donderdag 30 mei 2013

Diskusjejûn Skriuwersboun: foarút sjen

It Skriuwersboun hat syn leden op 27 maaie in útnoeging stjoerd foar in “diskusjejûn” op 7 juny. Mei dy útnoeging en de diskusjejûn sels is lykwols wat nuvers oan de hân.

Yn it skriuwen stelt it bestjoer dat it earst “ûnder de leden in diskusje op gong bringe” wol foar’t it in stânpunt ynsake staveringsferoaring en standertwurdlist ynnimme kin. Mar der sit gjin inkelde dokumintaasje by de útnoeging, mei oare wurden: it bestjoer ynformearret de leden net oer de kwesty, mar wol al in diskusje.

Op it twadde plak is der gjin diskusjepanel. Dy’t op dit stik fan saken in foar syn leden ferhelderjende diskusje hawwe wol, docht der goed oan om saakkundige foar- en tsjinstanners fan de útstellen dêr’t oer praat wurde moat ûnder lieding fan in betûfte diskusjelieder mei-inoar yn debat te bringen. Dan kinne de oanwêzigen dêrnei harkje en mei op basis dêrfan in stânpunt bepale. It bestjoer wol dat net. It hat leaver in hinnehok fol leden dy’t miskien mar heal op ’e hichte binnne, mar dy’t lykwols in stânpunt hearre litte moatte, oars kin it bestjoer syn bestjoersstânpunt net bepale.

Dan is der yn de útnoeging praat fan in aksjegroep dy’t in Oprop oan de Steaten opsteld hat; de minsken fan dizze aksjegroep (Pieter Breuker, Eeltsje Hettinga, Goffe Jensma, André Looijenga, Elske Schotanus, Abe de Vries en Henk Wolf) wurde “fan herte útnoege om har Oprop oan de Steaten ta te ljochtsjen”. Dat is moai, mar der stiet net by dat it net allinnich harren oprop is, mar ek de oprop fan – stân fan saken op 30 maaie – hast hûndert ûnderskriuwers út wittenskip, kultuer en ûnderwiis.

De groep fan 7 wurdt delset as “de ûndertekeners fan dat brief”, wylst it giet om de opstellers fan “dat brief”. Hokker brief – Oprop – it krekt om draait, dêr moatte de leden fan It Skriuwersboun mar nei riede. De nammen op de ledelist 2011 ha fan de aksjegroep de Oprop tamaild krigen om’t it bestjoer wegere sels syn leden te ynformearjen. Skriuwers dy't nei 2011 lid wurden binne, ha fan de aksjegroep gjin ynformaasje krigen, om’t it bestjoer ek wegere de aktuele ledelist nei de aksjegroep te stjoeren.

Ik freegje my, sjoen boppesteande, ôf wat oft no it werklike doel fan de jûn is foar it bestjoer. It bestjoer sil bergen krityk oer him hinne krije oangeande syn hannelwize – of better, syn net-hanneljen. En it foarriedich beslút fan Provinsjale Steaten, dd. 24 april, sil op de ynfojûn net oerein bliuwe kinne. Mar dat is allegear neat nijs.

As de foarsitter fan It Skriuwersboun in sinfolle draai oan de praterij jaan wol, dan sil er oanstjoere moatte op in diskusje oer in oare fraach. Nammentlik, hoe’t de Steaten sûnder al tefolle skea oan de Steaten sels en oan de Fryske Akademy dan wól soargje kinne foar in akseptabel Frysk ‘grien boekje’, ynboud yn in staveringshifker dy’t net fia de achterdoar en by neare nacht efkes it Frysk by de oerheid en yn it ûnderwiis op syn kop sette sil. Foarút sjen dus.


.

Iepeningsfers fan Sprankeskyn

Sprankeskyn nominearre foar Gysbert Japicxpriis 2013

Myn bondel Sprankeskyn (FPB, 2010) is as ien fan de sân Fryske dichtbondels nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.

Ek op de shortlist en dus nominearre: Eppie Dam, Mem sjoch boi, Eeltsje Hettinga, Ikader, Tsjêbbe Hettinga, Equinox, Elske Kampen, Fan glês it brekken, Jacobus Smink, Sondelfal, Harmen Wind, Heechtiid.

Op sirkwy.nl steane koarte oerweagings fan de sjuery. Moai foar my: fan fjouwer bondels op de shortlist wie ik de útjouwer, fan trije ek noch de redakteur.

 
 
 









maandag 27 mei 2013

Mighty Sparrow - Only A Fool

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wêr bliuwe de Steaten?

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, oer... de Fryske Akademy en net de Fryske, mar de akademyske frijheid, mar ek - en benammen - oer de stilte fan de Steaten:



"Lykwols is it goed om yn de gaten te hâlden dat by einbeslút net de FA mar de Steaten sels ferantwurdlik binne foar harren taalbesluten. Of te lêzen oan de stilte fan de Steaten yn de resinte taalellinde wurdt dêr in strúsfûgeltaktyk tapast. Nee, it is ek net noflik as in pas nommen demokratysk beslút troch hast it hiele taalfjild (ûnderwizers, dosinten, wittenskippers, skriuwers) fersmiten wurdt. Mar dan soene jo inisjativen fan de Steaten ferwachtsje om ta diskusje en bystjoering te kommen yn it taaltrajekt dat noch foar ús leit.
De FA is no de kop fan Jut en foar de Steaten de bliksemôflieder. Mar sa moat it net. De FA is fan it grutste belang foar de Fryske kultuer en mei noait ferdwine, mar moat al opskodde wurde. Om syn âlde weardichheid weromwinne te kinnen. Krekt de meast Frysksinnige Steateleden soe de needsaak dêrta helder foar eagen stean moatte." 

donderdag 23 mei 2013

Lisa Hannigan - Home (Live, 2012)

Regionale boeken, winstjaande waskmasines en Dirty Harry dvd's

By NDC mediagroep, útjouwer fan û.o. de Leeuwarder Courant en it Dagblad van het Noorden, ferdwine op koarte termyn 250 fan de 750 banen. De twa kranten bliuwe wol as selsstannige titel oerein, mar sille folle mear tegearre dwaan.

Hoe’t dat útpakt? Wierskynlik bliuwe der twa ‘vleesch noch visch’ kranten oer mei (noch) minder djipgong, mear byld, mear amusemint en (noch) koartere stikjes. Sa'n bytsje sa't se it by it Wegener-konsern al langer dogge. Binnen- en bûtelânredaksjes, einredaksjes, opmaakredaksjes, bylageredaksjes, let mar op, dy kinne allegear fusearje. Eigen oan de titel bliuwe faaks allinnich de regioredaksjes.

Opfallend is dat de nije direkteur, Geert-Jan van der Snoek, it der oer hat dat regionale ferskillen minder grut wurde. Dat is dan net sasear de werklikheid, as wol better foar syn besunigingsplannen. It gefolch, mar dat sei er der net by, sil wêze dat de Fryske lêzer yn de takomst faker stikken yn syn LC oantreffe sil dy’t oer Grins of Grinslân gean. It wurd ‘noordelijk’ sil út de krante net mear wei te slaan wêze. Boppedat sille der minder minsken beskiber wêze om nasjonaal nijs (út Den Haach bygelyks) te ‘regionaliserjen’, dat wol sizze, ta te skriuwen op de eigen regio. Oan de lêste restanten fan it âlde edysjestelsel (it prinsipe dat in Bilkert in oare regionale bylage lêst as de Wolvegeaster) komt yn dizze logika ek in ein.

Al mei al: minder tekst, koartere tekst, minder tekst oer de eigen regio, mear tekst dêr’t de lêzer gjin belang by hat mar de nije direkteur fynt fan al want dat is boekhâldkundich better.

En hoe komt it mei in sekundêre aktiviteit as it útjaan fan regionale boeken? NDC mediagroep is ek de eigner fan de Friese Pers Boekerij en syn Grinzer spegelbyld Noordboek. Neffens de berjochten sille de boekaktiviteiten bûten de doar set wurde. Dat soe yn 2010 ek al, mar doe mocht soks noch neat kostje fan de direksje. Anno 2013 leit de wrâld der in slach oars by. No is in winst fan 2,5 fte minder op de leanlist ynienen hiel belangryk.

Even yn de glêzen bol sjen…. Ja, Bornmeer út De Gordyk is de iennichste serieuze kandidaat om de foarried fan noch rinnende titels tsjin in symboalysk bedrach oer te nimmen en tagelyk de frijfallende adfertinsjeromte (‘stoppers’) te klemen. Eardere petearen achter de skermen mei Utjouwerij Louise yn Grou (sjoch dit stikje) binne blykber op neat útrûn.

Mei sa’n deal soene Steven Sterk & Co. mooglik in boppeslach slaan kinne. Wol hinget alles noch ôf fan de reewilligens fan de nije direksje om yndie in part fan de stopperromte te reservearjen foar regionale boeken. Miskien kin ien fan de oandielhâlders fan NDC, de stichting Je Maintiendrai, wat druk útoefenje yn de goede rjochting. De (Fryske) kultuer soe holpen wêze mei sa'n lyts súkseske yn tiden fan kulturele kealslach.   

It minder fraaie alternatyf is der ek. Fia dy net-ferkochte plakken yn de krante kinne ommers ek wynpakketten oanbean wurde. Of lêzersreiskes nei de Alpe d'Huez. Of winstjaande waskmasines. Of alle Dirty Harry dvd’s yn ien doas. Go ahead, punk, make my day.


.

woensdag 22 mei 2013

Lisa Hannigan - Passenger, Flowers, A Sail

Catherine MacLellan - Water In The Ground

It Skriuwersboun, de help-Pyt fan Jannewyt

Stelling: it bestjoer fan It Skriuwersboun hat mear each foar de belangen fan de deputearre as foar de belangen fan de leden

Op 24 april 2013 namen Provinsjale Steaten in foarriedich beslút om it Frysk mei in nije staveringsregel te ferrykjen en tagelyk de taal yn it ûnderwiis koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’. Op 21 maaie, hast in moanne letter, wiene de leden fan It Skriuwersboun troch it bestjoer noch net ynformearre oer de besluten, dy’t yn de media wilens in stoarm oan protesten oproppen hiene.

De keazen bestjoerders fan de organisaasje dy’t him sterk meitsje moat foar de belangen fan de Fryske skriuwers woene net fierder gean as it formulearjen en bekendmeitsjen (op 21 maaie) fan it feit dat se ‘neutraal’ stienen yn de diskusje. It doel wie om in temagearkomste mei in foarumdiskusje te organisearjen. Dy bekendmakking kaam hast in wike nei it oerlis, op 16 maaie, tusken twa FNP-fraksjeleden en in nijfoarme aksjegroep tsjin de taalplannen, los fan It Skriuwersboun. Doe al wie dúdlik dat op it Provinsjehûs tocht waard oan sa’n ynfojûn. Blykber is it de deputearre slagge om dat idee it bestjoer fan It Skriuwersboun yn te parasjutearjen.

Wie it foar It Skriuwersboun no saak om de aksjegroep op ôfstân te hâlden? Op 17 maaie krige it bestjoer it fersyk fan de aksjegroep om in Oprop oan Provinsjale Steaten troch te stjoeren nei de leden fan It Skriuwersboun, wat it bestjoer (pas) trije dagen letter planút wegere ûnder ferwizing nei syn ‘neutraliteit’. Op 21 maaie krige it bestjoer it fersyk fan ien fan de leden, ek lid fan de aksjegroep, om dan de ledelist mar tastjoerd te krijen sadat de aksjegroep de leden sels maile kinne soe. In reaksje bleau út; de aksjegroep woe lykwols net wachtsje en hat de leden berjocht stjoerd op basis fan in ledelist fan 2011.

Oant safier de gronology. De kwesty yn dizzen is fansels dat it bestjoer fan It Skriuwersboun mear each liket te hawwen foar de politike sitewaasje fan de deputearre as foar de belangen fan de leden. It Boun as de help-Pyt fan Jannewyt.

Want deputearre Jannewietske de Vries siket sûnt de krityk op it beslút fan 24 april nei wegen om sûnder politike skea en sûnder averij oan de advisearjende Fryske Akademy út de taalellinde te kommen. En it bestjoer fan It Skriuwersboun (dat ferdield is oer de kwesty) lit him mar al te graach foar har karke spanne, sa liket it. De plende ‘temagearkomste en foarumdiskusje’ is ommers in nuver, omslachtich en net-effektyf middel foar it ynformearjen fan de leden. It omstjoeren fan de riinsk dokumintearre Oprop mei fiif taheakken hie foar dat doel folle gaadliker west.

Ien foardiel foar it bestjoer: mei wat kreatyf riddenearjen kin de ynfojûn ferkocht wurde as sawol in ynventarisearjend (wat fine ús leden?) as in ynformearjend (wêr giet it presys oer?) ynstrumint. De leden litte har lykwols sok sân net yn de eagen struie en sille de temagearkomste by de namme neame: sa’n jûn is foar it bestjoer benammen in ferlechje om syn eigen stilte fan in moanne mei goed te praten. Alles om mar gjin stânpunt yn hoege te nimmen.

De ynfojûn sil nei alle gedachten op priemmen set wurde yn ’e mande mei de Fryske Akademy, dat lêste wierskynlik ek wer op oanstean út it Provinsjehûs wei. Dêr wurdt de hiele saak noch briker fan as er al is. Itselde ynstitút dat Provinsjale Steaten mei iensidige, fertekenjende, ûnfolsleine en ûntrochtochte ynformaasje ynsake in fierhinne selsbetochte taaltaak op it ferkearde spoar setten hat, sil in jûn fersoargje om út te lizzen wêrom’t de kritisy it mis hawwe? As dat net de wrâld op syn kop is.

Op 24 april is der in foarriedich beslút naam troch Provinsjale Steaten dat sawol ynhâldlik as prosedureel deplorabel is. De protesten rjochtsje har tsjin dat beslút, tsjin de grûnslaggen derfan en tsjin de wize sa’t it ta stân kommen is. Yn in normale wrâld wurde de Steateleden dan wat kjel, en sille se war dwaan om ál oan de korrekte ynformaasje te kommen sadat de skea hersteld wurde kin. Sa net yn Fryslân. Under it motto ‘earst beslute, dan oerlizze’ wurdt hjir krekt dien as binne der bûten de polityk noch wat mieningsferskiltsjes. Der is wat emosjonele ropperij en razerij. Lit dy Fryske taalfanaten it earst ûnderling mar ris útfjochtsje, dan sjogge wy, wize bestjoerders, wol fierder.

Sa wurdt de ferantwurdlikheid weihelle fan it plak dêr’t er heart: by de deputearre yn earste, en by Provinsjale Steaten yn twadde ynstânsje. De ferantwurdlikheid wurdt handich oerhevele nei jo, nei my en nei al dy minsken dy’t, terjochte, ferbjustere binne oer de gong fan saken.

Dat It Skriuwersboun him hjir foar liene lit, kin dreech besjoen wurde as it behertigjen fan skriuwersbelangen. It is bepaald net it earste teken fan ûnmacht dat it Boun ôfjout, ik hoech mar te wizen op it lot fan de Fedde Schurerpriis, dy’t dit jier nota bene mei op oanstean fan it Boun samar ôfskaft waard. It Skriuwersboun wurdt wer betanke.



.

dinsdag 21 mei 2013

Pink Floyd - Shine On You Crazy Diamond

Catherine MacLellan - Sparrows

Moarn yn it Friesch Dagblad: De macht wurdt machtiger

Moarn yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. De (tradisjonele) media krije al jierren besunigingen en reorganisaasje foar de kiezzen en it hâldt net op. De macht wurdt machtiger:

"Nijs is der wol. Nijs is simpel. Mar binne tsjutting, analyse, ûndersyk, útplúzje, net like belangryk? Of noch belangriker? De opskuor oer de Fryske taal fan de ôfrûne wiken is tige yllustratyf. Kranten witte bytiden útstellen foar staveringsferoaringen net te ûnderskieden fan ferplichtsjende standertwurdlisten. Sette ferkearde koppen boppe stikken. In radioman tinkt dat it nergens oer giet, 'in pear wurdsjes'. In opinystik blykt ferâldere en elke relevânsje al kwyt op it stuit fan publikaasje. Krityske boargers skriuwe har de fingers blau, mar komt it oan? Dy media soene har dochs de fingers blau skriuwe moatte?"

maandag 20 mei 2013

Heit en soan

It Skriuwersboun is, uuuhhhhh, neutraal

It bestjoer fan It Skriuwersboun hat besletten him neutraal op te stellen yn de diskusje oer de foarlizzende staveringswiziging en de op steapel steande ferplichtsjende Standertwurdlist foar oerheid en ûnderwiis.

Unnoadich te sizzen dat ik besjen moat oft ik myn lidmaatskip noch wol ferantwurdzje kin foar myn ideeën oer it behertigjen fan skriuwersbelangen oer. Benammen de selsferklearre neutraliteit fan It Skriuwersboun foar de útstelde dialektseleksje yn de nije staveringshifker oer is ferbjusterjend. Allyksa it feit dat it Steatebeslút dat ien en oar tariede moat, datearret fan in moanne lyn en noch altyd is der neat op de side fan It Skriuwersboun oer te fernimmen.

De leden fan It Skriuwersboun kinne meikoarten in Oprop oan Provinsjale Steaten fan ús aksjegroep yn de mailboks ferwachtsje. Wy sille de leden freegje om dy Oprop mei te ûnderskriuwen. It Skriuwersboun hat yn it ramt fan syn neutraliteit wegere om de Oprop oan de leden troch te dwaan.

vrijdag 17 mei 2013

De parse stjert, de macht wurdt machtiger

De kontrolearjende funskje fan de media ferdwynt yn heech tempo. De macht hat hoe langer hoe mear frij spul. By (regionale) kranten, radio en tillevyzje moat foar in dûbeltsje en in grypstoer in produkt makke wurde. Tariedingstiid is der net. Minskkrêft om saken út te sykjen ek net. Dat is de terreur fan de merk, dy’t seit dat de boarger ek wol earne oars syn ynformaasje – fergees – krije kin. Ja, nijs is der wol. Nijs is simpel. Mar binne tsjutting, analyse, ûndersyk, útplúzje, net like belangryk? Of noch belangriker?

De taalellinde fan de ôfrûne wiken is tige yllustratyf. Kranten witte sels net mear wêr’t se it oer hawwe. Kinne útstellen foar staveringsferoaringen net ûnderskiede fan ferplichtsjende standertwurdlisten. Sette ferkearde koppen boppe stikken. In radioman tinkt dat it nergens oer giet, “in pear wurdsjes”. Opinystikken blike in moanne âld te wêzen en elke relevânsje al kwytrekke te wêzen op it stuit fan publikaasje. Krityske boargers skriuwe har de fingers blau, mar it komt net oan. De media, nochrisom, hawwe har kontrolearjende funksje ferlern. Want eins soene dy media har de fingers blau skriuwe moatte.

Nijs, dat is noch it iennichste. En nijs is útsoarte sels ek amusemint wurden. Hoe dreger in krante it krijt, hoe mear amusemint er bringt. Mei as gefolch: dy krante krijt it nóch dreger. Moat in omrop mei minder jild ta? Mear amusemint! En mear ergernis, mear ûnkunde, mear kletsika. By elk ûntslach by krante of omrop gniist de macht. Dy’t sels wol útmakket wat belangryk en goed is, ommers.

Fynt it presidium fan Provinsjale Steaten – de sammele fraksjefoarsitters – in útstel fan de Fryske Akademy om de Fryske taal op syn kop te setten net belangryk genôch om oan ’e oarder te stellen yn de kommisjegearkomste? Wylst oars werklik elke skeet oan ’e oarder steld wurdt yn kommisjegearkomsten?

Sorry, sizze de media dan, dat ha wy blykber efkes mist. Nee, se sizze net ienris ‘sorry’. Ek dêr ha se net genôch fte’s mear foar. That’s life, folks.

Aan het Reitdiep - Dokumintêre oer C.O. Jellema

dinsdag 14 mei 2013

Anouk - Broken Glass (Pinkpop, 1998)

De knieren fan de achterdoar, of hoe’t spûken mei kûnt yn ’e broek it Nijgoatysk Hânskrift yn hannen falt

No’t de muorren fan it leksikografysk bastion fierhinne sljochte binne troch salvo nei salvo oan arguminten, hearsket oan de Doelestrjitte de Stilte fan it Grêf.

Gjin lûd fan de ynterim-direkteur, dy’t net mear wit hoe’t er standert & stavering op de balâns krije moat. Gjin lûd fan de standertridders, dy’t achter de kwasi-wittenskiplike kompjûter stiltjeswei it net ôfstrune op syk nei nije harnassen. Gjin lûd fan it staveringsfuotfolk, dat leaver temûk de taalhelling ôfglidet om in better beskûl te sykjen yn de sofistyk by memme’ kofje.

Is it wêzen fan Diskusje dat je weromprate, sa net oan de Fryske Akademy. Dêr’t de knieren fan de achterdoarkes der hast readgloeiend úthingje. Dêr’t men no ienris net ropt en raast, mar yn ien-twa’tsjes flústeret mei oare kant de stêd en oare kant de dyk.

Ut de kelder mei stoffige, lykwols rynsk annotearre boeken en âlde, lykwols net stikken lêzen edysjes wurdt in postdo loslitten. Hy hat in oprôle papiersnipper oan de lofterpoat bûn. Ik sjit ‘m mei in buispylkje út ’e loft, hy falt my lyk yn ’e hannen en ik lês it Nijgoatysk Hânskrift:

Achte deputearre,

Stjûr help! It Ynstitút hâldt hoek, mar hoe lang noch? Wy hâlde it hjir net drûch! Us learargumint is oan flarden sketten. Us logika wegeret tsjinst en ús standert is foar dea deldondere. Tsjinstân fan spûken mei kûnt yn ’e broek. Hawwe hast gjin kofjemolke mear. En stjûr sûker!

Ik tekenje, no't it noch kin,
Jo Brand, ek nei de brân

Matthew & The Atlas - I Followed Fires

Pieter Breuker: List mei standertwurdfoarmen is per definysje in gaos

De Fryske Akademy liket it hêft yn eigen hannen nommen te hawwen troch de provinsjale opdracht om in standertwurdlist foar de stavering op te stellen tagelyk ‘eefkes’ út te wreidzjen mei in list fan standertwurdfoarmen (ferplichte foar it skreaune Frysk yn ûnderwiis en offisjeel ferkear) en ‘ek goed-wurdfoarmen’. By dy eigenmachtige útwreiding giet it yn de taljochting dus net mear om de stavering, mar om it kiezen tusken dialektfarianten.

‘Rûmte’ soe binnen de standert falle, ‘romte’ soe as in ‘ek goed’-fariant besjoen wurde moatte (mar feitliken dus as minderweardich jilde). Der binne hiel wat beswieren tsjin sa’n standert te neamen. Ik behein my no ta ien aspekt: de ûnmooglikheid om in wittenskiplik ferantwurde én ek brûkbere list fan wurdfarianten op te stellen. De foarbylden dy’t ik hjirûnder jou, binne hieltiten mei in mannichfâld oan fergelykbere gefallen oan te foljen.

Op grûn fan hokker kritearia soe de FA út dialektfarianten kieze kinne? Ik sjoch fjouwer mooglikheden. De yn praktysk opsicht maklikste is om de foarkar oan ien dialekt te jaan. Konkreet giet it dan om de kar tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk (it tredde ‘grutte’ Fryske dialekt, it Súdhoeksk, hat fan âlds al amper plak yn it skreaune Frysk).

Stel dat it Klaaifrysk befoarrjochte wurde soe. De brûkers fan it Wâldfrysk soenen har mei rjocht tekoart dien fiele: har dialekt is sosjaal sjoen neat minder ommers, ek net yn it skreaune Frysk. Mar de standert soe ek sterk ôfwike fan wat wy yn de skriuwtaal al jierrenlang as gebrûklik, as goed Frysk beskôgje. In pear foarbylden. ‘Hiel’ soe ferplichte ‘heel’ wurde, ‘wage’ → ‘ weag(j)e’, ‘hûzen → ‘huzen’, ‘swarm’ → ‘swerm’, ‘kastke’ → ‘kastje’, en ‘dûm’ → ‘dom’. In inkeld ‘los’ foarbyld. ‘Dû’ wurdt ‘do’, ‘hja/hju’ → ‘sy’, ‘lulk’ → ‘lilk’, ‘saterdei’ → ‘sneon’, ‘skrippe’ →’skreppe’ en ‘skille’ → ‘skele’. It omkearde, dus it Wâldfrysk boppe it Klaaifrysk stelle, jout soartgelikense beswieren.

In oar kritearium (en mooglik wol de FA dêr op ta) soe de frekwinsje fan in wurd yn it skreaune Frysk wêze. Ik ha gjin frekwinsjesifers ta myn foldwaan, mar de konsekwinsje soe sûnder mis wêze dat soms in Klaai-, dan wer in Wâldfryske foarm yn de prizen falle soe. Om earst eefkes by in pear fan boppeneamde foarbylden te bliuwen. ‘Heel’ soe it grif ferlieze fan ‘hiel’, ‘sy’ fan ‘hja’ en ‘kastje’ mooglik fan ‘kastke’. It Wâldfrysk soe yn de neamde gefallen dus de foarkar hawwe. Mar oarsom falt te ferwachtsjen dat bygelyks ‘romte’ , ‘swerm’ en ‘sneon’ it winne soenen, Klaaifryske foarmen dus. En hoe soe de kar útfalle tusken ‘stôk’ en ‘stok’, ‘weage’ en ‘wage’ en losse gefallen as ‘do’-en ‘dû’, ‘sneon’ en ‘saterdei’?

Dan soe de FA noch kieze kinne foar dy fariant dy’t it fierst fan it Nederlânsk ôfstiet. Mar dan soe de ie-foarm ynienen ek de standert foarmje yn byg. ‘personiel’ foar ‘personeel’ (de FA brûkt sels de foarm ‘personeel’), soe it fêst minder skreaune ‘farve’ ‘better’ wêze as ‘ferve’ en soe ‘riuwe’ it folle gongberder ‘harke’ ferdriuwe.

It lêste prinsipe: wat âlder in foarm, wat ‘better’. Dus, dan krije wy bygelyks ‘sage’ foar ‘seage’, ‘hûzen’ foar ‘huzen’ en ‘twintich’ foar ‘tweintich’.

Ik ha my hjirboppe beheind ta dialektpearen, taspitst op de tsjinstelling eastlik fersus westlik Fryslân. Mar de dialektferskillen besteane ek út oare tsjinstellingen. Om der net yn te ferslaan, jou ik in inkeld foarbyld. ‘Heare’ of ‘hearre’, ‘damme’ neist ‘damje’, ‘neist’ en ‘nêst’, ‘baarne’ en ‘brâne’, ‘stôk’ en ‘stok’ (allegearre globaal noard-súd-tsjinstellingen). Mar ek bûten de dûbletten dy’t berêste op dialektferskillen is der in weareld oan farianten. Wer in inkeld foarbyld. ‘Feroaringen’ of ‘feroarings’, ‘fraach’ of ‘frage’, ‘boades’ of ‘boaden’, ‘twatalichheid’ of ‘twataligens’, ‘earmen’ of ‘earms’, ‘learzen’ of ‘learzens’, ‘fûler’ of ‘fûlder’, ‘wollen’ of ‘wold’, ‘nommen’ of ‘naam’, ‘dienen’ of ‘diene’, ‘knypte’ of ‘kniep’, ‘leep’ of ‘ljip’, ‘ierappel’ of ‘ierpel’, ‘dûbel’ of ‘dûbeld’, ‘allinnich’ of ‘allinne’, ‘wylst’ of ‘wilens’, ‘altiid’ of ‘altiten’ en wer bergen oare gefallen. Soe de Fryske Akademy sá standerdisearje wolle, dan komt der net in standertwurdfoarmelist, mar in standertwurdfoarmewurdboek.

De konklúzje is dúdlik: de FA soe yn pleats fan regel en oarder folsleine gaos kreëarje, mei in monstrum foar ’t ljocht komme. En sa’n standertwurdfoarmelist is foar net in minske te learen. Dat jildt alderearst foar de de Frysktaligen: dy moatte net allinnich tûzenen foarmen oanleare, mar like folle ôfleare. En dan sitte se ek noch mei in keunsttaal, dy’t fier fan har eigen taalgebrûk ôfstiet. En de Hollânsktaligen dan dy’t Frysk skriuwen leare en sa’n ferlet fan in standert hawwe soenen? As se de mûle iependogge, dogge de Frysktaligen om har hinne dat ek, mar dan fan ferbazing oer it frjemde mingtaaltsje dat se om har hinne hearre.


.

maandag 13 mei 2013

Matthew & The Atlas - Beneath The Sea

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Alarm, it kwotum wurdt ôfskaft!

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. Underwerp: de druk op it lânskip troch it ôfskaffen, yn 2015, fan it kwotum:

"Suvelbedriuwen ynvestearje omraak, lies ik okkerdeis. Wêrom? Oan it kwotum komt yn 2015 in ein. Boeren meie aansen mear produsearje. Boeren dy’t by de koöperaasje FrieslandCampina oansletten binne, leverje no mei-inoar jierliks sa’n 8,9 miljard liter molke, dat sil yn 2020 neffens ferwachting oanboaze wêze ta 10,4 miljard liter.

Goed nijs? Dat hinget der mar fan ôf. Safolle mear molke betsjut ek: safolle mear kij, safolle mear ûnbidige nijbûthuzen, safolle mear nuver gers. En safolle minder sleatsjes, safolle minder greppels en safolle minder fûgels. Heech tiid dat de suvelsektor twongen wurdt om oer de konsekwinsjes foar it lânskip yn oerlis te gean mei de rest fan de maatskippij."

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Middei Obe Postma Selskip yn Koarnwert

Snein hie it Obe Postma Selskip in foarlêsmiddei yn it tsjerkje fan Koarnwert. Trettjin Postma-leafhawwers liezen in fers fan Postma en leinen út wêrom't se krekt dat fers keazen hiene. Hjoed in ferslachje yn it Friesch Dagblad:

"Teake Oppewal, meiwurker fan Tresoar, wiisde op it belang fan yntertekstualiteit yn Postma syn wurk. Hy lies ‘De lodde’ en werkende dêryn in réaksje op in begraffenisfers út de njoggentjinde ieu. 'Hy reagearret op Eeltsje Halbertsma. By Postma is de lodde net it symboal fan de dea, mar fan it warbere libben.'

Fris wie de kar fan fersen dy’t net faak blomlêsd wurde. Dat net elke leafhawwer fan poëzij ek in goed foardrager is, die lykwols ek bliken. Troch guon waarden prachtich rinnende rigels yn koarte stikjes opknipt sûnder reden. Soks is spitich, want it nimt Postma ien fan syn belangrykste sjarmes ôf, de muzikaal-retoryske en ritmyske rin fan it fers."

donderdag 9 mei 2013

Gedichten fan C.O. Jellema yn it Frysk



Krige juster in ferrassing yn 'e bus: in boekje mei 24 gedichten fan Jellema yn it Nederlânsk en Frysk. It hjit Van diezelfde grond / Fan dyselde grûn, is gearstald troch Gerben Wynia en publisearre troch útjouwerij Flanor yn Nijmegen by gelegenheid fan de tsiende stjerdei (19 maart) fan Jellema.

Fan de Fryske oersettingen binne der seis earder publisearre (fiif yn Lyts Frisia, oerset troch Teake Hoekema, ien yn Nieuwsblad van het Noorden, oerset troch Albertina Soepboer); de oaren binne nij en komme fan Edwin de Groot (fjouwer stiks), Hindrik J. Brouwer (acht) en Goaitsen van der Vliet (seis).

Cornelius Onno Jellema (1936-2003), yn Grins berne, hie wat mei Fryslân, allinnich al om’t syn heit en dy syn folk der wei kamen. Yn syn deiboek skreau er yn febrewaris 1996: “In Miedum, ten noorden van Leeuwarden, ligt, achter de kerkloze toren, een enorme grafzerk; wapen en namen zijn door de regen en de tijd weggesleten. Jaren geleden al heeft een genealoog gemeld dat daar een verre oudoom Jellema, ongehuwd gestorven, samen met zijn huisknecht in één grote eikenhouten kist ligt begraven. En dat de begrafenis, aan het begin van de 19de eeuw, zou hebben plaatsgevonden ’s nachts bij het schijnsel van flambouwen.”

Unnoadich te sizzen dat de útjefte mear as wolkom is. Dy’t it ynbûne boekje besette wol, moat der by wêze, want der is mar in beheinde oplaach printe, dy’t yn earste ynstânsje ornearre is foar de leden fan de literatuerrûnte ‘Flanor’. It ISBN-nûmer is 978-90-73202-83-2.

It skitterjende gedicht ‘Aurora Borealis’ yn de oersetting fan Van der Vliet waard al earder op de Feartfisk publisearre; hjir no ‘Attema-Sate’.

Attema-Sate

Men zou willen ruiken het kruidige
hooi in de ruiven, de melkemmers
ratelen horen, op zondag na kerktijd
het werk zijner handen beschouwen, de kaas
in het karnhuis, de geschoffelde moestuin,
zwartbonten de flanken bekloppen, hen noemen
bij name, en spaarzaam de woorden van dank-
baarheid spreken voor zegen van boven.

Men zou willen ingebed zijn in getijden,
vigilie van hanen de vroegte, de luidende
dorpsklok van twaalf uur voor schaft, in de avond
het loeiende rundvee gedromd bij het hek
met een dagvolle uier, hun roep om de melker.

Men zou aan eenvoudiger leven zich laven,
bedoeld, zonder zwerflust trouw aan de plek zijn –
tu quis es – en men zou zich herkennen.

Men zou –
maar men woont waar men kiest om te wonen,
men leeft in het web van de websites,
men is van zijn plannen de toekomst, en

enkel de wind om het huis over greiden en water
heeft zomer en winter vrij spel.


Attema-Sate

Men soe rûke wolle it krûdige
hea yn ’e rippen, de melkersamers
ratteljen hearre, op snein út tsjerke wei
it wurk fan jins hannen skôgje, de tsiis
yn it tsjernhûs, de skoffele grientetún,
swartbûnten de flanken beklopje, har neame
by de namme, en sunich de wurden fan tank-
berens sprekke foar seine fan boppen.

Men soe ynbêde wêze wolle yn getiden,
figily fan hoannen moarnsier, de liedende
doarpsklok fan tolven foar skoft, yn ’e jûntyd
it baltende hoarnfee kloftsjend by ’t stek
mei deifolle jaren, har rop om de melker.

Men soe oan ienfâldiger libben jin laavje,
mei sin, sûnder swalksin trou oan it plak wêze –
tu quis es – en men soe jinsels wèrkenne.

Men soe –
mar men wennet dêr’t men kiest om te wenjen,
men libbet yn it web fan de websites,
men is fan jins plannen de takomst, en

inkeld de wyn om it hûs oer greiden en wetter
hat simmer en winter frij spul.



(Ut: Stemtest, 2003. Oerset troch Hindrik J. Brouwer)

Henryk Szeryng plays Bach, Chaconne

woensdag 8 mei 2013

Emmylou Harris - Boulder To Birmingham (Live, 1988)

Opinystik Pieter Breuker: Steaten, jou it Frysk de romte/rûmte!

Der wurdt de lêste wiken in protte skreaun oer twa Fryske taalsaken: de stavering en de taalnoarm. Oant no draait it foaral om de stavering, mar de plannen mei de taalnoarm binne stikken yngripender. Dêr behein ik my hjir ta.

By de taalnoarm giet it om it kieze ‘moatten’ tusken Fryskeigen dialektfarianten. De provinsje hat de Fryske Akademy frege om in Standertwurdlist Frysk te meitsjen. By fariaasje krijt de iene foarm it etiket ‘standert’ (ferplichte foar ûnderwiis en offisjeel ferkear), de oare de kwalifikaasje ‘ek goed’, mar dy jildt dus feitliken as minderweardich. De fraach fan de provinsje is ferkeard (oft se dy al stelle mei), de positive reaksje fan de Fryske Akademy noch helte mear. It giet hjirre om in komplekse saak, dêr’t ik yn de jierren 1982-2003 ûnderskate publikaasjes oer skreaun ha. Dêrby haw ik ek de opfettingen fan de Fryske Akademy oer dialektfariaasje wiidweidich én kritysk behannele, mar it is fan dy kant stil bleaun. Ik sil no tige yn ’t koart útlizze wêrom’t der gjin Standertwurdlist komme moat en dêrby sjen nei de funksje en de foarm fan it Frysk.

It Frysk is alderearst in sprutsen taal. Dat is in feitlike konstatearring. Neffens eigen sizzen soe in lyts 20 persint it Frysk skriuwe kinne. As it om g o e d Frysk skriuwen giet, tink ik dat it by 5-10 persint bliuwt. Neier ûndersyk fan de FA nei de feitlike behearsking fan it Frysk sil útwize wa’t gelyk hat.

Yn it sprutsene Frysk is folop romte foar de ûnderskate Fryske haaddialekten: it Klaaifrysk, it Wâldfrysk en it Súdhoeksk. Salang’t it Frysk dêrneist net algemien skreaun wurdt, bliuwt dat sa. Dêr feroaret in fan boppen opleine taalnoarm fan de FA neat oan: it berik dêrfan is ienfâldichwei te lyts. De ‘gewoane’ man skriuwt it Frysk net, de minsken dêr’t de FA it fan hawwe moatte soe (skriuwers, wittenskippers, dosinten), komme hieltiten mear yn ferset. Ut myn ûndersyk fan 1988 die ek al bliken dat der ûnder (Afûk)dosinten en foaral ek skriuwers net folle stipe foar dialektseleksje bestie.

Der binne bûten de krekt neamde feiten noch gâns oare redenen om dialektseleksje ôf te wizen. Ik lit it by twa foarm- en trije funksjonele arguminten. De taalkundige ferskillen tusken de Fryske dialekten binne lyts. Se jouwe eins noait oanlieding ta misbegryp. Men moat lang sykje om foarmen dy’t de iene groep brûkt, mar de oare net (fuort) begrypt. It wie altiten ien fan de fragen dy’t ik myn studinten Frysk foarlei. Wy kamen dan út op ynsidentele foarmen as ‘harke’ - ‘riuwe’, ‘flues’- flij’.

Der is taalkundich sjoen gjin ferantwurde kar te meitsjen tusken de ûnderskate dialektfarianten. Elke list sil hieltiten wer grutte willekeur sjen litte en dat makket it learen ta in lêst. It earste kin in wittenskiplik ynstitút as de FA him net feroarloovje, it twadde de Fryske taalmienskip net.

Sosjaal sjoen stekke de brûkers fan it iene (haad)dialekt net boppe dy fan it oare út. Dat komt alderearst omdat it Frysk primêr sprektaal is, mar ek troch de oanwêzigens fan it dominante Nederlânsk. Mei oare wurden: der is net in groep dialektbrûkers dy’t op grûn fan (ekonomyske, kulturele of getalsmjittige) oerhearsking har Fryske fariant oplizze kin.

