zondag 28 april 2013
Robert Duncan, ruraal fantast
Robert Duncan, kening fan de greide. Aartskonservatyf ferhearliker fan pleatske-beamke-húshâldinkje yn harmonieuze kitsjbylden. Berne yn Utah, simmers gauris op de ranch fan pake en beppe. Frou Linda en Robert ha seis bern, wenje yn Midway, Utah. It hat ek wol wer wat, wat ‘griens’, sa’t er oer syn skilderjen praat:
“I grew up in the suburbs, but every chance I got, I would sneak out to nearby fields to watch the birds or play in the creek, and the summers I spent on my granddad’s ranch really taught me how much we all need Nature in our lives. But change is all around us. The family farm is disappearing at an alarming rate. Development and sprawl cover fertile fields by the minute. I want my grandchildren to be able to walk through a field and hear a meadowlark call. We don’t all have to live on a farm, but to pass by and see the cows grazing or just to know that there are wild places being kept wild makes our lives better. In a way, my paintings are a call to think about the things that have touched our lives and hope that we might all be willing to do our part to save these things for future generations.”
De tsjinstelling stêd (suburbs) en it plattelân (Nature). De sosjologyske blik: de famyljepleats ferdwynt skrikwekkend gau. Tsjinsinnichheid yn ‘development’ en ‘sprawl’. Gefoel foar generaasjes. Foar fûgels, kij, foar “wild places kept wild”. Tink nei, sizze de skilderijen, rêd de “things that have touched our lives”. Dêrmei wurdt it wurk in oprop oan elk dy’t wat fan syn eigen ferline weromsjocht yn de ôfbyldingen: werkenne jim dit, bewarje it dan.
It wurk is in opfallende gearmjoks, it hat wat yn him fan de skoalplaten fan Jetses, kleurplaten út berneboeken, mei de trean fan it sigeunerfamke. Mar ek sit der yn guon skilderijen eat fan ferfrjemding, fan Hopper miskien wol, mar dan fan in rurale Hopper. Duncan kin him lykwols net bedimje, hy falt hieltyd oer de râne, fan keunst yn kitsj. Dat komt om't er 'bewarjen' net oars sjen ken as 'konservearjen'. Mar, it moat sein, bytiden falt er wol moai.
.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
www.robertduncanstudios.com
BeantwoordenVerwijderenThe official website of Robert Duncan Studios and the art of Robert Duncan. Our online catalog features all of Robert's currently available images.