'Ik twifelje nammers op sokke mominten’, skriuwt besprekker Jan Kooistra yn ensafh, ‘wolris oan myn ferstanlike fermogens wat it beoardieljen fan poëzij oanbelanget.’
Nuver miskien, mar ik twivelje
dêr ék oan. Oan myn eigen fermogens, mar yn ’t bysûnder oan dy fan Kooistra. Sjoch
út, sis dat net, want dan stean de SA-ûnderkneppels fan de redaksje – ik mis
nûmer 3 noch – klear om ús te konfrontearjen mei har ferskuorrend dom kommentaar.
Mei mooglik makke troch jo provinsje.
It is net dat ik ensafh
net it bêste winskje, it is dat ensafh sa faak it tsjinoerstelde sjen lit. It
blêd is in skipke sûnder stjoer, sûnder nivo, sûnder diskusje, en tsjinspraak
is hielendal fan ’e duvel. Dan stjoere se - by de reaksjes - fan dy tegelwippers op dy ôf, witst wol,
fan dy mislearre tekkels dy’t fantasearje dat se dobermanns binne.
‘At ik in dichtbondel
keapje, krij of besprekke wol’, skriuwt Kooistra, ‘dan gean ik faak as earste
op ’e siik nei gedichten dy’t ik echt moai fyn, dy’t my ‘wat dogge’, dy’t ik
pryslik fyn.’
Nee, dêr sit gjin ‘elitêr rookje’
oan, lykas oan myn ideeën oer poëzij. It rûkt wol nei de âlde kloanje fan
beppe dy’t út te winkeljen is by V&D. Foar in trochstreekse lêzer is dat winkeljen in akseptabele
stratezjy miskien, foar in besprekker fan poëzijbondels in deasûnde. ‘At ik dan
wat tsjinkom dat my oansprekt, dat my rekket, dan ûntstiet der sokssawat as
werkenning.’
Nei sa’n hearlik naïve begjinselferklearring ûntstiet by my sokssawat as jûkte, dêrom dit stikje.
Kooistra hat nammentlik myn lêste bondel útkeazen om oan de hân dêrfan ús syn
persoanlike ‘ideeën oer poëzij’ te ferdútsen. In bêst fers is neffens him ‘to the point’, ‘gjin wurd tefolle’, ‘hiel strak mar tagelyk ek hiel
ienfâldich komponearre’, ‘hast gjin eigenskipswurden’, ‘hast gjin byldspraak’
en ‘hiel sober, ienfâldich taalgebrûk’. Kwaliteiten dy’t it telefoanboek ek hat.
Al blêdzjend troch myn
fersen, krige de besprekker ‘net krekt foar it ferstân (..) wat de dichter my no
fertelle woe of wêr’t er hinne woe’. By it iene fers wit de besprekker net ‘hoe’t
it no krekt sit of hokker gedachte hjir achter sit’, it binne ‘net
fuortendaliks dúdlike rigels en wurdgroepen’. By in oar fers hat er it oer ‘al
dy net te pleatsen begripen, dy bytiden ûngrammatikale, nuvere rigels’. En by
wer in oar fers hat er wol yn ’t snotsje dat it ‘earne oer giet (..) mar ik kin
de finger der net earlik oplizze’.
Al dat fertoan fan eigen
ûnfermogen om in dichtbondel te lêzen, sûnder ek mar ien foarbyld te jaan fan al it bewearde ûnbegrypliks, liedt ta dizze konklúzje: ‘De lêzer [Kooistra mient dat er dêr model foar stean kin] wurdt
oerfallen troch in ferskaat oan net te pleatsen bylden en begripen en rekket it
spoar bjuster.’ Dat is fansels net de bedoeling fan Fryske poëzij, dy moat it
folk just op it goede spoar sette, sa’t wy begripe moatte.
En om dat goede spoar noch fierder te promoatsjen, falt de redaksje fan ensafh by it lytste bytsje
tsjinwyn werom op syn niisneamde SA-ûnderkneppels. Selsbeneamde eksperimintelen dy't, fertize yn 'e tiid, de behyplik beheinde private lêsstratezjy fan har skribint graach opbetterje mei skellerij op ‘entartete
Kunst’ of dito dichters. Mei mooglik makke troch jo provinsje, noch mar in
kear.
Mar ik bin de beroerdste ek net, ik sil in pear tips jaan
foar it oare, wol neitinkende part fan de ensafh-redaksje. Ien. Mik Boersma, Feddema,
De Groot en Van der Wal derút. De earste om’t er gjin lieding jout, de oaren om’t
se werklik gjin idee ha oer literatuer en hoe’t se har as redakteur fan in literêr tydskrift hâlde en drage moatte.
Twa. Kies besprekkers dy’t
ek oare besprekken fan it te besprekken boek lêze, as dy der binne, foar’t se sels oan it oardieljen
slaan – gemaksuchtige Kooistra ‘koe se net fine’.
Trije. Kies besprekkers
dy’t net dalik begjinne oer har eigen net hiel weardefolle ideeën oer
literatuer, mar dy’t earst mar ris it foarlizzende dichtwurk-yn-boekfoarm dat
besprutsen wurde moat yn kaart bringe.
Fjouwer. Kies besprekkers
dy’t wat meardiminsjonaler oer poëtyske taal neitinke kinne. Sokke taal hat nammentlik
net inkeld in ‘point’, mar dêrneist ek in meldij, in ritme, in plastyk, in
tradysje, tûzen konteksten. Nim besprekkers dy’t dêr ek wat oer te sizzen hawwe,
foar’t se alle romte jouwe oan har eigen ûnbegryp cq. ûnferstân.
Fiif. Kies besprekkers dy’t gedichten yn in bondel ek pleatse kinne tusken oare gedichten yn
deselde bondel. Ik wit wol, omtinken toane foar struktuer en gearhing, dat is lestich foar lju dy’t inkeld mar sykje nei losse fersen dy’t har ‘wat dogge’. Mar je hóege fansels net te besprekken. Je kinne
ek gewoan wat yn ’e tún sitte en de frou kliere.
