Hjoed wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad yn de ‘ongoing’ searje oer de promoasje en en ferkeap fan it Fryske boek:
“Hylke Speerstra hat wol gelyk, as er op syn weblog (www.hylkespeerstra.nl) skriuwt dat de lanlike Boekewike (16-24 maart) spitigernôch oan de Fryske boekewrâld foarbygien is. Mar it is te maklik om dat baltsje allinnich by Tresoar en ‘de Ljouwerter ynstituten’ del te lizzen. Dy kinne op ’t lêst ek gjin izer mei hannen brekke.
Wat noadich is, is bewustwurding by, en yngripen troch, de Provinsje dy’t it foartou nimme kin om te soargjen dat goede foarnimmens ek omset wurde kinne yn dieden. Soargje foar rommere finânsjele mooglikheden by Tresoar om oan boekpromoasje te dwaan, is ien. Twa is: better yn de Stichting Boeken fan Fryslân dûke en sawol easkje as fasilitearje dat dêr in koördinator oansteld wurdt, sa’t yn it begjin (2010) ek de bedoeling wie. Miskien kin 2013 dan wol it jier fan de ommekear wurde.”
Geen opmerkingen:
Een reactie posten