yn Ternaard. Opfallend is dat syn twadde frou Trijntje Bouma (1881-1956) wer út… Holwert kaam. Se wie in dochter fan Hendrik Annes Bouma en Maaike Feikes Agema. Holwert waard ek it earste plak dêr’t Freerk en Trijntje har nei wenjen setten.
Harren earste bern wie myn beppe Klaske (1903-1995). Se waard neamd nei de âldste suster fan Freark syn heit Hendrik. It twadde bern, Hendrik (1905-1990), krige de namme fan beide heiten. It tredde bern, Anne (1906-1996), waard neamd nei de pake fan de mem. De twadde dochter, Maaike (1908-1984), nei de mem fan de mem. En it lêste bern, Ale (1916-1927), nei de pake fan heitekant fan de mem. Of te lêzen oan de nammen hie Freark net folle op mei syn foarâlden – it liket wol as helle er der in streek trochhinne, sa’t earder Rienk Rein de Jong en Janke Hofmans van Sinderen yn Starum op syn akte fan ferstjerren in streek hellen troch har heit Sipke van Sinderen.
Parallellen, wjerspegelingen, refleksjes. Twa soannen fan Freark binne nei de Twadde Wrâldoarloch troch it tribunaal feroardiele fanwege kollaboraasje – wylst harren fiere achternicht Jetske van Sinderen krekt eare wurden is fanwege har fersetswurk. It wol my noch altyd net oan dat ik pas ferline wike begriep dat in broer fan myn beppe, Anne van Sinderen (foto), yn 1933 mei de PC yn Frjentsjer wûn hat. It heucht my net dat it my oait ferteld is. En dat wylst ik sels keatst ha fan myn 8ste oant myn 18de.
Minsken skrasse út de boeken, oan dy earmoed doch ik net mei.
[Ein]

woensdag 19 februari 2014
Van Sinderens 2: De tragyske grofsmid fan Holwert
As der ûnder al dy Van Sinderens ien húshâlding is mei in ferhaal, dan moat it wol dy fan Sipke Annes van Sinderen wêze, de master-smid fan Holwert, en syn frou Christina Stelwagen, de dochter fan de doarpsdokter.
Allinnich, dat ferhaal moat stikje by bytsje tefoarskyn tovere wurde út de argiven, en dan noch bliuwt it fragmintarysk. Der hat noait ien west – by myn witten – dy’t it opskreaun hat. Ek Waling Dykstra net, hoewol’t dy him dochs mar in dikke fyftich jier nei dato nei Holwert te wenjen sette.
Sipke Annes van Sinderen wie de tredde soan fan Anne Freerks, de weiwurden skipper, en Hendrikje, de dûmnysdochter. Hy waard yn 1749 berne yn Beetstersweach en stoar yn 1818 yn Starum. Syn heit hat er noait kennen en syn mem foel wei doe’t er 18 jier wie. It liket der op dat in neef fan syn mem, dus fan de Halbetsma-kant, dûmny Scipio Halbetsma (1709-1780), de âldste soan fan syn omke Theodorus Halbetsma út Ternaard, Sipke yn it libben wat op wei holpen hat. It rint yn alle gefallen yn it each dat Sipke him yn 1771 fêstigje koe as master-smid yn Holwert, dêr’t Scipio Halbetsma al sûnt 1740 dûmny wie.
In treauke yn ’e rêch
It kin bêst wêze dat de Halbetsma’s - noch sûnder -r - har wol mear as sljochtweihinne bekroadzje woene om de bern fan Hendrikje. Sy wie ommers neamd nei Hendrikje Halbetsma, net allinnich de frou fan dûmny Ulbe Hotses van Sinderen mar ek de muoike fan Scipio Halbetsma. Dêr kaam noch by dat Sipke fansels neamd wie nei syn oerpake, de Scipio Halbetsma dy’t abbekaat west hie oan it Hôf fan Fryslân.
Soks telde wol mei. En wie it net in sneue boel mei dy weirûne skipper? Dat der moast perfoarst in treauke yn ’e rêch komme foar dy bern. Sipke syn broer Ulbe kaam bygelyks yn ’e lear by syn omke Hotse yn Dokkum en fêstige him dêrnei as sulversmid yn Amsterdam. (Allinnich syn broer Hotse woe sa’t skynt net om lyk. Dy wie krekt as syn heit skipper en hy wie de iennichste fan Hendrikje har bern mei in soan dy’t Anne hjitte, nei de houliksbrekker.)
Wat op dat stik fan saken ek opfalt, is dat Sipke in sa op it each geweldige houlikspartner trof. Dat wie de yn 1752 berne Christina Stelwagen, in dochter fan de doarpsdokter (‘meester chirurgijn’) en doarpsrjochter fan Holwert, Johannes Jacob Stelwagen (1729-1806). Hoe’t in foar smid learende jonge út Beetstersweach en de dochter fan in akademysk foarme doarpsnotabele út Holwert inoar troffen liket in riedsel; ek dêr kin it netwurk yn Noardeast-Fryslân fan de Halbetsma’s goed wurk dien hawwe. Hoe’t dat ek wêze mei: op 21 april 1771 troude yn de Ned.Herf. tsjerke fan Holwert smid Sipke Annes van Sinderen mei syn Christina Stelwagen. Nei alle gedachten waard it houlik sletten troch dûmny Scipio Halbetsma himsels (hy gie pas acht jier letter mei emeritaat).
Boppeslach
Sipke like in boppeslach dien te hawwen. De Stelwagens hiene oansjen yn it noarden fan Fryslân. De iene nei de oare Stelwagen wie nammentlik chirurgijn, net allinnich de âlde Johannes Jacob Stelwagen hie dat berop, mar ek dy syn soannen Leendert (1749-1808), Bauke (1756-1829) en Hendrik (1758-1825) en syn pakesizzers Johannes Jacob (1774-n.1816), in soan fan Leendert, en in Dirk, in soan fan syn dochter Janke. De Noard-Fryske Stelwagens stamme wierskynlik út Emden. Neamd wurdt dêr in Johann Adolph Stellwagen – in “aus Mecklenburg gebürtigen Konvertiten” – dy’t syn hûs as skûltsjerkje beskikber stelde foar katoliken. De yn 1690 yn Emden berne Leonardus Stellwagen soe dan syn soan west hawwe. Hy troude yn 1722 op 22-jierrige leeftyd yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert mei Christina Weelingh, de beppe fan Sipke van Sinderen syn frou.
Op it stik fan it leauwe liket it dat Sipke syn sweager Leendert wol wat foar de mennisten fielde. Oft er lidmaat west hat fan de doopsgesinde tsjerke yn Dokkum wit ik net – syn bern waarden yn de Ned.Herf. tsjerke “by de calvinisten” doopt – mar syn soan Johannes Jacobs wie yn alle gefallen wol mennist. Dizze soan wie befreone mei bekende mennisten as de predikant Marten Martens fan Holwert (?-1852) en abbekaat Evert Oosterbaan (1760-1823). Hy gie yn 1798 “een zeer aanzienlijk huwelijk” oan mei de rike menniste Sjoukje Brouwer fan Warkum, it plak dêr’t er ek hinne ferhuze. Dizze omkesizzer fan Sipke van Sinderen wurdt dêr noch sa yn it omtinken holden:
“In 1811, toen ons land een provincie van Frankrijk werd, zweert Johannes Stelwagen, in de herberg onder het stadhuis, trouw aan Napoleon en wordt hij lid van de municipaliteit (stadsbestuur) van Workum. Na de Franse tijd maakt hij ook deel uit van de nieuwe gemeenteraad. In 1813 doet Johannes Stelwagen met succes examen voor vroedmeester. Hij bezit een ‘panwurk’ (dakpannenfabriek) in Workum. Op de erelijst van inwoners van Workum, die zich hebben onderscheiden door ‘kunde, braafheid en vermogen’, staat ook de naam van Johannes Stelwagen.”
En en passant hat er ek noch efkes de mennistegemeente fan Warkum foar de ûndergong behoede… Nei in bulte ynterne strideraasje yn de patriottetiid siet dy tsjerke yn 1811 op swart sied. Under mear in grutte donaasje fan de siktaris fan de doopgesinde gemeente, J.J. Stelwagen, brocht yn 1815 útkomst.
Rampen
Sipke van Sinderen en Christina Stelwagen krigen alve bern, dêr’t fjouwer dalik of heel betiid fan stoaren. En op syn minst trije hellen de 40 jier net. De âldste soan, Johannes, is noait troud. De twadde soan, Hendrik, waard net âlder as 36. De tredde soan, Hotze, krige mar ien bern – Sipke Hotzes van Sinderen (1798-1849), dy’t yn 1845 yn Swol oppikt waard troch de plysje en troch de Maatschappij van Weldadigheid yn Feanhuzen/Ommerskâns fanwege earmoede en ‘landloperij’ tewurksteld waard. De earste dochter, Baukje, ferstoar binnen it jier. De twadde dochter, ek Baukje, krige in bern fan in ûnbekende heit. De tredde dochter, Margaretha, ferstoar binnen twa jier. De fjirde dochter, ek Margaretha, kaam óf yn ’e kream om of hat harsels tekoart dien nei’t har earste soan as jonkje kaam te ferstjerren.
Noch gjin rampen genôch?
De fyfde soan waard neamd nei de woldwaner fan de húshâlding: hy is as Scipio Halbetsma van Sinderen yn de boeken kaam. En stoar binnen twa jier. Mei de sechsde soan waard op ’e nij besocht de dûmny te ferneamen. Wer stoar in Scipio Halbetsma van Sinderen binnen twa jier. Alsa liket it der sterk op dat Sipke en syn frou Christina werklik alles út de kast helle hawwe om harren Halbetsma-ferwant eare oan te dwaan. Mar it lêste bern, Janke Hofmans van Sinderen, neamden se nei in húshâldster… nei de frou dy’t Sipke syn pake, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen te Beetstersweach, fersoarge hie yn syn lêste jierren: Janke Hofmans (in nicht fan de dûmny, mar dat tusken twa heakken).
Wêrom dat wanhopige besykjen om mei útwrydske foarnammen ear te bewizen oan it foarteam? En oan de Halbertsma’s yn it bysûnder? Ut tankberens? Dûmny Scipio Halbetsma wie yn 1780 ferstoarn, in jier foar’t Sipke en Christina foar it earst in jonkje nei him neamden. Of wie it út wanhoop, as in skreau om oandacht? Dy’t de wederwaardichheden fan Sipke syn bern oer in ôfstân fan mear as twahûndert jier hinne besjocht, dy sjocht earmoede, pech, needlot en ûngelok. Hie in lytse erfenis it tij keare moatten, en kaam dy mar noait?
Hoefolle dea kin in mem eins ferneare? Fan de ûngelokkige Christina Stelwagen is my gjin akte fan ferstjerren bekend; nergens wurdt neamd wannear’t sy ferstoar. Dêrom kinne wy der noch wol in slach nei slaan. Yn 1792 betellen de tsjerkfâlden Sipke noch in bedrach út foar izerwurk, mar in jier letter ferskynt der in nije ‘meester-smid’ yn de boeken: Piebe Feddes Stienstra. Sipke wie mei syn dochters Baukje en Janke Hofmans, beukertsjes noch mar, nei Starum ferfearn, dêr’t er him as ‘grofsmid’ fêstige. It leit yn ’e rede dat syn Christina der doe al net mear wie. Oft se in natuerlike dea stoarn is, of harsels fan ellinde en fertriet tekoart dien hat, is net út te meitsjen.
Halbetsma-Van Sinderen myte
Fan harren soannen soene allinnich Hendrik (1773-1809) en Ulbe (1779-1850) de achternamme Van Sinderen ta yn de 20ste ieu fuortsette. De oerbleaune dochters Margareta (1788-1822) en Janke Hofmans (1791-1849) trouden mei Starumer jonges; de lêste bleau dêr wenjen, mar de earste teach mei har man Marten Bartle Heeres (1788-?) nei Den Haach. Marten wie in soan fan de Starumer turfskipper Bartle Heeres Swart en dy syn frou Uilkje Jacobs. Margareta neamde harsels yn it deftige Den Haach ‘Halbetsma van Sinderen’, en liet sadwaande in let wjerlûd hearre fan in tema dat har famylje sa yngeand en sa tragysk dwaande holden hie. Doe’t har soan Hendrik Jacobus Heeres yn 1822 kaam te ferstjerren, folge sy him in pear moanne letter op 34-jierrige leeftyd yn ’e dea.
Wilens hie it Halbertsma-laach him fuortset yn ûnder mear de yn Grou berne Fryske skriuwer Joast Halbertsma (1789-1869) en syn bruorren Eeltsje (1797-1855) en Tjalling (1792-1852). Oft sy of ien fan harren der weet fan hân hat dat yn Den Haach in dochter fan in Van Sinderen libbe dy’t harsels toaide mei harren achternamme, dat wit ik net. Wol wit ik dat Sipke syn dochter Janke Hofmans en har Starumer man Rienks Rein de Jong yn 1818, doe’t de âld grofsmid kaam te ferstjerren, yn ien klap ôfweefden mei de hele Halbetsma-Van Sinderen myte.
De akte fan ferstjerren fan Sipke Annes van Sinderen waard op it stedhûs yn Starum opsteld op basis fan ynformaasje fan De Jong. “De ouders van deze overledene zijn Anne Sipkes, de moeder onbekend,” stiet dêr te lêzen.
Anne Sipkes? Moeder onbekend? Ek nei twahûndert jier hakt sa’n folsleine ûntkenning fan jins heit, fan jins mem en fan de skiednis der noch yn.
[Moarn deel 3]

Abonneren op:
Posts (Atom)