dinsdag 22 februari 2022

Op 'e nij ûndúdlikheid oer provinsjale kultuerpriis

It hat tink ik mei de neisleep fan koroana te krijen, ûnderbesetting, eigen kreativiteit of de algemiene feeststimming oer it loslitten fan de regels – mar nei de Gysbert Japicxpriis 2021 liket op ’e nij in provinsjale priis útrikt te wurden yn striid mei de lêst bekende feroardering provinsjale prizen (2015).

Diskear jout de wize sa’t de nominaasjes foar de Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplike prestaasjes (is ek 10.000 euro mei mank) troch de provinsje nei bûten brocht wurde, oanlieding ta, op syn minst, fernuvering.

De Joast Halbertsmapriis is, neffens neamde feroardering, ornearre foar ‘excellente wetenschapsbeoefening in de provincie Fryslân in het algemeen, en excellente wetenschapsbeoefening ten aanzien van Fryslân, op het gebied van taal- en literatuurwetenschap en sociale wetenschappen in het bijzonder (..)’ (Art. 1.2.e.)

Mar de provinsje Fryslân rikt him neffens in parseberjocht fan hjoed fan ’t jier út foar wat oars. Nammentlik foar ien fan fiif op in shortlist nominearre ‘boeken (..) die in de geest van de negentiende-eeuwse geleerde Halbertsma geschreven zijn’. Dêr hat de sjuery ‘dit jaar voor gekozen’.

Op de shortlist stean ‘een woordenboek, een vergelijkende literatuurstudie, een geschiedenis van geleerde Friese jongelingen, een beschrijving van een adellijk Fries landgoed en de biografie van Halbertsma zelf. Hiermee is volgens de jury de breedte van het onderzoek van Dr. Halbertsma goed vertegenwoordigd.’

Efkes saksearje litte. Hat de advyskommisje no net socht yn de ‘excellente wetenschapsbeoefening in de provincie Fryslân in het algemeen (..)’, mar nei boeken dy’t ‘de breedte van het onderzoek van Dr. Halbertsma’ sjen litte?

Wy meie hoopje fan net. Want dan wit ik ek wol in opsetsje foar de folgjende advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis foar poëzy. Dy sjuery sil – as dit de mores wurdt – bygelyks sykje kinne nei dichtbondels dy’t de measte ynfloed fan Tsjêbbe Hettinga sjen litte. Of dy't it flotst yn ferbân te bringen binne mei it Frysk-nasjonale stribjen fan Douwe Kalma. 

It is saak foar de provinsje om gau mei heldere regleminten te kommen foar de prizen dy't er útrikt. Oars hawwe se aansen net folle wearde mear.


*

Tjesck-Moar: in reformatoaryske Maria yn roomsk Boalsert

 


Och! hoe drukkig, hoe vol rouwe

Was die zegenrijkste vrouwe,

     Moeder van Gods eenig Kind!

Die, uit een weemoedig harte,

Bevende aanzag al de smarte

     Van haar vrucht, bij God bemind.1


Joost van den Vondel


*

Histoaryske teksten bestean út wat de earderen deroer seinen, en wat wy der út gewaarwurde, út ôfliede en oan ophingje kinne of wolle. Sa is it ek mei ien fan de bekendste fersen fan de santjinde-ieuske, Boalserter skoalmaster en dichter Gysbert Japicx: ‘Tjesck-Moars See-Aengste’.2 De titel betsjut: mem Tjesck har eangst foar de see. Foar kommentaar op it wurk fan Gysbert kin men telâne by in hânfol dissertaasjes en net te tellen safolle langere of koartere stikken, mar likegoed kin it noch barre dat men tinkt: wêrom hat noait immen yn it ferline dízze ôfslach yntekene?

Tradisjoneel wurdt Tjesck-Moars See-Aengste’ sjoen as in ferbyldzjen fan ‘de angst voor de zee, die den ouderwetschen Frieschen plattelander met zooveel andere Nederlandsche landbouwers eigen was’ (Kalff 1909, 511). In jongeman mei namme Wif wol graach nei see, yn oarlochstsjinst, de Spanjoalen en Dúntsjerker kapers te liif. Syn sibbe Tjesck-moar is dêr poer op tsjin. Se sjocht de gefaren fan oarloch en seemanslibben foar siel en lichem beide, gefaren dy’t se mei grut retoarysk fermogen skilderet. Se wol dat Wif foar it fredige boerelibben kiest, mar him keare kin se net. Is dat it hiele ferhaal? Nee fansels, en dat leit foaral oan de figuer fan Tjesck-moar. Want wat is sy krekt fan Wif: syn mem, sa’t har namme suggerearret, of syn beppe, sa’t ôf te lieden is út har wurden? Wêrom hat de dichter harren relaasje yn it midden litten? Mei watfoar gefolgen foar it tsjutten fan it gedicht?

Yn it neifolgjende sjoch ik earst, koart, nei inkelde mominten út de histoaryske resepsje fan it fers, dêrnei nei syn literêre eigenskippen en ynfloeden, om oan ’e ein in oare Tjesck-moar te presintearjen as wenst.

*

It lêste ljocht op it gedicht hat Breuker (1994; 2003) falle litten, dy’t it fers yn syn eardere dissertaasje fan 1989 net yn ekstenso behannele hie. Om syn moralisme soe ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ yn ús eigen tiid minder wurdearre wurde as earder wol, mient Breuker, dy’t dêrby Haantjes (1929), Kalma (1938) en Wadman (1966) op it each hân hawwe sil. Neffens KFS’er Haantjes wie Gysbert syn gedicht ‘aestheties gezien verreweg het beste uit het tweede gedeelte’ fan de Friesche Rymlerye, mar de lêste acht strofen fan it fers fûn er ‘veel minder’ (131). De eardere riedeleazens fan Tjesck-moar soe dêr inkeld werhelle wurde. En ek noch,

[d]an gaat ze, zonder enige reden, van het heden (het afscheid) over op de toekomst (een schipbreuk) en vervalt tenslotte in overpeinzingen. Niet Tjesck-moar denkt dan, maar Gysbert zelf. (133)

Mar sa’t Breuker (1994, 11) sjen lit, ‘it hiele tredde diel spilet yn deselde tiid, en wol yn de ferbylding fan Tjesck-Moar’. It op ’e nij oan de oarder kommen fan har riedeleazens yn strofe 14 tsjinnet ‘net as in werheljen, mar as in klimaks, as in alhiel bûten sinnen reitsjen’. Wat him ta de ynterpretaasje fan it fers bringt as soe it ‘it portret [wêze] fan in hystearyske frou’ (9).

Douwe Kalma, dy’t lykas Breuker op Gysbert promovearre, fûn it fers ‘fen de greate dichten fierwei [it] swakst, en as gehiel mislearre’, om’t ‘de morael (..) nou oerwoekeret, de poezije deadet en sels ûngenietber wirdt’ (Kalma 1938, 81). En: ‘[de dichter] stiet oan Tjesck-moars kant; hy hearde oan Wif sines to stean’ (82). Akseptearre Haantjes de didaktyske ynklaaiing fan Gysbert syn fers noch fanwege it religieuze doel, Kalma, trou oan syn Jongfryske begjinsels, fersmiet moraal yn poëzij en skode it fers dêrom fansiden. Datselde, om deselde reden, die Wadman (1966).

Sa waard yn de tweintichste ieu likegoed in didaktyk útsutele – in modernistyske poëtika tekene út wat in earme santjinde-ieuwer ferkeard dien hie. Breuker giet dat punt út ’e wei troch de moraal yn it fers as ‘net botte orizjineel’ sjen te wollen (1994, 6). Dat liket ek wer wat nuver, want moraal – tinkbylden oer goed en kwea hanneljen – is út syn aard wei net orizjineel. Moraal is net in útfining fan ien skriuwer, mar is basearre op noarmen en wearden fan tiid, maatskippij, stân en klasse. Dat de moraal yn Gysbert syn fers ek út oarmans fersen sprekt, docht jin dus net nij. It eigene fan it gedicht moat, behalve yn it firtuoaze taalgebrûk, faaks yndie socht wurde yn it personaazje fan Tjesck-moar, sa’t Breuker (1994, 9) oanjoech. Mar om har dan inkeld as ‘hystearysk’ te sjen, docht dat it minske en it fers genôch rjocht?3

Op syk nei literêre achtergrûnen fan ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ komt men al gau út by santjinde-ieuske, Hollânsktalige dichters: by Gysbert syn tiid-, mar net syn taalgenoaten. Al sûnt Scheltema (1808, 212) wurdt de ynhâld fan it fers yn ferbân brocht mei it gedicht ‘Vechtzangk’ fan Joost van den Vondel.4 De ynhâldlike oerienkomsten kinne jin net ûntgean, safolle dielde motiven giet it om. Se binne bekend: de tsjinstelling see-lân, de bea om thús te bliuwen, de froulike sprekker, it op in heech punt stean fan de sprekker, har sitten gean, it swaaien mei in swurd, it plommeskodzjen en it warskôgjen foar oarloch.

Yn it each rinnende ferskillen binne der lykwols ek. De ‘Vechtzangk’ wurdt songen troch de jonge, doe werklik besteande Tesselschade Roemer Visscher foar har doe werklik besteande minner of ferloofde, de Alkmaarder see-ofsier Crombalch, by syn thúskommen. Vondels foarbyld hat grif de klassike kleisang fan Dido om it fuortgean fan har Aeneas west (Breuker 2003, 251). Mar Tjesck-moar is in âldere frou, dy’t har fertriet en eangst uteret oer it tinkbyldige nei see fuortgean, net fan har minner mar fan har jongere sibbe of bernsbern Wif. Ek hat de ‘Vechtzangk’ net, sa’t Gysbert syn gedicht wol hat, in útdruklik kristlik boadskip of moraal. Kalma karde Gysbert syn spegeljen fan de âlde Tjesck-moar oan de jonge Tesselschade dêrom ôf, sa’t it liket foaral om syn eigen literêre anty-moralisme te ûnderstreekjen (Kalma 1938, 245):

[Tjesckmoars] hiele pleitrede motivearret reedlik en seedlik oan ien stik wei, en men fielt it libbene frouljues-hert der net mear yn. (..) De bihearskjende flater is in psychologyske: de forfanging fen de ljeavjende Tesselschade troch de moralisearjende beppe Tjesck.

Wat men by de (alle?) eardere skôgers mist – nuver genôch – is omtinken foar de foarm fan it fers.5 In yn it each rinnend ferskil tusken de beide fersen fan Gysbert en Vondel is ommers harren foarm. Troch dêr net nei te sjen, en jin gjin rekkenskip te jaan fan de mooglike gearhing tusken foarm en ynhâld, kinne belangrike eigenskippen fan santjinde-ieuske literatuer maklik út it eachweid ferdwine. Krekt yn dy literatuer hat fersifikaasje ommers, idealiter, ynhâldlike konsekwinsjes en vice versa. ‘De vorm moest een eerbetoon zijn aan de inhoud’ (Moser 2003, 37).

Vondels ‘Vechtzangk’ is in gedicht fan 62 rigels, net yndield yn strofen, mei inoar opfolgjende kwatrinen dy’t manlik-omearmjend rymje (abba). De wize-oantsjutting is ‘Droefheit magh ick wel klagen’. Gysbert syn fers sit hiel oars yninoar. Dat hat 21 strofyske, trocheeyske en tuskenrymjende sekstetten (aabccb) mei hieltyd 8-8-7-8-8-7 wurdlidden de rigel; de wize-oantsjutting is ‘Yets moet ick u Laura vragen’ (en ‘Jean de Nivelle’).6 Yn de literatuerwittenskip is dy foarm bekend as de Stabatmaterstrofe, neamd nei it trettjinde-ieuske, tsjerkelatynske en dus roomske fers ‘Stabat Mater’, oer it fertriet en de eangst fan Maria by de krusiging fan har soan Jezus (Anrooij en Mertens 1992, 219). De begjinrigel ‘stabat mater dolorosa’ betsjut ‘de mem stiet fertrietlik’.

No kin it ús opfalle dat ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ ek ynhâldlik grutte oerienkomst hat mei it ‘Stabat Mater’. Beide fersen hawwe in âldere froulike haadfiguer. Tjesck-moar is lykas Maria fertrietlik, eangstich.7 De oarsaak dêrfan is yn beide gefallen it lot fan har sibbe of (berns)bern. Se stean op in ferlykber plak: Maria foar it krús fan Jezus, Tjesck-moar foar it lijen dat Wif neffens har krije sil as er nei see en ûnder de wapens giet. Yn beide gedichten swaait it swurd fan smerten, dat it (oare)memmehert trochboarret.

Yn deselde bondel as de ‘Vechtzangk’, Verscheide Gedichten,8 is fan Vondel ek in oersetting/neifolging fan it ‘Stabat Mater’ te finen. It mist net dat Gysbert dy ûnder eagen hân hat. Vondels ‘Kruisklaght der zalige Kristmoeder en Maaght Maria’ is – fansels – dichte yn de Stabatmaterstrofe en hat deselde wize-oantsjutting as by Gysbert, ‘Iet moet ick u Laura vragen’.

*

Oantekene moat wurde dat de Stabatmaterstrofe en de niisneamde, derby hearrende wize-oantsjutting faker as ien kear foarkomme yn santjinde-ieuske gedichten. Yn de Nederlânske literatuer is de wize foar it earst oantroffen yn de bondel Apollo of Ghesangh der Musen (1615), boppe in liettekst fan de Amsterdamske skilder Govert Govertsz.9 De bondel waard printe yn Amsterdam troch boekhanneler en dichter Dirck Pietersz. Pers (1581-1659). Ut de periode 1615-1643 binne mear as tritich fersen mei deselde meldij te finen yn de Nederlandse Liederenbank. Gauris giet it om ‘wrâldske’ brulloft- of feestsankjes fan protestantske dichters as Bredero, Westerbaan en Krul, mar Vondel, dy’t yn 1641 oergien wie nei it roomske leauwe (lykas Tesselschade), brocht de foarm werom nei syn religieuze boarne. Datselde die Gysbert.

Ek Gysbert hat in religieus doel mei syn Tjesck-moar, al jout er har yn syn ‘roomske foarm’ net in roomsk mar in moralistysk-kalvinistysk boadskip mei. Deselde kombinaasje fan roomske foarm en protestantsk boadskip brocht Pers, earder, yn syn ‘Zee, en Schipper-Liedeken’, te finen yn de yn de santjinde ieu faak oanfolle en werprinte bondel Bellerophon of Lust tot wijsheit (1633).10 Yn lettere lietebondels komt it gedicht wol foar mei de earste rigel as titel, ‘Rycke zee met al u schatten’. Visser (1968, 89) neamt it ‘liedeken’ inkeld yn it foarbygean. Foar ús binne de lêste twa strofen fan dit loflietsje op de keapfardij it nijsgjirrichst:


Wie by Pluto11 gaet ter scholen,

Die sal niet in ’t doncker dolen,

     Want hy is een duyster Godt:

Die sijn Kinders en sijn Klercken,

Drijft tot roof en quade wercken,

     En hy maeckt haer stout en sot.


‘Doet u handel doch ter eeren,

Wilt van Ionas Schippers leeren:

     Als sy quamen uyter nood:

Brachten sy den Heere gaven,

Die haer in een blijde haven,

     Bracht in ’t leven, uyt den dood.’


Maer om deughde dencktmen minst’, oardielet Pers syn anonime sprekker. Dat fermoanjend religieus boadskip bringt ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ ek. Al yn in earder gedicht fan Gysbert yn de Friesche Rymlerye, ‘Nyschierige Jolle in Haitse-yem’, klinkt, suver letterlik, in wjerlûd fan Pers syn sankje. Skippers fan alearen dy’t de Heare earje, skriuwt Pers, brochten Him jeften bywannear’t sy nei in gefaarlike reis in behâlden haven fûn hiene. Op syn bar lit Gysbert syn Haitse-yem sizze: ‘’t Wier by adz in oor menneer, / ’t Eerst, dat God joeg, joe-me weer(Brouwer e.o. 1936, 53).

By Gysbert gjin anonime sprekker. Tjesck-moar lit er mei de hiele hûd útfalle; folle radikaler as Pers kritisearret sy it ûnkristlik hâlden en dragen fan de minsken, yn dit gefal fan seelju dy’t yn har need God oanroppe, mar Syn leare ferjitte sadree’t se wer yn in haven binne (Brouwer e.o. 1936, 78):


Dearse wonder, kreft in eere,

Sjonge fen uwz ljeave HEERE,

     Dy de See so struys bewâdt,

Ho mey ’t (siz ick jiette) komme

Dat sock Folck (as Djier fordomme)

     So lijts ’t wonder Goads onthâdt.


Dattet, trog uwt-littne flincken,

Falt oon’t bjealgjen, beestig drincken,

     Striette-scheynen, duyn in fol,

Mey in on-bestjoersum wezzen,

Beeren, smijtten ijnne glezzen,

     Tierret, flockt in fjuecht so dol.


Zijn literaire werken’, skriuwe Verlaan en Grootes (1978, 22-23) oer Pers, ‘getuigen van een sterk moralistische inslag; zonder uitzondering streven ze alle hetzelfde doel na, nl. de mensen genezen en aansporen tot een deugdzaam leven.’ It jildt ek foar de gedichten út it twadde part fan Gysbert syn Friesche Rymlerye, yn it bysûnder foar syn skeppingen Haitse-yem en Tsjesck-moar. Beide redenearje út in piëtistysk wrâldbyld wei dat past by de Neiere Reformaasje, de reformatoaryske suveringsbeweging dy’t yn Nederlân yn it midden fan de santjinde ieu opgong makke. Dêryn lei de klam op it inerlik trochlibjen fan it leauwe en it warskôgjen tsjin allerhanne ‘folkssûnden’ (Brienen 1974).

Behalve in hertstochtlik gefoelslibben hat Tsjesck-moar ek in sterke ferbyldingskrêft. Dy komt foaral ta utering as se praat oer de gefaren dy’t driigje fan see en oarloch. Breuker (1994, 8) neamt behalve klassike boarnen de Hollânsktalige dichters Adriaen Valerius en Cornelis Pietersz. Biens as leveransiers fan fersen mei in ferlykber stoarm-op-see-motyf as yn ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ prominint is. Fan de twa liket foaral Biens fan belang, om ien sprekkende passaazje út syn tsien siden lange fers ‘De Redenen van den Zeeman, Over ’t Beginsel, ende Nut der Zee-vaert’ út de bondel Profytelyck cabinet (1623; 3e pr. 1642). Biens wie in kalvinistysk skipper út Enkhuzen dy’t graach de protestantske jeugd mei tagonklike poëzij ûnderwize woe (Grootes 2000). Yn klassike aleksandrinen stalt er syn rigels, dy’t Gysbert om har byldzjende krêft grif oansprutsen hawwe (Biens 1642, 65):


Sal ick ons levens loops periculen beschrijven

Wy die in groot ghevaer op hooge wat’ren drijven?

Wy zijn gesollebolt, gheworpen in den boot,

Omtrent een dunne planck, of handbreet van de doot:

Van weer en wind gekaetst, ten Hemel schier verheven,

En in der haest om laegh ter Hellen ne’er ghedreven:

Gegeesselt van de vloedt dier grondeloosen Kolck;

Gansch seltsaem getracteert van ’t vreemt en boose volc:

Gewellecomt met vyer, en fel gheblasen boonen

Van yser ofte loodt, die ons het hooft becroonen

Met waerd’ geachten lof, so langh men Sabels voert,

En met een vyerich hert de brave handen roert.


Hjir treft jin mannich motyf dat yn ‘Tjesck-Moars See-Aengste’ weromkomt: ‘gesollebolt’ ferklearret ‘hôlle-bôlle’; de ‘dunne planck’ wurdt in ‘ijken boerd’; it ‘ten Hemel schier verheven’ en ‘ter Helle ne’er ghedreven’ (ûntliening oan psalm 107) wurdt ‘Dearme’ op-sling’ret oone Wolcke, / In fen dear del duwckt, ijnn’ Kolcke, / Az fenne’ Hijmmel inne Hol’; de ‘grondeloosen Kolck’ wurdt it ‘gruwnleas Djiep roun-om’, en de ‘Sabel’ feroaret yn Gysberts ‘gleonne swird’.

*

It beheljen fan de foarm fan it gedicht by de analyse, makket dat wy Tjesck-moar as fiktyf personaazje no better pleatse kinne as bywannear’t inkeld de ynhâld fan it gedicht achtslein wurdt. Dy help is wolkom, want Gysbert jout net oan wat de biologyske relaasje presys is fan Tjesck-moar ta Wif. Ofgeand op strofe 6, dêr’t Tjesck-moar seit dat ‘Mem’ har yn har grêf omdraaie soe as se wist fan de lichtsinnichheid fan har soan, sjogge hast alle kommentatoaren en oersetters har as in beppe fan Wif, hoewol’t it wurd ‘moar’ ‘mem’ betsjut.12 ‘It soe ek de pleechmem fan Wif wêze kinne’, jout Brouwer e.o. (1966, 73) noch as mooglikheid.13

Wêrom, is it knipepunt, lasket de dichter yn strofe 6 in mem yn, dy’t in oare mem wêze moat as sprekker Tsjesck-moar sels? Want dizze mem, de mem fan Wif, is dúdlik dea:


Wif, môcht Mem de holle’ op-stecke!

Wif, it hert moast her to brecke!

     Wif, jae kearde’ ijn ’t Graef her om!


It hie foar de hân lein om Tjesck-moar as mem fan Wif te nimmen; wêrom hat Gysbert dat net dien? Mooglik giet it om in gelegenheidsfers, dat de werklikheid wjerspegelje moast fan in famyljelid of opdrachtjouwer, mar dêr is neat fan bekend en dat hoecht ús dus net wekker te hâlden. In bettere ferklearring leit op it literêre flak. De formele ûnbepaaldheid fan de relaasje tusken Tjesck-moar en Wif is mei opsetsin. Dy set har op in ôfstân fan Wif en jout har in bredere literêre diminsje. Dy makket fan har sa net in beppe, mei in yn ûnbrûk rekke wurd: in oaremem, dan dochs wol letterlik: in oare mem, en by extension, as dat mei, de oer-mem.

Gysbert tilt Tjesck-moar boppe har persoantsje út en set har del as de matriarchale, libbenbringende, soargjende krêft, lyk foar it gefaar, de see, de oarloch, de dea, de ûngrûn en de duvel oer, dy’t har bern bedriigje mei ûneinich en ûnsisber lijen. Tjesck-moar ferskynt as Maria, de mem Gods, mei yn har gefolch Eva, de mem fan al it minsklik libben. Likegoed uteret se har wol, lykas sein, yn de kalvinistyske trant fan Pers, Biens en Gysbert. Mei dy dûbelheid lit it gedicht sjen dat net alle tradysje fersmiten hoecht te wurden as men fûleindich it nije oannimt.

Is Tjesck-moar yn dy sin net in reformatoaryske Maria? It gedicht dat har foarbringt liket foar mear as ien gesindte goed te brûken. Maria-ferearders, ortodokse skerpslipers en ôfkearigen fan religieus dogmatisme kinne it allegear op har eigen manear lêze.

De fraach, dy’t niis al efkes oan ’e oarder wie, oft de dichter faaks de oanlieding en fierdere ynspiraasje foar de tekening fan syn figueren yn syn eigen omkriten fûn hat, is net te beantwurdzjen. Van der Meer (1964, 55) freget it him ôf en Tamminga (1966), hoewol yn fiksje, suggerearret it.14 De foarnamme Wif kaam werklik foar yn Gysbert syn famylje (Van der Meer 1964, 55), sadat de belangstelling foar biografy op dit punt wol logysk is. It nuvere is, yn hele Nederlân wurdt Wif fierder net oantroffen.15 Faaks soe Tjesck-moar weromgean kinne op in yn ’e argiven weiwurden figuer út oantroude famylje. Of op Gysbert syn mem Ancke Willems, dy’t yn 1643 ferstoar – in jier foar de ferskining fan Vondel syn foarbyldbondel. Of op Gysbert syn skoanmem Aeltie Lenerts, dy’t by Sijke en him ynwenne en yn 1654 kaam te ferstjerren. Allegear mooglik, mar mei sok spekulearjen ferdoarmje wy yn ’e sompe fan it what if?

De namme Wif kin ek in literêre en taalkundige ferklearring krije, en dy foldocht hjir skoan. Wif’ betsjut twivelriedich, wankel, ûnwis, hinne-en-wer; Gysbert woe in losbol sketse, is de gongbere útlis. Mar stiet Wif, besjoen yn it ramt fan it hiele gedicht sa’t wy it beskreaun hawwe, net earder foar it behyplike, kwetsbere, lijende wêzen dat himsels ‘minske’ neamt? De minske, dy’t it sûnder godlike lieding net driuwende hâlde kin op de woeste see fan it libben. Dy’t ta ynkear komme moat, God tankje en tenei nei Syn Wurd libje.16

Dat Gysbert sa’n kalvinistysk boadskip bringe lit troch in figuer dy’t er yn it skaad set fan twa Bibelske memmen, yn in dichtfoarm en op in wize dy’t weromgiet op it roomske ferearjen fan Maria, dat is yn it noch fierhinne roomske Boalsert fan de earste helte fan de santjinde ieu wol yn te tinken. Hoe’t it mei de oergong fan roomsk nei protestant yn Gysbert syn famylje om en ta gien is, witte wy alles net fan, mar wol is útfûgele dat syn heit krekt hiel let lidmaat fan de grifformearde tsjerke wurden is, yn 1624, op syn 35e (Van der Meer 1964, 61). Sa wiene der yn Boalsert rju famyljes dy’t yn ’e desennia nei de reformaasje earst mar ris de kat út ’e beam seagen. Dat sil benammen it gefal west hawwe mei de fromme âlderein.17

*

Noch in lêste observaasje. Gysbert syn gedicht – dit gedicht – stekt foar wa’t lêze kin fier út boppe syn foarbylden en ynfloeden, ek boppe de neamde fersen fan Vondel. Lykas de oare twaspraken út it twadde part fan de Friesche Rymlerye binne ‘eenvoudige natuurlijkheid, krachtige schildering en kernachtigheid van uitdrukking de hoofdverdiensten’ (Dykstra 1853, 278). Ferlykje de driuw, it ritme, de beweechlikheid fan de folgjende twa ‘seestrofen’ fan Gysbert ris mei de earder oanhelle passaazje by Biens (Brouwer e.o. 1936, 77):


Al mijn ljea dy trilje’ in schoddje,

Az ick tins ho datse Doddje,

     Hol oer bol, ijn ’t sâte schom:

Dearme Kabels kerv’t in Mesten,

Dearme leck drieut oppe lesten,

     Yn dat gruwnleas Djiep roun-om.


Dearse’ uwt nea-twang ’t lest uwt-sjette,

Dearse’ oonn’ Klippe sticken stiette,

     Dearse’ oon’ Dregg’-touw’ rijdde’ ijnn’ nead,

Dearse plofje op hirdde sânnen,

Dearse borstje’ op druwgge strânnen,

     Dear in Neyl-breck iz de Dead.


Sá byldzjend en muzikaal praat Tjesck-moar. It is as sjogge wy nei in film mei Dolby-surround sound. Wat it Fryske literatuerûndersyk ris opsette moatte soe, is in stúdzje nei ferlykbere haadfigueren yn de Fryske en Nederlânske poëzij fan de sechstjinde en santjinde ieu, of letter, as dy der binne. Wêr is âlde moar har gelikense? Of is Haitskemuoi fan Waling Dykstra de iennichste dy’t tsjin har oan kin?


Aldsyl, 10 jannewaris 2022


Noaten

1 Vondel 1644, 395, út de ‘Kruisklaght der zalige Kristmoeder en Maaght Maria’.

2 Brouwer e.o. 1936, 73-78. Oarspr. yn Gysbert Japicx 1668. Breuker (2003, 251) datearret it fers op sa. 1650.

3 Neffens Breuker 2003, 251, soe it yn it gedicht gean om ‘de uitbeelding van angst die in hysterie overgaat’.

4 Vondel 1644, 353-355. Sjoch bygelyks Brouwer e.o. 1966, 76; Kalma 1938, 165, 167, 243-244.

5 Yn alle gefallen treft men dêr neat oer oan by Haantjes 1929, Kalma 1938, Folkertsma 1946, Dykstra 1952, Hof 1953, Brouwer e.o. 1966, Visser 1968, Breuker 1989; 1994; 2003.

6 Sjoch foar de werkomst fan de neamde wizen, Jansen 1944.

7 Letter hat Gysbert ‘Dy Lof-sangh Mariae’ dichte, wol yn it rymskema aabccb, mar jambysk. Brouwer e.o. 1936, 155-156.

8 Vondel 1644, 395-396.

9 Veldhorst 2004, 223. Sjoch oer Govertsz.: De Roever 1885, 38.

10. Dizze twadde, útwreide printinge fan Bellerophon is neffens Jansen 1944, 12, de earste dêr’t dit fers mei wize-oantsjutting yn oantroffen wurdt. Ek sa by Visser 1968, 89. De earste printinge datearret fan 1615.

11. Hjir: de god fan de dea en de ûnderwrâld, in pre-kristlike kollega fan de duvel.

12. Under mear Bilderdijk 1808; A. Koopmans 1841; Dykstra 1853, 279; Haantjes 1929, 131; Kalma 1938, 119. Visser 1968, 86 set achter beppe in fraachteken. De iennichsten dy’t yn Wif in soan sjogge fan Tjesck-moar, foarsafier’t ik dat achterhelje koe, binne Bowring 1830, 33, en J.J. Kalma 1963, 125.

13. Yn it Nederlânsk kin it ferlykbere ‘moer’ in bredere betsjutting krije as inkeld mem. Sjoch it WNT, yngong ‘moeder’(https://gtb.ivdnt.org/iWDB/search?actie=article&wdb=WNT&id=M039798), dêr’t ûnder mear neamd wurde (ek mei ‘moer’ yn de foarbylden: a) ‘Eene vrouw die het voorkomen heeft van eene huismoeder, eene eenigszins bejaarde, meestal getrouwde vrouw of weduwe, vooral van lageren stand; dikwijls in den vocatief, en ook wel met bijvoeging van een eigennaam; b) Vrouw in het algemeen, ook eene jonge vrouw of meisje, soms met minder gunstige bijgedachte; thans zoogoed als verouderd; c) Met een voorafgaand bnw. verbonden, soms tot eene koppeling, die dan in haar geheel eene soort van vrouwspersoon aanduidt; d) Bij vergelijking als naam voor eene vrouw die als eene moeder zorgt; e) De R.-C. Kerk wordt voorgesteld als eene moeder voor de geloovigen.’

14. Yn Tamminga (1966), in fiktyf Gysbert-ferhaal dat spilet yn syn earste jier as skoalmaster yn Wytmarsum, komt Tjesck-moar foar as de Boalserter weardinne fan in herberch dêr’t ‘Tjomme’ in keamer hiert. By Tamminga hat Tjesck-moar jicht, se hat it net stean op rjochtsinnige menisten, en dy net op har, want har herberch stiet oan de Keatsbuorren, en se is dyjinge dy’t Tjomme fertelt dat de bern soms oer him sizze: ‘Us master is wer gek!’

15. Sykje yn digitalisearre genealogyske databanken en befolkingsregisters lykas allefriezen.nl smyt nimmen op mei de foarnamme Wif.

16. As Gysbert de namme Wif om in literêre reden keazen hat, soe dat ek it gefal west hawwe kinne mei de namme Tjesck. Smit 1957, 36-37, tocht oan it wurd ‘tsjesk’, dat yn it Midslâns op Skylge gongber wie yn de betsjutting fan ‘spit, tsjoarizer, tsjoarprikke’. Foar wat it wurdich is: it register fan roomske namme-ôfliedingen yn Hollân en Fryslân, opnaam yn in Flaamske edysje fan it Rituale Romanum út 1684, neamt dat de frouljusnamme Tjesck ôflaat is fan de roomske hillige Theusetes fan Nicea (ek: Theusetis, Theusitas), waans nammedei 13 maart is.

17. Yn de earste helte fan de santjinde ieu bestie de mearheid fan de befolking yn Boalsert noch út roomsken, krekt nei 1650 rekken dy yn de minderheid (Bergsma 1999, 118). Yn Amsterdam bygelyks wiene der yn Gysbert syn tiid noch mar sa’n 10 persint roomsken.


Literatuer

[An.], Apollo of Ghesangh der Musen (Dirck Pietersz., Amsterdam 1615)

Anrooij, Wim van en Thom Mertens, ‘Een cort jolijt’. Middelnederlandse spreukstrofen met het rijmschema aabccb’, yn: Frank Willaert, red., Een zoet akkoord. Middeleeuwse lyriek in de Lage Landen (Prometheus, Amsterdam 1992)

Bergsma, Wiebe, Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650 (Verloren/Fryske Akademy, Hilversum/Ljouwert 1999)

Biens, Cornelis Pietersz, Profytelyck cabinet (1e pr. 1623; Cornelis Jansz. Lastdrager, Enkhuizen 1642)

Bowring, John, Brieven. Vert. door A. Telting (Suringar, Ljouwert 1830)

Brienen, T., De prediking van de nadere reformatie (Ton Bolland, Amsterdam 1974)

Breuker, Ph., It wurk fan Gysbert Japix. 3 Dln. Dissertaasje VU Amsterdam (Fryske Akademy, Ljouwert 1989)

Breuker, Ph., ‘Tjesck-Moars see-aengste: affekt om effekt?’, yn: Id. e.o. (red.), Wat oars as mei in echte taal. Fryske stúdzjes ta gelegenheid fan it ôfskie fan prof. dr. A. Feitsma as heechlearaar Fryske Taal en Letterkunde (Fryske Akademy, Ljouwert 1994)

Breuker, Ph., red., Gysbert Japix: een keuze uit zijn werk (it Gysbert Japicxhûs/Fryske Akademy, Bolsward/Leeuwarden 2003)

Brouwer, J.H., J. Haantjes en P. Sipma, red., Gysbert Japicx Wirken. Dl. 1 (A.J. Osinga, Boalsert 1936)

Brouwer, J.H., J. Haantjes en P. Sipma, red., Gsybert Japicx Wirken. Dl. 2 (A.J. Osinga, Boalsert 1966)

Dykstra, Klaes, ‘Tjesck-Moars See-Eangste. Eat oer de saeklike ynhâld’, Us Wurk 1 (1952)

Dykstra, Waling, red., Gysbert Japiks Frysce Rymlerye (Ippius Fockens, Freantsjer 1853)

Folkertsma, Eeltsje Boates, De christen Gysbert Japiks (Brandenburgh & Co., Snits 1946)

Grootes, E.K., ‘Nuttige lessen voor jongeren. Cornelis Pietersz. Biens en de gereformeerde jeugd’, Literatuur 17 (2000)

Gysbert Japicx, Friesche Rymlerye (Samuel van Haringhouk, Boalsert 1668)

Haantjes, Jacob, Gysbert Japicx. Fries dichter in de zeventiende eeuw. Dissertaasje Rijksuniversiteit Utrecht (Uitgeversmaatschappij Holland, Amsterdam 1929)

Hof, Jan Jelles, ‘Fan fiere weagen’, Us Wurk 2 (1953)

Jansen, Jac., ‘Gysbert Japicx en de wizen fen Tjesck-Moars See- Aengste’, It Beaken 6 (1944)

Kalff, G., Geschiedenis der Nederlandsche letterkunde. Deel 4 (J.B. Wolters, Groningen 1909)

Kalma, Douwe, Gysbert Japiks. In stúdzje yn dichterskip. Dissertaasje Rijksuniversiteit Groningen (Kamminga, Dokkum 1938)

Kalma, J.J., Om Gysbert Japiks hinne. Fryslân yn de 17e ieu (A.J. Osinga, Boasert 1963)

Koopmans, A., ‘Tjesckmoeders Zeeangst’, Friesche Volks-almanak 6 (1841)

Meer, D.J. van der, ‘Sibben fan Gysbert Japicx, Sijke Salviusdr. en Margaretha de Heer’, It Beaken 26-1 (april 1964)

Moser, Nelleke, ‘Gekoesterd keurslijf. Vaste vormen door de eeuwen heen’, Literatuur 20 (2003)

Pers, Dirck Pietersz., Bellerophon of Lust tot wijsheit (2e pr.; Dirck Pietersz., Amsterdam 1633)

Rituale Romanum. Accesserunt ad finem nomina Hollandorum & Frisonum accommodata nominibus Sanctorum [..] adjunctis plerunque eorundem festis (Frediricum à Metelen, Antwerpen 1684). Web: http://www.mpaginae.nl/Nomina/namen.htm. Krigen 9 jannewaris 2022

Smit, Jo, ‘Tjesck-moar en Wif’, Us Wurk 6 (1957)

Tamminga, D.A., ‘Moeting by de Tym’, De Tsjerne 21 (1966)

Veldhorst, Natascha, De perfecte verleiding. Muzikale scènes op het Amsterdams toneel in de zeventiende eeuw. Dissertatie VU (Amsterdam University Press, Amsterdam 2004)

Verlaan, J.E. en E.K. Grootes, red., Dirck Pietersz. Pers. Suyp-stad of Dronckaarts leven (Tjeenk Willink/Noorduijn, Culemborg 1978)

Visser, Gerben, ‘In mennich opmerkingen oer “Tjesck-Moars See- Aengste”’, Us Wurk 17 (1968)

Vondel, Joost van den, Verscheide gedichten (Hartgers, Amsterdam 1644)

Wadman, Anne, ‘Gysbert Japicx 1603-1666. Schepper in een luchtledig’, NRC Handelsblad (25 juny 1966)



Tjesck-Moars See-Aengste


Wyse. Yets moet ick u Laura vragen, etc.

Jean de Nivelle, etc.


1

Wif woe, mey in dolle Holle,

To de Wrâd uwt hôlle-bôlle.

     ’t Huwz to blieuwen wier nin tier.

Op in ijken boerd to drieuwen,

Rest-leas op in dol to klieuwen,

     Kerde’ Hy boppa ’t grien fol Djier.

2

Altijd t’ huwz iz altijd finzen.

Al to lang it Fjild beginzen,

     Efter Kouwz eerz’, efter Ploeg’:

Ick sijck wijlder aeventoeren;

Dat iz Laefferts nuysk-bestjoeren;

     Yn Moars scherte, sleau in sluwg.

3

Greate Pier wier gled forjitten,

Al sijn dwaen wier boeyte witten,

     Hie hy stil libbe’ oon eyn Hird:

Hie hy naet de See besijlle,

Uwz Lân-Fijnne foetten spijlle,

     In betwongen mey fjoer in swird.

4

Mey in Floot’ great Schijps lavearje,

Wol ick; schomje, romje’ in klearje,

     Fen Doeynkerckers, ’t scholp’rig sâdt.

Daer mey liet hy Plommen waye,

t Gleonne swird oer’ holle swaye,

     Dat, ijnn’ moed, Speck-Jan al daet’.

***

5

Tjesck-moar seag, fen fiere weagen,

Ho-se fest fen Lân aef teagen,

     d’ Eagen gald’se, earm-moar, korts uwt,

Dear-se’ oppe’ haege wier del bocke,

In, fen beyde’ ig, ’t Lân beloke,

     In de See seag ijn sijn Tuwt.

6

Wif, (doz kiermd’ se) o Tsierl! Wier hinne?

Wif, het wotte nu beginne?

     Wif, iz dy de Wrâd t’ on-rom?

Wif, môcht Mem de holle’ op-stecke!

Wif, it hert moast her to brecke!

     Wif, jae kearde’ ijn ’t Graef her om!

7

Dear de See so gruwlijck gappet,

In by tuwzenen op-happet,

     In by tuwzenen forteart,

Dy dear sonder resten restje;

Dy de greate Fisken mestje;

     Dearme mey in suwn hert steart.

8

Dearme’ op-sling’ret oone Wolcke,

In fen dear del duwckt, ijnn’ Kolcke,

     As fenne’ Hijmmel inne hol,

Wa schoe dear de Dead ontkomme?

Breckt in tin boerdke’ az in tomme,

     Dear ’s de Buwck sât wetter fol.

9

Jiette lit ick ’t hette wezze,

(Nu ’t ick Dy naet kin belezze,

     Nu ’t dijn sin ney’ See o fljuecht)

Teagste’ oer’ See ijn keapfaerdye

Och! het wijlde rasernye

     Drieut dy dearme’ op ’t wetter fjuecht!

10

Dearme naet yen tred ontwijcket,

Schien de Dead yen grijmme’ oon-kijcket!

     Dear Fortwijv’linge’ helsch in luwd

Bijllet, in mey Dealsche tosken,

Schijp in ljue forslijnt by bosken,

     Aef de Lonte steckt ijn ’t kruwd,

11

Wier ’t naet swieter ijnne weyde,

Meye Schiepkes oppe heyde,

     Meye Fammen oone ring:

Fearkjen, fisckjen, ijnne Sletten,

Foecken fânlen; aef, ijnn’ Netten,

     Fuwggelt fean, op poal aef kling’?

12

Tuwn in Fjilden to beloytsen,

Hoaf in Beammen to beploytsen,

     Dat iz wille’ oer wille Bern.

Deadlijk ist ijnn’ See to swommen.

Mar Du schoddeste’ holle’ in plommen,

     Al mijn kâdtjen is forlern.

13

Wol den: sijlle’ ijnne’ Hijmmelsche’ hoede.

t Fearckjen tijgge dy to goede.

     Ick befel, dy ijn Goads hân,

Dy stjoer dy uwt wetter-weagen,

Klipp’-nead, heyl in twierre-fleagen,

     Trog sijn Ing’len, bly to lân.

***

14

Wif ontfert my, Wif ontjocht my,

Wif ontsijll’t my, Wif ontfljuecht my,

     Wif (ho ’s nu mijn hert ijnn’ lest!)

Polschet ijnne djiepste kuwllen,

Dear de Fisken, great fen muwllen,

     ’t Wetter blieze’ oer seyl in mest.

15

Al mijn ljea dy trilje’ in schoddje,

Az ick tins ho datse Doddje,

     Hol oer bol, ijn ’t sâte schom:

Dearme Kabels kerv’t in Mesten,

Dearme leck drieut oppe lesten,

     Yn dat gruwnleas Djiep roun-om.

16

Dearse’ uwt nea-twang ’t lest uwt-sjette,

Dearse’ oonn’ Klippe sticken stiette,

     Dearse’ oon’ Dregg’-touw’ rijdde’ ijnn’ nead,

Dearse plofje op hirdde sânnen,

Dearse borstje’ op druwgge strânnen,

     Dear in Neyl-breck iz de Dead.

17

Jeny! Ho mey ’t komme kinne,

Dy so ney by ’t stearren binne,

     Dy de Dead so brinsgjen heert,

Az de See spy’t schom in wiette,

Dat hy ’t Stijrt’ korts schoe bejiette,

     Guwlt, in, boppe tonger, beart:

18

Stracx weer, az Goads hân op-tillet,

Touwer, Wijn in Waegen stillet,

     In, az ijnne teamme twingt:

Schoert Deads boeyt weer uwt Deads hannen;

Schijp, mey Keappenschip, in mannen,

     Yn behâdne haven bringt:

19

Dearse wonder, kreft in eere,

Sjonge fen uwz ljeave HEERE,

     Dy de See so struys bewâdt,

Ho mey ’t (siz ick jiette) komme

Dat sock Folck (as Djier fordomme)

     So lijts ’t wonder Goads onthâdt.

20

Dattet, trog uwt-littne flincken,

Falt oon’t bjealgjen, beestig drincken,

     Striette-scheynen, duyn in fol,

Mey in on-bestjoersum wezzen,

Beeren, smijtten ijnne glezzen,

     Tierret, flockt in fjuecht so dol.

21

O! dy de’ heagst’ doz smaedje’ in huynje,

As forwijlde Ky, dy duynje,

     Weyd’t Hy az spoar-bjuester’ Schiep.

Wol dogge’, Hijmmel, Wif ijn-plantje,

Dat hy him ney God môt kantje

     Az hy t’huws komt uwt it Djiep.


Eyn.