Moarn yn it Friesch Dagblad: grut stik oer de iepening fan de eksposysje oer Reinder Rienk van der Leest yn de Mariatsjerke fan Blessum, sneon 27 april:
"Syn skildersfoarbylden binne Henri Matisse, Ernst Ludwig Kirchner en Roy Lichtenstein en dat is oan it eksposearre wurk ek ôf te sjen. Van der Leest makket der sels ek gjin geheim fan; by de skilderijen hingje lytse printsjes fan wurk fan niisneamde skilders dat op ien of oare wize foar him in ynspiraasjeboarne wie. Syn frouljusfigueren binne yn fauvistysk-ekspresjonistyske styl yn heldere, ierdske kleuren skildere mei hjir en dêr in tûfke pop-art. 'De skilder Cor Reisma sei tsjin my dat er noch noait sok Frânsk wurk fan in Fries sjoen hie,' sei Van der Leest yn Blessum."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten