woensdag 28 mei 2014
Iepen brief oan de folksfertsjintwurdigers fan Fryslân (Doete de Groot, Aksjegroep Ferwerderadiel Tegenwind)
Bêste folksfertsjintwurdigers,
Op 28 maaie 2014 fynt der in fergadering plak fan de Provinsjale Steaten kommisje Lân, Loft en Wetter, wêryn't de fraksjes yn diskusje gean at sij de Rykstaakstelling fan 530 MW yn Fryslân akseptearje.
Dizze kommisje hat in Fryske namme en ik nim oan dat jim as kommisjeleden grutsk binne op Fryslân en it belang fan de Fryske befolking foar eagen ha. Ek mei ik ferwachtsje dat jim dit Fryske lân, de Fryske loft en it Fryske wetter beskermje tsjin ûnwinsklike megawynmûnen. Mar wa sketst myn ferbazing, dat ús folksfertsjintwurdigers har oerjouwe at der út Den Haach roppen wurdt dat wy ús lânskip en romte opofferje moatte om in dizich doel te berikken, dat ek wol op in oare wize helle wurde kin.
Ik ken net alle getallen fan Watts en Megawatts, mar as Fryske ynwenster en mem fan myn bern, wit ik ien ding seker: We moatte ús lânskip net troch dy wynmûnen ferprutse!!
Wat binne jim foar folksfertsjinwurdigers as jim net foar jim Fryske achterban fjochtsje om ús lânskip, ús rêst en sûnens te behâlden. Wat in slappe hâlding om dan mar in proses te folgjen dat alle mooglike plannen in poadium jout. Jim binne keazen om besluten te nimmen en dat jouwe jim no út hannen. Jimme nimme no in ûndúdlike koers, wêrby’t de ynfloed fan de wynmaffia fernommen wurdt troch de gewoane boarger. Ferskate private partijen biede no al omwenners grutte sommen jild om foaral akkoard te gean mei de mûnen. De geast fan de hebsucht is út de fles!
Ha jim wol yn de gaten hoefolle ûnrêst troch jim hannelwize feroarsake wurdt! Tsientûzenen bewenners bestudearje de fage kaarten fan dizze plannen en binne bang foar in mûne tichtby har yn de buert. Hoefolle sliepeleaze nachten wurde hjir al net troch feroarsake. Hoefolle gefallen fan stress en ferhege bloeddruk. Provinsjale Steaten: jim moatte jim skamje dat jim net flink genôch blike te wêzen om by jim earder oerienkommen beslissing fan de koalysje te bliuwen!!
En ha jim der wol by stilstien dat dit proses twaspjalt yn de Fryske mienskip feroarsaket. Tink oan de tsjinstelde belangen fan de boeren en de omwenners. Dy fan subsydzje freegjende ynfestearders en dy fan de belestingbeteljende omwenners. En sels twaspjalt tusken doarpen en gebieten, dy’t hoopje dat de oaren dizze kringen krije. Jim ha it oer “MIENSKIP” foar de Kulturele Haadstêd yn 2018. Mar wat jim saaie is twaspjalt, ôfbraak fan ienridigens en mienskip, rúzjes tusken freonen en famylje en skisma yn de doarpen. Wat in mienskip! Egoïsme hat it regear!
En wat binne jim ynkonsekwint. Oan de iene kant beweart Hans Konst grutsk te wêzen op syn Fryslân. Sjoch “Grutsk op ‘e romte”, en oan de oare kant plempt hy dyselde romte fol mei dy ôfsichtlike gehakmûnen. We ha dochs wat unyks, sels UNESCO erkent de wearde fan it werelderfgoed de Waddensee. En jim doarre de hoarizon dêrfan te ferpesten mei einleas lange rigen fan dizze ôfsichtlike monsters.
As dy reuzen der dan dochs sa noadich komme moatte, set se dan net tusken de wenten, mar brûk de Ofslútdyk. Elk minske mei in sûn ferstân kin dy kar begripe. Wêrom jim dan net? Ferstopje jim jim no net wer achter politike prosessen en besluten dy’t nommen binne yn it ferline, dy’t no in passeard stasjon binne. Wurd dochs wekker en stean op!! De demokrasy stiet yn Fryslân te keap, wêrfoar kieze we jim dan? Wêrom soenen wy nei ferkiezings moatte, at jim belied totaal gjin wearde hat. Ha jim wol yn de gaten dat jim betrouberens op it spul stiet!!!!
We roppe jim op ta bestjoerlike dôfhûdigens!
Rjochtsje jimme de rêgen en jou net ta oan dy ynstruksjes fan Den Haach. Wês net bang foar in ûndemokratyske oanwizing fan it Ryk. Nei de Steateferkiezings fan oar jier sille we noch wolris sjen hoefolle ûndersteuning der foar dizze doelleaze plannen oer is yn de Earste Keamer.
En at jim bern oer tsien jier freegje wêrom at it Fryske lânskip ferknalt is troch dizze stielen gefaarten en se freegje: “Heit, mem, jim wienen dochs ús folksfertsjintwurdigers doe’t dizze beslissingen naam binne”?
En wat sizze jim dan….?
*
Doete de Groot, lid fan de aksjegroep Ferwerderadiel Tegenwind
Ferwert, 26 maaie 2014
.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten