zaterdag 29 maart 2014

Poelsterbrêge

Ie

Fjirde sonate


Fjirtjin kearskes blaasto aansen samar 
yn ien kear út. Spilest dan in stikje 
sûkelarytaart, dêr’tst it resept fan witst? 
It kakaopoeier strijst oer it noateskrift, 
de blom strykst de snaren mei yn, 
do mingst it mei ier ljocht en lok. 
Oer de tonge litst it swiet licht drave 
fan in heech dat troch de bûter sakket 
nei in jonge bakker syn sûkere oktaven. 
Hy moat in moai skoft de oven yn, 
mar dan - in sarabande servearrest ús 
mei sûpe en krêm fraiche, en in swym 
fan ’e seewyn yn in Fryske chanson russe. 



Jins bern is in kleare koelte yn it park, 
hy is in saailing om ûnder stil te stean. 
In skaadryk paad om yn dreamen wei 
tegearre del te gean. Skûlherne foar twa 
is jins bern – in taast nei tiid ferlern. 
Hy is ek de stap foarút, wer fierder 
op ’e tocht. Even noch, dêr ferdwynt er 
yn it grutte minskebosk achter de fierste 
draaiïng fan ’e dyk. Is er foar altyd 
de sinnekening fan syn himelryk. 
Hjoed smyt ik muntsjes yn syn hoed 
om’t er my andante sizze lit: ik bin 
sa mâl mei dy, do hast ús wûnders brocht. 



Want asto boartest, dan is it mei fjoer – 
watst stellen hast, kin net weromjûn. 
Talint is in tiran. Hy easket offers, 
en do joust en joust – mar spot en hún 
gnize oan de achterkant fan it applaus. 
Der komme tiden dat alles omdôch 
liket, en do soest dysels net genôch. 
Leech silst wêze, om wat oergeunst 
dy misdie en missei. Nim dan de fioele 
yn betrouwen en wol oan him ôflêze 
wêr’t it paad bochtet nei de rjochte wei. 
Ut goed hout is dyn freon foar it libben. 
Fan suver goud is dyn maat fan alledei. 



Stiller sil it wêze. De earen haw ik iepen, 
mar wa wit – ik net – hokker toan it is 
dy’t hinget oer it lân tusken dy en my. 
Tusken ús yn lizze in see en in lange dyk, 
en safolle jierren dat net bestie wat al 
wêze moatten hie. Mar ik wie der net, 
ik ûntbruts, neffens wreed resept. 
Souje do dan blom en kakaopoeier 
boppe in kom. Mjoks aaien, oalje en fanille, 
klopje in glêd beslach. Oefenje altyd stadich, 
brûk de metronoom. Myn soan, 
set de oven oan – en do silst se spylje, 
al dy Chocolate Cookie Monster Cupcakes!



.

vrijdag 28 maart 2014

Hout en stien, 2014



Tredde sonate


Hjoed hie ’k in ploechje bern oan ’e doar 
te freegjen wannear’tst wer kaamst. 
Wyn út wolken kjimt de beammen 
en de strjitte stiet fol mei wosken auto’s 
fan frij-evangelysken. Snein is de dei 
om in rigel as wat te moaiskriuwen. 
Ik sei dat ik it net wist, mar ik tocht 
mei harren mei. Faaks yn ’e fakânsje? 
As it fan de tillevyzje mei, sei ik noch. 
De sinne bedimme him al. Op ’e bleek 
hipten eksters om. It wie de ein fan ’e dei. 



De earste fûgels fleane har dea tsjin it rút. 
Troch de strjitte waait in blauwe paraplu. 
Witst, waar of gjin waar, makket it wat út? 
Ik ha in dak tsjin de drip. Wol bin ik 
foargoed brek dyn klank, glimk, tút. 
Earst koene se de klop net fine. Doe 
skoden se my in triedsje troch it hert; 
it waard op in skerm yn it tsjuster wei. 
Om net elke dei te sizzen dat ik dy mis, 
sis ik dat ik earmen haw om yn te lizzen 
foar de nacht dy’t komt – dy’t al yn my is. 



Op ’e nij bin ik de kearing om dy hinne, 
al set ik dy del yn ‘Alleen op de wereld’ – 
om’t alle minsken oait allinnich binne. 
By pinebúk haw ik in sinaspril, by samar 
fan skrik wekker drinkst wat fan Mozart 
en in mûlfol wetter. – Dan is ’t wer stil. 
Yn in lytse nachtmuzyk leisto te sliepen. 
Gjin wink te winnen, de eagen wiid iepen,
nim ik dyn libben yn my op. En tink: 
wat lot treft dy, soe ik net wer wêze kinne 
de hege dyk, dy’tst oan my fertsjinnest? 



Waarme nacht en ’t rûzjen fan ’e wyn, 
waarme nacht en ’t bûnzjen fan myn hert. 
Op ’e doele sylt de nacht, mar om de súd, 
om in eilân batst de nacht de weareld út. 
Alle havens docht er oan yn ’t ierderyk, 
mei alle hens oan dek op ’t simmerskip 
tidigje ik op ûnûntdutsen muzyk. 
Lit my de ferteller wêze fan ’t ferhaal, 
de earste dichter fan it skipssjoernaal. 
Ik hâld de hûnewacht 
yn it kraaienêst fan de waarme nacht.



.

donderdag 27 maart 2014

Twadde sonate


Gie jûns de doar iepen mei in piip, kontrapunt 
foar oerdei it grommeljen fan de kraan, of, 
earder, it ratteljende skodzjen fan de souwe, 
it fluitsjen fan de wyn om de grize winterloads. 

En simmers koe de swiere waarmte op it fjild
trochtrilje yn de minsken as it merke wie, 
as de wyn blies yn de spylman syn akkordeon 
en de bierdoppen rinkelen oan de stampofoan 

fan Grutte Joe. Draaimûnefolk yn ’e ûngetiid 
socht heasouders op, wylst bûten de rook rille 
fan broei oer boerske plommen. Ik, likegoed 
fan de kook, rekke in hert mei de leechste snaar. 



Donker iis tink dy ris yn, dêrop in wjerljochtflits 
brekt heel even de jûn midstwa: Klear? 
Gean! Fûl as in foarke streekje de dagen 
nei de ein. – Striid dien; winter net ferslein. 

De wask oan it rak wjerspegelet yn de 
brobbels fan it sjipsop op ’e tegels. Yn’ e keuken 
sjongt se út de Tsarewyts fan Franz Lehár 
oer jo dêrboppe, wêrom oan my net tocht? 

Wat it lûd fan noait skreaune brieven 
dyjingen dy’tst net kend hast brocht, ferskiere 
foto’s, ferjitboek. Dy’t weiwaard yn it wek 
fan de foartiid, bliuwt foar altyd in feart foarút. 



As er ûntstimt, harkje dan, as ambachtsman 
mei ‘perfect pitch’, nei de kalme wurden 
fan de masjinebankwurker, syn geduldich dragen 
fan pine as him de sûker in tean derôf friest, 

mar likegoed nei de winkel ta mei in munt. 
Dy’t no, omsmeid ta in ring, dy yn ’e hân leit. 
Ast goed harkest, hearsto de jierren deryn, 
de gleone hoop foar syn bern fan in heit

en hoe oars soe úteinlik de rekkening. 
Ik wol datsto it knetterjen fan brân út izer 
op izer yn dyn spyljen bewarrest, ik wol datsto 
heech rinst mei de boppetoanen fan dyn oare lân. 



Elke kear komt der in kabouter út ’e wite koal 
krekt op it stuit dat it kartele knyft deryn sil. 
Witsto wol datst simmerdeis by lange droechte 
de Dodola dûnsje moatst by de doarren lâns? 

Fjouwer snaren hat in fioele; dizze de heechste. 
Fjouwer streken hat de wrâld; dizze de fierste. 
Yn dyn mem tsjoent har mem it skitterjen 
fan aloan trochstoarmjende twillingen, 

mar magy moat mei dissipline yn ’e stringen. 
Beswarre en befrije, sizze dyn stjerren, 
en flaaikje en arbeidzje. Oan fjouwer kanten 
skuorst it foarhing stikken. Teart de koal him iepen.



.

woensdag 26 maart 2014

Earste sonate


Dyn begjin, do witst it net. Dyn mem en ik, 
sa’t wy songen, sa’t wy net earder songen, 
yn dat flatappartemint yn dy bûtenwyk, 
dêr’t om it hurdsje de stroom útfoel 
fanwege besparringen en bombardeminten. 
Under ús lieten droanen driigjende bromtoanen 
fan de oarloch, dy’t wie, dy’t west hie. 
Taksysjauffeurs harren turbofolk 
wie dyn begjinnersmuzyk. 

En hoe’t, nachts let, de tonger en de pine 
fan in folk as storein it plein oer waaiden; 
hoe swier de bassen klonken fan it ferline. 



Mei sulver en koper besloegen sigeuners 
de mei stof bedutsen strjitten fan ’e simmerstêd,
yn sliep op in berchrêch, útprotsjend
fan sulver en koper. Tableau de la troupe:
de snor fan in fioelist, in pjut mei in wiet each.
Yn de wente fan dyn pake en beppe 
fertelde it wetter yn de ferwaarmingsbuizen 
fan switterich wurk. Fan Turken en Tito. 

Achter de kym song it lân fan oarsprong. 
De reade paprika’s yn de bakoven knapten 
samar iepen, en it baargefleis waard schnitzelslein 
mei koarte, hammerjende slaggen. 



‘California Dreamin’’, tûzen kilometer fierder. 
It troaike yn ’e tún mei de skommelstoel, 
it hong de buorlju oan ’e noas en it struts 
by dyn maxicosi lâns yn de MacDonald’s. 
Serviërs en Amerikanen binne gjin freonen. 
Serviërs en Nederlanners doe ek net mear. 
Dat konsert fan harsensskraabjen, hoe bist derút 
kaam – it paad bjuster, fertrouwen ferlern? 
Gelokkich is it dy, jierren letter, net oan te sjen. 

It spyt my, jonge, dat wy langer net songen 
doe’t dyn earen om in dream sochten en dyn 
heit en mem te sparteljen oan twa spikers hongen. 



Yn elk fan dyn streken, by al dyn stoppen, 
hear ik de lette gershipperkes troch it fjild gean, 
wylst de sinne sakket en it bitterswiete
liet siket om in frijersfeint, sittend op in hikke. 
Achter de ruten fan it koepeltsjerkje 
baarnt in burd kleuren mei in kearske, 
slacht wiereek oer it doopfet, en in tel letter 
stelt immen myn laptop by de berneopfang. 

Ut krusen en mollen bestiet dyn taal, 
mines út twa- en trijelûden te min.
De wrâld draait troch; ik kin inkeld hoopje 
datst oait it noateskrift lêst fan dyn begjin.



.

Woven Hand - Hiss

dinsdag 25 maart 2014

The Reverend Peyton's Big Damn Band - Something For Nothing

Feniks

Fan ’t jier bewrot ik my
fan peasketûken in roekenêst.
Mei túch en rûchte pronkje ik
net, noch mei diggelglês,
mar ferhoalen yn ’e beamkop
flechtsje ik flitich; ik kear
de wyn ôf mei myn strûpte hûd,
stjurre bloed, in âlde fear.

Ek in fûgel meitsje ik my.
Mei it krop heech set ik him
in skerpere snappert op ’e snút.
Myn ferfelle pak draacht hy.
Him fuorje ik blaukopwjirmen,
benaude krobben, en minsken
yn ’e wjerweide, dy’t weekleie,
weirist út harren kjirmen.

En ik set him op skonken.
Ik lis him in strik om ’e strôt
en ik rôvje by neare nacht
twa swarte wjokken út it nôt.
As dan de dei fan dagen komt
dat er se útslacht oer it gea,
sil de grize de grouwe ferbaarne
om ’e kâlde ûnhuer fan ’e dea.

Dan sil ik út myn fearren fleane
om de noard en om de súd,
nei dêr’t minsken bleatfoets geane
foar it lijen en it stjerren út.






.

Doede Veeman - Twa Roeken

zaterdag 15 maart 2014

'Maar in het Fries mag dat schijnbaar wel'

As ik it goed ha, is Sanne van der Meij studinte Frânsk en Nederlânsk yn Grins, docht se wat digitaals by Filter. Tijdschrift over vertalen en komt se út Dokkum. 

Yn dat tydskrift publisearre se okkerdeis 'In strange kaakline. Over de Friese vertaling van Dan Browns Inferno'. It stikje sil ik mar it measte net fan sizze, want wat in tiid kostet dat wer net, behalve dan dat it sjen lit hoe'n bytsje it Frysk yn tel is by niisneamd tydskrift. Dat ommers oars net docht (dwaan kin?) as de begrutlike taalopfettingen fan guon Fryske Akademy-meiwurkers  nei te papegaaien (mar dat der dan wer nét by seit).

Ik ha in koarte reaksje stjoerd nei de redaksje, dy't ik hjir folgje lit: 

Sanne van der Meij, de schrijfster van een stukje over de Friese vertaling van Inferno, gepubliceerd in uw Filter. Tijdschrift over vertalen, heeft van vertalen wellicht wel maar van het Fries géén kaas gegeten. 

Ze schrijft: "De Vries houdt dus vast aan zijn ‘eigen’ Fries, zonder al te veel rekening te houden met de officiële spelling. Het is ondenkbaar dat iemand een boek vertaalt in zijn eigen Nederlands, maar in het Fries mag dat schijnbaar wel." 

Dat is natuurlijk onzin. Ik hanteer overal "de officiële spelling" - alleen, die officiële spelling laat bij een aantal woorden varianten toe. Zoals bij sommige woorden die zowel met -ie als met -ee kunnen worden geschreven (bijvoorbeeld "hiel" - heel in het Nederlands - en "heel"). 

Het geval wil dat de Fryske Akademy vorig jaar aan Provinciale Staten heeft voorgesteld om 'standaardisering' aan te brengen: keuzes te maken in de gangbare en tot op heden gewoon toegestane dialectvarianten in de schrijftaal. Daartegen is heel veel verzet gerezen, verzet waarvan ik deel uitmaak. Momenteel vindt (nog altijd) overleg plaats tussen provincie, Akademy en kritikasters. 

Ik houd dus helemaal niet vast aan "mijn eigen Fries", ik hanteer een tot op heden toegestane dialectische variant – met opzet, weliswaar. Mevrouw Van der Meij debiteert m.a.w. borrelpraat.

Hoogachtend, ensafierderhinne.

Andreas Schelfhout, 'Bevroren vaart' (1845)

dinsdag 11 maart 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: Mienskip tsjin it ferfal


Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Nei de moaie presintaasjes no mar wer efkes oer nei de ideeën en de ynhâld. Takom wike sille de earste gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân holden wurde wêrby't de opkomst nei alle gedachten ûnder de 50 persint útkomt. Elke fjouwer jier rint de opkomst mei hast 10 persint tebek. 

Kin Lwd2018 net meihelpe dat er yn 2018 10 persint omheech giet? 

"Gemeenten wurde te grut, gemeenterieden ha gjin kwaliteit, de lanlike polityk bemuoit him der tefolle mei, de sjoernalistyk jout der amper mear omtinken oan, de yndividualisearring hat definityf taslein, en gean sa mar troch. Grif is it allegear wier. De belangrykste reden is wierskynlik dat hieltyd mear minsken net mear waarm rinne foar wat oars as it direkte, oanwiisbere en konkrete eigenbelang. Soks rekket blykber akseptearre. 

Mar moat yn dizze kulturele-haadstêdtiden dan net yn de holle fan mannige skôger it wurdsje ‘mienskip’ begjinne te knipperjen? Krekt yn in tiid dat mienskip de grutte ferliezer liket te wurden op it politike toaniel, is it de grutte winner yn it bidboek."

Anna Moffo sings Puccini, Un bel di vidremo

Anna Moffo sings Rachmaninov, Vocalise

Heinrich Bürkel, 'Campagnalandschaft mit Aquadukten' (1840)

maandag 10 maart 2014

Gabrielle Kroese, 'Drowning In The Romantic Landscape' (2012)

Heinrich Bürkel (1802-1869)


Friedhof von St. Peter im Winter (?)


Regenschauer in Partenkirchen (1838)


Die Häuser von Rattenberg im Winter (1865)


Das Kirchlein von Hinterriss (1861-1865)


Winterliches Dorf (1865)


Winter am Fernpass (?)

zondag 9 maart 2014

Jussi Björling sings Puccini, E lucevan le stelle

Gibt's da irgendwo eine Biografie? - Moser

Polityk radikalisme en religieuze tolerânsje yn ‘das Dorf ohne Gott’ 


Der riidt in trein fan Nijeskâns nei it Ruhrgebiet, en noch fierder riidt er, súdliker noch, troch Bingen, Kreuznach, Winnweiler, Hochspeyer, nei it lytse plakje Lambrecht. It is 1943 en yn ien fan de wagons stiet in bernewein. 

Mar de bernewein is leech. 

Sint Piter hat noch mar krekt west, no is it yn Europa Alde Maaie. Yn Lambrecht wachtet in jonge frou op it stasjon. It tilt dêr op fan de froulju, want it is ferlofdei. Jongkeardels komme thús yn it âlderlik hûs yn de bosken fan de Pfalz. 

De frou wachtet lykwols net op in man, mar op it bern fan har broer. 

En de modderige strjitten wurde berchpaden, dy’t útkomme yn in noch lytser doarp. In pear hûndert meter westlik fan de Wiesengasse ûntspringt dêr de Iggelbach, op it plak dêr’t ik in kear, allinnich derop út, troch it bosk rûn, in jonge sljocht op aventoer, ik rûn oer sânpaden nei it útsjochpunt boppe it doarp, en ik seach de fakwurkhuzen mei de houtsteapels derneist, ik fluite wat út de ‘Schöne Mühlerin’ fan Schubert, of giet dat krekt wat te fier (mar it wie wol de iennichste lp dy’t ús mem hie). 



Letter ha ik der noch in kear west, it sil yn 2001 of 2002 west hawwe. Doe ha ik mei him oan de ikehouten tafel sitten, de ôfwêzige heit, myn pake, en noch letter ha ik in pear gedichten bewarre, yn De weromkommer yn it ûnlân, yn Wachtsje op de komst fan de Griken. Bewarje is hjir it goede wurd. Ik sjoch by myn neispeuringen dat er foarsitter west hat fan de Sportverein Iggelbach. Syn frou hjitte fan Ruth en de soan dy’t er mei har hat, harren iennichste bern yn Dútslân, hjit fan Elmar Moser. Dy wie in jier as tweintich lyn de ‘Bike Messias’, sa’t in sporttydskrift kopte: in súksesfol skriuwer fan Europeeske fytsrûteboeken.

“Also, ganz ehrlich gesagt,” skreau immen yn 2004 op in ‘Moser Bike Guide Forum’ op ynternet, “Herr Moser geht mir langsam gewaltig auf die Nüsse! War heut auch im Buchladen und hab mal nachgefragt. Der Inhaber war ziemlich sauer auf Herrn Moser und die ganzen Führer. Er meinte, dass er wohl täglich 3 Chiemgau-Führer verkaufen könnte - nur der Verlag bringts nicht auf die Reihe zumindest mal den alten zu liefern. Schuld dafür sei E. Moser, da der wohl nichts aus der Hand geben möchte, andererseits aber nicht dazu fähig ist seine Bücher zu aktualisieren. ‘Ein ziemlicher Chaot’ angeblich... Die aktualisierten Auflagen lassen wohl von Jahr zu Jahr auf sich warten, auf solche Aussagen ist wohl auch nichts zu geben, ‘kommt nächstes Jahr’ oder so ähnlich! Was mich noch interessieren würde: Wer ist eigentlich Elmar Moser? Gibts da irgendwo eine Biografie?” 


August Moser. De pake dy’t ik net kend haw. Noait mei praten, op in oerke oan in ikehouten tafel nei, dat wie yn de dagen doe’t er al sa fierhinne demint wie dat er út en troch op ’e dolle rûs deropút gie mei de streekbus. Net dat soks grutte gefaren opsmiet, want safolle doarpen binne der yn dy súdlike Pfalzbergen no ienris net, Elmstein, Hassloch, Appenthal – miskien dat er yn Neustadt an der Weinstrasse komme koe. Mar wat dan noch? Der binne mindere plakken om in Pfalzdei fuort te bringen. 

De Mosers fan Iggelbach en Elmstein komme oarspronklik út Annweiler am Trifels, in stêd yn it suden fan de Pfalz, dêr’t yn 1193 yn in kasteel de Ingelske koaning Richard Liuwehert finzen sitten hat. It wiene wierskynlik Switserske emigranten, dy’t nei de ferneatingen fan de Njoggenjierrige Oarloch en de Spaanske Súksjeoarloch yn it begjin fan de 18de ieu genôch hiene fan Annweiler. 

Se teagen de bergen yn, dêr’t se keazen foar in bestean as houthakkers, molenaars en boskwachters. Iggelbach wie sûnt de Tritichjierrige Oarloch yn ferfal rekke en koe wol wat nije bewenners brûke. Miskien hiene dizze minsken skjin genôch fan it libben ûnder de algeduerige driging fan de fjildtochten yn de delling fan de Rijn, de fruchtbere flakte dêr’t de weagen fan dea en oarloch om 1700 hinne elke pear jier troch de stêden sloegen. Ek de Iggelbacher families Burckhardt – fan de kultuerhistoarikus Jacob Burckhardt, Die Kultuer der Rennaissance yn Italien – en Kühner stamme út Switserlân. 

Harren migraasje nei in ferlitten doarpke djip yn de Pfalz moat te krijen hân hawwe mei de geunstige sitewaasje yn de houtbou yn de 18de ieu, dy’t in belangrike oarsaak fûn yn it ferlet fan hout fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn de 18de ieu helle de Republyk foar syn skips- en stêdebou minder hout út de Eastseelannen wei en mear út Dútslân, benammen út it Swarte Wâld en de Pfalz. By dit ‘Holländerholz’ gie it benammen om ‘Langholz’, stammen fan 18 meter en langer. Yn de Pfalz, noch altyd it grutste oaniensletten Dútske boskgebiet, waarden yn dy tiid in protte beken geskikt makke foar houttransport yn de rjochting fan de stêden yn de Rijnflakte. 


Wer kann ‘n liewe Glockeklang 
so schreiwe, wie er klingt. 
Un wer kann schreiwe mit de Schrift, 
wie schee e Amsel singt? 
Des kann mit aller Müh kee Mensch, 
denk nor e bissche nooch. 
Un wie mit Glock un Vochelsang 
is ‘s mit de Pälzer Sprooch. 

It rymke is fan Franz von Kobell (1803-1882), ien fan de skriuwers dy’t it Dútse Pfalzdialekt yn de literatuer brocht hawwe. It jout oan dat it Dúts yn de noardlike Vogezen – sa’t de Pfalz ek besjoen wurde kinne – yn in eigen literêre tradysje stiet. Yn de tiid fan de Romantyk ferskine der dan ek etnografyske en kulturele stúdzjes oer de Pfalz, bygelyks Die Pfälzer. Ein rheinisches Volksbild (1857) fan Wilhelm Heinrich Riehl en Die Pfalz und die Pfälzer (1858) fan August Becker. Ek dûke der dichters en skriuwers op dy’t har mei de krite dwaande hâlde, lykas Ludwig Schandlein, Lina Sommer, Fritz Claus en de niisneamde Von Kobell.


Hjir is noch in siswize yn it Pfalzdialekt: “Elmstään isch e schäni Stadt, Iggelbach e Lumbestadt, Reeredal e Scheisskiwwel, Appedal de Deckel driwwer.“ (Elmstein is in moai plak, Iggelbach in houthakkersplak, Rödertal in strontamer, Appenthal it deksel derop.) 

Alsa, yn de bergen fan de Pfalz, yn de feodale lijte fan Freiherren op harren burchten en kastelen op útstekkende rotspunten, ûnder in tsjûk tek fan ike- en beukeblêden, yn fakwurkhuzen yn de doarpen Iggelbach en Elmstein, dêr libben de Mosers. Oft se protestants of katolyk wiene, ha ik noch net útfine kind. Emigranten hawwe der ûnder harren ek west. Yn 1755 waard in Andreas Moser, yn 1729 berne yn Annweiler, deade troch yndianen by Blacksburg yn Virginia. 


En twa fan dat laach, Alfred Moser en Emil Moser út Iggelbach, de iene Waltarbeiter en de oare Tagner (wurker foar in deilean), waarden op 21 en 23 maart 1933, in moanne nei de machtsoername fan Hitler yn Dútslân, arrestearre troch de SA en de SD. Ek in Fritz Moser en in Karl Moser, út Kaiserslautern respektivelik Hassloch, stiene op de list. Se waarden allegear oerbrocht nei in ‘Schutzhaft- und Arbeitslager’ yn de eardere Frânske Turenne-kazerne yn Neustadt an der Weinstrasse (dat doe noch Neustadt an der Haardt hjitte). Yn itselde gebou is hjoeddedei in Gedenkstätte ynrjochte. 

Alfred en Emil hearden by de earste 350 politike tsjinstanners fan de NSDAP yn de Pfalz dy’t yn it begjin fan dat jier oppakt, yntimidearre, martele en mishannele waarden. “Sie wurden wegen ihrer politischen Gesinning und kritischen Haltung gegenüber dem verbrecherischen NS-Regime hier in Neustadt eingesperrt.” Dêr kaam noch by dat de beide Mosers by de Freireligiöse Gemeinde oansletten wiene, in links-pasifistyske frijtinkersgemeente dêr’t de nazi’s in wearzge fan hiene en dy’t op in protte plakken yn 1933 ferbean waard. 

Twa wike earder hiene der ferkiezingen west, de Reichstagswahl fan 5 maart 1933. Hoe’t Iggelbach stimde, is my net bekend, mar der sil lykas yn in protte oare plakken yn de Pfalz in djippe ferdeeldheid west hawwe yn it trijestreamelân fan SPD en KPD (kommunisten), NSDAP, en BVP (Bayerische Volkspartei). It doarp hie yn alle gefallen ien aktive nazi, dat wie de skoalmaster Karl Jung. Dy hie in sit yn de gemeenteried fan Elmstein en ek yn it ‘Bezirk’ yn Neustadt. 

Yn it algemien wie it yn de Pfalz sa dat de NSDAP it grutst wie yn doarpen mei in protestantse (‘evangelische’) mearderheid en it lytst yn doarpen mei in katolike mearderheid. As ekstremen wurde dan gauris Hauenstein en Darstein oanhelle: yn it earste doarp stimde yn 1933 93 persint foar de BVP, yn it twadde yn 1930 mar leafst 100 persint foar de NSDAP. 

In bysûnderheid fan Iggelbach wie dan noch de sterke posysje dêre fan de Freireligiöse Gemeinde, in leauwensmienskip dy’t yn Dútslân yn mearderheid fijannich stie foar de nazi’s oer. De Freireligiöser Bewegung wie ûntstien yn 1859 út in tegearre gean fan it Deutsch-Katholizismus (de ‘romfreie Kirche’) en in radicaal-modernistyske streaming yn it protestantisme, de ‘Lichtfreunde’; in ûntstean dat sjoen wurde moat tsjin de achtergrûn fan de polityk-demokratyske en sosjalistyske revolúsjebewegingen yn Midden-Dútslân fan dy tiid. Wat dat oanbelanget hat de beweging deselde woartels as it sosjalisme yn dy kriten en is er werom te fieren op it ferneamde Hambacher Fest fan 1832, dêr’t ûnder mear de grûnlizzer fan it sosjalisme yn de Pfalz, Johann Philipp Becker (1809-1886) út Frankenthal, in opswypkjende speech holden hie. 



[Carl Steffeck, 'Die Erschiessung Robert Blums', n. 1848]

De belangrykste oanstichtsjende figuer by de 'freireligiösen' wie lykwols de katolike pryster Johannes Ronge (1813-1887), dy’t yn 1844 in populêr skotskrift publisearre tsjin de ferearing, mei organisearre beafearten en al, fan de tunika Kristi, it doek dat Jezus Kristus droegen hawwe soe by syn krusiging. It is in stik stof dat de roomsk-katolike tsjerke bewarret yn Trier. Yn 1844 wie der sa’n massale byienkomst fan leauwigen yn Trier, in beafeart op oanjaan fan de pleatslike biskop Wilhelm Arnoldi (1798-1864), in anty-rasjonalist en ultra-montaan oanhinger fan Rome. Kritikus Ronge skreau ûnder mear “dass der Stifter der christlichen Religion seinen Jüngern und Nachfolgern nicht seinen Rock, sondern seine Geist” jûn hat. Hy waard ekskommunisearre en preke tenei syn ‘Deutsch-Katholizismus’, mei basearre op teologyske frijheidsideeën fan Friedrich Schleiermacher, Ludwig Feuerbach en David Strauss. 


Yn it isolearre Pfalzdoarp Iggelbach, by Elmstein, ûntstie in Freireligiöse Gemeinde yn 1921. De FB-Landessprecherin foar de Pfalz, Renate Bauer, hat der op wiisd dat de doarpsmienskip doe religieus tige yn beroering rekke: “(..) dass in Iggelbach selbt es praktisch eine dorfinterne Spaltung gebe, zwischen dem Dorfteil genannt ‘Schwarzbach’ (it ‘Unterdorf’ noardlik fan de beek, dêr wennen de ‘Schwarzsohler’) und dem genannt ‘Rote Alpen’ (it âldere ‘Oberdorf’ súdlik fan de beek, ‘dêr wennen de ‘Rotalber’). En it is dan opmerklik, alsa Renate Bauer, “dass Moser, der aktive Freireligiöse im Dorf, vor allem bei den Bewohnern der Roten Alpen Erfolg gehabt habe. Es steht zu vermuten, dass daher diese Bezeichnung nicht einfach nur als Ortsangaben zu betrachten sind, sondern auch etwas über die Mentalität der dortigen Bewohner aussagen.” 

Moser, de “aktive Freireligiöser im Dorf”. Mear as fyftich famyljes in Iggelbach giene oer nei syn Freireligiöse Gemeinde. Wat berop oft er hie wit ik net, hy sil houthakker of houtfêster yn tsjinst fan de Steatsbosken west hawwe. 

Behalve Alfred en Emil Moser waarden yn maart 1933 yn Iggelbach ek Ludwig Metzger, Jakob Schneider en Hermann Kühner oppakt troch de helpers fan Hitler en oerbrocht nei in kamp yn Neustadt. Op ien nei wiene se allegear ‘freireligiös’. Se hiene in pasifistysk, humanistysk, ûndogmatysk en tolerant leauwe dat de nazi’s net oanstie en dêrby wiene se ek noch in kear read. Schneider wie in kommunist; hy en Metzger bedarren yn Dachau, dêr ’t yn alle gefallen Schneider tsjin de ein fan dat jier út frijlitten is. De oaren kamen yn de simmer al frij. 

In moanne letter waard it ‘Freidenkerheim’ yn Iggelbach troch de nazi’s ûnteigene, mei as reden dat it foar ‘antinazionalen Zwecken’ brûkt waard. Op 12 april 1933 waard de FG Iggelbach ferbean. De nazi’s namen it hûs yn beslach. Noch gjin twa wike letter liet de SS yn Neustadt oan de boargemaster fan Elmstein witte dat Gauleiter Bürckel it hûs yn gebruk jûn hie oan de SS, mei it doel dat der in SS-Heim yn komme soe. In doarp fierderop, yn Elmstein, waard yn it sosjaal-demokratyske Naturfreundehaus in ‘Mutter-Kind-Heim’ ûnderbrocht, letter ûnderdeel fan it beruchte Lebensbornprogramma. (Presys yn dat hûs waard yn oktober 1945, noch yllegaal, de SPD Pfalz op ’e nij oprjochte.) 

De SS-Sturmbann Neustadt warskôge de boargemaster noch mar in kear, “dass die in Iggelbach wohnenden Mitglieder des früheren Freidenkersbunde bis zur Machtübernahme durchwegs als marxistisch eingestellt zu betrachten waren, dass ihre Vereinstätigkeit praktisch und gewollt auf eine Förderung marxistischer Bestrebungen gerichtet war (..).” 

By it yn beslach nimmen fan it Freidenkerheim hellen de nazi’s de spreuk fan de Freireligiösen boppe de foardoar wei. ‘Frei sei der Geist, ohne Zwang der Glaube’, stie dêr te lêzen. 




It ferhaal fan de klokkestriid yn Iggelbach. Wy skriuwe it jier fan ús Heare 1895. Der is al moai lang oer praat, mar no dan, op 16 febrewaris, bringe Ludwig Steigert, Gustav Melzer, Jakob en Thomas Perreth, Jakob en David Moser, Martin Schneider, Theobald en Wilhelm Asel, Martin Flockerzi en Andreas Heidinger, en dan noch in Weilacher derby, in nije klokkestoel aartsfaderlik nei it plak yn it ‘Oberdorf’ dêr’t er no noch stiet. It is in fertoan fan sosjale ienriedigens, nei in lange perioade fan striid en ûnderlinge haat yn it mar inkelde hûnderten ynwenners tellende doarp. 

De ferdeeldheid hie lâns deselde linen rûn as goed tweintich jier letter by de oprjochting fan de Freireligiöse Gemeinde. Sosjale tsjinstellingen, histoaryske tsjinstellingen, politike tsjinstellingen – se kristallisearren har út mei de Iggelbach as skiedsline. 

De doarpsklok op it skoalhûs, dat hie eins net mear kinnen. Der moast in bettere oplossing komme foar it oanjaan fan de tiid, foar it moarns-, middeis- en jûnslieden, foar it lieden by begraffenissen. Mar sa begûn de ellinde. Noardlik fan de beek woenen se de klokkestoel noardlik fan de beek hawwe, mar súdlik woene se him súdlik hawwe. 

Boppedat: koe dat eins wol, in klokkestoel en klokken betelje út in fûns dêr’t de boskarbeiders jierren lang foar betelle hiene: in wurkleasheids- en syktefersekering? Dy fersekeringen hie de steat oernaam, en dat houthakkersfûns wie no omtovere yn in ‘Glockenverein’. Net mei de ynstimming fan elkenien. 

Doe’t yn 1921 in frijtinkersgemeente oprjochte waard, wie it âld klokkesear weromkaam. It wie ien en al strideraasje mei benammen de ‘evangelischen’. Der wie in protte ûnfrede mei de offisjele klerus yn Elmstein - Iggelbach hie gjin tsjerke. Yn oare doarpen yn de buert waard Iggelbach al it ‘Dorf ohne Gott’ neamd. Tsien jier nei de oprjochting fan de FG bouden de protestanten in tsjerke yn it ‘Unterdorf’. 


De jonge frou dy’t fergees op it stasjon wachte hie, wie Marie Flockerzi-Moser. Sy wie de âldere suster fan August; harren âlden wiene al ferstoarn. Sy hold nei de oarloch it kontakt mei ús oan. Mem is nei har neamd. Ik ha goede oantinkens oan tante Marie, de ideale Dútse húsfrou, in leave frou, mar ek de Frau Bürgermeisterin fan it doarp, altyd yn it spier foar oaren. En foar de SPD. De kranten hawwe oer har skreaun, mar ik kin op ynternet gjin stikken fine. 

Noch altyd wurd ik ynlokkich allinnich al fan it foarútsjoch fan Käsekuche. Of Dútse wite broadsjes mei rike, folle sjem. 

Twa of trije kear hawwe wy om myn tsiende hinne yn de grutte fakânsjes yn Iggelbach west, mar nuver, ik kin my fan dy besites gjin August tebinnen bringe. De lêste kear dat ik dêr wie wol. Doe krige ik oan in ikehouten tafel santich euro oerlange, dêr moast ik blommen fan keapje foar op it grêf. 

Sorry pake, Entschuldigung, wol dy postúm fan my oannimme. Mar ik ha de frijheid naam om dy dukaten  fan dy oan mysels ta te partsjen, ik ha se op myn eigen rekken skreaun. 


 *



.

woensdag 5 maart 2014

Hjoed yn it Friesch Dagblad: It giet om folle mear

Takom wike moandei sil Lwd2018 mei it wetter foar de dokter. Op in grutte ynformaasjebyienkomst yn de Harmonie moat dúdlik wurde hoe’t it fierder sil mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd. Nei alle gedachten komt in bestjoerlike reorganisaasje oan ’e oarder. En men mei hoopje dat der ek ynhâldlik nijs brocht wurde sil oer de maatskiplike feroaringen yn Fryslân dy’t Lwd2018 op gong bringe wol. 

It liket my belangryk dat in tal grutte projekten, sa’t dy’t formulearre binne yn it bidbook, de fuotten ûnder it gat krije. Dat sil de earste taak wêze fan de nije organisaasje. As foarbyld kin wiisd wurde op it ‘Language Lab’, it grutte taalprogramma dat de meartalichheid fan Ljouwert en Fryslân yn kaart bringe en stimulearje wol. By myn witten is der gjin konkrete stap mear set sûnt Ljouwert begjin septimber ferline jier de kulturele race nei 2018 wûn. Yn gjin inkeld projekt. 

Min ofte mear konkreet wiene wol de 24 ideeën fan fjirtjin ‘tinkers’ om de binnenstêd ‘leuker te maken voor de bezoeker’, novimber ferline jier presintearre ûnder de noemer ‘Nieuwe Rijkdom’. Sa kamen der ideeën op tafel om in binnenhaven te meitsjen yn de Blokhúspoarte, om mei keunstwurken winkelrûtes troch de stêd oan te jaan, om in ‘webpark’ te meitsjen fan de Prinsetún en om de Voorstreek mei keunst in oantrekliker oansjen te jaan. Dat allegear yn it ramt fan it lûken fan mear besikers en it oanjeien fan de ekonomy fan de binnenstêd. 

Mar kultuer ynsette as moter foar mear omset yn detailhannel en toerisme, dat kin fansels noait it belangrykste doel fan Lwd2018 wêze. It moat om folle mear gean. It befoarderjen fan it mienskipsgefoel én de diversiteit yn de stêd. It kommen ta nije foarmen fan gearwurking en kollektiviteit, it bestriden fan maatskiplike problemen en knelpunten, lykas krimp, te min kânsen foar de jongerein, braindrain, it weisliten fan taal en kultuer. Dêrby is it saak en besykje om bliuwende feroaringen ta stân te bringen. 

Fan ‘Nieuwe Rijkdom’ ha wy oars ek neat mear heard. Sels de inisjatyfnimmers meitsje der gjin melding mear fan op harren websites. De keunstkommersje hat tweintichtûzen euro opstrutsen fan wethâlder Diks en is al lang wer earne oars oan it gûcheljen. Foar it op gong bringen fan wérklike feroaringen troch it jaan fan kulturele ympulsen is úthâldingsfermogen noadich. En in ambysje dy’t fierder rikt as inkeld de flotte fertsjinst.


