maandag 9 januari 2017

Frysk ûnderwiis - it antwurd op de fragen

Op 5 desimber frege de FNP-Steatefraksje oan Deputearre Steaten ûnder mear om ynformearre te wurden ,,oer de konkrete (smart) doelen, aksjes, tiidpaad en effekten fan it Taalplan Frysk”. En ek om oan te jaan ,,hoefolle skoallen aanst nei dizze operaasje de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk ferbetterje moatte, en hoe’t soks dan dien wurdt”. 

Yn it parseberjocht joech de fraksje oan wat er mei de fragen foarhie en wat it doel fan it Taalplan Frysk wêze moast. ,,Doel is dat learlingen úteinlik oantoanber better Frysk leare. It giet net om in ûntheffing foar de skoalle, mar om in plan dat de bern yn Fryslân it ûnderwiis krije dêr’t se rjocht op hawwe.” 

De antwurden kamen op 21 desimber, in dei foar de súksesfolle manifestaasje yn Ljouwert fan de boargeraksjegroep Sis Tsiis foar better Frysk ûnderwiis. Ik ha yn de kranten gjin delslach dêrfan sjoen en de FNP-Steatefraksje der ek net mear oer heard. Wiene dy antwurden dan ôfdwaande en wie der gjin reden om troch te freegjen? 

Respektivelik nee en ja. Deputearre Steaten witte domwei net cq. litte mei opset sin iepen oft skoallen dy’t ûntheffingen hawwwe wolle foar Fryske leardoelen – sa’n 60 persint fan alle skoallen yn Fryslân! – nei fjouwer jier dy ûntheffingen net op ‘e nij oanfreegje sille. Deputearre Steaten witte ek net cq. litte mei opset sin iepen hoe’t sokke skoallen harren Frysk ûnderwiis sadanich ferbetterje sille dat de ûntheffingen skrast wurde kinne. Deputearre Steaten skriuwe: 

,,By de ûntheffingsferliening wurdt útgien fan in groeimodel: de skoalle krijt troch de tydlike ûntheffing de kâns om stapke foar stapke it Frysk te ferbetterjen sadat by in folgjend mjitmomint idealiter minder ûntheffing nedich is. Ek biedt it Taalplan Frysk de kâns om de skoalle stipe op maat te bieden, ôfhinklik fan wêr’t sy it measte ferlet fan hawwe: neiskoalling, lesmetoaden en/of ûnderwiisbegelieding.” 

Ergo: it Taalplan ,,giet út fan”, ,,biedt de kâns”, sadat ,,idealiter”. Dat is alles. It bliuwt mei oare wurden by hoopjen. Provinsje-amtner Tjerk Bottema sei it op 3 desimber al yn it FD: ,,We hopen dat veel scholen hun doelen dan naar boven hebben bijgesteld.” En, stiet yn itselde artikel: ,,Wel hoopt de provincie de scholen (..) ertoe te bewegen meer te doen voor het vak.” De provinsje hat gjin ferbetterplan, oars as wat Willem Bosma fan de LC op 20 desimber skreau: ,,De provincie hoopt en verwacht dat basisscholen zich in vier jaar opwerken en dan zonder of met een minder zware ontheffing willen doorgaan. Ze krijgen een hogere rijksbijdrage naarmate zij meer kerndoelen in hun plan opnemen.” 

Nuver genôch is fan in ,,hogere rijksbijdrage” as stjoerend beliedsynstrumint yn de beantwurding fan de FNP-fragen gjin sprake. Skoallen yn Fryslân krije in x-bedrach per learling om Frysk te jaan, dat is de bedoelde ryksbydrage. Skoallen kinne dêrmei bygelyks learmiddels oanskaffe, of kursussen foar learkrêften betelje. Mar dy skoallen dy’t no ûntheffingen hawwe wolle, tinke blykber dat it krijen fan dy ûntheffingen winskliker is as it opstriken fan de ryksbydrage – oars hiene se ommers gjin ûntheffingen oanfrege. 