De besteande teksten yn it Frysk soenen ynienen net mear goed wêze. Dosinten en amtners soenen nij lesmateriaal krije moatte, it wurk fan a l l e Fryskskriuwers soe net oan de FA-noarm foldwaan. En alle wurdboeken, grammatika’s en staveringsmetoaden (dé taalnoarmboarnen) soenen ferâldere wêze.

As lêste: in Standertwurdlist sil taalbrûkers ferfrjemdzje fan har eigen, goedfryske foarmen. By it Frysk skriuwen leare moat tenei e l k e Frysktalige eigen foarmen ôf- en ûneigen oanleare. En is it werklik sa lestich foar net-Frysktaligen om út de dûbelfoarmen te kiezen? Ik ha de ôfrûne 40 jier hûnderten fan har Frysk skriuwen leard en har amper kleien heard. Sterker noch: de measten fûnen it wol nijsgjirrich!

Om watfoar foarmen giet it no? Ik kin út de werklik tûzenen foarbylden (wat ek in wurk foar de FA en foar de Fryskbrûkers!!) mar in hantsjefol neame. As ‘rûmte’ Standertfrysk wurde soe, dan moat de FA ek kieze foar bygelyks: ‘krûm’, ‘tûme’ en … ‘dûm’! En soenen dan yn ien loop ‘kûnt’ en ‘fûnk’ meinommen wurde? Dêrmei soe stikem in oar meganisme meitelle: maksimale ôfstân ta it Nederlânsk kreëarje. Mocht de FA in foarkar foar Wâldfryske foarmen hawwe (lykas by ‘rûmte’), dan soe se ek kieze kinne foar eastlike foarmen as ‘dû’, ‘lulk’, ‘skrippe’ en ‘saterdei’. Ek de tiidwurden falle ûnder de bile. Mar hoe is mei goed fatsoen in kar te meitsjen tusken bygelyks ‘borduere’- ‘borduerje’ en ‘damme’- ‘damje’? En wat te tinken fan de tsientallen ferskillende doetiídsfoarmen? De Afûk hat om 1990 hinne besocht om dy te standerdisearjen, mar dat is misbeteard. ‘Blykte’ of ‘ bliek’, ‘rûkte’ - ‘roek’, ‘hâlde’ -‘hood/hold’, ‘ropte’ -‘rôp’, ‘terske’- ‘tursk’, ‘duts’ – ‘diek’? Noch in inkeld oar foarbyld. ‘Feroaringen’ of ‘feroarings’, ‘hûzen’ -‘huzen’, ‘personeel’ - ‘personiel’, ‘nestje’- ‘nestke’ en alle oare soartgelikense dûbletten?

It Frysk hat in romme, mar yn de hjoeddeiske situaasje goed funksjonearjende skriuwtaalnoarm. Wês dêr wiis mei, wês ek bliid dat der noch minsken binne dy’t it Frysk skriuwe, ferfremdzje har net fan har eigen taal. Hâld op mei standerttaalboartsjen!


Pieter Breuker (wie learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RUG).

Boarne: LC, 7 maaie 2013

maandag 6 mei 2013

De standertwurdlist is in ramp foar it Frysk

Leafst twa inisjativen is de Fryske Akademy de Fryske taalbrûkers mei oer it mad kommen. Neffens it earste moat de stavering feroare wurde fan guon wurden, benammen dy mei in –û of in –oe lûd. It twadde hâldt it opstellen fan in ‘standertwurdlist’ foar it Frysk yn. Net samar in grien boekje, dat ynventarisearret, mar in list dy’t standertwurden oanwiist en it brûken derfan foar (semi-)amtners ferplichtet. Dat allegear op kosten fan ús taalrykdom.

Anne Dykstra, leksikograaf by de Fryske Akademy, hat tongersdei yn dizze krante ien en oar ferdútst en ferdigene. Ik fyn dat er belangrike saken oer de holle sjocht, it liket wol as wurdt it ûnderwiis-ideaal te fier trochdreaun. Dat sil skea dwaan oan de taal, sa’t dy yn syn hiele hear en fear noch libbet by in protte minsken. No driget it ynkoartsjen, it wurdt in kwestje fan keal skeare en yn de lesboekjewaskmasine stopje, om it Frysk dêrnei netsjes bysette te kinnen op it plankje ‘Echte Talen’. Mar op dat stuit sil der al net folle libben(s) mear yn sitte.

Neffens dy ideology moat in ‘echte taal’ foar syn stavering heldere regels hawwe sûnder histoarysk ûntstiene útsûnderingen. Regels dy’t dúdlik binne foar de ‘nijlearders’: bern, mar ek ymmigranten út oare talen wei. Dat ‘âlde’ taalbrûkers it Frysk skriuwen blykber leard hawwe sûnder dy heldere regels, it is in wûnder. It is har ek slagge en werken útsûnderingen. Mar it ferfrjemdzjen fan in grut part fan de befolking fan de wurdbylden dy’t mei de leafde foar de taal útmeitsje, wurdt sjoen as ‘collateral damage’, dan seit men spitich, it is net oars.

It is in taaltinken dêr’t wy sûnder kinne. De ‘logyske’ ôflieding fan staveringsregels (is in wurd ôflaat fan it Aldfrysk, en yn de nije regel: wat is de Hollânske oersetting fan in wurd?) is net wat in taalbrûker dwaande hâldt waans salaris net betelle wurdt troch Akademy of Afûk. Gewoane Fryske taalbrûkers wolle witte hoe’t in wurd stavere wurde moat, net wêrom’t it sa stavere wurde moat. Jou my de regel en de útsûnderingen, mear ha ik net noadich.

Wêrom dan dochs wer nije regels? Giet it inkeld mar om opdrachten foar de ynstituten, wurk, mear papier, revisy fan boekwurken, koartsein, moat it jild de goede kant út rôlje? Foar it oare makket it de yndruk fan regelsucht en boekhâlderij. Hat in lytse, kwetsbere taal as it Frysk ferlet fan nóch mear stroffelstiennen? En hat de boarger in idee wat dit allegear kostje sil oan, bygelyks, nije lesboekjes?

Der wurdt ek sein dat wy in standertwurdlist noadich hawwe, in list dy’t net allinnich oanjout hoe’t in wurd stavere wurde moat, mar ek hokfoar wurd Standertfrysk is. As soene wurdboeken dy stavering net jaan. Der is bygelyks in Wurdboek Fryske Taal (26 dielen, online) en in Frysk Hânwurdboek (twa dielen). Dêr kin wol in grien boekje by, de subsydzje-ekonomy fan it Frysk is sljocht op soks. It Nederlânsk hat der ek ien, nee, it hat twa fan sokke skriuwgidskes, der is ek noch in ‘wyt boekje’. Mar dat allegear makket noch gjin ferplichtsjende standertwurdlist.

Standertwurden? In foarbyld: ‘romte’ is goed Frysk foar ‘ruimte’. Mar ‘rûmte’ (yn ’e Wâlden) is dat ek. Ien fan beiden moat aansen it fjild romje. It liket my goed dat der oer de konsekwinsjes breder oerlis komt as allinnich oan de Fryske Akademy. It oanwizen en ferplicht brûken fan standertwurden bedriget ommers in grut part fan ús taal. Goed, geef en libben taaleigen wurdt de skriuwtaal út- en de yllegaliteit yndrukt. Minsken wurdt in unifoarme wize fan uterjen oplein. Soene Hollânsktaligen har ek fertelle litte dat se tenei ‘woei’ brûke moatte ynstee fan ‘waaide’?

Underwiis-ideologen kinne de taal net foarskriuwe. Noch de Fryske Akademy noch de oerheid hat dêr it foech ta. De Fryske taal is in libbene praktyk, dy’t fan ús allegear is. Provinsjale Steaten is knollen foar sitroenen ferkocht. In Steatelid kin mar ien ding dwaan: de sinleaze en skealike staveringswiziging weromdraaie en it haadstik fan de standertwurdlist sa gau mooglik ôfslute.


Abe de Vries is dichter en winner fan de Gysbert Japicxpriis.

(Boarne: Friesch Dagblad, 6 maaie 2013)

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Foar de poarte fan it fersoargingshûs

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, op 'e nij oer de taal. In pasjint yn it fersoargingshûs, mar somtiden seit er it noch ferskuorrend moai op. Tiid foar in alfabetisearringsprojekt?

"De tragyk dêrfan is wer dat net folle minsken it yn ’e gaten hawwe as soks bart. De measte brûkers fan de taal lêze him leaver net, dat giet te stadich. Se skriuwe him ek leaver net, dat hawwe se noait goed leard op skoalle. Wat dat oanbelanget is – in ynskatting – trijekwart fan de taalbrûkers analfabeet yn de eigen taal. De bestjoersleden, dy’t it foech hawwe, binne lykwols net fan doel en ferbetterje yngeand it ûnderwiis yn de eigen taal. Oare bestjoersleden, dy’t ek it foech hawwe mar in oare taal brûke, wolle dêr neat fan witte. Dus bart der neat.

Yn Amearika, krekter, yn Atlanta (Georgia) hat de Airport Rotary Club de ôfrûne jierren sa’n fjirtich tûzen wurdboeken útdield oan bern. Bekostige mei help fan bedriuwen en fia private donaasjes. Om it analfabetisme te bestriden. Yn Fryslân binne grif ek sokke klups te finen dy’t de pasjint by de berch op helpe wolle."

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Standertwurdlist is in ramp foar it Frysk

donderdag 2 mei 2013

Oer poëzij (7): Wierheid, gjin werklikheid

Olivia O’Leary, in Ierske sjoernaliste, skreau yn 2011 yn The Irish Times in stik oer de Ierske dichter Seamus Heaney en oer de oanspraken fan sjoernalistyk en poëzij op wierheid. In nijsgjirrige passaazje derút:

“Journalism and poetry at their best try to state the truth. Journalism and poetry at their worst do the opposite. The big difference is that so much journalism does the necessary job of reporting things as they happen. What poets can do is to give us a distance, from events and from ourselves. They hold up a mirror in which we can safely look at ourselves. Those mirrors need to be clear, in no way distorted.”

Wierheid jaan, earder as werklikheid jaan, is de belangrykste raison d’être fan de poëzij. Wat is ‘wierheid’ yn dit ferbân? De Van Dale Online jout:

1 het ware; overeenstemming van woorden met feiten: antwoorden naar waarheid, iemand de waarheid zeggen;
2 iets dat waar is

Dêr sjitte wy net sa folle mei op, yn dy sin dat it yn poëzij earder giet om it wierheidsgefoel fan de lêzer (subjektyf) as om oerienstimming mei feiten (objektyf). As ik it ‘In memoriam’ fan Douwe Tamminga lês, dan leau ik dat it drama dat er foar ús delleit ‘wier’ is. Ik leau dat in man sa oer it ferlies fan in soan skriuwe kin. Ik leau it fertriet dat út de tekst sprekt. De werklikheid fan Tamminga’s relaasje mei syn soan ynteressearret my op dit stik fan saken net. Ik lês in tekst dy’t ‘wier’ is. Dêr giet it om. Dêrom fine safolle minsken dat ‘In memoriam’ in hiel goed gedicht: dy leauwe ek yn de wierheid fan dy poëzij.

De keunst dy’t de goede dichter behearsket, bestiet derút dat er yn syn dichtsjen ‘wierheid’ berikt. Yn syn ûnfolpriizge samling stikken oer ‘creative writing’, The Triggering Town (1979), hat de Amerikaanske dichter Richard Hugo (1923-1982) dêr de folgjende, sawol fermaaklike as ynstruktive passaazje oer:

“When you start to write, you carry to the page one of two attitudes, though you may not be aware of it. One is that all music must conform to truth. The other, that all truth must conform to music. If you believe the first, you are making your job very difficult, and you are not only limiting the writing of poems to something done only by the very witty and clever, such as Auden, you are weakening the justification for creative writing programs. So you can take that attitude if you want, but you are jeopardizing my livelihood as well as your chances of writing a good poem. If the second attitude is right, then I still have a job. Let's pretend it is right because I need the money. Besides, if you feel truth must conform to music, those of us who find life bewildering and who don't know what things mean, but love the sounds of words enough to fight through draft after draft of a poem, can go on writing – try to stop us.”

Simpel sein: allinnich de hiel grutten fine de wurden, de taalmuzyk, by in wierheid dy’t se al fûn hiene en skriuwe sadwaande in goed gedicht. Alle oare dichters moatte al dichtsjend, al musisearjend mei wurden, nei wierheid sykje, en dan mar hoopje dat it risseltaat der wat op liket. Foar Hugo stiet alsa it begripepear ‘wierheid’ en ‘muzyk’ sintraal. Foar in oar type dichter, bygelyks in imazjist, soe it gean kinne om de relaasje tusken wierheid en wat oars, bygelyks ‘byld’. Mar wêr’t it by it skriuwen fan alle poëzij om giet, is it útdrukken fan (poëtyske) wierheid.


Sjoch ek:
Oer poëzij (6): Oer ynterpretaasje
Oer poëzij (5): Taalfilosofyske didaktyk
Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee


.

Nick Cave & The Bad Seeds - The Ship Song

Oer poëzij (6): Oer ynterpretaasje

OP 'E TONGE FAN IT LÂN

Op de tonge fan it lân lêst in man de krante,
de siden iepenslein, as soe er op flerken.

Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see,
seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod.

Under de spotslach fan weach en ivichheid
seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’.

Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer.
Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

bewuolle yn rook fan fisk en fal, skulp en kriik.
Heger driuwt de tiid it tij, oant alles swijt.

*

Ik skreau yn in stikje op de website fan de Moanne ûnder mear dit oer boppesteand fers fan Eeltsje Hettinga út de bondel Ikader:

“De ferwizingen nei Ader binne foar Hettinga in manear om it tema fan it weiwurden, ferdwinen en ferstjerren te behanneljen yn kontrast mei it tsjinoerstelde: it skeppen, it meitsjen. Yn boppesteand gedicht heart in ik-dichter it nijs oer it lot fan Ader, in man dêr’t er him fierhinne mei identifisearret sa’t it liket. Want hy is op it plak dêr’t Ader fertrokken wie – Cape Cod. De ik-dichter wurdt boppedat sels 'wei / rûs yn de djipte fan in Niks' as er yn ’e krante de nijsberjochten lêst – fan Ader is noait wat weromfûn, dy is ek weiwurden yn de djipte.”

Hettinga fynt dat de lêzer net konkludearje kin/mei dat it lyrysk subjekt yn it gedicht it nijs lêst oer Ader syn dea. No kin it wol wêze dat de dichter wat oars yn gedachten hie doe’t er it fers skreau, mar bytiden geane fers en (oare) lêzer ek har eigen gong. Ik sil útlizze hoe’t ik by ien en oar kaam.

De earste twa rigels jouwe persoan (in man), aktiviteit (dy’t de krante lêst), plak (op de tonge fan it lân) en wat ik mar neam in foarsizzing: “as soe er op flerken”, as wol er earne oars hinne. Rigels sân en acht smite in opfallende korrespondinsje op mei dizze earste twa rigels. Hjir gjin krante (bringer fan nijs) mar fûgels “allyk brieven” (ek bringers fan nijs). De lokaasje is deselde: de baai, de tonge fan it lân. En ek hjir in, neam it mar driging: “Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.” Tijen dy’t oanwinne kinne oerstreamings fan gefolgen ha.

Wy binne op Cape Cod, seit rigel trije. Let is it ljocht: de dei rint nei de ein. Yn it uterste fan Tiid: de tiid hâldt blykber hast op. Rigel fiif hat it oer de “spotslach fan weach en ivichheid”. Dy ivichheid is de see, dêr’t Ader yn ferdronken is. Dat feit is belangryk foar dit gedicht om ferskillende redenen. It fers stiet yn in syklus oer Ader. Cape Cod wie it fertrekpunt fan Ader syn lêste boatsjetocht.

Dan rigels njoggen en tsien:

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

Ik nim oan dat it hjir om deselde man giet as út rigel ien, al feroaret de dichter hjir de tiid (nei doetiid). Hy lêst “it nijs” en wurdt dalik wei, yn de djipte, deselde djipte dêr’t Bas Jan Ader yn werklikheid yn weiwurden is. In weiwurden dat al oankundige waard yn de foarige rigels. Dan binne der net sa hiel folle mooglikheden om it lyrysk subjekt yn dit fers te pleatsen. Of it giet om in lyrysk subjekt – de ‘ik-dichter’ yn de bondel Ikader, of samar in minske – of de suggestje is dat it Ader sels is dy’t hjir delset wurdt.

Foar dat lêste soe sprekke dat Ader yn werklikheid op Cape Cod west hat, en dat er yn werklikheid dêrnei weiwurden is. Dêr tsjin pleitet lykwols it feit dat de man yn rigel njoggen dalik nei it lêzen fan de krante, yn ien trochgeande beweging, weiwurdt. Soks suggerearret, by dizze lêzer alteast, in identifikaasjeproses. De man lêst yn de krante oer de dea fan Ader en it fers lit dizze man dalik itselde lot as Ader ûndergean.

Fansels, it is in ynterpretaasje. Wierskynlik hie Hettinga in beskriuwing fan it lot fan Ader sels yn gedachten: hy wiisde my alteast op it bestean fan in foto fan Ader, dy’t sittend oan de kust fan Cape Cod in krante lêst. Dy werklikheid kin lykwols net út it fers helle wurde. En de lêzer dy’t net op ‘e hichte is mei it folsleine oeuvre fan Ader hat net de beskikking oer dy bûtentekstuele kennis. Mei as gefolch dat de lêzer yn de tekst fan it gedicht sels siket nei in ferklearring – wat oars ek in sûne earste refleks is foar in poëzijlêzer. En dy ferklearring fynt er ek, al is it miskien in oare as de dichter yn gedachten hie.


Sjoch ek:
Oer poëzij (5): Taalfilosofyske didaktyk
Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee
.

Oer poëzij (5): Taalfilosofyske didaktyk

“Guon hâlde it by in poëzy dy’t yn it foarste plak in foarm fan selsekspresje wêze wol, fersteanber, werkenber en beskriuwend fan aard. Tinken, fielen en ûnderfinings wurde streekrjocht yn taal omset sûnder fan de taal sels in probleem te meitsjen. Dêr stiet in groep fan dichters foaroer dy’t mear op de taal sels rjochte is en foar wa’t poëzy in (mear) autonoom karakter hat. Foar har strykt it wurd net fanselssprekkend lyk mei de werklikheid, lit stean dat it wurd dêr wier wat fan sizze kin.”

Boppesteande skriuwt dichter Eeltsje Hettinga yn in nijsgjirrich essay op de webside fan de Moanne oer it mienskiplike yn de poëtika’s fan ûnder mear Hans Faverey, Paul Celan, Ingeborg Bachmann en Fryske wjerlûden dêrfan by Harmen Wind, Sybe Krol en Willem Abma. It is dúdlik dat foar Hettinga de missy fan it ‘autonome gedicht’ derút bestiet om dúdlik te meitsjen wat elke serieuze taalbrûker al lang wit, en dêr’t elke poëzij- en filosofyleafhawwer al sûnt it wurk fan Wittgenstein fan oertsjûge is: dat taal gjin fûnemintele korrespondinsje hat mei de werklikheid, dat yn dy sin de ‘bining ferbrutsen’ is, dat taal ‘dus’ tekoart sjit en troch de werklik moderne dichter problematisearre wurde moat.

Krektlyk as Hettinga mei ik graach de dichters lêze dy’t er neamt, en krektlyk as Hettinga sjoch ik de relaasje tusken taal en werklikheid as in belangryk poëtysk tema. Mar dochs freget syn stik om in pear opmerkingen.

Op it foarste plak liket er it ‘autonome fers’ lyk te skeakeljen mei it fers dat de relaasje taal-werklikheid tematisearret. Dat giet mar foar in part op. Der is bygelyks ek it saneamde klankdicht, dat inkeld taalbousel wêze wol en dat net de ambysje hat om ús oan it tinken te setten oer de relaasje mei de werklikheid. As foarbyld soest de iere poëzij fan Tjitte Piebenga sjen kinne. Njonken it klankfers kin ek wiisd wurde op in poëtyske streaming as it imazjisme, in modernistyske poëzij dy’t sprekt yn bylden en dêr’t ek net dalik it hjir oan de oarder stelde filosofyske program achter sit.

Op it twadde plak beheint de ‘bining ferbrutsen’-poëzij him net ta de filosofyske relaasje tusken taal en werklikheid. Likegoed heart dêr poëzij by dy’t wat sizze wol oer de relaasje tusken taal en net-werklikheid (religy, bygelyks). Gedichten dy’t wat oer God sizze wolle, mar (ymplisyt) erkenne dat se dat net kinne en dêrfan in útdrukking wêze wolle. Fansels is poëzij mei dy ambysje al folle âlder as Wittgenstein, en foar Hettinga miskien net nijsgjirrich genôch, mar it is goed om te sjen dat dichters al folle langer wrakselje mei it probleem dat taal tekoart sjit.

Ik merk by mysels in sekere ferfeeldheid op as ik poëzij lês dy’t stuolle is op de ‘bining ferbrutsen’-taaltematyk en dy’t it as syn belangrykste opdracht sjocht om de lêzer mei de tragyk fan dizze taalfilosofy te konfrontearjen. Hettinga soe der goed oan dwaan en gean nei hoe’t Wittgenstein himsels filosofysk rêden hat út it swarte taalgat, nammentlik troch yn syn lettere wurk (Philosophische Untersuchungen, 1953) te erkennen dat taal wol deechlik in ferwizende funksje hat nei de werklikheid. De ferwizing is ûnderdiel fan, sit besletten yn, it ‘taalspul’ fan taalmienskippen. It wurd ‘doar’ is gjin doar, mar it ferwiist wol nei in ferskynsel doar om’t dat yn ús (Fryske) taalspul no ienris sa ôfpraat is.

Hettinga wurdt fassinearre troch in poëzij dy’t besiket om histoaryske betsjuttingen fan wurden (en alle refleksen en assosjaasjes dy’t derby komme) oan de kant te skowen, in poëzij dy’t de taal ‘skjin’ en ‘nij’ meitsje wol als in den beginne. Of as yn de dea, soest dêr oan taheakje kinne. Dêr is neat op tsjin, en der ha geweldige dichters west mei dy sels opleine ambysje. Wêr’t ik gjin ferlet fan ha, is it oanwizen yn dizzen fan ‘fernijende’ en ‘betommele’ (Hettinga) poëtika’s. Sa’t ik earder skreaun ha, mei fersen kinst in protte kanten út. Dêr kin oan taheakke wurde: mei filosofy ek. Lit ús de dichters benammen op harren ferstjinsten beoardielje en minder op harren (ferfeelsume) taalfilosofyske didaktyk.


Sjoch ek:
Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee



.

Sneon yn it Friesch Dagblad: De standertwurdlist is in ramp foar it Frysk

Sneon yn it Friesch Dagblad myn opinystik 'De standertwurdlist is in ramp foar it Frysk':

"Underwiis-ideologen kinne de taal net foarskriuwe. Noch de Fryske Akademy noch de oerheid hat dêr it foech ta. De Fryske taal is in libbene praktyk, dy’t fan ús allegear is. Provinsjale Steaten is knollen foar sitroenen ferkocht. In Steatelid kin mar ien ding dwaan: de sinleaze en skealike staveringswiziging weromdraaie en it haadstik fan de standertwurdlist sa gau mooglik ôfslute."