Yn maart ha alle partijen yn de rie fan de gemeente Súdwest Fryslân har tsjin de pleatsing fan wynturbines op de Iselmar keard, ien fan de wynparken fan projektûntwikkelingsburo Windpark Fryslân út Emmeloord. Fuort nei dat riedsbeslút gie der op 10 maart in brief nei Deputearre en Provinsjale Steaten, de minister fan Infrastructuur en Milieu, de minister van Economische Zaken en de Twadde Keamer mei it sizzen dat ‘er bij de raad en bij de bevolking van SWF geen enkel draagvlak is voor windmolens in het IJsselmeer.’
Sa’t skynt hawwe de Fryske Steaten gjin boadskip oan dat tinken oer wynererzjy yn SWF, want yn de Steatekommisje Lân, Loft en Wetter waard justerjûn by de behanneling fan de Struktuerfizy Windstreek Fryslân 2014, IJsselmeer ‘gewoan’ fierdergien mei it neirinnen fan mooglike lokaasjes dy’t foldwaan kinne oan de pleatsing fan 530 MW oan wynturbines- en parken.
Neffens it CDA-Steatenlid Fernande Teernstra soe it MW-kwotum (‘de taakstelling’) foar in part better op it lân syn gerak krije kinne, PvdA-deputearre Hans Konst hâldt de lokaasje fan it Iselmar iepen.
Hoe’t Konst dat útstel by de rie fan Súdwest Fryslân goedkrije wol, dat is foarearst in riedsel. Slimmer, de deputearre set de rie fan SWF, dy’t in demokratysk nommen beslút tsjin wynenerzjy op de Iselmar naam hat, folslein yn syn himd, al wie it mar omdat de ûnderhannelings oer de dielname fan de Provinsje yn de wynmaffiabusiness fan Windpark Fryslân & Ventolines – de Provinsje ûnderhannelet oer in partisipaasje-oandiel fan 49 persint – sa goed as rûn binne. It iennige dêr’t it noch op fêst sit, is ‘de objectief vast te stellen waarde’ fan it grutskalige wynpark op de Iselmar.
Ek al is der yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tsjintwurdich de grutste gemeente yn Nederlân, gjin maatskiplik draachflak foar de Iselmarfariant, partijen lykas Windpark Fryslân en deputearre Hans Konst ferkeapje stront foar saffraan as se sizze dat wynenerzjy inkeld ‘van onderop’ syn beslach krije kin. Yn in brief oan de Provinsje skriuwt direkteur Anne de Groot fan Windpark Fryslân op 22 mei 2014 dat ‘wij waardering hebben voor initiatieven die het draagvlak voor windenergie op land van onderop willen helpen organiseren.’ It is de taal fan de wytpleistere grêven want wilens krijt de befolking fan SWF de Iselmar-MW’s topdown troch de strôte drukt.
De politike beslútfoarming oangeande wynenerzjy yn Fryslân is en bliuwt in klucht.
Eeltsje Hettinga
Geen opmerkingen:
Een reactie posten