It skermesearjen mei hegere ryksbydragen om skoallen ta better Frysk ûnderwiis te ferlieden sil dus yn it geunstichste gefal in bytsje mear as neat opsmite – hawwe Deputearre Steaten it dêrom net neamd yn har beantwurding? Mear as de helte fan de skoallen krijt ûntheffing en der is gjin plan om dy skoallen te begelieden en te stypjen op wei nei goed Frysk op skoalle - in doel dat foar Deputearre Steaten blykber net de muoite fan in ynspanningsferplichting wurdich is. 

Ynstee fan skoallen te helpen dy't achterbliuwe, wurde se de fakto oan har lot oerlitten - en de bern binne de dupe. Wat tinkt de ûnderwiisynspeksje hjirfan? Dy hat yn 2010 de brut deroan jûn: om’t ryk en provinsje der sa’n binde fan makke hawwe, ynspektearret dy net mear as it om Frysk ûnderwiis giet. In bjusterbaarlik feit dat nei foarren komt út de beantwurding fan de fragen troch Deputearre Steaten is dat Deputearre Steaten ek gjin idee hawwe oft de ûnderwiisynspeksje wol meiwurkje wol oan it Taalplan Frysk. 

Fraach fan de FNP: ,,Graach wolle wy ek witte hokker ôfspraken der yn dit ramt no mei de ûnderwiisynspeksje makke binne of wurde. Kinne jo ús dêroer ynformearje?” Antwurd fan Deputearre Steaten: de ynspeksje wol wol wer in nij rapport útbringe (nei it lêste fan 2010) en ,,dat is mooglik as alle skoallen in Taalplan Frysk opsteld hawwe, dus fan 2018 ôf”. Om koart te kriemen, der binne hielendal gjin ôfspraken. Taalplankoördinator Albert Walsweer (LC, 20 desimber): ,,Oft de groei der wier yn komt, sil ek fan de ûnderwiisynspeksje ôfhingje. Dy wurket noch oan syn beoardielingsramt.” 

Alwer wat dat net foarkomt yn de beantwurding fan de FNP-fragen. De ûnderwiisynspeksje moat blykber noch besjen oft se aansen wól wat beoardielje kin. Want binne de leardoelen dêr’t de skoallen har wól oan ferplichtsje, wol sadanich formulearre dat in ynspeksje der wat mei kin? Dat falt te betwifeljen yn it gefal fan it fak Frysk. Dy leardoelen binne ommers noch dizeniger as mist yn 'e Greidhoeke – wat prate, lêze en skriuwe kinne, en dat dan mei ûnderskate nivo’s, foar net- en al-Frysktalige bern. Oan te nimmen falt dat de ynspeksje dêr inkeld mar wat mei kin as er mei de hân oer it hert strykt en dan yn godsnamme mar wat produsearret dat op in ynspeksjerapport liket. Mar dat, as it om in fak as Nederlânsk gie, as in monstrum besjoen wurde soe yn ûnderwiislân. 

Wêrom dan al dy nivo’s, wêrom dan sokke dizenige leardoelen? Dat is simpel: oars wolle ús Hollânsktalige meiboargers, dy’t ommers in stik minder meartalich binne as ús Fryske, hielendal neat fan Frysk ûnderwiis witte. ,,Waarom moeten mijn kinderen Fries leren?” De draachflak-gedachte. 

Deputearre Steaten skriuwe it noch mar in kear eksplisyt yn de beantwurding fan de fragen: ,,Mei it Taalplan Frysk wurdt boppedat de didaktyske plicht fan skoallen om te differinsjearjen op learlingnivo oan de oarder steld.” Net-Frysktalige bern hoege dêrom minder leardoelen foar de kiezzen te krijen as Frysktalige. By alle oare fakken op skoalle soe elkenien de neamde ,,didaktyske plicht om te differinsjearjen op learlingnivo” belachelik fine en de deastek foar alle klassikaal skoalûnderwiis. Mar hee, dit is Fryslân. 

Hjir kin men fragen stelle sûnder ein – de antwurden bliuwe poater.