Sprek it wurd ris stadich út: po-li-ti-kus. It komt fan it Grykse polis, de stêd, wy soene sizze: de mienskip. In politikus wurket dus yn tsjinst fan de mienskip, idealiter. Dat is de teory. Mar yn Fryslân leit it de lêste tiid mei beskate tema’s dochs twa slaggen oars. Hjir hawwe wy in fariant: de moaiwaarpolitikus. Dy smyt it boeltsje derby del en jout it stjoer oan belangegroepen. Bygelyks op it drege stik fan de wynenerzjy: de polis wurdt hjir regearre troch in ûnhillige alliânsje fan radikale wrâldferbetterers en ordinêre wynkeaplju.
No’t de provinsje fan it regear in tal megawatts wynenerzjy derby regelje moat, jout de Fryske polityk de leie oer oan in grien-swart bûn dat besiket yndividuele doarpkes om te keapjen yn ruil foar stipe om ús Fryske lânskip ferkrêftsje te meien mei batterijen mûnen dy’t heger útpakke as de Achmea-toer. Soks moat dan ,,draachflak” opsmite. As dy doarpkes in bytsje meiwurkje wolle, is it aansen foar de moaiwaarpolitikus ommers makliker om krekt te dwaan as docht er it bêste foar de mienskip.
Der binne trije demokratyske problemen mei boppesteande wurkwize, dy't betocht is troch deputearre Hans Konst fan de PvdA. De earste is dat it lânskip net fan in inkeld doarpke is, mar fan ús allegear. It is part fan ús Fryske identiteit, sa't Konst sels sa moai ferklearre hat yn de provinsjale nota ‘Grutsk op ’e romte’.
It twadde probleem is dat dit systeem basearre is op klearebare korrupsje. Belangegroepkes keapje de stipe fan de befolking. Ik ha leard dat demokrasy basearre is op in frije útwikseling fan arguminten, net op it útdelen fan stekpenningen troch anonime ynvestearders. (De plannen yn Ferwerderadiel bygelyks binne yntsjinne troch de stichting Lokale Enerzjy Ferwerderadiel en ,,initiatiefnemers", wêrfan't it publyk net witte mei wa't dat binne.)
It tredde probleem is dat sawol de lokale as de provinsjale fertsjintwurdigjende organen folslein oan kant skood wurde. Gemeenterieden moatte mar tasjen hoe't skimmige groepkes de befolking bewurkje mei de seine fan de deputearre. Provinsjale Steaten moatte mar ôfwachtsje wat der aansen noch te kiezen falt. It is de wrâld folslein op syn kop.
Hoefolle moaiwaarpolitisy soene der wêze? Ik kin my net yntinke dat Provinsjale Steaten dat allegear sanksjonearje sille. Oan de politike leffens fan de PvdA en oan de nauwe bannen mei de boerewynhannel fan it CDA wurde sawol demokrasy as lânskip offere. En dat wylst it koalysjeakkoart 2011-2015 fan FNP, PvdA en CDA rûne taal spruts oer wynenerzjy. Yn it Iselmar, op de kop-Ofslútdyk en by it Fean, en fierder nearne.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten