Sneon yn it Friesch Dagblad in besprek fan Aggie van der Meer har bondel De sneinen. It lân achter it each fan 'e nulle (Frysk en Frij, 2012):
"De mystike suggestje is dúdlik, mar lit tagelyk de lêzer de frijheid om der sels in ynfolling oan te jaan. Yn dizze bondel tilt it op fan religieuze, gauris profetyske mar ek treastrike tekens dy’t wachtsje op ûntsifering. De oare kant fan it ferhaal is dat de lêzer net folle hâldfêst krijt yn in taal dy’t beheind muoite docht om him by te ljochtsjen. Van der Meer slalommet om konkrete details hinne en set ynhâldlik swier yn op abstrakte begripen, bygelyks ‘ljocht’, ‘skuld’, ‘leafde’. Meidat de persoanaazjes ek fierhinne skimmich bliuwe, kin in religieus-spirituele skimerwrâld ûntstean dy’t him as sletten en hermetysk toant."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten