Jan wie in flinke boeresoan,
Mar woe yn ’t stik fan frijen
Wol graach in bytsje deftich oan.
Net mâle bang en mijen,
Sa krige er wrychtich yn ’e stêd
Mei ’n boargerdochter knap en glêd
De fêste frijerije klear.
Doe stapte er as in banjerhear.
Hy hie yn Ljouwert gâns ferkeard
En op ’e Frânske skoalle;
Sa hie er stedsmenearen leard
En wie gjin boerekoalle;
Hy klaaide ’m ek net as in boer.
Amice, sivoeplê, bonsjoer
En mear sok grienmank brûkte hy,
Mei ’t Ljouwter Hollâns-Frysk derby.
Wie ’t fanke heel beskaafd en fyn
Yn praten en menearen,
Hja hie der gjin wjeraksel yn
Mei Jan har t’ angasjeeren,
Want Jan syn âlde hie de romt
Fan moppen – guod dat noait miskomt.
Hy wûn noch stadichoan wat oer,
Al libbe er deftich foar in boer.
’t Wie op in snein, de hele stêd
Pronke yn ’t moaiwaar by ’t simmer.
De beammen stiene tsjok yn ’t blêd
En dêr krioelde ’t jimmer
Fan fûgelguod, dat fleurich wie
En likefolle wille hie
As ’t stedsfolk, dat yn sneinse klean
By klibers kaam nei bûten gean.
’t Wie swart fan folk op ’t Núnderpaad,
Sa ek op ’t Spanjersdykje.
Op ’t Bolwurk hie men ’t moai yn ’t skaad,
Dêr woe men graach om sykje.
De Prinsetún siet amper fol;
Nei ’t tsjerkhôf gyngen ek guon wol;
Op Bontekoe of Huzum ta:
Elk woe de bûtenloft mar ha.
Jawis! as men op ’e Húz’mer lean
Of efter de Hoven kamen,
Dêr koe men op ’e hollen gean.
Geringen en foarnamen,
Fan alles seach men troch elkoar
Dêr wrimeljen, en elk foar oar
Hie wille; Ljouwert rûn heal leech,
Gjinien bleau yn syn strjitte of steech.
Ek Jan gyng nei syn fanke ta.
In kuierke te meitsjen,
Dêr soe se, tocht er, sin oan ha.
Hy miende ’t moai te reitsjen,
Hja siet te wachtsjen yn ’e klean.
Hy sei, by ’t ta de doar útgean:
,,Wat kant út nou mar alderearst?
Wat loopke haget Mine meast?”
,,Wat ben je laait!” wie ’t earste wurdt
Dat Jan te hearren krige.
Hy sei:
,,Ik rûn oars wakker hurd,
Ja, haast’ge ha ’k my tige.
Nou Mine, sis, wêrhinne nou?”
,,My eender; dat laait ik an jou.”
,,Dan op nei Huzum mar”, sei Jan.
,,Naar Huzum? Ghut! Wat is daar an?”
De mûtse stie net al te bêst.
Hja hie mei moeke tige
In poas oan ’t kiezzebiten west
En lang har sin net krige.
Jan ergere dat net, hy sei:
,,Nou woll’ we dan de Swartewei
Utgean en ’t Kamstra’s-paad wer om
Nei ’t Fliet?” It wie al wer: ,,Och kom!”
,,Dan om ’t nij tsjerkhôf hinne op
Nei
De Trije Dikketonnen
En sa wer nei de Stienzer wei?”
,,Och ghut! Daar skynt de sonne
So hetsich op dat flakke land.
Of sien je graach dat ik ferbrand?
’t Is oek so’n erch ferfelend pad,
Ik su geen minder wete as dat.”
,,Of woll’ je leaver ’t rintsje ha
Lâns klear ferfrissend wetter?
De trekwei út nei ’t Fierhús ta,
Is dat nei jo sin better?”
,,Skei út! Die trekeg loopt so min.
Daar binne groate gatten in
En stienen; ’k loop myn futen sear
En ’k hê moarnfroech geen skunen mear.”
,,Lit dan ús yn ’e Prinsetún
Wat ond’r ’e beammen rinne.
En wurd’ je wurch, wy sykje dan
In nochlik plak, dêr kinne
Wy sitten gean sa lang ’t ús lêst.”
,,Die Prinsentún, dat mierenest
Kan ’k drome, so faaik hê ’k et siën,
Wel honderduzend maal misskien.”
,,Dan leaver nei de Marsumer dyk?
’t Is my allike folle
Of om ’e grêft by ’t breafabryk?
Ik wol sa ’t jo mar wolle.”
,,Och”, sei se, ,,’k weet niët wat ik wil.”
,,Nou Mine, dan wit ik hoe ’t sil.
Dit kuierjen wurdt neat mei ús,
Ik bring dy wer by moeke thús.”
Net folle praatsjes mear; hy brocht
Har wer by moeke binnen,
En foar dat Moeke of Mine ’t tocht,
Wist Jan der út te rinnen,
En wilens momp’le er: ,,Sinnich pyst!
Rin nei de Frânsen! ik doch wiist
As ’k dy by moeke bliuwe lit.
’k Wit nou wat duveltsje yn dy sit.”
Jan wie net helendal poergek.
Hy mocht in fanke fine,
Sa fynbeskave net, mar ek
Sa sinnich net as Mine;
Dêr is er f’line jier mei troud.
As Mine nou har dwersens rout,
Het moeke grif in swiere striid.
Jan murkbiet krekt har op ’e tiid.
Ut en thús (1880) 147-151.
donderdag 29 november 2018
woensdag 21 november 2018
DE WALING DYKSTRA LEZING
frij oer te nimmen
WAT NO, FRYSKE KULTUER?
Dat, sa leit it lân der sa likernôch hinne:
- striemin of non-eksistint Frysk ûnderwiis;
- gjin universitêre stúdzje Frysk;
- gjin Frysktalich wykblêd;
- gjin Fryske literatuer dy’t noch wat foarstelt;
- gjin lêzers foar Fryske boeken;
- gjin kennis fan Frysk ferline;
- gjin debat oer in Fryske takomst;
- gjin belang by Fryske kultuer.
Rot op nei dyn eigen lân.
O ja. Ferjitten. Der moatte ministearjes komme. En autonomy. En ‘makkers’ dy’t wat meitsje. En projektsubsydzjes mei effekt. En de minsken moatte dochs foaral Frysk prate mei har bern. (Dat moasten se om 1900 hinne ek al.)
Nei it rampjier 2018 – it rampsillich jier fan miste kânsen, noch mear kommersy, noch mear populisme, noch mear lykskeakeling – komt it krúspunt. Rjuchtút leit ûnlân. Rjochtsôf wachtsje de pompeblêdklompen. Linksôf, dat is in oar ferhaal, miskien.
Yn maart binne der ferkiezingen. In minimumprogramma:
– foar in grut oantal oerheidsbanen wurde Fryske funksje-easken ynfierd;
– it Frysk ûnderwiis is folle earder as krekt yn 2030 ynoarder;
– de provinsje set swier yn op in folweardige stúdzje Frysk yn Grins;
– Fryske media stappe mei-inoar yn in Frysk wykblêd (papier/ynternet);
– der komt in algemien Frysk ynboargeringskursusprogramma mei dúdlike foardielen foar dy’t der oan meidocht en slagget.
Al it oare is praat om ’e nocht foar eigen foardiel.

Abonneren op:
Posts (Atom)