zaterdag 10 december 2016

It Frysk yn it fuortset ûnderwiis - de praktyk

Hoe sjocht it Frysk ûnderwiis derút as men dernei sjocht yn it perspektyf fan de twa hegeskoallen yn Ljouwert, dy’t opliede foar it fak fan learaar Frysk twaddegraads? Ik fetsje gear wat ik hear út it fjild, sa’t ik dat earder dien ha mei ûnderfiningen mei it Frysk yn it basisûnderwiis. 

Binne der eins wol studinten dy’t optearje foar in baan as learaar Frysk yn it fuortset ûnderwiis? Ja… in pear. Oan de NHL wiene der fan ’t jier fjouwer (4) earstejiers haadfakstudinten Frysk. Fan wa’t der wilens al ien opholden is. En dêrmei is it noch in goed jier ek, want meastentiids binne der minder as trije nije earstejiers. 

Wêrom binne it der sa’n bytsje? De hegeskoallen soene graach sjen dat der yn it fuortset ûnderwiis mear fraach wie nei dosinten Frysk. In grut probleem, sa wurdt sein, is de gimmestykjuf dy’t it Frysk der in bytsje by docht, of de skoallen dy’t it Frysk as projekt jouwe (Marne Kolleezje, Boalsert) of der hielendal neat oan dogge. Sokke skoallen freegje fansels net om in goed oplate dosint Frysk. En de ynspeksje lit dat allegear mar wat gewurde, wylst der by in oar fak boppe op sprongen wurde soe. In gymjuf dy’t wiskunde jout, omdat se wolris it oerflak fan it gymlokaal opmetten hat. Kinne jo it je yntinke? 

Frysk is foar alle studinten oan de NHL en Stenden in ferplicht fak yn it earste jier. Oan de NHL is it ek yn it twadde jier in ferplicht fak, oan Stenden net. Yn it tredde jier kinne studinten kieze oft se it foech Frysk helje wolle, sadat se Fryske les jaan meie oan basisskoallen. Se moatte dan it A-diploma fan de Afûk helje en in koarte kursus didaktyk en taalsosjology folgje. By Stenden bart dat folle mear as oan de NHL; dêr wiene dit jier mar fyftjin studinten foar it foech Frysk. Studinten dy’t letter op in trijetalige skoalle wurkje wolle, kinne oan de NHL in aparte trijetalige oplieding folgje. In probleem is wat der bart as se it hbo achter har litten hawwe. Dan wurdt der faak sa’n bytsje mei it Frysk dien dat de kennis wer fuortsakket. 

By pabo-studinten dy’t op in trijetalige basisskoalle sitten hawwe, moatte de pabo-learkrêften de âlde kennis faak efkes aktivearje, en dan witte se al gau wer hoe’t se Frysk skriuwe moatte. Mar pabo-studinten dy’t út it reguliere basis- en fuortset ûnderwiis oerkomme hawwe gjin inkelde boaiem – behalve as se út in FNP-húshâlding komme of tafallich Frysk as eineksamenfak hân hawwe. En dat wylst dy allegear ferplicht Fryske les hân hawwe yn it fuortset ûnderwiis. 

Mar, sa is de ûnderfining, dêr ha se neat opdien dat hingjen bleaun is. Sitaat: ,,Ik moat by dy studinten, de grutte mearderheid, hielendal by nul begjinne.” 

Gjin wûnder, want dy’t nei de ‘leardoelen’ fan it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis sjocht, springe de triennen yn ‘e eagen. Lykas: 

• De leerling leert om via voor hem zinvolle contexten een Friese woordenschat op te bouwen door verschillende strategieën toe te passen. 
• De leerling leert een informeel gesprek in het Fries te voeren met leeftijdgenoten over onderwerpen uit zijn dagelijks leven. 
• De leerling leert zich mondeling en schriftelijk begrijpelijk uit te drukken en zich te houden aan taalconventies die voor het Fries gelden (spelling, grammaticaal juiste zinnen, woordgebruik). 
• De leerling leert Friese verhalen, gedichten en informatieve teksten te kiezen en te lezen die tegemoet komen aan zijn belangstelling en zijn belevingswereld uitbreiden. 

Dat dy doelen sa leech, faach en neatsizzend binne en ta suver neat ferplichtsje, al hielendal net as men se ferliket mei dy foar it ûnderwiis yn de Nederlânske taal – dêr is by de ynfiering troch de aksjegroep Te Mâl yn 2005 fûleindich tsjin protestearre. It hat lykwols neat úthelle. It offisjele idee wie wakker dat, as skoallen mar net ‘oerfrege’ waarden, it dan stadichoan better wurde soe mei it Frysk. 

Dus net. 

Wat te dwaan om de sitewaasje te ferbetterjen? Sa út en troch jout der ris ien út it wurkfjild lûd, mar oplossingen wurde steefêst yn ‘oerlis’ smoard. As skoallen al yn beweging komme wolle, ûntstiet der in hiel oerlissirkus, mei ynspraak, der folget fansels in ‘hiel sinfolle diskusje’, der wurde ferslaggen skreaun, der wurde kommisjes ynsteld. 

Mar der feroaret neat. 

It iennichste wat echt helpe soe, is as de ynspeksje Frysk as elk oar fak behannelet. As der te min oan dien wurdt, soe de skoalle in negative beoardieling krije moatte en - yn it ultime gefal, as it te lang min bliuwt - slute moatte. Mar de ynspeksje hat yn 2010 hast letterlik sein dat er net mear nei Frysk sjocht, omdat dat fak der dochs mar in bytsje by hinget. Salang't de provinsje gjin dúdlike kearndoelen foar de skoallen fêststeld hat, en salang't der net folle mear dosinten Frysk oan it wurk binne, kin de ynspeksje net ynspektearje. Mei oare wurden: de bal leit by de provinsje. 

Op guon skoallen yn it fuortset ûnderwiis telt it sifer foar Frysk net iens mei foar it rapport.



zaterdag 3 december 2016

Presintaasjeflyer en parseberjocht Marten Hepkes Bakker

It Frysk op skoalle - de praktyk

As it om de praktyk fan it Frysk op basisskoallen giet, is de trystens mei gjin pinne te beskriuwen. Ik fetsje gear wat ik hear út it fjild. Earst wie der Studio F, in metoade Frysk op fjouwer nivo’s. Om’t wy yn Fryslân in protte lytse skoallen hawwe, wurkje de measte learkrêften yn kombinaasjegroepen. Dat betsjutte foar in kombinaasjegroep dus lesjaan mei Studio F op acht nivo’s. Net te dwaan, sizze sels dy ûnderwiisminsken dy’t hert foar it Frysk hawwe.

En wat moatte sokke learkrêften dan? Sels mar wat oanrommelje, mei de bêste bedoelingen. Sels wat lesboekjes byinoar skarrelje. De bern yn godsnamme dan mar wat wurdrychjes oanleare: dagen, moannen, kleuren, bisten.

Nei njoggen jier mei in net-funksjonearjend Studio F hawwe de Afûk en Cedin lêstlyn in nije metoade yntrodusearre: Spoar 8. Fan fjouwer nivo’s giet it no nei twa nivo’s. Dus foar in kombinaasjegroep betsjut dat noch altyd lesjaan op fjouwer nivo’s. Likegoed: net te dwaan.

Fierder binne de staveringslessen no ferwurke yn in, jawol, game: de Meunstertún fan Grendel Games. Bern moatte harsels mei it spultsje de Fryske stavering oanleare, dus sûnder útlis, ynstruksje, foardwaan-neidwaan fan juf of master. Yn it begjin fûnen de bern, neffens sizzen, soks wol aardich en spannend, mar no’t it nije derôf is, bliuwe inkeld de echte gamers yn ‘e besnijing – de oaren binne al lang ôfheakke.

De lessen fan Spoar 8 bestean út twa digitale lessen mei de learkrêft en dêrnei moatte de bern de learstof selsstannich ferwurkje yn in ‘tram’ of ‘trein’ opdracht. Leuk betocht, mar sûnder te rekkenjen mei it hiele lesprogramma op skoalle. ‘Organisearje in moadesjo’, ‘meitsje in presintaasje foar de groep’, ‘hâld in ynterview’. Opdrachten dy’t samar mear as twa oeren yn ’e wike nimme. Tiid dy’t der net is.

Want wat wurdt der allegear wol net op it buordsje fan de learkrêft skood? Skoallen moatte mear tiid besteegje oan de kreative fakken, mear dramatise en musise foarming jaan, bern seksuele foarljochting jaan, bern programmearjen leare en feilich ynternetten, klearstome foar de hieltyd feroarjende maatskippij (21st Century Skills), bern ‘weerbaar’ meitsje (anty-pestprogramma’s folgje), bern ‘kanjertraining’ jaan om se sosjaal sterker te meitsjen, bern fan groep 1 ôf de Ingelske taal leare, en folle net genôch, en gjin ein.

Dat moat dan ek noch allegear yn en mei itselde oantal oeren dien wurde, wylst dy ûnderwiistiid al foar it grutste part folle wurdt mei de fakken rekkenjen, lêzen en Nederlânsk. Fan de tiid dy’t dêr foar stiet mei fan de ynspeksje neat ôfhelle wurde. It slachtoffer is it Frysk. It fak Frysk moat der ‘noch eefkes’ by. En faak komt it fak yn ’e knoei. ‘Dan slaan we dat deze week maar een keer over.’

Us learkrêften rinne tsjin harren grinzen oan, tinke jo net? Mar de bûtenwrâld en ek de Fryske lesûntwikkelders hawwe gjin idee hoe’t it der op de wurkflier oan ta giet en ûnder watfoar druk learkrêften wurkje moatte. Der wurdt in skynwrâld skepen fan leardoelen en mjitmominten dy’t neat mei de praktyk te krijen hat – of dy’t de praktyk oan it each ûntlûke moat?

Guon skoallen soene graach alle wiken in Fryske middei hawwe wolle. Gewoan alle lessen yn it Frysk jaan op dy middei. En dan ek lesjaan yn ’e Fryske taal. Op ien nivo, mei-inoar en leafst klassikaal. Mar dat meie jo al hielendal net mear sizze: klassikaal is hjoeddedei not done.

Koartsein: Fryslân hat opnij in metoade, stipe mei in soad jild fan de Provinsje, dêr’t it Frysk ûnderwiis en dus de Fryske bern fierstente min mei opsjitte. Is it bêste medisyn no it ferlienen fan ûntheffingen foar guon leardoelen, sa’t de provinsje docht yn syn ‘Taalplan Frysk’?

Of is der stipe noadich foar de Frysk-swakke skoallen, mear tiid, mear jild, mear learkrêften mei foech, en fansels hearre dêr ek goede, yn de praktyk woartele en bewiisde lesmetoaden by?

Stop ûntheffingseksploazje - jou Frysk op skoalle!

It saneamde ,,Taalplan Frysk" fan de provinsje draait om it ferlienen fan parsjele ûntheffingen foar Fryske leardoelen op skoallen dy't dêr om freegje. Hjoed hat it Friesch Dagblad der in stik oer dêr't de provinsje yn oan it wurd komt. It giet derom dat de ûnderwiisynspeksje aansen mear hânfetten krijt om it fak Frysk op skoallen te beoardieljen. ,,Zo wordt de invulling van het vak minder vrijblijvend", fettet de krante gear.

De ûntheffingen jilde foar fjouwer jier. En dêrnei? Amtner Tjerk Bottema: ,,We hopen dat veel scholen hun doelen dan naar boven hebben bijgesteld." En, stiet der ek: ,,Wel hoopt de provincie de scholen (..) ertoe te bewegen meer te doen voor het vak." 

Hoop? It gie dochs om in ,,plan"? Dêr stiet net in wurd oer yn 'e krante. Tsientallen skoallen krije ûntheffing en der is blykber gjin plan om dy skoallen te begelieden en te stypjen op wei nei goed Frysk op skoalle. Ynstee fan skoallen te helpen dy't achterbliuwe, wurde se troch de provinsje oan har lot oerlitten - en de bern binne de dupe. Yn de hiele provinsje. 

Yn de ûnderlizzende stikken giet men derfan út dat skoallen yn gebieten mei minder Frysktaligen faker in ûntheffing krije sille - dat kin fansels net: diskriminaasje op grûn fan wenplak. Mar watfoar skoallen hawwe al in ûntheffing krigen fan 't jier? Neamd wurde as foarbyld skoallen fan de feriening foar kristlik primêr ûnderwiis Noventa: kbs De Tarissing yn Droegeham, kbs De Bernebrêge yn Surhústerfean, kbs De Claercamp yn Gerkeskleaster, kbs De Oanrin yn Twizel. 

Allegear yn poer-Frysktalich gebiet. Dus: it giet net inkeld om skoallen mei in soad Hollânsktaligen. En it giet mei skoalkoepels tagelyk. It heale Frysk ûnderwiis wurdt frijsteld fan it iene of it oare leardoel (dochs al op syn dizenichst formulearre as: [wat] prate kinne, [wat] lêze kinne, [wat] skriuwe kinne). En witte jo noch wat: it hiele idee hat noait yn Provinsjale Steaten op 'e wurklist stien.

22 desimber is in prachtige dei om hearre te litten wat jo hjir fan tinkt. Goed Frysk op skoalle is in bernerjocht, seit Sis Tsiis. Dêrom: stop ûntheffingseksploazje - jou Frysk op skoalle!

maandag 28 november 2016

Wat seit in Fryske skriuwer? Everything is awesome?

Is er, as er net dwaande is mei it bouwen fan syn image, mei it netwurkjen foar súkses, mei it ferkeapjen fan syn oansteande optreden, boek of film, mei it foar himsels anneksearjen fan shared space, ek noch - yn in oare kapasiteit - in minske belutsen by it sosjale funksjonearjen fan syn taal? Wol er, doart er, kin er dêr wat oer sizze? 

Bygelyks dat it Taalplan Frysk fan deputearre Sietske Poepjes driget út te rinnen op de grutste tebeksetter foar it Frysk ûnderwiis sûnt de útfining fan de boekprintkeunst, en sels Amnesty International sjocht de oare kant út? Bygelyks dat bern it rjocht op goed Frysk ûnderwiis ûntkeard wurdt? 

Wat sizze de mediatigers fan de Fryske skriftekennisse, Piter Boersma, Sjieuwe Borger, Tsead Bruinja, Ernst Bruinsma, Anne Feddema, Froon Akker, Josse de Haan, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Alpita de Jong, Bart Kingma, Sigrid Kingma, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Meindert Reitsma, Willem Schoorstra, Elske Schotanus, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal, Liuwe Westra, Syds Wiersma en al dy oaren, witte jo it, ikke net. Alles is geweldich? 

Graach oant sjen op 22 desimber, Saailân, Ljouwert, 19.00 oere! Fan herte útnoege!

vrijdag 18 november 2016

Lân fan Taal hat neat mei it Frysk

Twa grutte Frysketaalprojekten skrast troch KH2018 

Langer al as twa jier hie de Ried fan de Fryske Beweging der mei dwaande west. Yn ’e hoop, en ek neffens de ferwachtingen dy’t wekke waarden, om it útfiere te kinnen yn it ramt en ûnder de paraplu fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. 

It projekt ‘Fan Underen Op: mei taal oan ’e haal’. 

Dat hie as doel om it taalbewustwêzen yn ’e provinsje fuort te sterkjen mei kulturele en kommunale inisjativen. Mar it feest giet net troch. Fan ’t simmer sette Siart Smit, direkteur fan Lân fan Taal, dat in ûnderdiel is fan KH2018, der in fette streek trochhinne. 

In kwestje fan besunigje moatte, of spilet der dochs ek wat oars mei? Earder slagge it de stúdzjerjochting Minorities & multilingualism fan professor Goffe Jensma al net om in grut empirysk ûndersyk nei taalgebrûk yn ’e provinsje op de wurklist fan Lân fan Taal te krijen. Dêrby binne neffens in betroubere boarne de emoasjes heger oprûn as oars. It liket derop dat ‘de Bûterhoeke’ – Tresoar en Afûk – yn ’e mande mei de fan Tryater ôfkomstige programmadirekteur Smit út noch yn gjin nocht hat oan projekten dy’t skaal en ambysje sjen litte as it om it befoarderjen fan it gebrûk fan de Fryske taal en de kennis dêroer giet. 

Fan Underen Op gong werom op in idee út 2011 foar in ‘kulturele karavaan’: it opsykjen fan doarp en stêd mei in mearsidich kultureel programma, dat ek as doel hie om de kulturele kapasiteiten fan de minsken sels oan te boarjen. De Ried fan de Fryske Beweging woe mei syn fersy berikke, neffens in tekst op de eigen site, ‘dat we wat bewuster mei it Frysk omgeane, de taal bewust mear brûke. Troch faker Frysk te praten, kinne we mei-inoar foarkomme dat de taal yn de takomst ferlern giet. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat we hieltyd minder Frysk prate en skriuwe.’ Ek ûnder mear de RUG en it Europeesk Buro foar Lytse Talen soene meiwurkje. 

Renze Valk, skriuwer fan de Ried, skreau op 22 novimber 2014 op ItNijs dat KH2018 ek besykje moatte soe ‘om de kleau tusken stêd en plattelân te sljochtsjen’; tusken urbane mienskippen dy’t net witte wêr’t har iten weikomt, en plattelânsmienskippen dy’t har yntellektuele en kreative kapitaal ferlieze. Mei dy ynstek sleat Fan Underen Op naadleas oan by it earste KH-manifest fan desimber 2011, dat folle mear emansipatware aksinten lei as de lettere foaral kultuerkommersjeel rjochte bidbookfersys. 

Valk: 'Mei Ljouwert 2018 yn it foarútsjoch wol de Ried Fan Underen Op organisearje en in programma oanbiede dêr’t neist it doarp of de stedswyk ek profesjonele minsken út de teater- en muzykwrâld by belutsen wurde. It programma is net allinne foar Frysktaligen bedoeld, mar ek foar minsken dy’t wend binne in oare taal te praten. It sil fan doarp ta stedswyk ferskillend wêze, omdat de situaasjes nearne gelyk binne.'

Valk seach yn it winterskoft fan 2017-2018 likegoed al in ‘âlvestêde- en doarpetocht foar de Fryske taal en kultuer’ foar him. 

Mar fan dy moderne en miskien wol like befrijende Winterjounenocht komt dus neat op ’e hispel. KH2018 wol net nei de doarpen mei in grut, djoer, útinoar rinnend oanbod fan taal, kultuer, skiednis en sport, dat miskien wol it risiko ynhat dat it as ‘Frysk-nasjonalistysk’ of ‘djipfriezerij’ ôfskildere wurde kin, sadat de minsken yn Fryslân miskien wol wekker wurde mar de toeristen thúsbliuwe. 

Wat wolle KH2018 en Lân fan Taal dan wol mei it Frysk? Dat is it projekt Taalkaravaan, dat gjin karavaan is. Op de site fan Lân fan Taal wurdt it in ‘mobile language festival’ neamd, mar dat is it ek net, want it ‘will be travelling past existing unique activities, festivals and locations in Fryslân’. Mei oare wurden, der sille bydragen levere wurde oan besteande festivals. It giet dan om aktiviteiten op it mêd fan teater, literatuer, muzyk en film. It is dus de wenstige topdown kultuerdistribúsje dêr’t foar betelle wurde moat en dy’t konsumearre wurde kin, produkten fan de hearskjende kultuerkommersjele elite.   

Mei taalbewustwurding en it korrizjearjen fan kultureel-mentale bylden oer stêd en plattelân – de ambysjes fan de plannen fan de Ried en de RUG-stúdzjerjochting – hat it allegear neat te krijen. 

Dyselde Ried sit no der no wat raar yn. KH2018 kaam twa jier lang mar net mei hurde tasizzingen mar der moasten al kosten makke wurde foar advys en organisaasje. En de Provinsje dan? Of kolleezjepartij FNP? 

Op 21 juny presintearre deputearre Sietske Poepjes (CDA) har beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’, ynklusyf it sa troch de FNP neamde ‘Deltaplan foar it Frysk’. Soe dêr dan miskien romte yn sitte foar it útfieren fan it grutte taalplan? Beweger Jehannes Elzinga frege it in dei letter iepentlik (op ItNijs.frl): ‘Is binnen dit budzjet ek jild foar it projekt Fan Underen Op fan de Ried fan de Fryske Beweging?’ 

In antwurd kaam der net. Of eins al. Nee, sei Lân fan Taal al, en nee, sei no ek it Kolleezje fan Deputearre Steaten. 

De Ried is tsientûzenen euro’s lichter. En tanksij Lân fan Taal en de Provinsje sille it Frysk en de Frysk-sprekkers dêr net in hier better fan wurde.

woensdag 3 februari 2016

It Skriuwerswykein 2015, of it falen fan it Skriuwersbounbestjoer minus de ponghâldster

De tryste histoarje fan it net-hâlden Skriuwerswykein fan 2015 begjint net lang nei de algemiene ledegearkomste fan It Skriuwersboun op 30 april. De bounsleden Hein Jaap Hilarides en Jetske Bilker freegje op dy gearkomste oft se wat gesellichs mei de skriuwers organisearje kinne ûnder de paraplu fan It Skriuwersboun. Ja, is it antwurd fan bestjoer en leden: dat kin. It giet om in ynformeel inisjatyf; der is gjin sprake fan in organisaasjekommisje mei taken, doelen of sokssawat. 

Gjin reaksjes 

Grif praat Hilarides dêrnei mei Ernst Bruinsma fan de Moanne, al bestiet fan dat petear fierder gjin ferslachjouwing, want op de bestjoersgearkomste fan It Skriuwersboun fan 13 july docht bliken dat der in útstel ynkommen is fan Hilarides oangeande it hâlden fan in Skriuwerswykein yn ’e mande mei it tydskrift de Moanne. Teksten dy’t yn en om dat wykein hinne skreaun wurde sille, kinne dan yn de Moanne publisearre wurde, is it idee. It bestjoer, dat it útstel behannelet, jout tastimming foar de organisaasje fan in wykein fan It Skriuwersboun mits it gean sil om in werklike ko-produksje (bestjoersbeslút 13-7). 

Op deselde bestjoersgearkomste wurde yn it ramt fan de oanfraach boekjiersubsydzje by de Provinsje trije Skriuwersbounprojekten besprutsen: 1) op ’e nij in Literêr Sirkwy; 2) Skriuwerswykein; 3) mini-konferinsje oer literatuer. In grouwe moanne letter, op 19 augustus, mailt de ponghâldster de konsept-oanfraach foar de boekjiersubsydzje nei it bestjoer. Opnommen binne ek de projekten foar 2016, sadat de Provinsje op’e hichte is fan de projektsubsydzje-oanfragen dy’t letter yntsjinne wurde sille. As betingst foar it projekt Skriuwerswykein wurdt neamd dat it in kwalitatyf goed en kultureel of polityk-maatskiplik relevant programma biedt. 

Fan de bestjoersleden reagearret der mar ien; op syn advys wurdt de oanfraach boekjiersubsydzje oanpast. 

Twa wike letter, op 3 septimber, mailt de ponghâldster nei it bestjoer mei in fraach om ynformaasje oer de oanfraachprosedueres foar provinsjale projektsubsydzjes en oft se de begruttingen fan projekten út 2013 en 2014 oernimme kin. Foar projekten fan 2015 binne der gjin (konsept)projektsubsydzje-oanfragen noch (konsept)begruttingen. It is dat jier foar it earst dat provinsjale projektsubsydzjes oanfrege wurde moatte mei projektplannen en begruttingen op basis fan offertes; de prosedueres binne oanpast yn 2014 en de eardere ponghâlder hie dêr noch net mei hoegen te wurkjen (dy frege gewoan jild en dat kaam dan). 

Op dizze mail komt ek gjin reaksje, fan gjin fan de bestjoersleden, ek net nei in pear wike. 

Wer twa wike letter, op 16 septimber, mailt de ponghâldster oan it bestjoer har útstel om foar trije projekten subsydzje oan te freegjen út de provinsjale subsydzjepot Kultuer en Mienskip, regeling Promoasje Frysktalige boek. It giet om twa Skriuwerswykeinen (2015 en 2016) en in literatuerkonferinsje. Foar it projekt Literêr Sirkwy kin subsydzje út in oare regeling oanfrege wurde. De oanfraach moat op 1 oktober by de Provinsje wêze. 

De foarsitter fan It Skriuwersboun, Tryntsje van der Veer, antwurdet deselde deis: ‘As it goed is, hat Symen [de eardere ponghâlder – AdV] foar dit jier in oanfraach dien.’ Dat is lykwols net it gefal, lit de ponghâldster in dei letter witte oan it bestjoer. 

De ponghâldster meldt dat se mei Hilarides maile sil om op ‘e hichte te reitsjen fan syn plannen foar in Skriuwerswykein 2015 en om him de subsydzjebetingsten te ferdútsen. Op 17 septimber lit de ponghâldster oan Hilarides witte wêr’t in Skriuwerswykein oan foldwaan moat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, mei dêrby de deadline en in konseptbegrutting. Hilarides antwurdet, op 20 septimber, dat er in dei letter, op 21 septimber, in petear hawwe sil mei Ernst Bruinsma fan de Moanne; Jetske Bilker sil dêrby oanwêzich wêze. De ponghâldster lit him witte dat dat prima is, want dan kin se op 28 septimber it konsept-projektplan klearhawwe, dat dan dus noch op ’e tiid by de Provinsje wêze kin. Ek befêstiget se nochris de betingst: ‘it doel fan it Skriuwerswykein moat mear omfetsje as it foljen fan in Moanne-nûmer’. 

Yntusken, 24 septimber, mailt de ponghâldster in earste alternatyf konsept-projektplan foar in Skriuwerswykein mei as tema 'Poetus Laureatus' nei it bestjoer, want de tiid hâldt gjin skoft – 1 oktober moat, lykas al sein, de boel by de Provinsje wêze. 

Der komt gjin ynhâldlik kommentaar fan it bestjoer. 

Twa dagen letter, 26 septimber, mailt de ponghâldster nei it bestjoer in zip-file mei de komplete (konsept)subsydzjeoanfragen foar alle fjouwer útstelde projekten: Literêr Sirkwy, mini-konferinsje literatuer, Skriuwerswykein 2015 en Skriuwerswykein 2016. Wer twa dagen letter, op 28 septimber, komt der in reply fan de foarsitter mei inkeld: tankewol. Wol leveret bestjoerslid Popkema kommentaar op budzjettêre details. Fierder komt der gjin reaksje fan it bestjoer op de email en de konsept-oanfragen. 

It boek of de lêzer? 

Deselde dei, de jûns om 21:30 oere, stjoert Hilarides in mail nei de ponghâldster mei in ferslach fan it petear mei Bruinsma op 21 septimber (in wike earder dus). Dat ferslach befettet in programma foar it Skriuwerswykein. It tema sil wêze ‘It boek of de lêzer?’ Mei oare wurden (Hilarides): ‘Moat it boek him oanpasse oan de lêzer? Of moat de lêzer him of har oanpasse oan it boek?’ 

Op 29 septimber mailt de ponghâldster nei bestjoerslid Popkema watfoar oanpassingen se op syn advys makke hat yn de projektsubsydzje-oanfragen. 

Ek op 29 septimber mailt de ponghâldster oan it bestjoer en oan Hilarides dat it net mear mooglik is om mei de ideeën fan Bruinsma en Hilarides in projektplan te meitsjen en dat mei de bestjoersleden te besprekken, om’t dyselde middeis de subsydzje-oanfragen fan It Skriuwersboun op de post nei de Provinsje moatte. Wol jout se de befêstiging oan Hilarides dat syn ideeën likegoed besprutsen wurde sille op de bestjoersgearkomste fan 1 oktober. 

Hilarides antwurdet mei in fraach oan de ponghâldster: wat fynt It Skriuwersboun fan it programma en is subsidiearring noch mooglik? De ponghâldster antwurdet dêrop a) dat it programma net foldocht oan de betingsten fan It Skriuwersboun-bestjoer lykas steld op 13 july; b) dat subsidiearring troch de Provinsje binnen de regeling Kultuer en Mienskip foar it útstelde programma net goed mooglik liket; en c) dat de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen foar projekten binnen Kultuer en Mienskip op 1 oktober slút. 

Op 30 septimber jout de ponghâldster tillefoanysk útlis oan Hilarides. Ek mailt se de programma-opset fan Hilarides nei it bestjoer en docht se ferslach fan de kommunikaasje deromhinne. De foarsitter reagearret oars net as mei it omstjoeren fan in standertwurklist foar de bestjoersgearkomste fan 1 oktober. ‘Ik ha it Skriuwerswykein (de middei) der efkes apart by set.’ 

Op de bestjoersgearkomste fan 1 oktober wurde alle konsept-projektoanfragen goedkard en wurdt oer It Skriuwerswykein 2015 besletten: ‘It Skriuwerswykein 2015 fynt plak foar it beslút oer takenning fan de oanfrege subsydzje. It Skriuwersboun betellet út it jierjild en rint it finansjele risiko.’ (Beslút bestjoersgearkomste 1 oktober 2015.) 

Beslút of gjin beslút? 

Mar in dei letter, op 2 oktober, mailt foarsitter Tryntsje van der Veer oan it bestjoer en oan Hilarides: ‘it bestjoer is fan miening dat it te koart dei is om 28.11 in goed tarieden [sic!] gearkomste te hâlden. Dan better yn 2016 goed foar de dei komme.’ De ponghâldster wiist yn de mail op it bestjoersbeslút fan in dei earder en wol dat yn de notulen opnimme; de foarsitter wol dat net: ‘Foar no soe ik opnimme dat wy nei oerlis besletten ha dit jier gjin Skriuwerswykein te hâlden, op grûn fan de ynfo sa as no beskikber. Ik bin benijd nei de reaksje fan [Hilarides], mar dêr ha wy it letter wol oer.’ (Email 2 oktober oan de ponghâldster.) 

De ponghâldster antwurdet oan it bestjoer: ‘Wat mear as der organisearre wurdt, wat better as it is. Dus ik wol gjin dingen fersteure.’ Taheakke oan har mail stjoert se it ferslach fan de gearkomste fan 1 oktober mei it beslút it Skriuwerswykein 2015 te organisearjen. 

Hilarides begrypt ien en oar net en bellet op 2 en 3 oktober mei de foarsitter. Dy mailt op 3 oktober oan it bestjoer dat Hildarides oanjûn hie dat de tariedings yn in finaal stadium wiene en dat er tocht dat it bestjoer fan alles op ’e hichte wie. De foarsitter wol oerlis oer de sitewaasje. De ponghâldster mailt werom dat der gjin sprake wêze kin fan tariedings yn in finaal stadium ‘as it Skriuwersboun gjin inkeld kontakt mei de partner [de Moanne – AdV] hân hat, der gjin offertes yntsjinne binne, gjin begrutting opstjoerd, ensh. Der is gjin inkelde reden om de beslissing fan tongersdeitejûn [bestjoersgearkomste 1 oktober – AdV] op ’e nij te besjen.’ 

Op 4 oktober mailt de foarsitter oan it bestjoer dat neffens har de ponghâldster net alle skriftlike ynfo oer it Skriuwerswykein yn it bestjoerd dield hat. Ek wol se it Skriuwerswykein no net trochgean litte om’t de plannen net konkreet genôch binne en net op ’e tiid oerlein. Se wol de ideeën meinimme nei 2016. Yn har reply, ek fan 4 oktober, bestriidt de ponghâldster dat se net alles fan Hilarides trochstjoerd hawwe soe nei it bestjoer. Ek kundiget se oan yn jannewaris út it bestjoer te stappen: ‘Yn jannewaris lis ik myn funksje wer del. Ik haw gjin sin yn dizze manipulaasjes dy’t it hiele programma lykje te fersteuren.’ 

Op 8 oktober docht de foarsitter in útstel oan it bestjoer foar in ekstra gearkomste ‘om’t goede en iepen kommunikaasje hiel belangryk is’. 

De ponghâldster antwurdet in dei letter: ‘Ik begryp it doel, mar ik snap it middel net sa. Ik bedoel: it soe dochs net nedich wêze moatte om in ekstra gearkomste te belizzen om te besprekken dat bestjoersleden net op bestjoersbeslissingen werom komme moatte sûnder nije plenêre bestjoersgearkomste en it is dochs net nedich om te fergaderjen oer it feit dat ien-twaatsjes net jilde meie as bestjoersbeslút? Of binne wy werklik sa fier sonken dat wy as bestjoer wer op ien line komme moatte om’t guon ûnder ús net op de line sitte fan oerlis, transparantens en yntegriteit?’ 

Op 16 oktober is dy ekstra gearkomste der dan, yn kafee Wouters yn Ljouwert. Mar sûnder de ponghâldster. Dy kin dy deis net en hat dan al ytlike kearen útsteld om fia Skype oanwêzich te wêzen. De foarsitter wol dêr neat fan witte, want de bestjoersleden Tryntsje van der Veer, Anne Tjerk Popkema en Johannes Beers kinne net skype.

Wilens… 

Yn simmer en neisimmer hawwe benammen de bestjoersleden Anne Tjerk Popkema en Johannes Beers it sa drok mei har eigen bestjoerlike hobbys dat se blykber fergetten binne om omtinken te jaan oan de knipende bestjoerssaak fan it opstellen fan goede plannen en it organisearjen fan subsydzje foar dy plannen. 

Ut ûnderskate mails dy’t ik hjir fierder mar net reprodusearje sil, docht bliken dat beide bestjoersleden har yn dizze perioade leaver dwaande hâlde mei de kwesty fan de namme fan It Skriuwersboun: dy wurdt troch beide as âldfrinzich ûnderfûn en der moat noadich in nije namme komme. Dat de leden yn 2013 noch besletten hawwe de namme te hâlden sa’t dy is, makket in nammerste kritysker punt. 

In oare soarch fan beide bestjoersleden is it formulearjen fan de core business fan It Skriuwersboun: de mission statement. Dy soe neffens har earder lizze moatte by taalbefoardering as by literatuerbefoardering. Konsept-enkêtefragen foar de leden wurde fandatoangeande yn it bestjoer ommaild. 

Yntusken is der yn It Skriuwersbounbestjoer mar ien dy’t har ôffreget oft dat tema dat Bruinsma en Hilarides betocht hawwe foar it Skriuwerswykein 2015 – it boek of de lêzer? – wol kultureel of maatskiplik relevant is, wat neffens de offisjele dokuminten de betingst is foar in Skriuwerswykein. It antwurd is fansels: nee. Mei alle respekt foar Bruinsma en Hilarides, mar ‘Moat it boek him oanpasse oan de lêzer? Of moat de lêzer him of har oanpasse oan it boek?’ is neat oars as in werformulearring fan de fraach: ‘Sil ik skriuwe wat ik wol, of moat ik my oanpasse oan in grutter publyk?’ 

Foar wa’t yn ús frije wrâld it kiezen tusken de twa opsjes swier falt: tûzenen boeken en hûnderttûzenen blogs behannelje dizze fraach al. Twads is bekend dat kreative skriuwers in oar konsept fan ‘publyk’ hawwe as bygelyks Kim Jong-un; it giet net om grut of mear. As de Moanne mient in nûmer folje te moatten cq. te kinnen mei in non-tema, is dat syn saak. Hie de Moanne kontakt opnommen mei it Skriuwersbounbestjoer, dan hie it bestjoer fansels dat punt besprekke en der kritysk op reflektearje moatten. Mar de Moanne die neat, dus It Skriuwersboun tocht nearne oer nei. 

Dy needsaak fan neitinken is hielendal net dúdlik wurden oan de foarsitter en de oare bestjoersleden. Behalve oan subsydzje- en Skriuwerswykeinsaken hie it bestjoer ek omtinken jaan moatten oan it Undersyksnetwurk dat op inisjatyf fan Friduwih Riemersma – ponghâldster fan It Skriuwersboun – opset is: in folle wichtiger inisjatyf foar de Fryske literatuer as de private namme- en enkêtehobbys fan in pear bestjoersleden. Mar ek dêr gie it omtinken fan Van der Veer, Popkema en Beers net nei út. 

In foarsitter dy’t dat net is 

De foarsitter blonk op de lêste algemiene ledegearkomste fan It Skriuwersboun út yn it mei drama opleppeljen fan de minpunten fan de ponghâldster, mar liigde tagelyk de oanwêzige leden foar troch net deagewoan te melden wat ik dus mar melde moat en hjirboppe ek dien ha, nammentlik de feiten fan har eigen disfunksjonearjen en dat fan har mei-bestjoersleden. 

In foarsitter fan in feriening moat, as der ûndúdlikheden ûntstean oer inisjativen, taken, tema’s en tiidpaden, de leie nimme en besykje ien en oar te strukturearjen, binnen de betingsten dy’t steld wurde oan goed ferieningsbestjoer. Ut boppesteand oersjoch docht klear bliken dat de foarsitter hielendal net as sadanich aktearre: se wie fan essinsjele saken net op ’e hichte, se reagearre net, of te let, se stjoerde net, se ynspirearre net, en – in bestjoerlike deasûnde – se stie ta dat in bestjoersbeslút nei de tiid mar efkes yn in ien-twaatsje mei ien of twa bestjoersleden weromdraaid waard. 

En dan krekt dwaan as is de gaos net jó skuld, mar dy fan in oar? 

Gelokkich hat It Skriuwersboun, behalve in foarsitter dy’t dat net is, no in ponghâlder dy’t dat ál is; Popkema bv is wierskynlik ien fan de grutste ûntfangers fan subsydzjes yn it ramt fan it provinsjale letterebelied, dat hy moat achte wurde te witten fan de sneldiken likegoed as fan de kowepaadsjes nei de potten mei goud. Kommunikaasjeman Johannes Beers moat lykwols noch al wat byleare. Tsjin Omrop Fryslân hie er it oer ‘ego’s’ dy’t it bestjoer gelokkich net tefolle yn it paad stien hiene. Dat seit de harker fansels sa neat: ego. Mar Freud helpt: ego is dat wat by folwoeksen minsken tusken de eangst foar straf en de ûnbeheinde driften sit. 

In yntryste saak, dizze hiele skiednis. 

De ponghâldster waard kriminalisearre mei in bestjoersmail oan de leden om dochs foaral GJIN kontribúsje te beteljen, nei’t sy in literêr opsteld kattebeltsje omstjoerd hie dat it tiid wie om te beteljen. 

De ponghâldster waard op de algemiene ledegearkomste as in misdiediger delset yn in like lang as misliedend ‘oersjoch’ fan har oandiel yn de miskommunikaasjes. 

De ponghâldster, dy’t yn 2015 (mei-)inisjatyfnimmer wie fan sawol it Undersyksnetwurk as de Skriuwersborrel, en dy’t prima plannen skreaun hat foar in nije opset fan it Literêr Sirkwy en foar in Skriuwerswykein mei ‘Poetus Laureatus’ as tema, dy’t sûnder help fan de o sa betûfte oare bestjoersleden it iene nei it oare projektplan neffens de nije easken fan de subysdzjejouwer net inkeld opsteld hat, mar ek goedkard krige troch it bestjoer, en dus yntsjinne hat by de Provinsje, dy ponghâldster waard op deselde algemiene ledegearkomste – wêryn’t se fersocht om fan har taken as bestjoerslid ûntslein te wurden – net inkeld net betanke foar har wurk, mar krige te hearren dat se ek gjin lid mear bliuwe koe. 

En de leden dy’t lid bliuwe mochten, by de graasje fan ús bestjoerlik knoffeltrio, de leden dy’t altyd lid bliuwe meie sille, om’t se noait net in bestjoer foar de fuotten rinne? 

Sa’t de Feartfisk al earder skreau: dy hawwe efkes lekker blettere. Gelokkich wie ik doe al gjin lid mear, en ik wurd it pas wer as de trije niisneamde ‘bestjoersleden’ har folmacht weromjouwe en in nij bestjoer syn wolmiende ekskuzes makket oan de ponghâldster fan 2015.

*

donderdag 28 januari 2016

It Skriuwersboun freget: 'Is it spylfjild foar de Fryske literatuer earlik?'

Nei earst in stikmannich makke skiep fuorre te hawwen, dêr't aldergelokst net ien fan frege wêr't it gers eins weikaam dat har te fretten jûn waard, koe it 'bestjoer', oftewol it espeltsje baasmanlju en - froulju dat him sa neamt, fan It Skriuwersboun tiisdeitejûn dan einlings it hichtepunt fan de gearsit oankundigje, nammentlik de langferwachte diskusje oer de knipende fraach: 'Is it spylfjild foar de Fryske literatuer earlik?'

Wat Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid dêrmei te krijen hie, de útnoege sprekker, wie op foarhân ûndúdlik en dat bleau it achterôf ek.

Yn de Leeuwarder Courant fan in dei letter joech sjoernalist en Skriuwersbounlid Sietse de Vries in briljante gearfetting fan dizze praterij-kofjedrinkerij ûnder de besieljende lieding fan It Skriuwersboun:

'Ynstee fan oer earlikheid gie it petear foaral oer de swakke posysje fan it Frysk en de Fryske literatuer.' 

Aha. Krekt. It gie dus wer nearne oer. Alteast, net oer eat dêr't net al lang in pear hûnderttûzen jûnen oer folouwehoerd binne. Logysk dus dat alle kroandeade tsjilskonkige kij oait yn Fryske jarresleatten bedarre dêr wer efkes útkrûpe mochten: de minne boekferkeap kaam wer te langenoaslûken foar it rút, de Sutelaksje stuts de kop wer op as it bêste om hals en kiel brochte Fryske mienskipsinisjatyf ea - mar net ien dy't der by '2018' op oanstiet om sa'n aksje op 'e noed te nimmen fansels, want ús eigen putsjes yn dy übersubsydzjestruierij moatte net yn gefaar komme. 

Leaver feroaret de foarsitter fan It Skriuwersboun it arkje fan Rink yn in soartemint Guantanamo Bay: kom mei in goed idee doerak of wy sille dy efkes waterboarde.

En dan ha ik noch net iens neamd dat Tryater sa anty-Frysk is dat se dêr inkeld mar kozakkestikken spylje wolle mei in froulike Taras Bulba oan de rezjyknoppen. Skande.

Mar wat 'earlik' hjir allegear mei te krijen hie? As it oer in 'earlik spylfjild' foar de Fryske literatuer gean moatten hie, dan hiene wy fan de Feartfisk earlik sein ferwachte dat It Skriuwersboun de sammele foaropwurden fan Fers2 efkes foar de leden kopieard en mei in nytsje deryn omparte hie. Dan hie it bygelyks oer de fraach gean kinnen oft subsydzjes wol op de goede plakken telâne komme. Dat wol sizze, leafst net by spesjaal foar it opstriken fan dy subsydzjes oprjochte útjouwerijtsjes en alle mâl om har hinne profitearjende lettersetters, plaatsjeknippers en omkaftgûchelders, mar by.... de Skriuwer sels! 

Nee, sa'n diskusje sil it folslein provinsjaal-polityk ynkapsele Skriuwersboun wol noait oanfiterje. It is der ommers net foar dyn en myn belang. It is der inkeld foar it belang fan de bestjoersleden sels - baasmanlju en -froulju yn de eagen fan it subsydzjekantoar-Poepjes. No is der mei dit earlikheidsdebakel wol wer in sekfol jild oer de balke smiten, mar, en dêr giet it ek om: it bestjoer hat gjin gesichtsferlies lit! (Logysk, as je gjin gesicht hawwe.)

En de skiep? Dy ha wer efkes lekker blettere.   


   

maandag 25 januari 2016

Q & A foar de Skriuwersboungearkomste

Twa saken soe ik moarnjûn graach mear oer hearre wolle. As ik noch lid wie. 

Ien. It Sirkwy-sympoasium (lêzingen oer literatuer, ûnder de paraplu fan Tresoar en It Skriuwersboun) is samar ophâlden. De organisatoaren, fjouwer tekstburootsjes (ien fan in bestjoerslid fan It Skriuwersboun) fûnen dat it net mear koe foar de subsydzje dy't der foar takend waard. Dus is sûnder ek mar mei ien skriuwer te oerlizzen dat jierlikse sympoasium de nekke omdraaid. Ik kin my yn it sin bringe dat ien fan de bestjoersleden fan It Skriuwersboun tsjin my sei dat de organisatoaren der de man mear as 1000 euro foar krigen. Fergoeding foar harren wurk. Ik kin my ek yn it sin bringe dat ik sels foar it hâlden fan ien fan de lêzingen in pear hûndert euro krige (foar pak 'm beet in moanne wurk). En ik kin my ek noch yn it sin bringe dat ien fan de bestjoersleden (in oarenien as boppebedoelde) it sympoasium ferline jier graach wer nij libben ynblaze woe. Mar dat koe net, neffens it earder neamde bestjoerslid. Want foar minder koene je it net dwaan.... Koartsein: dizze ramp foar de Fryske literatuer koe net wersteld wurde om't net ien minder provinsjale sintsjes freegje mei foar in putsje as earder neamd bestjoerslid. 

Twa. It Skriuwersboun soe ferline jier in skriuwerswykein organisearje. It hat dat net inkeld nét dien, it hat ek in besykjen om dat ál noch foarelkoar te krijen de nekke omdraaid. Om't it omkaam yn de eigen neat-regelerij en de eigen neat-betinke-kinnerij cq. de eigen achter-de-skermen-ôfpraterij. 

It risseltaat fan Ien en Twa is dat It Skriuwersboun ferline jier in dikke 2000,- euro te min útjûn hat. Dat is oars net sa slim, mar as de Provinsje - de subsydzjejouwer - ek Facebook hat of de Feartfisk in bytsje folget, dan wit er no wêr't er meikoarten aardich op besunigje kin. 

In noflike gearsit tawinske allegear, moarnjûn.

donderdag 21 januari 2016

It Skriuwersboun, de doarpsgek fan Fryslân

Krige in orizjineel briefke fan de ponghâldster mei it fersyk om it ledejild foar 2016 oer te meitsjen. Ik hie it noch net lêzen of der folge in mail fan ,,it bestjoer" om dochs foaral GJIN jild oer te meitsjen: ,,It soe wêze kinne dat jo fan 'e jûn (20 jannewaris) in e-mail fan Friduwih Riemersma krigen hawwe. Yn de mail fan Friduwih liket it as soe it Skriuwersboun jo om jo kontrybúsjejild foar 2016 freegje. Dit is net it gefal! Der sil ynkoarten fansels in fersyk om it ledejild komme, mar wy freegje jo no noch gjin jild oer te meitsjen, de Algemiene Ledegearkomste fan kommende tiisdei 26 jannewaris en in fersyk fan it bestjoer, dat letter folgje sil, ôf te wachtsjen." 

It is mar it bêste om takom tiisdei op de jiergearkomste it folsleine bestjoer, útsein de ponghâldster, wei te stimmen. In ynkompetinter bestjoer hat der nea west - en dat wol wat sizze. Dizze minsken fantasearje leafst oer nije saneamd moderne nammen foar it Boun, en oer enkêtes fandatoangeande, en dizze minsken fine dat se der op it foarste plak foar de Fryske taal sitte en net foar de literatuer, dizze minsken regelje wichtige saken leaver óf hielendal net óf achter de skermen ynstee fan yn alle iepenheid, dizze minsken ferslite troch eigen ûnkunde twa ponghâlders yn ien jier tiid, dit Skriuwersboun is de doarpsgek fan Fryslân wurden en it bestjoer kin tiisdei oars net dwaan as sorry sizze en syn bestjoersopdracht oan de leden weromjaan. 

Ik bin yn alle gefallen lid ôf.

maandag 18 januari 2016

Pre-konstruktyf meitinke

Pre-konstruktyf meitinken, dêr is in soad ferlet fan, sa docht bliken. Want kultuer, taal, ûnderwiis, sport.... ekonomy, natuer, ozb, mûzepleach... Yn 'e takomst leit de provinsje syn ideeën en plannen noch mar del yn íen beliedsstik, dat hjit dan of 'Foarút' of 'Fierder' of 'Fuck Fryslân', as it mar in hiele grutte lekkere 'F' hat, mar it sil mar ien side tsjûk wêze. 

O ja, de útnoeging oan de 'mienskip' (feestje: wurd komt meikoarten yn de Van Dale) om mei te praten mei de provinsje ('samen', stiet der foar de wissichheid by) oer ûnder mear de Frysktalige kultuer en it faaistean fan it Frysk (nee, dat is net twa kear itselde) is allinnich yn it Nederlânsk te lêzen. Fansels. De provinsje bestiet ommers net út in espeltsje bedragers dat inkeld noch serieus nommen wurdt troch in swarm sjerpslikkers/sintetellers (f/m), mar út gewoane minsken dy't wol better wolle mar net better witte. 

Wol goede kofje, mei fansels oranjekoeke en in allike fergese AlmaTademaPrikker, op sokke byienkomsten dêr't je meartalich fan achteren nommen wurde dêr't je bystean en je litte se mar gewurde om reden dat je ommers ek sa graach yn 'e fertsjinst en mei OP 'E KAART wolle. Iennichste betingst om it oer literatuer hawwe te meien: earst in oere oer sport lulle.