zondag 1 oktober 2023

Moaie ferhaaltsjes en histoaryske mominten. En poëzij


Stean jo my ta dat ik weromkom op in bondel dy’t ik earder yn it Friesch Daglad (‘De bus werom nei Surhústerfean’, 25 july) besprutsen ha: Ien tel de ierde stil, fan Arjan Hut. Soks sil op dit plak gjin gewoante wurde, byleaven net. Mar as der, sûnder twivel ûnbewust, in staaltsje oarlochspropaganda ferkocht wurdt yn de Fryske skriftekennisse, dan is it, tocht ik, wol belangryk om dy sitewaasje wat yngeander te besjen en nei te tinken oer in manier fan dermei om te gean.

De foarskiednis. Hut set boppe in fers: ‘Go fuck yourself, Russian warship’ en skriuwt ûnder mear dizze strofe:

 

            Hâld dizze takomst beet: ivich sinneljocht

            op in middei oan in selsbetochte see. De bern

            ferdigenje har eilân yn de tiid mei plestik swurden.

            Datst se laitsjen hearst: ‘Go fuck yourself, Russian warship!’

 

Efkes earder yn itselde fers waard Baudet (mar net by namme neamd) oer de hikel helle as ‘Putin-slikker’. My gie it allegear krekt wat te maklik, dit stipefreegjen mei byleverjen fan wenstige boeman. Mei ‘de bern’ yn de hjirboppe sitearre strofe ‘bedoelde ik “Zelensky”’, seit de ein fan it fers ek noch. Hut hat it grif sels net yn ’e gaten hân, mar mei dat ‘Go fuck yourself, Russian warship’ glidet er út oer de bananeskyl fan de oarlochspropaganda.

De net hiel poëtyske slachsin boppe syn fers waard op 24 febrewaris ferline jier de wrâld yn brocht troch in Oekraïenske krante, dy’t op ynternet in radio-opname publisearre fan in kontakt tusken in groep fan saneamd 13 Oekraïenske militêren op it lytse Snake Island yn de Swarte See en in Russysk marineskip. De meidieling soe harren stoere reaksje west hawwe op it befel om harren oer te jaan. De dikke finger tsjin de Russen gie as fjouwerjend fjoer troch de westerske mediawrâld, dalik de oare dei.

Want Zelensky himsels sei it: de moedige Oekraïenske soldaten wiene omkaam by Russyske besjittingen. Hy soe se postúm ûnderskiede mei de titel Held fan Oekraïne. Yn Washington joech de Oekraïenske ambassadeur in parsekonferinsje. Alle ferdigeners fan Snake Island, se sei it har baas nei, wiene sneuvele yn in fjoergefjocht mei in Russysk marineskip, nei’t se wegere hiene en stek de wite flagge út.

Suver alle media yn West-Europa en Noard-Amearika leauden it ien op ien. Helden dy’t foar de dea kieze, út leafde foar de nasjonale saak: dit wie in Grykse trageedzje. De autentisiteit fan de radio-opname wie befêstige, sa waard mei opmerklike sjoernalistike krektens skreaun, troch it Oekraïenske ministearje fan Ynlânske Saken (CNN, 25 febrewaris) en in ‘Ukrainian official’ (The Washington Post, 25 febrewaris).

Gjin wûnder, miskien, dat ek dichter Hut it ferhaal ien op ien leaude doe’t in tal Rixt-dichters yn maart ferline jier in jûn hold tsjin Poetin. Minder moai, sjoen de publikaasje yn de bondel fan it fers dat er doe skreau, is dat er it noch hieltyd leaut. Yn myn resinsje fan Ien tel de ierde stil woe ik ûnder mear blike litte dat it gedicht op dat punt inkeld mar de publike opiny neipraat, wat beswierlik jilde kin as poëtysk te wurdearjen literêr engaazjemint. Hut heakket, neist klisjees as ivich sinneljocht, in selsbetochte see en laitsjende bern, yn boppesteande strofe gjin eigen ynfalshoeke ta oan gongbere ûnderstellingen. Sterker noch, hy befêstiget se.

Sok neipraten wurdt noch in kear sa slim as bliken docht dat de gongbere ûnderstellingen hielendal net doge. Sadat wat as poëzij bedoeld is, krimpt ta in mispleatste hertstocht dy’t syn selsútroppen moreel gelyk ûnderwrot.

Mar ek de poëzijresinsinte fan de Leeuwarder Courant, Albertina Soepboer, joech lêstlyn blyk, yn har resinsje fan Hut syn bondel (‘Bidde sûnder god’, 29 septimber), dat se it heldhaftich barren op Snake Island as in ‘histoarysk momint’ serieus nimt. De feiten lykwols wize in oare kant út. Ik tink dat it earder saak is en hâld it fenomeen en de rol fan oarlochspropaganda tsjin it ljocht. Undersykje foarstellingen yn de mediale wrâld dy’t útlânsk of eigen publyk by in oarloch belûke moatte, op oanstean en stjoerd fan stridende partijen en sympatisanten mei belangen dy’t har net goed ferhâlde mei respekt foar wierheid en betrouberheid.

Oer ûnder mear it ‘Fuck you’ ferhaal skreau nota bene de pro-Oekraïenske New York Times al op 3 maart ferline jier, dus noch gjin wike nei de happening: ‘Experts say stories like the Ghost of Kyiv and Snake Island, both of questionable veracity, are propaganda or morale boosters, or perhaps both.’ It Oekraïensk kontingint op Snake Island bestie, in foarbyld, net út 13 mar út 82 man. Net ien fan harren, oar foarbyld, is om it libben kaam. Letter binne se, lêste foarbyld, frijlitten. In oerke googelje, en wat oerbliuwt is in petearke, faaks út in geheime Kyivske studio. Wa sil ’t sizze, as leagens sa maklik rûnpompt wurde kinne, as mearkes sa gau it mombakkes fan nijs opdrukt krije?

Yn Kyiv dogge se mear oan soks as yn Moskou, en mei grut sukses. Bono hat Zelensky mei Saint Patrick ferlike. Sietske Poepjes hat in Churchill fan him makke. In ‘griene’ Dútske minister hat hiel demokratysk te witten dien dat se Oekraïne stypjen bliuwe sil, oft it Dútske folk it dêr no mei iens is of net. It hiele Kanadeeske parlemint joech okkerdeis oan twa kear ta in steande ovaasje oan in 98-jierrige Oekraïenske Waffen-SS’er.

Oarlochspropaganda, lykas elke ideology, lit minsken de nuverste dingen dwaan. It freget om show, tawijing, earbewiis, bekentenis, in publike life-style. Mar dichters, sa tink ik der oer, binne net ien tel op ierde om achter de mannichte oan, of om harsels foar it karke fan dizze of jinge te spannen. Miskien kinne se it pathos fan ’e werklikheid better ûnderfreegje ynstee fan it te ûnderstypjen – hielendal als it giet om oarloch en frede. Of om ‘histoaryske mominten’.