woensdag 17 april 2013

Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'

Guon minsken fine it lêzen fan gedichten dreech. Dat is it ek. Ik wit net oft ik sokke lêzers hjirmei help, mar it liket my by wize fan eksperimint wolris aardich en jou in annotaasje by ien fan myn eigen fersen: ‘Omkearing fan fabels’.

Dy’t no earst it wurd ‘annotaasje’ opsykje moat, kin dit stikje fierder wol oerslaan.

Ik jou hjir en dêr útlis oer wurden en rigels, wat net sizze wol dat dy útlis perfoarst altyd noadich is om it gedicht te ‘begripen’. Wol is it miskien sa, dat guon opmerkingen bydrage kinne oan in better begryp fan it gedicht cq. fan it fenomeen poëzij. Hoopje ik.

Fersen besteane út 'betsjutters': taaleleminten dy't in betsjutting krije yn it gedicht en dy't harren betsjutting ûntliene oan ferskate boarnen. Oan de taal sels, bygelyks (rym). Oan de werklikheid (beskriuwing). Oan de tiid (skiednis). Of oan keunst en mear spesifyk, literatuer (eardere taal). Hjirûnder sil ik gauris in 'betsjutter' oantsjutte dy't syn betsjuttende funksje ûntlient oan dy lêste kategory. 

‘Omkearing fan fabels’ is net in dreech tagonklik fers. It jout fjouwer lokaasjes om Ljouwert hinne, dy’t korrespondearje mei de fjouwer wynstreken. It fers is in kommentaar op ûntjouwingen oan de stedsrâne, sjoen troch de eagen fan de ‘underdog’: it plattelân, de doarpen, it grien, de bisten. It keart fabels om, sa’t de titel seit: de fabel fan de foarútgong, dy’t út it in oar eachweid wei deagewoan ferneatiging is, en de fabel fan Reynaert de Foks, dy’t hjir net troch minsken oardiele wurdt, mar hy oardielet minsken.

It motto by de syklus komt fan David Byrne (út ‘Heaven’ fan de Talking Heads) en antisipearret op de krityk dy’t lânskipsleafhawwers faak krije as se protestearje tsjin fernielings: "Do wolst dat alles itselde bliuwt."

By ‘Elkmansdyk, Ritsumasyl’:

Rigel 1: ‘Dit binn’ de dagen fan de omlizzende doarpen net,’
‘Dit binn’ de dagen’, dat docht tinken oan ‘Those were the days’, in bekend leafdeslied oer in ferlerne Gouden Tiid. Tsjintwurdich is it gjin gouden tiid foar doarpen tichtby in stêd. In wjerlûd komt werom yn it lêste fers fan de syklus, aansen mear dêroer.
Rigel 15: ‘(..) sânstoarm by El-Alamein’
Woastynplak yn Noard-Afrika, toaniel fan in tankslach yn de Twadde Wrâldoarloch.
Rigel 20: ‘(..) dûnset de dea syn rol fan swaan’.
Ja, swan, yn it Frysk, mar dat sis ik net. Ferwiist nei de stjerrende swaan yn it ballet Swanemar (1876) fan Tsjaikovsky, wêryn’t Odile (hjir: it plattelân) harsels opofferet foar Siegfried (hjir: de stêd). Ek is ‘De stjerrende swaan’ (1907) in balletsolo troch Michel Fokine skreaun op de sello-solo út ‘Carnival des Animaux’ (1886) fan Saint-Saëns.
Rigel 22: ‘(..) achter in read rút’.
Nijbou assosjearre mei prostitúsje.
Rigel 27/28: '(..) omlizzende doarpen'
'Omlizzende' doarpen hat yn it Frysk twa betsjuttingen: doarpen dy't earne omhinne lizze, of dy't om-lizzen gongen binne (har deljûn hawwe by).
Lêste rigel: ‘(..) dêr’t bannen brekke.’
‘Bannen’ kin hjir opfette wurde as rupsbannen (fan kranen, of tanks), knibbel- of inkelbannen (fan de dichter, de beuker en/of de ferhaaltsjebakker) en as de bannen tusken stêd en plattelân, of tusken in doarp en syn bûtengebieten.

By ‘Fagebuorren, Techum’:

Rigel 3: ‘(..) nije poarte (..)’
Yn de earste rigels wurdt de útwreidzjende stêd ferlike mei in midsieusk fort, dat út syn jaske groeit en de poarte ferlizze moat.
Rigel 7: ‘(..) de boargermasters foar in jier’.
Net ‘boargemasters’ mar ‘boargermasters’, om oan te jaan dat it hjir giet om in oantsjutting fan politike kopstikken dy’t de boargerij liede. It binne deselden as de ‘grize boumasters’ út rigel 1. Mei de taheakking ‘foar in jier’ wurdt oanjûn dat de gefolgen fan harren besluten folle langer bliuwe as harren sit yn it bestjoer duorret.
Titel en lêste rigel: ‘Fagebuorren’
Docht, nei de eardere ‘helske tariedsels’ yn rigel 14, tinken oan ‘fagefjoer’: it tuskengebiet tusken himel en hel. Tagelyk ropt it it wurd ‘faach’ op: yn negative sin net dúdlik.

By ‘Heechspanning, Lytse Geast’:

Rigels 4-6
Ferwiist nei feeskilder Paulus Potter (1625-1654), dy’t foar Amalia van Solms, de frou fan stêdhâlder Frederik Hendrik, in skilderij makke fan in pisjende ko. Dat foel net yn de smaak by frou Van Solms.
Rigel 12
As Potter dan gjin pisjende ko skilderje mei, wol er graach de ‘beplestikke sinnespegeltsjes’ oanpakke: de moderne, yn swart of wyt plestik ynpakte balen hea. Mar de foarútgong stiet him dat ék net ta, want boeren kieze foar ekonomy boppe lânskip. Hy stjert as him in golfbal tsjin de kop slacht.
Rigel 15: ‘Golf (..) de rêding fan dyn grien.’
It golfterrein en de Griene Stjer eastlik fan Ljouwert foarmje in daam tsjin de stêd; sa besjoen is it golfterrein de rêding fan it griene Potterske plattelân. De ymplikaasje is dat de stêd ‘grien’ (merk de analogy op mei de greens fan in golfbaan) allinnich wurdearret foar safier’t der rekreaasje yn plakfine kin.

By ‘Kontrapunt, Rengerspaad’:

‘Kontrapunt’ is yn de muzykteory it hoarizontaal ferbân tusken twa of mear lykweardige stimmen, yn dit fers dy fan stêd en plattelân.
‘Eclogue 4’, stiet der ûnder de titel. In ‘eclogue’ is in pastoraal (plattelâns-)gedicht fan of yn neifolging fan de Romeinske dichter Vergilius (70 f.Kr.-19 f.Kr.).
Rigel 1: ‘Tsjerkeseiseach’
Segestria florentina, in giftige mediterrane spin, dy’t de lêste jierren ek yn Nederlân foarkomt.
Rigel 6
Sitaat út ‘Eclogue IV’ fan Vergilius, de ‘messianistyske’ eclogue dêr’t de berte fan in bern de komst fan in ‘Gouden Tiid’ oankundiget (sjoch ek de opmerking by it fers ‘Elkmansdyk, Ritsumasyl’). Vergilius skreau syn eclogue as earbewiis oan konsul (in machtige bestjoerder) Gaius Asinius Pollio (75 f.Kr.-5 n.Kr.).
Rigels 11-12
De ‘omkearing fan fabels’ ferwiist nei it skilderij ‘Het leven van de jager’ (1650) fan Paulus Potter. Op ien fan de panelen fan it skilderij is de wrâld omkeard: de bisten berjochtsje minsken ynstee fan oarsom.
Rigel 14: ‘yn te wreidzjen (..)’
‘Ynwreiding’ is in wurd út de sosjale geografy: it tsjut op de útwreiding fan stêden binnen besteande bûtengrinzen, mei oare wurden, op in effisjinter brûken fan de romte, op it omkearde fan útwreiding.
Rigel 17: ‘(..) Mûzen fan ’e Ljouwerterbosk,’
Yn in bosk is it ferskil tusken muzen en mûzen in dakje op de -u. ‘Eclogue IV’ fan Vergilius begjint mei de oanhef: ‘Muses of Sicily’.
Rigel 19-20
Oars as - en yn omkearing fan - de eclogue fan Vergilius is dizze – en myn hiele syklus – net skreaun as earbewiis oan in Konsul, mar as protest tsjin  dy syn plannen, as warskôging, as kontra-punt.

*

Sjoch ek:
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe

Geen opmerkingen:

Een reactie posten