.

dinsdag 4 maart 2014

'Ik ben een flinke guit voor wie me aan 't gerecht verklapt'

De Louwenaars fan it Bilt: reade ierdappelsikers, dryste oerstekweagers 

Myn Louwenaar-famylje – fan beppe Antje Louwenaar (1926) – is de famylje fan de hoop, fan it ferset, fan de revolúsje en fan de ûntsnapping. Dat ís fansels net sa, mar dat meitsje ik der fan. Nuver hoe’t je hieltyd mar wer jesels besykje werom te finen, of út te finen, yn it foarteam. Oan de oare kant, fan myn lânarbeiderslagen is bytiden sa’n bytsje werom te finen… ás je dan wat oantreffe, dan is dat fansels dalik, uh, belangryk. 

In omke fan myn oerpake Jan, Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), siet mei Jan Stap en Geert van Tuinen yn it bestjoer fan Broedertrouw, de earste lânarbeidersfakbeweging fan Nederlân. Plus: fia myn oerbeppe Sijke Louwenaar-de Vries is in unyk anargistysk spotliet oer in lanlik bekende krimineel fan om 1900 hinne bewarre bleaun. En fierder binne in omke, in omkesizzer en in broer fan oerpake Jan emigrearre nei oarden dêr’t alles better wurde soe. De earste twa nei respektivelik Minnesota (1894) en Michigan (1903) yn de Feriene Steaten, de lêste nei Alberta yn Kanada (1922). 



‘Tweede gesticht’ 

Mar lit my dit ferhaal begjinne mei Jetze Pieters Louwenaar, dy’t yn 1785 yn Harns berne wurdt as soan fan Pieter Pieters en Janke Jetses. Syn heit en mem binne fan it Bilt nei Harns ferhuze, mar de soan fertrekt yn de nije ieu wer nei it Bilt. Jetze Pieters is de stamheit fan alle Louwenaars op it Bilt – dat binne der oars net sa folle – want hy hat mar ien (jongere) broer, dy krijt mar ien soan, en dy soan fertrekt al rillegau nei Utert. Fierder sil Jetze wol net út in foarnaam fermidden komme. Syn âldere suster Tryntsje (1784-1850) bringt de lêste jierren fan har libben troch yn it ‘tweede gesticht’ fan Veenhuizen, mei oare wurden, yn it wurkkamp foar gaudieven en earmoedsaaiers. 

Jetze hat yn 1811 ek dyjinge west dy’t de famylje de namme Louwenaar joech. Syn heit wie doe al dea en âldere broers hie er net (of der moat in omke west hawwe dy’t de kar makke). Hy troude mei Jettje Willems (1784-1850) út Sint Jabik. It stel krige twa bern, Willem (1811-1882) en Jantje (1816-1903). Jetze Pieters Louwenaar stoar yn 1818, noch mar 32 jier. Syn beide bern binne grutbrocht troch de mem en har twadde man, in skuonmakker yn Sint Jabik. 

De soan, Willem Jetzes Louwenaar, waard ek ‘werkman’. Of te lêzen oan syn twa houliken, tsien bern, wêrfan acht soannen, en mar leafst 47 bernsbern dy’t syn namme droegen, moat er ien fan de warberste neiteamprodusinten west hawwe fan it hele Bilt (hoewol’t fansels in moai nustje fan dy bernsbern net sa âld waard, sa't soks gie mei bern fan ‘werkmannen’ yn dy dagen). It sânde bern, de twadde soan út syn twadde houlik mei Tjerkje Martens van Gelder (1815-1888), wie it lettere Broedertrouw-bestjoerslid Jacob Willems Louwenaar.

Súphússys 

Om Jacob Willems syn namme yn eare te hâlden, ha ik it earste konsert fan Tim yn Sint Jabik yn 2011 nei him neamd: it Earste J.W. Louwenaar Konsert (it twadde konsert is DV op 11 maaie 2014). Fan berop arbeider, siet Jacob Willems begjin njoggentiger jierren fan de 19de ieu yn it bestjoer fan de yn 1889 oprjochte fakbeweging Broedertrouw. Syn taak wie it en besykje wurk te regeljen foar de leden. Hy wie yn 1880 troud mei Cornelia Terpstra, mei wa’t er acht bern krige, dêr’t fiif fan betiid kamen te ferstjerren. 



Foar it wykblêd Elsevier ha ik yn 2004 in reportaazje skreaun oer de Aldebiltdyk, en doe praten mei in broer fan myn beppe, Sjoerd Louwenaar, dy’t op ’e Westhoek wenne, en mei Biltkenner Aldert Cuperus. In fragmint út dat stik: 

“De eerste landarbeidersvakbond van Nederland, Broedertrouw, werd op 27 oktober 1889 opgericht op de Oudebildtdijk, tijdens de grote agrarische crisis. Soldaten zaten bij boeren ingekwartierd om werkwilligen te beschermen tegen stakers. Een monument, de 'Golf van Onrust', herinnert aan die tijd. ‘In 1872 waren er op het Bildt maar veertien mensen die opgaven geen lid te zijn van enig kerkgenootschap,’ zegt Cuperus, terwijl twintig jaar later de onkerkelijkheid, vooral op de westelijke Oudebildtdijk, het hoogste was in heel Nederland.’ Rond 1900 was het armoe troef. Drank was een oplossing. ‘De Oudebildtdijk telde meer kroegen en tapperijen - súphússys - dan Katendrecht in Rotterdam.’ 

Sta toe dat ik mij hier verschuil 

Hoewol’t de Louwenaars alsa mei Broedertrouw ferbûn binne, moatte de werklike polityk-radikalen yn de famylje – anargisten, sa wurdt sein – socht wurde oan de kant fan myn oerbeppe Sijke Louwenaar-de Vries (1895-1993; dit De Vries-laach wie gjin famylje fan dat fan myn heit). Har heit en mem, arbeider Sjoerd de Vries en Attje van Dijk, krigen acht bern, de earste yn it jier dat Broedertrouw oprjochte waard (1889). De húshâlding wenne oan de Aldebiltdyk, op ’e Westhoek, en wurke by boeren dêr. 

Sawat de hele húshâlding, want yn dy tiid moasten ek arbeidersbern fan 12 jier en âlder ierdappelsykje, flaakslûke, biteroaie en weetbine. “En dan maar zingen van ’s morgens vijf tot ’s avonds zes,” sei myn oerbeppe yn 1967, doe’t in tal folkslietsjes út har mûle optekene waarden troch it Meertens Ynstitút, te witten ‘Daar waren eens twee koningskinderen’, ‘Vaarwel geliefde Rosalijn’ en ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’. It wiene lieten dy’t se as bern op merken opdûkele hie en op it lân songen hie ûnder it wurk. Ik bin opgroeid mei har ferhalen oer wrede boeren, achter de dyk loerende boerinnes en arbeiders dy’t mar wrotte moasten yn ’e klaai. 

It liet ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’ – oerbeppe, doe 72 jier, sjongt it hjir – docht bliken in prachtich en autentyk anargistysk spotliet te wêzen. It giet oer Frans Rosier, in krimineel dy’t yn de earste jierren nei 1900 yn Fryslân en yn de lanlike parse nochal wat stof opwaaien dien hie. By myn witten is it allinnich oan it geheugen fan oerbeppe Sijke te tankjen dat tekst en meldij bewarre bleaun binnne. De earste strofe giet sa: 

Sta toe dat ik mij hier verschuil 
Maar voor een ogenblik 
Politie zit mij achterna 
Dat is voor mij een schrik 
Ben Frans Rosier, maar schrik maar niet 
Ik ben een flinke guit 
Voor wie me aan ’t gerecht verklapt 
Maar ik lach ze allen uit! 

Rosier waard yn 1897 út in finzenis oerpleatst nei it Rykskranksinnigegesticht yn Medemblik, mar dêr mienden se dat er net kranksinnich wie; hy gie wer werom nei de finzenis, dêr’t er yn 1901 út ûntslein waard. Mar hy waard wer oppakt, wegens dieverij, ynbraak en poging ta moard, en feroardiele ta achttjin jier selstraf. Opsletten yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert wegere er te iten en nei wer in oerpleatsing nei Medemblik ûntsnapte er yn 1906, en noch in kear yn 1908. 



De iene psychiater fûn him normaal, de oare diagnostisearre him as gek en gefaarllik. Kranten skreaune oer Rosier en de Telegraaf organisearre sels op eigen houtsje in klopjacht mei speurhûnen. Yn 1906 en 1908 waarden ‘stille’ films oer de Houdini fan it finzeniswêzen makke; ien dêrfan spile yn Marsum. Wylst de boargerij ferûntweardige wie dat it blykber sa maklik wie om te ûntsnappen út de finzenis, wiene de ‘readen’ lilk oer de klopjacht en de wize sa’t de boargerlike sjoernalistyk de saak behannele. In koart folksferhaal oer Rosier is te finen yn de kolleksje-Jaarsma. 

De saak-Rosier sil faaks yn it omtinken fan de Biltse arbeiders brocht wêze troch it blêd fan de Sociaal-Democratische Bond fan Domela Nieuwenhuis, Recht voor Allen.  

'Truck farmer'

Dyselde driuw om it better te krijen, komt werom op it stik fan de emigraasje. De earste Louwenaar dy’t koerts sette nei it nije lân wie Marten Willems Louwenaar (1850-1902), in twa jier âldere broer fan Broedertrouw-bestjoerslid Jacob Willems. Hy troude op it Bilt yn 1876 mei Hyke Beimers út Froubuorren, in dochter fan Jan Paulus Beimers en Klaasje Pieters Grafstra. Se kamen oan op 25 jannewaris 1894 op Ellis Island yn New York mei harren bern Klaaske (1877), Tjerkje (1880), Jantje (1882), Hendrikje (1886), Willem (1887) en Jan (1889) en hiene Midway, La Crosse yn de steat Wisconsin as bestimming. 

Marten Willems waard dêr boer. De famylje neamde himsels earst Lewenaar en doe Lowener, in namme dy’t wol foarkaam by Dútske ymmigranten. Dizze Louwenaars hawwe oars net folle spoaren op it ynternet achterlitten, útsein in soan fan Willem (William, 1887-1977): Marvin William Lowener (1918-2009). 

Marvin gie yn 1941 ûnder tsjinst, hy hie doe as berop ober, en hy hie in jier earder yn Los Angeles tegearre wenne mei in man, de 21-jierrige Harland Running. Alsa wie Marvin homofyl en dêr kaam er ek foar út, wat gjin sinkuere wie yn de fjirtiger en fyftiger jierren en al helendal net yn Amearika. Nei de oarloch krige er in relaasje mei Jack Wilson (1928), dy’t yn Korea yn 1950-’51 ûnder tsjinst west hie. Dy syn libbensferhaal stiet hjir beskreaun. 



Njoggen jier letter as Marten Willems fertrok dy syn omkesizzer Willem Jacobs Louwenaar (1880-1952) nei New York, yn 1903 mei de SS Ryndam fan de Holland-Amerika Lijn. Hy settele yn Georgetown, Ottawa County yn de steat Michigan, dêr’t er yn 1907 troude mei Susie Kooistra (1885-1970). Dizze famylje (foto) hold de namme Louwenaar. Willem Jacobs wie – sa’t syn oerpakesizzer Lori Clough my berjocht dien hat – in ‘truck farmer’: hy ferboude selderij, sipels en woartels, dy’t er dan sels nei de merk brocht. ‘Koaltsjer’ soene wy miskien sizze. Oars as it neiteam fan Marten Willems wie dizze húshâlding strikt religieus; de âldste soan David (1908-1988) waard sels (leger)predikant. 

Op ynternet is hjir in filmke te sjen dêr’t in Louwenaar út dat laach fan hjoeddedei yn foarkomt, Steve Louwenaar. Hy giet te ‘elk hunting’ mei de kamera’s fan Big Boys Adventures TV derboppe op.

Agrarisch medewerker 

En de foarlopich lêste Louwenaar dy’t de oerstek weage, wie de jongere broer fan myn oerpake Jan, Jetze Sjoerds Louwenaar (1896-1968). Jetze fertrok yn 1922 en waard boer yn Alberta, Canada. Neiteam libbet noch yn Calgary. 

“Rond 1890, 1920 en 1950 emigreerden honderden ‘Bildtkerts’ in golven naar de Verenigde Staten en Canada, op zoek naar een beter bestaan,” skreau ik yn 2004 yn it earder neamde artikel yn Elsevier. Hast hie Sjoerd Louwenaar, de broer fan myn beppe, ek in Kanadees west. En myn beppe in Kanadese. “Ik was een jaar of acht toen mijn vader erover nadacht om ook naar Canada te gaan,” sei er yn it artikel. “Een broer [Jetze – AdV] was daar al. Hij deed het uiteindelijk niet. Hij bleef arbeider. Ik werd agrarisch medewerker.”

Wêrmei’t ‘omme Sjoerd’, dêr't ik oan de Aldebiltdyk it eineaaisykjen fan leard ha, de foarútgong dy’t ek hjir nei in protte striid úteinlik plakfûn mar efkes moai droech delsette.


.