Foar my leit it nijste nûmer fan it Frysk-literêre tydskrift ensafh, in temanûmer fan en oer froulike skriuwers mei as titel ‘Hjir binne de froulju’. In hieleboel tekene frouljusgesichten op de foarside, en tradisjoneel steane de nammen fan de meiwurkers op de achterkant. Ik tel 24 nammen, ynklusyf 6 fan biologyske manlju. Miskien jout soks oan dat ‘frou’ as in kulturele konstruksje opfette wurde moat dy’t fan foarm feroarje kin, ôfhinklik fan tiid en plak. Mar dat stiet net mei safolle wurden yn it nûmer, dat tink ik samar.
De titel fan it temanûmer is in fariaasje en nim ik oan
reaksje op de titel fan Janneke Spoelstra har resinte boek mei
skriuwersynterviews, titele Wêr bliuwe de froulju? Lykwols, net ien fan
de bydragen zoomt yn op dat boek, wat myn hoop op in literêre diskusje nei oanlieding
fan de pear stikjes dy’t ik (man) hjir en hjir oer Spoelstra har projekt
skreaun ha, nei beppe’ kelder bonsjoert.
Wat it nûmer wol te bieden hat, mei der lykwols wêze. In
foarwurd fan redakteur Gabriëlle Terpstra, in briefwiksel tusken redakteur
Myrte Marije Veenbaas en City of Literature-meiwurker Tryntsje van der Steege, in
stikje fan Tialda Hoogeveen oer in boek op kommendewei oer 200 oer de holle sjoene
belangrike Fryske froulju, in fraachpetear mei eks-ensafh-redakteur Jelma Knol,
in koart besprek fan in bondel út 2023 fan Elske Kampen, in besprek fan in
bondel út 1959 fan Ella Wassenaer, refleksjes nei oanlieding fan in boek út
2019 fan Aggie van der Meer, in besprek fan in bondel út 1992 fan de Amerikaanske
Nobelpriiswinner Louise Glück (krekt yn it Frysk oerset), en fierder in
mannichte fersen en koart proaza.
Al mei al in mânsk pakket oan primêre en sekundêre literatuer,
ferjou my it flauwe wurdgrapke. In grapke dat út noch yn net past by de
serieuze ûnder- en boppetoan fan it oanbod. Dy toan is oars noch net dúdlik te fernimmen yn it foarwurd. ‘Soms haw ik it idee dat de literêre wrâld noch wat
wenne moat oan autentike froulike stimmen’, skriuwt Terpstra. Nei’t se krekt
opmurken hat dat ‘froulju aardich trending [binne] yn de Fryske literatuer’: se
winne Gjalpen, esseeprizen, ha mei help fan Brussel krekt in eigen ‘kollektyf’
krigen, en mei help fan de provinsje dus no ek in hiele papieren ensafh.
Hoe ferhâldt him dat krekt mei Terpstra har ‘soms’ de kop opdûkende ‘idee’?
Ik skriuw ‘hoe ferhâldt him dat’, mar dat is dúdlik langer
net de polityk-korrekte foarm. Sa’t Veenbaas earne yn in noat opmerkt: ‘By in
geslachtsleaze foarm ha ik “har” oanhâlden.’ De Fryske grammatika skriuwt op sokke
plakken ‘him’ foar; dat sit Veenbaas blykber dwers. Hjir hie ik oars wol wat
lêze wollen oer de foar- en neidielen fan it ynruiljen fan de iene genderspesifike
ferpressing foar de oare. Miskien is soks wat foar in folgjend temanûmer,
bygelyks oer ûnrjochtfeardige taalregels?
De ideologyske ûnderbouwing fan it nûmer wurdt besocht wat oer
dúdlik te meitsjen yn de briefwiksel tusken Veenbaas en Van der Steege, elk twa
brieven, mar dat wol net earlik slagje as ik myn sin sis. Wêrom publisearje
froulju minder faak as manlju, freget Veenbaas. Wêr komt dy ‘gender-disbalâns’
yn de literatuer wei? ‘Is it tefolle beskiedenens? Hat dat te krijen mei de
tiid en romte dy’t froulju harsels gunne, seker as se bern hawwe? Wêrom is dat?’
Mar dat wit Van der Steege allegear ek net. Dy hamfragen
krije gjin antwurden; dat krigen se earder ek net yn it boek fan Spoelstra. Van
der Steege skriuwt dat it ‘gewoan ûnearlik is dat wy, frouwen (mar folje hjir
gerêst oare “minderheden” yn dy’t ôfwike fan “de noarm” en sa op strukturele
tsjinstân rekkenje kinne) op achterstân steane (allinnich) omdat we (tafallich)
frou binne. En omdat dit ûnrjocht noch hieltyd net belangryk genôch fûn wurdt
om systematysk oan te pakken! Bisto ek lilk, Myrte? Hoe komme we dêr wer út?’
Dat de ‘strukturele tsjinstân’ net tefoarren komme koe dat
sawat de helte fan de Relyprizen foar proaza nei froulike skriuwers giet, al
jierren, dat wurdt net neamd. Dat twa fan de fjouwer lêste Gysberts foar
froulju wiene ek net. Of dat froulju okkerdeis alle trije esseeprizen wûn hawwe.
Of dat fiif fan de tsien Gjalpen foar poëzij (2024-2026) foar froulju wiene. Of
dat sân fan de tolve sjueryleden fan de Rely (2023-2026) froulju wiene.
As der praat wêze moat fan ‘struktuele tsjinstân’, dan
hoecht dy wjeraksel tsjin froulju yn de literatuer blykber net dalik socht te
wurden yn de aktuele Fryske literatuer an sich. En yndie skriuwt Van der
Steege dat de ‘ûnearlike ûngelikens’ (wêrom net gewoan: ûngelykweardichheid?) tusken
manlju en froulju yn ús hiele maatskippij ynbakt sit. Fansels moat dêr tsjin
striden wurde, dat is de bedoeling fan alle ûnearlikheid – en dêr is der nochal
wat fan yn de wrâld.
Mar… wat hat dit ensafh-nûmer op dat mêd no dúdlik
makke, dat fyftich, sechstich, santich jier lyn net al dúdlik wie, dat de earste
feministen net al yn de 19de iuw dúdlik makke hawwe? Of dat de earste
oantemei de tsiende feministyske ‘weach’ ús al net ferdútst hawwe? En wêrom mar sa’n bytsje omtinken
foar de foarútgong, de ferbettering dy’t yn al dy jierren wol deechlik plakfûn
hat yn de Fryske literatuer?
Dat allegear nimt net wei dat de ensafh-redaksje en
yn it bysûnder inisjatyfnimmer Veenbaas in plom fertsjinnet foar it besykjen om
in maatskiplik relevant nûmer te meitsjen. Dat kin om my wol folle faker. Ik
fyn de ûnderbouwing dus net sa sterk, mar fermeitsje my prima mei mannige
bydrage yn poëzij of proaza. ‘Ungesteld’, dichtet Martsje de Jong yn It
reade leger oer de ûngelikens dy’t ûngelykweardichheid opsmyt, noch altyd,
tusken man en frou: ‘It wie de opmaat nei in heal libben lang lijerij.’
.


