Wat Klaas Sietse Spoelstra fan Dingtiid dêrmei te krijen hie, de útnoege sprekker, wie op foarhân ûndúdlik en dat bleau it achterôf ek.
Yn de Leeuwarder Courant fan in dei letter joech sjoernalist en Skriuwersbounlid Sietse de Vries in briljante gearfetting fan dizze praterij-kofjedrinkerij ûnder de besieljende lieding fan It Skriuwersboun:
'Ynstee fan oer earlikheid gie it petear foaral oer de swakke posysje fan it Frysk en de Fryske literatuer.'
Aha. Krekt. It gie dus wer nearne oer. Alteast, net oer eat dêr't net al lang in pear hûnderttûzen jûnen oer folouwehoerd binne. Logysk dus dat alle kroandeade tsjilskonkige kij oait yn Fryske jarresleatten bedarre dêr wer efkes útkrûpe mochten: de minne boekferkeap kaam wer te langenoaslûken foar it rút, de Sutelaksje stuts de kop wer op as it bêste om hals en kiel brochte Fryske mienskipsinisjatyf ea - mar net ien dy't der by '2018' op oanstiet om sa'n aksje op 'e noed te nimmen fansels, want ús eigen putsjes yn dy übersubsydzjestruierij moatte net yn gefaar komme.
Leaver feroaret de foarsitter fan It Skriuwersboun it arkje fan Rink yn in soartemint Guantanamo Bay: kom mei in goed idee doerak of wy sille dy efkes waterboarde.
En dan ha ik noch net iens neamd dat Tryater sa anty-Frysk is dat se dêr inkeld mar kozakkestikken spylje wolle mei in froulike Taras Bulba oan de rezjyknoppen. Skande.
Mar wat 'earlik' hjir allegear mei te krijen hie? As it oer in 'earlik spylfjild' foar de Fryske literatuer gean moatten hie, dan hiene wy fan de Feartfisk earlik sein ferwachte dat It Skriuwersboun de sammele foaropwurden fan Fers2 efkes foar de leden kopieard en mei in nytsje deryn omparte hie. Dan hie it bygelyks oer de fraach gean kinnen oft subsydzjes wol op de goede plakken telâne komme. Dat wol sizze, leafst net by spesjaal foar it opstriken fan dy subsydzjes oprjochte útjouwerijtsjes en alle mâl om har hinne profitearjende lettersetters, plaatsjeknippers en omkaftgûchelders, mar by.... de Skriuwer sels!
Nee, sa'n diskusje sil it folslein provinsjaal-polityk ynkapsele Skriuwersboun wol noait oanfiterje. It is der ommers net foar dyn en myn belang. It is der inkeld foar it belang fan de bestjoersleden sels - baasmanlju en -froulju yn de eagen fan it subsydzjekantoar-Poepjes. No is der mei dit earlikheidsdebakel wol wer in sekfol jild oer de balke smiten, mar, en dêr giet it ek om: it bestjoer hat gjin gesichtsferlies lit! (Logysk, as je gjin gesicht hawwe.)
En de skiep? Dy ha wer efkes lekker blettere.