donderdag 4 april 2013

Fjouwer kandidaten foar bestjoer Skriuwersboun

Sneon hâldt It Skriuwersboun syn jierlikse ledegearkomste yn Kafee Wouters yn Ljouwert, begjint 15.00 oere. Wat de bestjoersferkiezing oanbelanget, binne der fjouwer kandidaten foar trije bestjoersposten. Foarsitter Koos Tiemersma treedt ôf, lykas Sjieuwe Borger en Bennie Huisman. De hearen Anne Tjerk Popkema, Symen Schoustra, Hein Jaap Hilarides en Cornelis van der Wal binne kandidaat. De earste trije binne frege troch it bestjoer, de lêste hat himsels kandidaat steld. Oan jo de kar!


Hein Jaap Hilarides

Cornelis van der Wal

Symen Schoustra

Anne Tjerk Popkema

2 opmerkingen:

  1. Knilles en Abe mei syn beiden yn it bestoer? Liket my wol 'verfrissend'. Dan bart der ris wat oars! Jow dy op as kandidaat , Abe!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Nee, Jan. Oars as de fjouwer hjir neamde kandidaten bin ik net taktysk en diplomatyk genôch, noch ha ik it geduld om as bestjoerslid goed funksjonearje te kinnen. Gelokkich is dat mei dizze kandidaten wol oars!

    BeantwoordenVerwijderen