woensdag 17 april 2013
Untwikkelje + stimulearje + beleane + belûke = fasilitearje
"Dy publykspriis, dat is in heimsinnich ding. "
"Hoesa?"
"As wy De Fedde efkes mei Kennedy ferlykje, wêrom net, dan is de noch yn te stellen publykspriis Lee Harvey Oswald."
"Huh?"
"Ja, wat ik sis. De Fedde hat it tydlike al foar it ivige ferwiksele, mar in Jack Ruby is yn gjin fjilden of wegen te bekennen."
"Nee, logysk dochs? Dy publykspriis is ommers ek ûnder wetter."
"Hast 'm troch?"
"Ik wit net..."
De Provinsje, ‘Grinzen oer’ - Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis, jannewaris 2013:
Talintûntwikkeling is nedich foar kreativiteit as produksjefaktor.
Talinten yn ús provinsje wolle wy stimulearje en beleane troch prizen oan har út te rikken. Mei de provinsjale prizen drukke wy yn it earste plak ús wurdearring út foar de priiswinner en syn wurk.
Dêrneist binne de provinsjale prizen der op rjochte de belutsenens fan it publyk by Fryske literatuer, muzyk en toaniel en by wittenskip, arsjitektuer, foarmjouwing, byldzjende keunst, en ûnderwiis yn Fryslân te fergrutsjen.
Spesifyk foar de literêre prizen jildt dat wy mei dy prizen by it lêzerspublyk mear omtinken jaan wolle oan de Fryske literatuer yn it algemien en de priiswinnende wurken yn it bysûnder.
Soks moat liede ta in stimulâns foar it lêzen en de ferkeap fan Fryske literatuer, bygelyks troch in werprintinge of in oersetting fan priiswinnende boeken. Op dy wize kin de merk foar Fryske literatuer fergrutte wurde. (..)
Wy geane net troch mei it útrikken fan de Fedde Schurerprizen yn de hjoeddeistige foarm.
Ynstee dêrfan wolle wy er op ta dat der in publykspriis komt foar it bêste Frysktalige boek fan it jier, dy’t ynsteld wurdt troch private partijen.
Wy wolle dy partijen dêrby fasilitearje.
De Werklikheid, april 2013:
It publyk heart wilens mar neat oer in nije publykspriis, ynsteld troch private partijen.
Dat kin ûnderskate oarsaken hawwe.
De private partijen binne noch net beneiere.
De private partijen ha der gjin nocht oan, want de private partijen ha neat mei Fryske boeken. En/of geane hast fallyt.
De private partijen hawwe der ál nocht oan, mar nijs folget noch; de private partijen binne fan doel om harren priis yn de Moanne fan it Fryske Boek 2013 te presintearjen.
De Fryske boeken hoopje fansels dat dat lêste it gefal is.
De talintûntwikkeling en de belutsenens fan it publyk by Fryske literatuer hoopje it ek.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten