Wat is in klisjee? “Een cliché is een veelgebruikte en daardoor afgesleten uitdrukking, zegswijze, beeldspraak of vergelijking. Een ander woord ervoor is ook wel: gemeenplaats,” lês ik op de site Taaladvies (http://taalunieversum.org) fan de Nederlandse Taalunie. Yn it Frysk sil de betsjutting net oars wêze.
Alsa stiet it klisjee yn in kweade rook, om mar ris in klisjee te brûken. It is in útdrukking (of byld, of wurd) dy’t tefolle brûkt wurdt en dêrom mijd wurde moatte soe.
Is dat lêste altyd wier? Ik tocht fan net. In tekst dy’t allinnich mar gebrûk makket fan ‘orizjinele’ eleminten is – ast dy eask konsekwint trochlûke soest – net mear lêsber foar de measte minsken. Klisjees kinne krekt mei opset sin brûkt wurde om yn in fierder ‘originele’ taalomjouwing de lêzer hjir en dêr hâldfêst te bieden. Boppedat binne klisjees net om ‘e nocht klisjees: se wurde sa neamd om’t se guon saken blykber nochal kearnachtich útdrukke op in wize dy’t foar in grut tal minsken werkenber is. Yn it ferlingde dêrfan binne guon klisjees ek te beskôgjen as ‘argetypes’: om- of beskriuwingen dy’t troch de ieuwen hinne djip yn de minsklike geast yndaald binne en dy’t dêrom sa út en troch wer oan it oerflak komme. (Noch in stapke fierder is elk wurd, as werkenber elemint fan taal, in klisjee.)
It is, mei oare wurden, saak en brûk de term hoeden yn diskusjes oer literatuer. Wurden en útdrukkingen dy’t yn gedichten brûkt wurde, kinne better beoardiele wurde op harren funksje en doelmjittigens as op in skoare op ien of oare imazjinêre klisjee-skaal.
Yn literatuer giet it derom, wat der mei it klisjee dien wurdt, wêr’t it ta tsjinnet yn de omjouwing, de tekst, dêr’t it yn oantroffen wurdt. Sa kinne klisjees brûkt wurde om lêzers tichterby in fierder orizjineel ferhaal te bringen. Of se kinne brûkt wurde om de ‘flow’ fan it lêzen te ûnderstypjen, as in soarte fan brêge om de lêzer oer de ôfstân tusken twa wat orizjinelere taaleleminten hinne te bringen, sadat er trochlêst. Se jouwe fierder ek kontakt mei in literêr ferline, dêr’t ymplisyt kommentaar op jûn wurde kin troch de skriuwer, dy’t mei dat doel mei opset sin wurden út it ferline (dy saneamde klisjees) brûke kin.
As in tekst, in gedicht, net boppe syn klisjees útstige kin, dan wurdt it saak en kom mei beswieren. Yn de formulearring fan beswieren tsjin klisjees is it handich – of eins, needsaaklik – om ûnder oare mei boppesteande kanttekeningen rekkening te hâlden. Sa net, dan wurdt sokke krityk gau séls in klisjee.
*
[NB.: Ik wol in rige koarte stikjes skriuwe oer it skriuwen - en sydlings ek oer it besprekken - fan poëzij. Dit is de earste ôflevering.]
Geen opmerkingen:
Een reactie posten