vrijdag 12 april 2013

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Skriuwer Schepers út it ferjitten fiske

Hjoed yn it Friesch Dagblad in stik oer de útstalling 'De schatkiste fan Schepers' yn it Grouster museum Hert fan Fryslân. Dichter en skriuwer Johan Bernard Schepers (1865-1937) is net allinnich de man fan it prachtige lytse fers 'Oan ús heit' mar ek de dichter fan it Nederlânsktalige mytologyske epos Bragi (1902), dêr't in Fryske oersetting fan bestiet dy't noch net útjûn is: 

"Dat Schepers no syn earste lytse tentoanstelling krijt, 76 jier nei syn dea, is te tankjen oan it ûndersyk fan Veenstra en de reewilligens fan de neibesteanden en wurkje mei. Schepers syn literêre wurk mei fierhinne ferâldere wêze, mar syn wat ûnwennige ferhâlding mei Fryslân, yn beide betsjuttingen fan dat wurd, kin model stean foar de ûnderfining fan partij minsken ek noch yn ús eigen tiid." 



 [Op de foto Sybren van der Vlugt, ien fan de tweintich frijwilligers fan Hert fan Fryslân.]

Geen opmerkingen:

Een reactie posten