maandag 15 april 2013

Omkearing fan fabels

Heaven is a place where nothing ever happens.
David Byrne


Elkmansdyk, Ritsumasyl

Dit binn’ de dagen fan de omlizzende doarpen net,
roazich rotsjend op blabze, it weisakjend,
hast bouripe lân foarby it stoart. In bestean middenmank
oplûkende bloednoazen en bulldozers, citymakers,
bulldogs oan in toutsje. Hoefolle tiid nimt in drip
en rin, hjir achter it hynderkampke,
fan tille’s dauwiete lining ôf, en fal de sinne yn?
Oan de westike stedsrâne hat it winter west.
It kanaal is iisfrij ferklearre. Leechtes
folje har mei oare dagen. Noch in tel is oer
foar de rop fan de skries. In pear mear om stront
fan learzens te skraabjen. In oerke mar en jou it ear
oan it gers tusken soer krûd en broeiers.
Wat achter de kym weikomt, stoffich droanjend,
triljend as in sânstoarm by El-Alamein,
sil wol opsprekke oer syn útferkocht ballet
foar kranen. Dêryn dûnset, yn in wink,
op swart en flak, glêd en kantich
prachtich nij asfalt de dea syn rol fan swaan.
Likegau tutet optutte nijbou syn potinsjele
keapers ferriederlik ta achter in read rút.
Glês dat noch krekt, spegeljend wat foar him leit,
in glimp fangt fan de dichter mei syn sang,
de heit fan de beuker mei it alsjend each
of de amper bemantele ferhaaltsjebakker mei syn bijke.
Dagen dy’t farden troch it gers fan omlizzende
doarpen. Glês lit se in kill-zone yndrave,
yn greppels by in elkmansdyk, dêr’t bannen brekke.


Fagebuorren, Techum

De grize boumasters fan it fort, fan it trouwe slach
dat graach kaarten kleuret yn de Grutte Seal,
kieze it plak foar de nije poarte leafst
sa fier mooglik bûten de âlde. De stellingen
nei tûke rekkenerij mei oerlis groeven,
de stegers opboud, sa klauwe se yn,
skutte se ôf, de boargermasters foar in jier.
En de boargerij streamt út, de opskuorgebieten oer.
Ferballet âlde en sjongt eigen lieten,
komt mei falske kraai en sjerrifstjer,
ferkeapet fastfood, Graal en idelheden.
As earste yn ’e grûn it ynformaasjeboerd.
Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst
út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –
it dumpen fan science-fiction buizen
út in loftskip, de net te kearen krúspunttocht
fan stiennesmiters, it rezjimint dat koaltsjefjoer
oprekkelet ûnder oalje, dei yn dei út dizze
op en del reizgjende bliktsjetteldragonders –
sis ik: hoesa brûst er net oer muorren hinne,
en inkeld dat net, mar oer besteansgrinzen,
Techum, baarnend retrodoarp? Fort syn fagebuorren?


Heechspanning, Lytse Geast

Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,
net in snypsnaar om op lêzings
foar planologen mei te pronkjen.
Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko
op syn ûnfoardielichst, foar in Amalia
no yn Delftse kelder royaal bedobbe:
dit is by eintsjebeslút de Tytsjerksterfeart.
Doe soe er beplestikke sinnespegeltsjes oerskilderje
op in oranje jûn, yn in nei waarm útskaaiende
kleur grien, mei tûfkes goudstof foar de iik
(dy’t der net is) op ’e achtergrûn.
Tikke him krekt op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?
Net ien hie it dien, mar Potter krige klop, a hole in one,
fenomenaal chapeau, hielendal oer in lyts wiel hinne.
(Golf, myn bêste P., sei ik noch, is de rêding fan dyn grien.)
Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden
lûden syn twa lêste wurden net as “Aqua Zoo”
mar as “Lytse Geast”. Dat plak sil ik hinne.
Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.
Tsien minuten geans, te foet, fan hjir. Dan gean ik mar.


Kontrapunt, Rengerspaad

(Eclogue 4)

Gersmoanne. In kemping. Tsjerkeseiseach
krûpt noch net troch de tinten.
Bilgaard hâlde ho doe’t de gletsjer ophold fan skowen.
En poddestuollen, de reidspleetlip en elzeblaas-
skimmel, achthûndert soarten floara en fauna, seit de folder.
Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.”
Paden slingerbochtsje troch romtebeslach
dat logysk smakket. Tiid fan hannelsposten,
diggels fan potten, yngroeven en fergetten,
of oars mar de suggestje fan lânskipstún.
Mar tsjinwrâld. Kontrapunt. Omkearing
fan fabels: yn dit tafriel fan de jacht is it Reynaert
dy’t minsken hjit dimmen te wêzen,
yn te wreidzjen, sunich te sjen.
Oare kant it B-filmljocht yn de fytstunnel
wit ik beammen dy’t beton opkeare, al tinke de measten
oan in útlitplak foar de hûn. Mûzen fan ’e Ljouwerterbosk,
ferjou my as ik op kattesturten traapje,
gjin klimop mei doleânsjes plantsje, gjin geiten
fan molke opswold fok as earbewiis oan de Konsul.
Op it Rengerspaad komt de maityd dy’t alles nij makket
mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier,
mar dat is dus net it punt.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten