Geert Mak hat by de iepening fan in eksposysje oer it wurk fan arsjitekt Rein Hofstra yn museum It Tsiispakhûs yn Wommels in taspraak hâlden oer de omgong yn Fryslân mei it lânskip. Het Friesch Dagblad hat hjoed syn tekst yn ’e krante: ‘Het Friese landschap interesseert ons geen bal’.
Dat is in stelling dy’t wolkom is, no’t it yntellektueel Fryslân noch neisûzet fan Goffe Jensma syn breed omearme bewearing fan twa jier lyn, dat Friezen sa ferskriklik fêsthâlde oan harren emosjoneel en romantysk belibbe ferline. Dalik is it polemyske elemint dúdlik. Friezen koesterje harren identiteitsbepalende skatten (taal, literatuer, lânskip, skiednis, mienskip) hielendal net, neffens Geert Mak. Hoesa fêsthâlde oan? ‘Het Friese landschap interesseert ons geen bal.’
Ik leau dat Jensma benammen nei de wurden sjoen hat, en Mak sjocht, en skrikt fan, de dieden. Hy sinjalearret it ferskil tusken sizzen en dwaan:
“Commentatoren en politici zie je over elkaar heen buitelen als het gaat om hun bereidheid om voor dit karakteristieke landschap in de bres te springen. Het landschap zelf spreekt echter een heel andere taal. Wie het Friese landschap van 2013 leest, met z’n witte schimmeldorpen, met z’n vaak veel te grote en nutteloze industriegebieden, met z’n megaschuren die in het voorjaar als paardenbloemen de grond uit vliegen – maar eeuwig blijven staan – met zijn monumentale boerderijen die onder de sloophamer verdwijnen zonder dat er een haan naar kraait, wie dat allemaal werkelijk tot zich door laat dringen leest maar één boodschap: het interesseert ons, uiteindelijk, geen bal.”
Wurden, seit Mak, binne der út ’e folop. Goede, ferdigenjende, bewarje wollende wurden foar it lânskip. Mar kriich en striid foar dat lânskip, ho mar. “Gestreden om dit soort kwesties – in andere landen dagelijkse kost – wordt er slechts zelden, met uitzondering van de Centrale As.”
Dat is yndie in nijsgjirrich ferskil, dat mei de glêzen stolp-teory fan Jensma net ferklearre wurdt. Wat dat oanbelanget liket it as is it kompleks fan begripen dat yn ferbân mei it wurd ‘Frysk’ brocht wurdt, foar de Friezen in stik minder belangryk as út statyske modellen bliken docht. Mei de driuw om it lânskip te konservearjen, falt it yn alle gefallen in slach ta.
Dêr soest by opmerke kinne: mei it respekt foar de eigen taal ek. Der is wol in beskate grutskens op dat Frysk, dy’t mei it gefolch is fan in minderweardichheidskompleks foar it Nederlânsk oer. Dêr sitte wy taalhistoarysk mei opskipe, it uteret him op syn slimst yn de ûnderwiis- en ûnderwizersideology fan de Fryske Akademy en de Afûk. De syktocht nei in ‘standert’ foar de taal, standertwurdlisten, in ienfâldiger grammatika, simpeler staveringsrigels, logyske wurdbylden. En dat alles ferplichtsje wolle yn it skreaune Frysk fan it iepenbier bestjoer.
It is in ûndernimmen dat him klaait mei de mantel fan de foarútgong, om te ferbergjen wat it werklik is: it massaal ferbaljen fan libbene taal.
Troch de frijheid fan de skriuwer, dy’t fêstlein is yn de taalpraktyk fan hjoed en juster, moat en sil de streek fan it skoalkrytsje. In taal dy’t himsels sensurearret – dan duorret it net lang mear en der falt neat mear te sensurearjen.
Wer nei Geert Mak: de oerienkomsten fan de talige mei de lânskiplike sitewaasje meie dúdlik wêze. De offisjele status is heech, in protte bla bla, mar de praktyk is om te gûlen. By oare ‘identiteitsfoarmers’, bygelyks de literatuer, stiet de flagge der net wêzentlik oars foar.
Dy stolp wurket foar gjin meter, blykber. Dêr meist út konkludearje, dat der miskien wol in alternatyf byld noadich is as yngong nei diskusjes oer identiteit. Dy fine, foar safier’t se der binne, plak op de brekflakken tusken moai en nuttich, hillichheid en bysaak, middel en doel. Lykwols, de winner yn Fryslân is gauris de wetterpas.
.
Ik haw krekt in 4 wiken troch Fryslân/Nl riden - it wie al wer in jier lyn - en my is net opfallen dat der sa'n soad yn dat jier feroare is oangeande it lânskip. Yn dit ferbân is tink ik it oantaasten fan de taal in pear graden slimmer. Wêr is Mak yn dit ferbân?
BeantwoordenVerwijderenItselde jildt foar Jensma syn stolp, ek dy haw ik nea sjoen (dy stolp èn Jensma), en wis net yn leaud. As ik NL/FRl fergelykje mei Frankryk en Spanje dan ferrint dêre it 'oantaasten' fan it lânskip op deselde wize - foarutgong kin net tsjinhâlden wurde, en lju wolle faaks earst ite en oerlibje en dan omtinken jaan oan de skjintme fan libben en lânskip.
Ien elemint wurdt net oantaast yn Frankryk en Spanje, en dat is de memmetaal fan de Basken. Oer sokke saken soe ik èn Mak èn Jensma graach hearre.
De Akadeemje lit it op heel wat saken sitte. In stavering is net hillich, mar as jo in taal ferfrjemdzje fan de sprekkers begripe jo net wat in taal is. Se ha dêre op de FA de skriuwers en de literatuer al ôfskaft, no de taal sels ek mar tink. Wa't syn taal fersmyt fersmyt himsels.
Mar dat is krekt it doel fan in protte inisjativen op it mêd fan lânskipssoarch; sjen litte dat it iten en oerlibjen fan minsken yn bettere harmony kin mei al it oare dat bestiet. De plannemakkers begjinne no noch mei it sizzen: "Do wolst dat der neat feroaret." Mar aansen sille se begjinne moatte mei: "Alle oare mooglikheden ha we serieus nei sjoen, it kin net oars, sorry."
BeantwoordenVerwijderen