zaterdag 31 augustus 2013
De Bibleteek, it suffertsje en de Gysbert
't Is wer fraai. De Bibleteek hat, yn it lân dêr't hjir en dêr noch wat Bryks praat wurdt, it pleatslike suffertsje opdracht jûn om "immen" in stik skriuwe te litten oer de nominearre Gysbertbondels en har of syn foarkar oan te jaan.
Dy "immen" is Josse de Haan wurden. Lês it stik op www.ensafh.nl. Dan witte jo dalik wêrom't de subsydzje foar ensafh mar better ôfskaft wurde kin.
Fan redaksjonele begelieding ha de redakteuren dêr noch noait heard, sa liket it. Dat in skriuwer syn oardielen en foarkarren heart te ferantwurdzjen mei wat oare begripen as "apart" (ja, werklik!) en "konservatyf" (hea), dêr witte se by ensafh neat fan. Gelokkich ha ik gjin wille mear fan it delsabeljen fan kwasy-literêr boarrelpraat. Dat skeelt my wer oeren.
Yntusken sinjalearje ik wol efkes dat gossipskriuwer J. de H. no wierskynlik mear (subsydzje)jild oerhâldt oan de Gysbert 2013 as de nominearre dichters sels. Mar och, der is dochs hast net ien mear dy't dy Fryske poëzijskriuwerij wat skele kin, dus wat soe it.
En o ja, ferwize nei auteurs dy't guon saken (froulju en de Gysbert) folle earder melde as josels hearde oait ta de mores. Ek net mear. En ek dêr hat ensafh gjin ferstân fan, docht bliken.
Aansen Piter B. en Jelle van der M. ek noch mar in stikje skriuwe litte oer harren Gysbert-foarkarren, tink? It is wer kopij ommers. Of hâlde dy net mear in referaat op de jûn dat ik tafallich oars beset bin?

vrijdag 30 augustus 2013
donderdag 29 augustus 2013
dinsdag 27 augustus 2013
Woansdei yn it Friesch Dagblad: Noorderlicht nei de besunigingen
Woansdei yn it Friesch Dagblad in hele side oer de kommende jubileum-edysje fan Noorderlicht. Diskear net yn de Der Aa-kerk mar yn de âlde sûkerfabryk oan de westlike râne fan de stêd Grins. Hoe rêdt Noorderlicht him nei in besuniging fan 40 persint op it budzjet? Kurator Wim Melis:
“'We zaten altijd rond de 15.000 bezoekers, maar nu wordt het natuulijk spannend om te zien of het publiek z’n weg naar de suikerfabriek zal vinden. Wat dat betreft heb ik goede hoop. Vorig jaar vond de hoofdtentoonstelling van de manifestatie plaats in het Museum Belvédère in Oranjewoud, terwijl we normaliter in Friesland in het Fries Museum exposeerden. Dat was toen wegens de nieuwbouw en de verhuizing gesloten. Achteraf was het geen enkel probleem.'
'Dat Noorderlicht dit jaar niet in de Der Aa-kerk zit, zoals gewoonlijk, heeft te maken met, natuurlijk, de bezuinigingen. Voor de Der Aa-kerk moet namelijk huur worden betaald. “Nu maken we een frisse start op een andere locatie'.”

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Fries Museum krijt te min stipe
Woansdei yn it Friesch Dagblad foar de twadde kear nei de fakânsjetiid wer in Skroeier. Diskear oer de ûngelikense behanneling fan de trije noardlike provinsjale musea troch de belangrykste jildsjitters:
"Op 13 september iepenet it nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein, sis mar gewoan it Saailân, de doarren. It gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Hubert-Jan Henket en oan meibetellle troch arsjitekt Abe Bonnema (1926-2001) is sûnder mis in pronkje en jout it stedsplein fan Ljouwert tegearre mei de nije winkelwand oan de noardkant alluere. De stêd kin der mar grutsk op wêze.
Tryst is, oan de oare kant, it sunige gesicht fan de provinsje Fryslân as it op de sinteraasje foar it museum oan komt. Om’t it mei de bestuivering fan de eksploitaasje net helendal neffens de ferwachtingen rûn, moat it spiksplinternije museum dalik al minsken dien jaan. Dat is in bittere pil foar it meast komplete regionale museum fan Nederlân. En foar de ynwenners fan Fryslân."

maandag 26 augustus 2013
zondag 25 augustus 2013
Kingma State
De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' yn 1786 oer Kingma State by Sweins: "ook de cingel eindigt van de aanzienlyke State Kingma, weleer Kinjum, die voor deezen, volgens Winsemius, galg en rad voerde. Deeze plaats is nog heden in wezen, en bestaat uit een zeer schoon gebouwen hovinge, heden in eigendom toebehoorende aan den Wel Ed. Geb. Heere J.M. van Beima thoe Kingma".
Ofbrutsen 1864; tekening A. Martin, jier ûnbekend.
zaterdag 24 augustus 2013
vrijdag 23 augustus 2013
maandag 19 augustus 2013
Ferhaal helje
’t Stjelpdak ynstoarten, as woe de hearemyt
romte foar syn tilleskoop. By ’t simmer
rabbet heech raaigers oer de muorren,
mar hjoed is der gjin petear. Ald krûpt
in winterwyn nei de doar, lette post waait
nei de útbrânde sleat. In púnfal oan in
paad dat dearint. Ein fan in ferhaal.
Blynseach hinget de Skandinavyske himel
boppe keamers dêr’t protter en mosk
wer tûkjefleane sille. Hieme roken bringst
thús – de feart, hea, strie. In fluts sûkerbyt.
Al foar it waaien faai stie doe de pleats
mei it bleakere húske, de bril wittelang
sûnder bleat fleis dêr’t de see fan yt.
Yn ’t bûthús, staketsel fan ferjiske balken
op stien, diggels glês, it losse kramtried
dêr’t it hynder brinzge, it kobist kealle,
de klúzner yn de skomjende molke spuide
by skyn fan kears en oaljelampe, yn dit
langer net te fertimmerjen ynferno bist stil,
oant de fret slyt, dêr’tst ferhaal op hellest.
Dy’t hjir wenne joech net earder belies
as nei syn tachtichste; stedske dochters
droegen skroeide bonken ta de foardoar út.
Neamdest dyn faam de nammen fan de stjerren
op it plak dêr’t sy in krúk tusken skonken
nachts stammeren, al heal yn sliep.
No lêst fergiele kranten. Yn ’e hoeken snie.
(Ut: In waarm wek altyd, s. 15)

zondag 18 augustus 2013
donderdag 15 augustus 2013
Is 'Frysk' in wurd om bang foar te wêzen?
De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit fan Erik Betten is in helder boek dat ik lykwols healwei ferfeelsum begûn te finen en dat ik úteinlik wat teloarsteld tichtslein ha. Dat lei net oan de skriuwerskwaliteiten fan Betten mar oan syn ûnwil om it ûnderwerp fan mear as ien kant te beljochtsjen.
Ideeën oer Fryske identiteit kinne mar better net relatearre wurde oan bloed, genen, taal, skiednis of lânskip, wurdt de lêzer foarhâlden – mar wêr’t it dan wol mei te krijen hat? Dêr hat Betten neat bysûnders oer te bewearen. Ja, dat elk minske syn kollektive identiteit wer oars oanfielt en formulearret. Miskien in feilich, mar ek in neatsizzend en net in bjuster aventoerlik boadskip.
Betten is goed yn it oanwizen fan identiteitsuteringen dy’t hielendal of heal en heal weromgeane op belangen, winsken, romantyske wanen en wittenskiplik misbegryp. Foar in lêzer dy’t wolris faker in boek oer ‘invented traditions’ ynsjoen hat, is hjir net in protte wille oan te belibjen. Leaver hie ik in mear rapportearjende ferhanneling lêzen, oer hoe’t minsken harren ‘Fries-wêzen’ belibje, en hoe’t se dat dochs ek faak relatearje oan krekt dy tjustere saken dêr’t Betten ús yn byljochtsje (en Ferljochtsje) wol.
Taal, skiednis en lânskip spylje in oerhearskjende rol yn de kollektive identiteitsbelibbing fan in protte minsken yn de provinsje Fryslân. Myn ûnderfining en dy fan in protte oaren seit dat dat no ienris werklik, yn de praktyk, sa is. It boek fan Betten besiket ús te ferdútsen dat sok belibjen âlderwets, ûnterjochte en in bytsje dom is, mar it is dêrby wat iensidich yn syn opset.
Op it foarste plak makket it net ynsichtlik wat no presys dizze fjildtocht needsaaklik makket. Stiet it Frysk Nasjonalisme foar de poarten? Wurdt de Fryske befolking mobilisearre mei like útwrydske as ynfloedrike bloed-en-boaiem ideeën? Je soene it hast tinke, mar gelokkich, dêr jout it boek gjin oanwizingen foar. Op it twadde plak lit Betten ek net sjen hoefolle positive aksje en enerzjy ûntstiet en ûntstean kin út ideeën, ek út âlderwetse ideeën, oer kollektive identiteit. Sawol op it nivo fan feriening en doarp as fan gemeente en provinsje. Dy aksje en enerzjy besteane by him net en krije gjin gesichten. Wylst Fryslân optilt fan materiaal dat hjir op syn plak west hie.
Dy’t syn lêzers warskôgje wol foar reëele of foar in boek betochte gefaren moat der wol om tinke dat er net te folle oersljochtet. In nijsgjirrich foarbyld fan dat lêste tref ik oan yn haadstik 10 dat de titel ‘Frysk bloed’ meikrigen hat. Dat haadstik giet, net ferrassend, oer genetika en identiteit. Koarte ynhâld: de etnyske identiteit fan de Friezen begjint pas nei it ûnderstelde folsleine ferdwinen fan de ‘âlde’ Friezen fan de terpen yn de 4de ieu en de komst fan de ‘nije Friezen’ (Ingelen en Saksers) yn de 5de ieu. Heechlearaar Jos Bazelmans krijt it wurd oer it bekende fraachstik fan de ier-midsieuske ûntfolking fan de terpen. Dit is syn wat skoalmasterlik kearnboadskip:
“Bazelmans warskôget foar in te sterke klam op etnyske identiteit. ‘As men dat nei foarren hellet, liedt dat út soarte ta minder omtinken foar in protte oare foarmen fan identiteit. Wylst elts persoan syn identiteit foarmet út in soad ferskillende eleminten. Famylje, de buert, de tsjerke miskien, en hjoed de dei ek it gefoel diel út te meitsjen fan de minskheid as gehiel’.”
Presys dat nét “nei foarren helje” fan ynformaasje dy’t kontrêr is oan jo stânpuntbepaling yn identiteitsdiskusjes bringt Betten spitigernôch yn praktyk yn haadstik 10. Pagina’s oan genetyske útiensettingen, mar gjin wurd oer it ûndersyk (2002) fan de Britske evolúsjonêr genetikus professor Mark Thomas fan de University College London nei de werkomst fan de befolking fan Ingelân. De útkomst fan dat ûndersyk wie dat de Ingelsen fan no genetysk besjoen nochal op de Friezen fan tsjintwurdich lykje, folle mear yn alle gefallen as op de Welshmen of Noaren. Thomas koe de genetyske oerienkomst allinnich sjen as risseltaat fan migraasje.
In nijsgjrrich ûndersyk, net om’t ik my no ynienen minder Frysk of mear Ingelsk fiele soe, mar om’t it fan belang wêze kin foar krekt it ûnderwerp dat Betten yn haadstik 10 oansnijt, it Fryske ‘befolkingsgat’. De kolonisaasje fan Ingelân troch kontinintale emigranten (de saneamde Adventus Saxonum) is pas oanwiisber fan it begjin fan de 5de ieu ôf, wêrnei’t it proses him de hiele 5de ieu fierder trochsette. Dus dat is krekt de tiid dat de Fryske terpen wer bewenne waarden nei it ‘befolkingsgat’ fan de 4de ieu. Oan de 5de-ieuske kontinintale ferhuzing nei Ingelân kinne de ‘âlde Friezen’ net meidien hawwe, as de ûntfolkings-argeologen gelyk hawwe, dat moatte de ‘nije Friezen’ west hawwe.
No wie foar Thomas ien fan de redenen om yn Fryslân genetsyke ‘samples’ te nimmen de taaloerienkomst tusken it Ald-Frysk en it Ald-Ingelsk. It Ald-Frysk is in saneamde ingveoonske taal, út in taalgroep dêr’t ek it Ald-Ingelsk en it Ald-Saksysk ta hearre. Mar de oerienkomsten tusken it Ald-Ingelsk en it Ald-Frysk binne oanmerklik grutter as dy tusken it Ald-Ingelsk en it Ald-Saksysk. Dat makket it wierskynlik dat yn de 5de-ieuske emigraasjegebieten lâns de Nederlânske en Dútske waadkusten in dúdlik oare taal praat waard as yn it Saksyske kearngebiet, súdlik fan it hjoeddeistige Denemarken.
Sa’n ‘dúdlik oare taal’ komt net út de loft fallen. Dy hat tiid noadich om te ûntstean. Twa mooglike ferklearringen sjoch ik dan foar de Ingelsk-Fryske taaloerienkomst. De earste is dat it Fryske terpegebiet dochs net sa folslein ûntfolke west hat as dat guon argeologen tinke: it Ald-Frysk moat dan besjoen wurde as in gearmjoks fan de taal fan de achterbleaune ‘âlde Friezen’ en de nij ynkommende Saksers. De twadde is dat it ferskil tusken Ald-Frysk en Ald-Saksysk ek noch mei ûntstien is troch de ynfloed fan dat oare migrearjende folk, de Ingelen.
Hoe’t dat ek wêze mei, yn it nije lân (Ingelân) waard de kontinintale immigraasje foar in part taskreaun oan ‘Friezen’. It kin literêr taalgebrûk west hawwe, sa’t argeolooch Danny Gerrets earder alris suggerearre hat – in these dêr’t Bazelmans yn feite op trochgiet. Mar dan is der ek noch de kwestje fan de plaknammen yn Ingelân dy’t in ferbân mei spesifyk ‘Fryske’ immigraasje oanjouwe. Bazelmans wol hawwe dat it begryp ‘Friezen’ nei de 4de ieu net mear brûkt waard en pas yn de 7de en 8ste ieu op ’e nij yntrodusearre waard troch de Frankyske elite. It ferklearret net it foarkommen fan tsientallen ‘Fryske’ plaknammen yn it oerseeske Ingelân, al ûntstien yn de folksferhuzingstiid.
Blykber fielden de stichters en earste bewenners fan dy plakken yn Ingelân har ‘Frysk’, in identiteit dy’t dan al op it eardere wenplak, de Fryske terp, ûntstien west hawwe moat.
Wy hoege sokke fraachstikken hjir allegear net op te lossen. Hjir is foaral fan belang om der op te wizen dat De Fries der neat oer op it aljemint bringt. Krekt in modern, ûnfertocht ûndersyk fan in Britske universiteit dat wiist op it belang fan genetika by de stúdzje fan histoaryske migraasje – in ûndersyk dat ek noch in opfallende rol foar ‘de Friezen’ weileit en sadwaande in protte fragen opropt – wurdt net achtslein. (Dêryn is de skriuwer oars net allinnich. Ek de parse yn Fryslân hat it yn 2002 by myn witten links lizze litten. It ûndersyk is publisearre yn it tydskrift Molecular Biology And Evolution 19-7, 2002.)
Erik Betten kiest, as wie er bang foar it wurd ‘Frysk’, eins elke kear foar deselde rûte. Oanjaan wêrom’t it net handich cq. ferantwurde is jins fielen fan in kollektive identiteit te relatearjen oan taal, skiednis en lânskip. En útlizze dat it fielen fan sa’n identiteit gelokkich foar elk minske wer oars is. Foar my hat it wat fan it yntraapjen fan iepen doarren. Der hinget ek wat polityk-korrekts omhinne. Ik hie wollen dat er syn lêzer én syn ûndersyksgebiet serieuzer nommen hie.
*
Erik Betten, De Fries. Op syk nei de Fryske identiteit (Utjouwerij Wijdemeer, Ljouwert 2013)

woensdag 14 augustus 2013
dinsdag 13 augustus 2013
zondag 11 augustus 2013
zaterdag 10 augustus 2013
vrijdag 9 augustus 2013
donderdag 8 augustus 2013
zondag 4 augustus 2013
Abonneren op:
Posts (Atom)