vrijdag 1 mei 2026

ELLA! tsjin de ferpressing

 


Der is wer in nij ‘skriuwerskollektyf’, it lykje ferdoarje de sechstiger jierren wol. Njonken ‘Rixt’ (neamd nei de skriuwersnamme fan Hendrika Akke van Dorssen, 1887-1979) is der no ek ‘ELLA!’ (neamd nei in skriuwersfoarnamme fan Lipkje Post-Beuckens, 1908-1983).

Wat de nammen fan dizze kollektiven oanbelanget: de evolúsje fan ûnderkast nei boppekast-mei-útropteken falt op, lykas it feit dat it beide kearen giet om in ideologysk ferpakte ferwizing nei in skriuwer dy’t op kulturele en/of biologyske grûnen yn ’e regel, yn ’e folkstaal, bûten de kolleezjesealen, yn alle gefallen yn it kafee, in frou neamd wurdt.

‘It is hjoed-de-dei noch hieltyd (en miskien wol hieltyd mear) nedich om de ûngelikens tusken genders aktyf te bestriden – yn de maatskippij yn it algemien en, wat ús oangiet, yn de literatuer yn it bysûnder’, sa leit City of Literature-meiwurker Tryntsje van der Steege de besteansreden fan ELLA! út. Dat docht se yn de nijste nijsbrief fan City of Literature. In nijsbrief wêryn’t se dalik ek mar takomstige nije leden fan ELLA! wolkom hjit en lêzers oantrúnt om reaksjes te stjoeren nei har City of Literature-emailadres. 

‘It doel fan ELLA! is dan ek om Frysk(e) skriuwende frouwen en harren literêre wurk sichtber(der) en tagonklik(er) te meitsjen’, skriuwt Van der Steege. Ik kin it net helpe, mar dat is net in hiel tagonklik formulearre meidieling, hoe soe dat komme? Skriuw gewoan: ús doel is om skriuwende froulju foarút te helpen, oft se no yn it Frysk of it Spaansk skriuwe, dat makket net út, as se mar in adres binnen de provinsjegrinzen hawwe. En by the way, bonus: ‘ella’ betsjut yn it Spaans ‘sy’.

In ynspiraasjeboarne, skriuwt Van der Steege, is it Nederlânske skriuwerskollektyf Fixdit (‘fix het seksisme in de literatuur’). Fixdit (website fixdit.nu) ‘streeft naar meer diversiteit in de canon en de literaire wereld. Door o.a. acties, essays, open brieven en gesprekken wil Fixdit het bewustzijn over genderongelijkheid in de letteren vergroten en de canon uitbreiden met werk van belangrijke vrouwelijke auteurs.’ Op de webside wurde suver alle dagen ferjitten froulike skriuwers ûntdutsen, opnij ûntdutsen, of wurdt har einlings rjocht dien, de list is te lang om hjir nammen te fermelden. En dy soene jo ommers dochs neat sizze.

Undúdlik bliuwt yntusken wêrom’t it omtinken net útgiet (ek) nei manlike of genderneutrale skriuwers (m/f/xyz) dy’t einlings rjocht dien wurde moat. Is literatuer net belangriker as gender? Foar in ‘skriuwerskollektyf’?

No bin ik fansels in grut foarstanner fan alle inisjativen dy’t mear en bettere Frysktalige skriuwerij opsmite kinne. Ut dat eachweid wei moat men bliid wêze mei suver elk skriuwerskollektyf dat dizze of jinge befolkingsgroep besiket oan te trunen en doch mei. Mar ik fernuverje my no dochs wol in bytsje oer de achteleazens wêrmei’t Van der Steege it hat oer it bestriden fan de ‘ûngelikens tusken genders’, en it gemak wêrmei’t ek Fixditters prate fan ‘genderongelijkheid in de letteren’.

Haw ik in trein mist? Grif wol, mar skyn my dan efkes by. Docht it betsjuttingsferskil tusken ‘ûngelikens’ en ‘ûngelykweardigens’ langer net ta de saak, yn it bysûnder net yn de taalspullen yn literêr-feministyske rûnten? Dat soe yn myn eagen net bêst wêze. Dan ha wy faaks te krijen mei in groepke fantasten dat yn elk foarbyld fan ûngelikens in skrinende misstân en in rop om help heart. In groepke dat sadwaande wolris nei sensuer gripe kinne soe, en dat ek maklik fan literêr clangedrach beskuldige wurde kinne soe.

Dat soe spitich wêze, om tal fan redenen, bygelyks om’t in genderbewuste beneiering fan literatuer absolút foardielen hat. Ek it Fryske literêre ferline lit sjen dat froulike skriuwers fier yn ’e minderheid wiene en dat harren wurk faak minder wurdearre is as dat fan manlike skriuwers. Dêr is yn ’e rin fan ’e foarige iuw en yn ús eigen tiid lykwols wol deechlik wat yn feroare. 

Skriuwers as Simke Kloosterman, Rixt, Ypk fan der Fear, Tiny Mulder, Aggie van der Meer, Jetske Bilker, Albertina Soepboer, Elske Schotanus, Elske Kampen, de list kin maklik langer makke wurde – stik foar stik wiene of binne it literêre swierwichten. Ek jongere froulju warre har tige yn de tydskriften en op 'e poadia de lêste tiid. Oaren litte it by ien boek of bondel, of stoarte har op berne- en jeugdliteratuer.

De fraach dy’t ELLA! oan ’e oarder stelle moat, nei myn betinken, is wêr’t de ûngelykweardichheid dy’t bestriding fertsjinnet no krekt weikomt. En dan tsjut ik net op de misstannen út it ferline, mar op dy fan hjoed-de-dei. No’t bestriding ‘miskien wol hieltyd mear’ noadich is, sa't City of Literature meldt. 

Mear as oait? Is it probleem dan de meast manlike sjuerys? Nee, want literêre sjuerys binne just gauris yn mearderheid froulik. Miskien hat it te krijen mei meast manlike útjouwers? Of meast manlike subsydzjejouwers? Of mei froulju dy’t yn it útoefenjen fan har tradisjonele sosjale rollen gjin plak fine kinne/wolle foar skriuwerij? Mar wol in boel lêze?

Ik ha de antwurden werklik net. Mar isolearre ‘cultural politics’ yn ’e literatuer meitsje my earder kjel as optein. Ungelykweardigens tusken minsken, en dus ek tusken skriuwers, en dus ek yn in literatuer, in kultuer, in maatskippij, nimt ommers folle mear en faak ek noch folle skrinender foarmen oan as konsintraasje op inkeld gender dúdlik meitsje kin. 

Ferskillen tusken nasjonaliteiten, talen, autochtoanen en allochtoanen, ferskillen yn wolfeart, yn oplieding, yn opfieding, binne al dy ferskillen net op syn minst like belangryk yn it discours oer literatuer en kultuerpartisipaasje as genderkwestjes? 

Ik tink dat Brusselsk kultuerbelied gjin inkeld belang hat by werklik maatskippijkrityske Fryske literatuer. Froulju, dát smyt subsydzje op. Eins is it te réaksjonêr foar wurden.
.