maandag 22 april 2013

Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer

Wat wol in gedicht wêze? Want it kin fan alles wêze. Ik jou in stikmannich mooglikheden. It wol wêze in bekentenis. In kleisang. In betinking. In bewearing. In ûntregeling. In manifest. In ûndersyk. In stik muzyk. In wiisheid. It wol in oantinken bewarje. In anekdoate fertelle. In kommentaar op dit of dat jaan. Tiid opheffe. Besykje te sizzen wat net sein wurde kin. Besykje te sizzen dat it fol is fan dat wat net sein wurde kin. Of gewoan: moai fan taal wêze. Of in opfallende, miskien wol fernimstige foarm hawwe. Koartsein, mei fersen kinst net alle, mar al in protte kanten út.

Wat in dichter fan poëzij wol, sis mar de ûnderlizzende opdracht dy’t er syn skriuwhân meijout, neame wy syn ‘poëtika’. Dat is koart troch de bocht it gehiel fan syn opfettingen oer wat neffens him nijsgjirrige poëzij of literatuer is. Elke dichter hat sokke opfettingen, en neigeraden de dichter him dêr better fan bewust is, sil syn poëtika nijsgjirriger wêze. Nijsgjirriger, om’t der dan wierskynlik oer neitocht is. Al binne der fansels ek guon dy’t prachtige fersen skriuwe sûnder miskien oait in tel stilstien te hawwen by harren poëtika. Mar dat binne der nei alle gedachten net hiel folle. Lykwols: ek as de dichter yn kwestje der net oer neitocht hat, dan noch wurdt syn poëtika dúdlik út itjinge er skriuwt. Syn tekst ferriedt it oan de lêzer, oft de dichter dat no aardich fynt of net.

It is yn dy trijehoeksferhâlding fan dichter, tekst en lêzer dêr’t it spanningsfjild fan de poëzij him fertale lit yn diskusjes oer gedichten en (ûnderlizzende) poëtika(‘s). Yn dat fjild is in gedicht op it foarste plak in tekst, dy’t der rjocht op hat om as sadanich opfette te wurden. Lykwols is in tekst ek in produkt fan produsinten: op it foarste plak fan de dichter, dy’t it fers skreaun hat, mar ek fan de lêzer, dy’t it fers lêst en ynterpretearret, stjoerd troch syn eigen referinsjekader, ûnderfining, skiednis, hang-ups, frustraasjes, beheiningen en kapasiteiten. Lêzers hawwe gauris ek eigen ideeën oer poëzij: wat nijsgjirrich is, wat harren rekket en wêrom. As by it lêzen fan in gedicht blykt dat de poëtika’s fan dichter en lêzer net geweldich op inoar oanslute, dan sil de lêzer muoite hawwe om it fers te wurdearjen en miskien ek wol om it te ‘ferstean’ en te ‘begripen’.

Resinsinten fan poëzij (fan literatuer) kenne it probleem. In resinsint is ek in lêzer, mar dan ien dy’t ferslach docht fan syn lêsûnderfiningen op of yn in medium. Sadat oare lêzers kennis nimme kinne fan syn wize fan lêzen, en harren wurdearring of gebrek oan wurdearring foar in tekst dêroan spegelje kinne. Dat betsjut foar de resinsint twa dingen. Op it foarste plak hat er de opdracht om fan syn lêsaventoer op in kommunikative wize ferslach te dwaan. Op it twadde plak heart er syn eigen poëtika dêrby te beneamen, benammen as bliken docht dat er it te besprekken wurk op belangrike punten net wurdearje kin. Hy wit ommers – en de goede lêzer wit dat ek – dat in tekst foar elke lêzer wer wat oars is; hy sil dus soargje dat der yn syn lêsferslach genôch romte sit om oan dat feit rjocht te dwaan.

In resinsint hat dus net in maklike taak yn syn idealiter trijefâldige rol as ferkenner fan de tekst, kenner fan de dichter syn wurk en stiper fan de lêzer. Resinsjes kinne sadwaande wolris soargje foar ‘opskuor’ yn de literêre wrâld. It kin barre dat in dichter in resinsint ta ‘fijân’ ferklearret, om’t er him net serieus nommen fielt. Dichters en resinsinten dy’t rûchwei deselde poëtika’s diele, kinne oansjoen wurde foar ‘freontsjes’. Ensafierderhinne. Resinte foarbylden fan konflikten dy’t troch resinsjes feroarsake wurde kinne, binne it besprek troch Cornelis van der Wal fan de bondel Tin (2011) fan Arjan Hut en it besprek troch mysels fan de bondel Kristus Pavlov (2011) fan, ja, Cornelis van der Wal.

In dichter kin him mar it bêste nergens wat fan oanlûke. Hy hoecht him allinnich mar ôf te freegjen oft er by it skriuwen earlik west hat foar syn eigen poëtika oer. En itselde jild foar de resinsint, mei dit ferskil dat dizze letterslaaf ek noch in kommunikative en argumintearjende plicht hat.

*

Sjoch ek:
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee

Geen opmerkingen:

Een reactie posten