zondag 25 februari 2024

'Quatrebras' as foarbyld? Oer moderne nostalgy nei it modernisme



Ik hie it alris tocht, it earst nei oanlieding fan in suggestje fan Pieter de Groot, dy’t him yn de LC (29 desimber 2023) ôffrege wêrom’t noait in Quatrebras-skriuwer de Gysbert takend krigen hat. En no klinkt sels in streekrjocht pleit yn it febrewarisnûmer fan De Moanne. In pleit, fan Bert Looper, om it tydskrift Quatrebras (1954-1968) mei weromwurkjende krêft te earjen troch it de Gysbert Japicxpriis ta te kennen. Fansels kin dat neffens de regleminten net. Wat ik tocht wie: de nostalgy slacht wer ta.

Beide auteurs sil it net iens gean om de suggestje of it útstel op himsels. De iennichste echte Quatrebras-auteur dy’t de priis miskien fertsjinne hie is Hessel Miedema en dy is yn 2019 ferstoarn. En wa’t wolris in ôflevering fan Quatrebras yn hannen hân hat, dy begrypt wol wêrom’t dat tydskrift nettsjinsteande syn soms nijsgjirrige pielen mei byldzjende keunst net werklik furoare makke hat. Net mei syn foarkommen fan stensild skoalkrantsje en syn gauris deplorabele besykjen ta ‘eksperimintele’ poëzij en proaza.

Wêrom dan dochs foar de kreamen mei sokke oanslaggen? It komt op jin oer as wolle  de útstellers mei har stikjes yn LC en De Moanne lucht jaan oan in beskate ûnfrede dy’t se fiele by Fryske literatuer yn it algemien, en by dy fan de ôfrûne desennia yn it bysûnder. ‘Fryslân kin noch net driuwe op de ile azem fan de eksperimintelen’, lit De Groot Gysbert-advyskommisjelid Gerben Brouwer yn 1961 sizze, en men heart him tinken: wat in omkoal. Brouwer typearret er as in ‘tradisjoneel dichter’, dy’t it net iens wurde koe mei syn mei-kommisjelid Marten Brouwer, gjin famylje, oprjochter fan Quatrebras. Marten Brouwer woe Jelle de Jong de priis ta hawwe, de man dy’t doe sjoen waard as de belangrykste fertsjintwurdiger fan de ‘eksperimintele poëzy’, skriuwt De Groot. ‘Mar oaren hiene leaver in lyrikus as Marten Sikkema.’

De Groot gunt De Jong en gefolch in ‘eareplak’ yn de permaninte tentoanstelling dy’t Tresoar oan it tarieden is. Dat is dreech oars te lêzen as in befêstiging, sechstich jier nei dato, fan it selsbyld dat de Quatrebras-skriuwers kommunisearren. It byld as wiene sy de grutte fernijers - wer sa’n wurd - dêr’t de saaie en statyske of sels ûnderdrukkende Fryske literatuer yn de sechstiger jierren op siet te wachtsjen sûnder it yn ’e gaten te hawwen. Je fiele in kromke wrok yn dat selsbyld, in gefoel fan ûnrjocht: ‘de tradisjonelen’, de achterbliuwers, se wolle ús ynternasjonale poëzij net serieus nimme. Lês it ôfskiedsfers fan Hessel Miedema.

Wa’t leauwe wol yn in swart-wite wrâld moat it net litte. Feit is dat de Gysberts yn ’e sechstiger jierren takend binne oan skriuwers en dichters fan ûnwittend grut belang: Jan Wybenga, Jo Smit, Trinus Riemersma. En ûnoffisjeel oan Operaesje Fers. Wa sil sizze dat dat gjin eksperimintelen wiene? Dêrom soe men fan tinken wol ha kinne, soe it derom gean dat de literatuer yn ús eigen tiid ferlet hat fan revolúsjes of de skyn derfan?

Yn 2009 like it dêr al in bytsje op. ‘Mei Anne Feddema set de literatuer de finsters iepen foar fernijing’, sei deputearre Jannewytske de Vries doe op de útrikking fan de Gysbert oan Feddema. De advyskommisje, mei De Groot oan it wurd, priizge it fermogen fan de dichter om himsels hieltyd te fernijen. Hy makke sels nijfoarmingen. Hy wie in ‘ûntdekkingsreizger’ en syn wurk wie ‘in wyld streamende rivier, dy’t earne, faaks wol by Dada, ûntsprongen is’.

As literêre analyze wie dat allegear net bedoeld, it wie in komplimint foar de eigen oertsjûging, literatuerhistoarysk oant 1961 werom te folgjen, dat Fryske poëzij avontuerlikheid en boartlikheid mist. Reidhintsje op ’e Styx wie wiswier in nijsgjirrige bondel, mar bekroaning derfan wurdt hoe dan ek in diskutabel literatuer-polityk statement as je efkes neigean wa’t yn 2009 nét útferkeazen waarden om de priis yn ûntfangst te nimmen. Ik doch in graai, net tafallich allegear dichters mei doe al trije, fjouwer of mear bondels op har namme: Wilco Berga, Tsead Bruinja, Eppie Dam, Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Aggie van der Meer, Jacobus Smink, Albertina Soepboer. Ut dat rychje hawwe trije de priis letter noch wol krigen, mar it punt sil wilens wol dúdlik wêze: yn 2009 skoarden al dy reuzen neffens de advyskommisje te leech op de Quatrebras-lookalikes-ranglist.

Fan itselde lekken in nostalgysk pak is Bert Looper syn stik yn De Moanne fan febrewaris. It beslút dramatysk mei: ‘Nee, wy kinne allinnich fierder yn Fryslân as Quatrebras dochs noch de Gysbert Japicxpriis krijt’. Quatrebras is foar Looper in symboal foar ‘de jierren sechstich, doe’t Fryslân de takomst yn sprong’. Bedoeld wurdt, doe’t op ien of oare manier de al dalik frij kânsleaze myte ûntstie dat Fryske dichters as Jelle de Jong, Marten Brouwer, Steven de Jong of Sybe Sybesma bewiisden dat ús poëzij by de tiid wie, by de Nederlânsktalige dichtkeunst oansleat, en sadwaande syn eigen manifestaasje fan ‘Fyftich’ hie. Mar om jin nei al dy desennia noch in kear ostentatyf by dat byld oan te sluten? Alwer kin hjir gjin praat wêze fan analyze, of fan ûndersyk dat fierder giet as it rikken nei wurden foar in beskate ûnfrede mei de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei: wy kinne allinnich fierder…

By Looper liket dy ûnfrede foaral ynjûn te wêzen troch syn belangstelling foar gearwurking tusken literatuer en byldzjende keunst. De sechstiger jierren wiene neffens him ‘in perioade yn de Fryske kultuer dy’t op it mêd fan ynternasjonale oriïntaasje nea syn gelikens wer fine soe’, en yn dat ramt sjocht er ek nei Quatrebras:

De Fryske literatuer en byldzjende keunst gongen ek in spannende relaasje mei inoar oan yn it tydskrift Quatrebras, dêr’t ferskate ynternasjonale keunstbewegingen – Nulkunst, byldzjende poëzij – yn opnaam waarden en dêr’t ek wiidweidich yn eksperimintearre waard mei ynhâld en foarm.

Mar de spannende relaasje mislearre, Quatrebras waard opheft ‘en literatuer en keunst giene útinoar’. Fryslân, skriuwt Looper, keas yn de santiger jierren foar ‘keunst dy’t de Fryske identiteit fersterke’, ta skea fan literatuer en byldzjende keunst beide:

Dat is spitich, want krekt de keunst dy’t kleuret bûten de linen fan it Fryslân dat troch de polityk en de toeristyske sektor ferordonearre wurdt, kin it petear oer de takomst fan de Fryske kultuer en kultuer (sic) yn Fryslân enoarm ferrykje.

‘Cross-overs mei oare dissiplines’ wiene troch tadwaan fan it ‘skerp begrinzge literêre domein’ en syn ‘Alleingang’ nei 1968 langer net mooglik. As ‘wichtichste diskusjepunt’ stelt Looper ferfolgens de fraach ‘hoe’t kultureel Fryslân him ûntwikkelje moat om sa sterk mooglik te stean yn kwaliteit en draachflak’. It giet him mei syn histoaryske eksersysjes dus eins om in blykber as problematysk ûnderfûne stân fan saken yn de Fryske literatuer fan hjoed-de-dei. 

Syn resept: de isolearre Fryske literatuer, mei syn ‘ûnfermogen om te ferbinen mei kânsrike ûntjouwingen lykas Kulturele Haadstêd’, moat no einlings in kear ôfrekkenje mei ‘de ferstikking fan it Fryske bewustwêzen’ en oanknoopje by ‘baanbrekkende keunstfoarmen’, bedoeld wurdt, foarmen yn de ynternasjonale byldzjende keunst. Wat grut foarbyld Quatrebras neffens him besocht hat.

Sokke lippetsjinst oan Kulturele Haadstêd ferjit foar it gemak it feit dat it krekt de artistike lieders fan Kulturele Haadstêd wiene dy’t ‘ûnfermogen om te ferbinen’ etalearren. Earst al doe’t Siard Smit it grutte projekt fan in reizgjende kultuerkaravaan mei in protte omtinken foar Frysktalichheid ôfskeat, ferfolgens doe’t de ynternasjonale sykljochten inkeld Tsjêbbe Hettinga silliger fine koene om op te skinen, en nochris doe’t bliek dat alle alve fonteinen troch bûtenlânske hannen makke wurde moasten. Fryske literatuer keas yn 2018 net foar isolemint: Fryske literatuer waard yn it isolemint dreaun. 

Op it twadde plak: nettsjinsteande Looper syn ‘ferstikking fan it Fryske bewustwêzen’ nei 1968 krigen Jan Wybenga en Reinder Rienk van der Leest, twa fan de belangrykste ‘eksperimintele’ Fryske skriuwers yn de santiger jierren, de Gysbert Japicxpriis takend. Yn respektivelik 1977 en 1981. En op it tredde plak de fraach dy’t Looper hielendal net beantwurdet: wat is der presys sa ferskriklik mis mei de Fryske literatuer yn ús eigen tiid, dat er traktearre wurde moat op sa’n anagroanistysk oanklaaide Quatrebras-shockterapy?

Steller skriuwt dat er it belang fan ‘kwaliteit’ en ‘draachflak’ op it each hat. Syn werklike boadskip is lykwols dat keunstfoarmen dy’t inkeld de Fryske taal brûke, harsels marzjinalisearje yn in hieltyd fierder ûntfryskjende kulturele wrâld. Syn werklike probleem is net de slettenens fan it ‘Fryske bewustwêzen’: it is it ûnfermogen fan in hieltyd gruttere groep net-Frysktalige minsken yn Fryslân om Frysk-literêre teksten op wearde skatte te kinnen.

Lizze wy no efkes in lyntsje nei Looper syn eardere direkteurskip fan bibleteek, argyf en museum Tresoar, in ynstelling dy’t relaasjes ûnderhâlde moat mei dyselde hieltyd gruttere groep net-Frysktalige minsken yn Fryslân dy’t Frysk-literêre teksten net op wearde skatte kinne. Minsken dus dy’t je mar better byldzjend wurk foarhâlde kinne, want dat begripe se gauwer. Dan wurdt dudlik dat wy hjir te krijen hawwe mei in sterk ynstitúsjoneel ynspirearre tinkramt en in auteur dy’t hiel wat dichtwurk eins it leafst yn ûnderbeljochte hoekjes weisette wol. Buordsjes derby: ‘Tink derom! Frysk bewustwêzen!’

It hjirboppe beskreaune weachje fan literatuerhistoaryske nostalgy nei modernistysk avant-gardeboartsjen, soe it net ferbân hâlde mei de tentoanstelling aansen yn Tresoar, dêr’t grif it folle ljocht falle sil op de ‘Quatrebras-generaasje’? En dat is my fierder bêst, mar sok útljochtsjen giet altyd tegearre mei fertsjusterjen, en dat is faak wol wat in probleem. Sa’n tentoanstelling is in literatuerpolityk ynstrumint troch syn dûbelrol yn literêre kanonfoarming: toand wurdt wat belangryk fûn wurdt, en belangryk wurdt wat toand wurdt. Foar’t je begjinne mei je ljochtplan foar in tentoanstelling oer Fryske literatuer is it dus wol tsjinstich om earst te betinken wat dat krekt ynhâlde moat, ‘belangryk’?

Al mei al wol it idee net by my wei dat de lytse Quatrebras-revival op net folle oars rêst as langstme nei tiden fol ‘fernijing’ en ‘ûntdekking’. Dus, foar my, nei de tiid fan heit en mem en pake en beppe, doe’t literêre opskuor en rebûlje noch bestiene, en doe’t nije foarmen noch troch âlde mallen hinne brutsen, en doe’t… It is fansels simplifisearjende reklametaal. In ynspyljen op de algemien werkenbere emoasje - dy’t sterker wurdt neigeraden je âlder wurde - dat it libben eartiids better, fluïder of krekt heftiger, en yn alle gefallen hiel ‘oars’ wie as tsjintwurdich. We want that literature back

Fan de weromstuit sjocht men langer net wat allegear wol net foar jins fuotten leit oan Frysk-literêre ‘keunst dy’t kleuret bûten de linen fan it Fryslân dat troch de polityk en de toeristyske sektor ferordonearre wurdt’. Gjin wûnder: Bloedprikke is noch hieltyd net besprutsen yn de LC. En om by Looper syn terminology te bliuwen: ek tink ik dalik oan baanbrekkend wurk fan skriuwers as Elmar Kuiper en Sipke de Schiffart.

Myn advys soe wêze om sawol fierder út te zoomen as fierder yn te zoomen. De nostalgy de nostalgy te litten en ris te sjen oft net it wurk fan elke serieuze dichter op syn eigen eigenwize wize fernijt, fuortset, yn opstân komt, ôfbrekt, opbout. Mar miskien ek ferslyt en ûnsichtber makke wurdt, bywannear't kanonfoarming, mei syn tiidbûne blinens, syn kultuerkommersjeel seksappeal en syn multymediaal ferspriedingsapparaat, ûndraachlike, want anty-literêre foarmen oannimt.


zaterdag 17 februari 2024

Bij de dood van Aleksej Navalni



Tsja... het lijkt me eerlijk gezegd nogal onwaarschijnlijk dat Poetin er achter zit... Laten we, in afwachting van opduikende bewijzen, eerst eens wat vragen stellen. Een goede, maar immer meer in onbruik gerakende gewoonte, zo lijkt het.

Bijvoorbeeld: waarom zou de Russische president een politieke opportunist (ex-extreemrechts), die de laatste jaren meer bekendheid in het Westen dan in Rusland zelf genoot, en die uit Poetins oogpunt gezien veilig en wel opgeborgen was, uit de weg laten ruimen? En dat nog bekend laten maken ook? Hem tot een martelaar maken? En in een adem door een wereldwijde anti-Russische mediastorm veroorzaken? Een maand voor er verkiezingen in Rusland plaatsvinden? 

Voorlopig lijkt het me net iets aannemelijker dat Navalni is overleden door natuurlijke oorzaken, of dat Oekraïense inlichtingendiensten, al dan niet met hulp van buiten, het soort symbolische wanhoopsdaad hebben verricht waarop ze patent hebben als het om Russische publieke figuren gaat.

In dat laatste geval is de timing perfect. Het NAVO-fort Avdiivka valt as we speak, de Amerikaanse Republikeinen houden ruim 60 miljard dollar voor Zelensky tegen, Poetin heeft net een 200 miljoen keer bekeken interview met Tucker Carlson gedaan - stuk voor stuk forse tegenslagen voor Oekraïne. En niet te vergeten: het licht valt nu even niet op Bidens geklungel met betrekking tot Israël en Gaza.

Natuurlijk wijzen ‘onze’ politieke leiders naar het Kremlin. Natuurlijk luiden ze de alarmbel over ‘de democratie’. Ze zouden wel gek zijn als ze het niet deden. De dood van Navalni is een uitgelezen kans om de publieke opinie in het Westen opnieuw te mobiliseren, met als doel om nóg meer Oekraïners te laten sneuvelen in een oorlog die Kyiv niet kan winnen. Een meevallertje bovendien om onze portemonnees weer eens flink te grazen te kunnen nemen. Want wie zal zich nu nog durven keren tegen torenhoge defensiebudgetten om ‘de Russische dreiging’ te stoppen?

Dat zijn zomaar wat (ik geef toe: nogal voor de hand liggende) kanttekeningen bij de persoonlijke tragedie die Navalni heet. Zulke kanttekeningen zet ik toch net iets liever dan de behaagzieke maar voorbarige emotionele kretologie te debiteren die ik op sociale media voorbij zie komen: ‘schoften’, ‘dat dit de lont in het kruitvat mag zijn’, ‘ons moedertje / heeft alweer een kind vermoord’, enzovoort.

Maar ja, ik ben dan ook, behalve dichter: journalist. 

Journalist van het type dat zich afvraagt waar de publieke verontwaardiging eigenlijk was toen begin dit jaar de Oekraïne-kritische Amerikaans-Chileense journalist Gonzalo Lira in Kyiv onder verdachte omstandigheden om het leven kwam. Lees: mogelijk werd vermoord door Zelensky’s geheime dienst. Het type dat in een reflex al die rapporten van Amnesty International, Human Rights Watch en de OVSE over al die moorden, martelingen en andere schendingen van mensenrechten in Oekraïne sinds 2014 erbij pakt.

En ook het type dat zich afvraagt waarom het leven van WikiLeaks-oprichter Julian Assange – een minstens zo interessante dissident als Navalni - al bijna twintig jaar tot een hel wordt gemaakt zónder dat onze betrokken dichters er ooit naar taalden. Het antwoord is, vrees ik, simpel: omdat in zijn geval de boosdoeners niet als verdachten in Mordor verblijven, maar als daders in vrijheidsparadijs Washington.