maandag 21 september 2026

Fryske keunst foar elkenien fergees


Om't it Dingtiid-tiid is, it folgjende. It giet oer subsydzjes, in bytsje banaal miskien mar yn septimber skine je der net oan ûntkomme te kinnen. Dit is de kwestje: ik wit net hoefolle belêstingjild oan ensafh op ynternet bestege wurdt, ik wit net hoefolle euro’s in bydrage oan ensafh op ynternet opsmyt foar de skribint, mar op beide fragen kin men feilich en yn alle earlikheid antwurdzje: tefolle. Hoewol, ik soe just sizze: fierstente min. 

Tajûn: de ynternetferskining fan ensafh is frijwat bleek om 'e kop. Hoe’t it in redaksje mei mear leden as in fuotbaltiim slagget om sa'n bysûnder ûnopfallende ynternetpresintaasje del te setten, dêr bliuw ik mar bûten. By einsluten bin ik in bûtensteander en boppedat wurd ik net troch de provinsje betelle om disfunksjonearjende literêre periodiken by de wâl op te helpen.

Watfoar teksten publisearret ensafh dan op ynternet? It blêd wol neffens eigen sizzen in ‘digitaal literatuerplein’ wêze dêr’t de lêzer ‘gedichten, ferhalen, kollums, literêre besprekken, essees en mieningsfoarming’ oantreft. Alle trije dagen fytst in frisse tekst it plein op, behalve yn it simmerskoft, dan is leau ’k ien fytser yn ’e wike of de fjirtjin dagen tastien, dêr wol ik ôfwêze.

Om in idee te krijen hoe't dat ‘literatuerplein’ derút sjocht, folstiet it leau ’k wol om de bydragen fan it ôfrûne healjier yn kaart te bringen. Begjin ik dus op 21 maart en tel ik oantemei 21 septimber. Dat smyt op: 2 ferhalen, 15 fersen (ynkl. 5 oersettingen), 15 kollums, 5 filmkes, 7 besprekken, 1 skôging en 1 opinystikje.

Ferhalen, skôgingen en opinystikken hawwe net de grutste belangstelling fan de redaksje. Je kinne dan sizze: sokke stikken wurde net folle skreaun. Of: se wurde net folle oanbean. Je kinne ek sizze: der is ûnfoldwaande omtinken en belied en stimulâns om sokke stikken wol te produsearjen en binnen te heljen.

Lit ik my fierder konsintrearje op de grutste kategoryen, dus op fersen, kollums en besprekken. Earst de fersen. Fan de 15 fersen binne 8 skreaun troch redaksjeleden, en fan dy 8 binne 5 fan de hân fan redaksjelid Edwin de Groot. Oft de gedichten al of net de muoite wurdich of deplorabel binne, lit ús sizze: dat is subjektyf.

Dan de kollums. Hjir, opfallend, gjin bydragen fan redaksjeleden. Wat ek opfalt, is dat it faak gjin werklike kollums binne, earder koarte proazastikjes oer wat de kollumskriuwers allegear wol net meimakke hawwe yn har deistige libben. Meastentiids sûnder niteljende miening of – in oare eask dy’t gewoanlik oan kollums steld wurdt – útdaagjend boadskip. En fan opmerklike stylistyk kin leau ’k ek net praat wurde.

Dêrby binne de kollumskriuwers ek tige op jierren. Henk van der Veer is fan 1954, Henk Nijp fan 1954, Jemke Visser fan 1943 en Giny Bastiaans fan 1945. It binne dus santigers en tachtigers. Allinnich Dirkje Brouwer, midden fjirtich, is in stik jonger. Fansels merk ik dit inkeld mar op om’t Dingtiid yn syn resinte trochljochting fan it subsydzjebelied fan de provinsje sa oantrúnt op ‘ferjonging’ – iksels (begjinsechstiger) fal leaver om as dat ik my skuldich meitsje moat oan leeftiidsdiskriminaasje.

By de besprekken is der fan ’t jier mooglik praat fan in lichte statistyske fertekening, want fan juny oantemei septimber stie ‘de literêre besprekking (sic) sintraal’. Gewoanlik stiet yn ensafh it besprek dus minder sintraal. De redaksje miende no dat ‘it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje’. Nee, sorry, nou ja, okee. Ik begryp de bedoeling. It giet hjirom: ‘besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben’.

Twa fan de sân besprekken binne filmkes fan Geart Tigchelaar, dy’t net folstiet mei entûsjasmearjende foarljochting mar yn it bestek fan krapoan sân minuten ek wolris krityk jout.  Dat moat dan wol faak by stellingen bliuwe, dy’t net de lúkse hawwe om ûnderboud te wurden. Promoasje is it haaddoel: ‘(..) sadat jo nei de boekwinkel kinne foar de nije Paul van Dijk.’

Ek twa fan de sân besprekken binne teksten oer gelegenheidsbondels: in earebondel foar Jelle Krol en de Fier dyn taalbundel fan Frysk en Frij. It is in riedsel wêrom’t dy bondels samar it digitale literatuerplein opfytsen komme. Dat net keazen is foar literêr wurk mei mear ambysje hat miskien te krijen mei persoanlike relaasjes ferpakt yn, alwer, boekpromoasje.

Bliuwe oer trije besprekken dy’t djipper besykje te dollen: fan Jan Kooistra oer myn Njoggen dagen yn it gers, fan Teake Oppewal oer Libbe fan Marga Claus, en fan Lubbert Jan de Vries oer Grûnwetter fan Remco Kuiper. Ik soe sizze: respektivelik in nayf, in analysearjend en in ynfielend besprek. Wêrby’t dat fan Oppewal my fierwei it bêst foldocht. Ek hjir binne de bydragers op jierren: Jan Kooistra is fan 1959, Teake Oppewal fan 1952 en Lubbert Jan de Vries fan 1963.

Ferjit ik hjir hast noch twa oare boustiennen fan ensafh op ynternet, te witten trije grappich bedoelde húsflytfilmkes fan Duo von Däniken (en twa Gjalp-filmkes), en de beruchte linkrubryk nei eksterne literatuer en literêre boarnen. Dy lêste rubryk stiet ûnder it eksklusive bewâld fan de helte fan it Duo, Cornelis van der Wal (1956), dy’t lykas de oare helte fan it Duo, Anne Feddema (1961), ek redaksjelid fan ensafh is.

Hoe moat no, it hear oersjend, de ynternetbydrage fan ensafh oan de Fryske literatuer wurdearre wurde?

Je hawwe dan twa mooglikheden: je soene oardielje kinne út in literêr-kwalitatyf stânpunt wei, of út in bewegersstânpunt wei. Ik wol net sizze dat mingfoarmen net mooglik binne, mar foar de dúdlikheid. Beide kearen sjoch ik net hiel folle om oer nei hûs te skriuwen. De pear filmkes binne jong, mar hast alle skriuwers binne âlde minsken. De kollums misse ynhâld en foarm, de gedichten gauris talint en de besprekken binne te tafallich en te minmachtich om in werklik pluspunt op te smiten. Mei dizze opset en de hjoeddeiske redaksjonele mooglikheden wol it net goed slagje en hâldt in relevant Frysk-literêr ynternettydskrift boppe wetter. 

Mar dat komt net om’t der gjin goede teksten en goede skriuwers beskikber binne; it komt om’t in grut part fan har produksje troch ensafh inkeld op papier publisearre wurdt, yn it papieren tydskrift. De tsjin better witten yn folhâlden – en subsydzjetechnysk troch de provinsje foarskreaune – dominânsje fan papier boppe digitaal is de grutte kweadogger.

En sorry to say, mar Kistwurk en Farsk hawwe lang lyn al sjen litten dat it oarsom moat. En letter Fers2 ek. Digital first, fier foar’t dat yn de útjouwerswrâld in striidrop waard. Farsk hie alle literatuer op ynternet, út en troch in beheinde papieren tema-útjefte en oan ’e ein fan it jier in jierboek. Doe’t Farsk en Hjir yn 2009 de lapen gearsmieten, hie ynternetpresintaasje fan Fryske literatuer sintraal stean komme te moatten. Dêr hat de nije redaksje ûnder lieding fan Hjir-baas Piter Boersma doe net foar keazen, en mei dy brokken sitte wy dus al 17 jier.

Watfoar wervjende wurking giet der fan dit ensafh op ynternet út op jongere skriuwers? Treffe dy dêr in yntellektueel stimulearjende omjouwing oan, it leafst ek mei nijsgjirrige leeftydsgenoaten dy’t de wrâld op deselde manier belibje?

It kin wol oars. De Fryske literatuer kin de produksje-, administraasje- en distribúsjekosten fan âld papier misse as in etterjende kies. Dat jild kin ferfolgens stutsen wurde yn ferjonging en kwaliteitsferheging en diskusjes oer wêrom en hoesa en hoe dan. Wêrom stekt de provinsje syn jild yn in weislitend abonneebestân, en boykot er Fryske keunst foar elkenien fergees?

.

donderdag 17 september 2026

Eksit keunstner, wolkom copywriter?


Mei Fryske literêre prizen, skriuwopdrachten, beurzen en subsydzjes is wat opfallends oan 'e hân. Sûnder dat dêr oer praat, lit stean diskusjearre wurdt. Slûpendewei wurdt besocht om de Fryske skriuwer om te foarmjen fan frije geast ta beliedsynstrumint. Ta copywriter yn tsjinst fan politike doelen.

Wat wol it gefal? Earst it prizebelied. Te uzes wurde de belangrykste literêre prizen beskikber steld troch de provinsje (Gysbert Japicx-, Obe Postma-, -Tiny Mulderpriis). Dy grutte oerheidsprizen stelle gjin tematyske easken oan literêr wurk. Dêrneist wurde prizen útloofd troch partikuliere ynstellingen (Simke Kloosterman-, D.A. Tamminga-, Rink van der Velde-, Rely Jorritsma-, Tony Feitsmapriis). Ek dy prizen tsjûgje allesbehalve fan disrespekt foar skriuwers. Se twinge skriuwers gjin ûnderwerp op.

Yn it each rint lykwols dat minder belangrike pryskes – en te pitchen plannen – just grossiearje yn ynhâldlike ferplichtingen. Se jouwe foarskriften dy’t sizze wêr’t it te bekroanen of te beleanjen wurk of de oanbeane bûtenkâns oer gean moat, oan reitsje moat, op wize moat. De skries. De seehûn. De Waadsee. De Alvestêdetocht. In breder publyk. In jonger publyk. As se dan iverich passe en mjitte, kinne skriuwers 500 euro winne, en optredens, en multymediaproduksjes en wat net.

Wêr komt dy bemuoisucht wei? By oerheden. De iene inisjator fan tematyske twang is de provinsje. De Gjalp, bygelyks, is in pofke provinsjaal jild dat de literêre blêden ensafh en De Moanne en dichterskollektyf Rixt op fersyk fan de provinsje beheare en besteegje oan literatuer dy’t doelen fan oerheidsbelied tsjinnet. Tusken heaken: wa’t foar dat kollektyf praat, is dat geheim? Wêrom is wat Rixt krekt te krijen hat mei De Gjalp net op rixt.frl te finen?

De provinsje wurket ek fia Tresoar, de provinsjale bibleteek dy’t fan ’t simmer de Gielegou-rige lansearre. Dat is in searje nije boeken dy’t planmjittich bestsellers wurde moatte, en dêr’t skriuwers plannen foar yntsjinje koene. Beurzen en begelieding ynbegrepen. Ynhâldlike foarwearde: ‘het project richt zich deels maar niet uitsluitend op young adult literatuur’ (website Tresoar).

De oare inisjator is de troch de Europeeske Uny bestuivere semy-oerheidsklup City of Literature. De foarbylden binne bekend, de oproppen om ferhalen te skriuwen oer ‘útsteld gelok’ (2022) en ‘lyts gelok (2025). Merk foaral op dat semy-oerheidsstifting Planbureau Fryslân yn 2020 in rapport skreau oer alle gelok yn ús provinsje, fansels tanksij ‘de mienskip’, allinnich mar om yn 2024 alaarm slaan te kinnen oer datselde, mar no ferminderjende gelok.

En fan ’t jier miende ek provinsje-ynstitút Afûk oan dyselde trui fierder breidzje te moatten. It tema fan it boekewikegeskink op kommendewei wie ynearsten ‘libje fanút gelok’ (sic). Mar dat sjocht men de lêste tiid net mear foarbykommen. De meartalige samling ferhalen hat úteinlik de likegoed programmatyske titel Seis ses zesse ses meikrigen. Mei oare wurden: de provinsje hat syn eigen segenrike meartalichheid ta tema makke.

Ut al dy foarbylden wurdt dúdlik dat de provinsje Fryslân en syn subsidiïnten drok dwaande binne om de oait ferbrutsen ferbining te werstellen. Unearbiedich sein: mei spegeltsjes en kralen moat de Fryske skriuwer yn ’e ferlieding brocht wurde om syn kreätiviteit tsjinstber te meitsjen oan tafallich populêr polityk belied. Hy wurdt wurdearre, net om syn keunst, syn literatuer, mar om syn maatskiplike ‘goede bedoelingen’ en syn ‘goed boadskip’. De provinsjaal-amtlike organisaasje kolonisearret de Fryske literatuer.

Slach acht: dêrmei is net sein dat dy bedoelingen net goed, of dy boadskippen ferkeard binne. It punt is, op it foarste plak, dat literatuer net giet oer goede bedoelingen, en folle mear is as in program. It punt is ek dat der in hieleboel goede bedoelingen binne: in kar foar de iene betsjut gauris in kar tsjin de oare. Dy ôfwagingen te meitsjen, dat is it domyn fan de polityk. De manoeuvres fan de provinsje yn it literêre fjild hawwe as effekt om Fryske literatuer ûnderhearrich te meitsjen oan ideology.

Dat is net in sitewaasje dêr’t ik my lekker by fiel, mar belangriker is dat de literatuer der mislik fan wurdt. Dat oerheden en semy-oerheden prizen beskikber stelle foar Frysktalich literêr wurk, is fantastysk. Gjin misferstân. It is belangryk. It moediget oan. It is wurdearring. Mar de resinte oan prizebelied keppele tematwang, dêr kinne wy hiel goed sûnder.

Net inkeld it prizebelied, ek it subsdyzjebelied lit stjoerende ambysjes fan de oerheid sjen. It subsydzjebelied foar Fryske literatuer is krekt trochljochte troch in provinsjaal advysorgaan, te witten Dingtiid. Syn advys datearret fan 15 septimber en komt perfekt temjitte oan de winsken fan de ynstitúsjonele ynfrastruktuer fan it fjild, dat binne de semy-oerheidsynstituten en dêroan ferbûne stiftingen en ynstellingen.

‘Profesjonalisearring’, ‘ferjonging’ en ‘eksperimint’ binne de ivich jonge toverwurden dy’t it advys befolkje. Bekende begripen, dy’t har materialisearje moatte, noch folle mear as no al it gefal is, yn begelieding, kursus en – let op, dit is nij: – kwaliteitseasken. Hoe en wat, dêr lit Dingtiid him lykwols net oer út. ‘Aktuele relevânsje’, dat soe yn ’e takomst samar in kwaliteitseask wurde kinne, stel ik my foar. Yn it prizebelied is it ommers al de trend, ha wy sjoen. Opsjes by de rûs. ‘It miljeubewustwêzen ferheegje.’ Of: ‘Genderbewust.’ Of: ‘De belangen fan it net-berne bern befoarderje.’

De provinsje hat oan no ta neat oer sokke subsydzje-easken op skrift set. Dy giet der – gelokkich! – noch fanút dat in tekst dy’t in fatsoenlike útjouwer as literêr produkt foar subsydzje oanbiedt, ek yndie in literêr produkt is dat de muoite wurdich is om publisearre te wurden.

Fersterking fan en stipe oan útjouwers komme yn it advys fan Dingtiid inkeld op it aljemint wat burokratyske ûnhandichheden by it oanfreegjen fan subsydzje oanbelanget. Allyksa komme de mooglikheden en de akute winsklikheid net oan ’e oarder fan it folle fierder útbouwen fan subsydzjes oan besteande en nije literêre media (tydskriften, kranten, Omrop, blogs, vlogs, ensafh.). It omtinken giet eksklusyf nei in fia oerheidsjild oanstjoerde skyl fan ynstituten en stichtingen, dy’t harsels foar de provinsje oer finansjeel ferantwurdzje moatte.

Noch in mooglikheid foar subsydzjebelied dy’t net boppe tafel komt, leit yn it ûnderwiis. Wat faker bern yn ’e kunde komme mei it sprutsen en skreaune Frysk, wat grutter de kâns op Fryske skriuwers. Dy wierheid as in ko, om ris in regionaal gongber sechje te brûken, liedt lykwols net ta oerwagings of oanbefellingen oangeande it literatuerbelied fan de provinsje.

It resultaat is dus in dokumint dat him rjochtet op de fierdere útbou fan in al besteande literêre help- en stjoeryndustry, mei de provinsje yn in ûnwierskynlike trijedûbelrol as bankier, ideolooch en CEO. It is net hielendal ûnlogysk dat it Dingtiid-advys sa útpakt: behalve mei in hiele trits ynstellingen en klupkes is inkeld mar praat mei 4 útjouwers, 3 oersetters en 2 literatuerwittenskippers. Net ien kaam op it bjusterbaarlike idee om mei skriuwers te praten. Skriuwers, de iennichste produsinten yn de hiele wrâld fan Fryske literatuer.

It advys neamt skriuwers trouwens ‘makkers’, sûnder út te lizzen wêryn’t in makker krekt ferskilt fan in skriuwer, en ek yn it midden littend oft dat ferskil ek wat útmakket foar wat ûnder ‘literatuer’ ferstien wurde moat. ‘Makkers’, ik moat my al nuver fersinne of dat is in hip wurd foar… copywriters?

.

.