It slik-of-stik-programma fan de Ryksoerheid, sûnder protesten oernommen troch Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân, om foar 2020 6000 MW oan megamûnen yn Nederlân hawwe te wollen, wêrfan’t 530,5 MW yn Fryslân stean moat, giet oer alle boegen yn tsjin it Kulturele Haadstêdprogramma dêr’t in grut part fan de Fryske befolking de ôfrûne trije jier entûsjast oer makke en oer rekke is.
In beweging fan boargers fan ûnderop?
Wolnee, sawat alle wynmûneplannen fan Fryslân foar de Wyn komme fan ynvestearringsbedriuwen of fan boeren op syk nei de dikke fertsjinst en mear ôfskriuwingsmooglikheden foar wat de ynkomstebelesting oanbelanget. Om dy plannen te ferkeapjen wurdt besocht de lokale befolking woarstjes foar te hâlden (partisipaasje, koarting op stroomprizen, donaasjes oan doarpsbelangen) – mar dat is heel wat oars as ‘fan ûnderop’.
Wearden sintraal dy’t wy allegear diele? Mienskip?
Wolnee, ‘duorsum’ is yn dit gefal in oar wurd foar ‘goed foar myn beurs’ en wynmûnen binne neffens in hele protte gelearden dy’t it witte kinne sa likernôch de beroerdste én djoerste manier om wat oan it miljeu te dwaan. De driigjende komst fan megamûnen hakt mienskippen krekt midstwa.
Omtinken foar de rike diversiteit fan lânskippen yn Europa?
Wolnee, op tsientallen plakken yn Fryslân sil it unike Fryske lânskip lykskeakele wurde, en fertutearzje yn in anonym yndustrieel lânskip dêr’t alle eigenheid út ferdwynt en dêr’t allinnich de nije Achmeatuorren yn opfalle sille, as arrogante tsjûgen fan wanbelied en as grêfmonuminten op wat oait wat prachtichs wie.
Genietsje fan de harmony fan diken, greiden en wetter?
Wolnee, want der sil gjin ienheid mear wêze om te fieren en noch fierder te ferbetterjen – elk ‘Gefoel fan Plak’ sil útwiske wurde en opoffere oan de Rykstaakstelling.
De Kening fan ’e Greide op it hynder tille as symboal fan Fryslân?
Wolnee: fûgeltsjelân wurdt feroare yn hoe-meitsje-ik-boeren-sa-gau-mooglik-ryk-lân. Skriezen krije klappen fan de molewjuk en ljippen geane net mear oer, mar tsjin de wjuk. Beide falle dea út ’e loft.
De stilte en de tsjusternis fan de nacht fiele?
Wolnee: dy’t de gûlende sirenes en de flitsende strjitljochten fan de stêd ûntflechtsje wol, bedarret yn it ryk fan it leechfrequente lûd fan megaturbines. Dêr’t de stilte fan de natuerlike nacht net mear ûnderfûn wurde kin, dêr’t de stilte net ferdjippe wurdt troch subtile klanklânskippen en flústerjende poëzykuiertochten, mar dêr’t algeduerich it zoef-zoef-zoef klinkt fan de miljarden kostjende SDE+-subsydzjeregeling.
It ferskil tusken it bidbook fan Lwd2018 en de feitlike Fryske polityk wurdt wol héél grut, fine jim ek net, myn mei-Koöperaasjeleden út in griis ferline?
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten