donderdag 11 april 2013

Twa kursussen poëzij skriuwe by Tresoar



Kursus poëzij skriuwe foar begjinners
dosint: Abe de Vries

Yn dizze kursus wurde begjinnende dichters konfrontearre mei de mooglikheden fan poëtyske taal. Wat is poëzij, en foaral, hoe wurdt in tekst poëzij? De klam sil dêrby lizze op ûnderskate basistechniken om foarm, byld, lûd en ritme tsjinstber te meitsjen oan it fers dêr’t se oan bydrage moatte. De kursist krijt skriuwopdrachten mei, dêr’t de risseltaten fan troch de dosint mar ek kollektyf besprutsen wurde.

Oanmelding uterlik 6 septimber by Tresoar, Petra Bierma, tillefoanysk 058-7890740 of fia email ynfo@tresoar.nl. Fermeld namme, adres, tillefoannûmer. Data: 8 en 29 oktober, 12 en 26 novimber fan 19.30 oant 21.30 oere. Kosten 60,-.

Kursus poëzij skriuwe foar mear betûften
dosint: Abe de Vries

Yn dizze kursus tinke dichters dy’t al wat fierder binne, nei oer manearen om harren poëzij op in heger plan te bringen. Sjoen wurdt nei de ûnderlinge ferbannen yn de eleminten fan in fers, nei de mooglikheden om fia byld- of klankassosjaasje in fers fierder te bringen en ferrassender te meitsjen. Oan de hân fan foarbylden út de Fryske en de wrâldliteratuer wurdt ien en oar útlein. Ek krije de kursisten inkelde opstellen mei oer poëzij, sadat se harren kennis en feardichheden ek oan de hân dêrfan fierder útbouwe kinne.

Oanmelding uterlik 6 jannewaris 2014 by Tresoar, Teake Oppewal, tillefoanysk 058-7890789 of fia email ynfo@tresoar.nl. Fermeld namme, adres, tillefoannûmer. Data: 21 jannewaris, 4 en 18 febrewaris, 4 en 18 maart 2014 fan 19.30 oant 21.30 oere. Kosten: 90,-.


(Boarne: sirkwy.nl)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten