maandag 22 april 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wêr bliuwt de 'publykspriis'?

Woansdei yn it Friesch Dagblad freget Skroeier him ôf wannear't der in ferfolch jûn wurde sil oan it provinsjaal foarnimmen om te kommen ta, cq. te fasilitearjen, de ynstelling fan in 'publykspriis' foar Fryske literatuer.

"Per provinsjaal dekreet is ôfrûne jannewaris ien fan de belangrykste Frysk-literêre prizen, de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút, opheft. De nije nota fan deputearre Jannewietske de Vries oer taal, keunst en kultuer hat dizze út 1984 datearjende priis nettsjinsteande protesten fan tsientallen skriuwers by de dyk set. Ut Provinsjale Steaten wei is gjin tsjinlûd dat namme hawwe mei, fernommen. Op de begraffenis fan De Fedde wie amper folk.
(..)
De Provinsje wol syn wurdearring foar de Fryske literatuer útdrukke litte troch oaren. Troch it bedriuwslibben, leafst. Dat is wat in abstrakt wurd, mar it betsjut yn dit gefal: troch boekhannels en útjouwers. It heil moat dus komme fan sinterske negoasje, dy't elk momint omfalle kin yn de ekonomyske tsjinwyn.
Wy skriuwe no ein april en oer in nije 'publykspriis' ynsteld troch private partijen heart it publyk mar neat."

 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten