maandag 29 december 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: besprek fan 'Fallend ljocht' en 'Man en mem'


(..) 
Elske Kampen en Eppie Dam binne beide tige ‘talige’ dichters, wat safolle sizze wol as dat se gebrûk meitsje fan de muzikale mooglikheden (klank) fan de taal om harren fersen fierder te bringen. Kampen har hânskrift is dêrby meast sacht, rûn en ynhâlden. ‘Sy hat har klanken fyn as ieren yn myn kiel dellein,’ seit treffend de fjirde strofe fan it titelfers ‘Man en mem’. Dy toanhichte past goed by it yntrospektive karakter fan har dichtsjen, it aloan sykjen yn de binnenwrâld fan de ik-dichter nei eigen identiteit en skiednis. In bûtenwrâld bestiet amper yn Man em mem

Hoe oars is dat by Dam, dy’t mei syn like muzikale mar hoekiger taal earder bout as sjongt, yn syn lûd dat folle mear op de wrâld rjochte is en dêr wjerklank fine wol. Dat blykt fansels benammen út it twadde en tredde skift, oer de tebroazeljende tsjerkemuorren (‘Moat ik gjin hûd yn dizze skuorren sjen, / in hân, de holle, alles wat Tiid feroaret, / it útsongen liet om behâld al ferlern?’) en oer de freonen en ynspiraasjeboarnen. Oer de jong ferstoarne Russyske dichter Boris Ryzji: ‘Sigeunerfrou koe al fertelle / dat him de dea gau fine soe: / it wie har dizebol glêshelder / dat ien mei bergen wat en hoe / net al syn dagen fierder koe.’ 
(..)