vrijdag 12 april 2013
Skriuw!
Sneon 25 maaie is der op de Fryske Skriuwdei gelegenheid om op in leechdrompelige wize yn kontakt te kommen mei it ferskynsel literêr skriuwe yn it Frysk ûnder lieding fan Jetske Bilker, Piter Boersma, Tsead Bruinja en mysels. Dielnimmers kinne kieze út twa deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzij, it oare oan proaza. Moarns wurdt in workshop jûn yn Tresoar (Ljouwert), nei de lunch wurkje de beide groepen op lokaasje. By moai waar is dat de Prinsetún, sit it waar net mei, dan gean de dielnimmers nei it Prinsessehôf.
Ik jou moarns in workshop dichtsjen yn Tresoar, dichter Tsead Bruinja de middeis op lokaasje:
10.30 – 12.15 workshop poëzij troch Abe de Vries
Dielnimmers krije in idee wat poëzij is: konsintrearre, ‘tichte’ tekst dy’t optimaal gebrûk makket fan de mooglikheden fan byld, lûd, ritme en betsjutting. Oan de hân fan foarbyldgedichten sil dat útlein wurde. Fantasy, en in iepen each en ear meinimme! Sjoch foar mear ynfo op de side fan It Skriuwersboun.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten