woensdag 10 april 2013

NS ferbiedt Frysk

Gauris nim ik de trein en foar fertrek of nei oankomst op it stasjon yn in grut Frysk plak mei ik graach efkes kofje en in sausijsebroadsje nimme by de Kiosk. Sa ek in pear dagen lyn.

“Mei ik in kofje en in sausijsebroadsje fan jo?”
“Jazeker, komt eraan. O, jo prate Frysk, hear ik. Dan kin ik ek wol Frysk weromprate.”
“Jawis. Binne der net safolle mear dy’t yn it Frysk wat bestelle?
No, jawol hear, mar ik mei gjin Frysk prate.”
“Pardon?”
“Nee, dat krigen wy in healjier lyn te hearren fan de manager.”

Foar de notulen: de Kiosk yn kwestje wurdt eksploitearre troch de Nederlandse Spoorwegen (NS). Om krekter te wêzen: troch it NS Stations Retailbedrijf.

Ferbjustere kôge ik wat om op myn sausijsebroadsje. Ik waard fan it stasjon ophelle en die myn maat it ferhaal.
“O, mar dat bart wol mear. By de Jumbo yn Drachten moatte se de klanten earst ek yn it Nederlânsk te wurd. Ynstruksjes.”
“Miskien wat foar de krante om hjir ris yn te dûken.”
“Krekt.”

Geen opmerkingen:

Een reactie posten