vrijdag 1 mei 2026

ELLA! tsjin de ferpressing

 


Der is wer in nij ‘skriuwerskollektyf’, it lykje ferdoarje de sechstiger jierren wol. Njonken ‘Rixt’ (neamd nei de skriuwersnamme fan Hendrika Akke van Dorssen, 1887-1979) is der no ek ‘ELLA!’ (neamd nei in skriuwersfoarnamme fan Lipkje Post-Beuckens, 1908-1983).

Wat de nammen fan dizze kollektiven oanbelanget: de evolúsje fan ûnderkast nei boppekast-mei-útropteken falt op, lykas it feit dat it beide kearen giet om in ideologysk ferpakte ferwizing nei in skriuwer dy’t op kulturele en/of biologyske grûnen yn ’e regel, yn ’e folkstaal, bûten de kolleezjesealen, yn alle gefallen yn it kafee, in frou neamd wurdt.

‘It is hjoed-de-dei noch hieltyd (en miskien wol hieltyd mear) nedich om de ûngelikens tusken genders aktyf te bestriden – yn de maatskippij yn it algemien en, wat ús oangiet, yn de literatuer yn it bysûnder’, sa leit City of Literature-meiwurker Tryntsje van der Steege de besteansreden fan ELLA! út. Dat docht se yn de nijste nijsbrief fan City of Literature. In nijsbrief wêryn’t se dalik ek mar takomstige nije leden fan ELLA! wolkom hjit en lêzers oantrúnt om reaksjes te stjoeren nei har City of Literature-emailadres. 

‘It doel fan ELLA! is dan ek om Frysk(e) skriuwende frouwen en harren literêre wurk sichtber(der) en tagonklik(er) te meitsjen’, skriuwt Van der Steege. Ik kin it net helpe, mar dat is net in hiel tagonklik formulearre meidieling, hoe soe dat komme? Skriuw gewoan: ús doel is om skriuwende froulju foarút te helpen, oft se no yn it Frysk of it Spaansk skriuwe, dat makket net út, as se mar in adres binnen de provinsjegrinzen hawwe. En by the way, bonus: ‘ella’ betsjut yn it Spaansk ‘sy’.

In ynspiraasjeboarne, skriuwt Van der Steege, is it Nederlânske skriuwerskollektyf Fixdit (‘fix het seksisme in de literatuur’). Fixdit (website fixdit.nu) ‘streeft naar meer diversiteit in de canon en de literaire wereld. Door o.a. acties, essays, open brieven en gesprekken wil Fixdit het bewustzijn over genderongelijkheid in de letteren vergroten en de canon uitbreiden met werk van belangrijke vrouwelijke auteurs.’ Op de webside wurde suver alle dagen ferjitten froulike skriuwers ûntdutsen, opnij ûntdutsen, of wurdt har einlings rjocht dien, de list is te lang om hjir nammen te fermelden. En dy soene jo ommers dochs neat sizze.

Undúdlik bliuwt yntusken wêrom’t it omtinken net útgiet (ek) nei manlike of genderneutrale skriuwers (m/f/xyz) dy’t einlings rjocht dien wurde moat. Is literatuer net belangriker as gender? Foar in ‘skriuwerskollektyf’?

No bin ik fansels in grut foarstanner fan alle inisjativen dy’t mear en bettere Frysktalige skriuwerij opsmite kinne. Ut dat eachweid wei moat men bliid wêze mei suver elk skriuwerskollektyf dat dizze of jinge befolkingsgroep besiket oan te trunen en doch mei. Mar ik fernuverje my no dochs wol in bytsje oer de achteleazens wêrmei’t Van der Steege it hat oer it bestriden fan de ‘ûngelikens tusken genders’, en it gemak wêrmei’t ek Fixditters prate fan ‘genderongelijkheid in de letteren’.

Haw ik in trein mist? Grif wol, mar skyn my dan efkes by. Docht it betsjuttingsferskil tusken ‘ûngelikens’ en ‘ûngelykweardigens’ langer net ta de saak, yn it bysûnder net yn de taalspullen yn literêr-feministyske rûnten? Dat soe yn myn eagen net bêst wêze. Dan ha wy faaks te krijen mei in groepke fantasten dat yn elk foarbyld fan ûngelikens in skrinende misstân sjocht en in rop om help heart. In groepke dat sadwaande wolris nei sensuer gripe kinne soe, en dat ek maklik fan literêr clangedrach beskuldige wurde kinne soe.

Dat soe spitich wêze, om tal fan redenen, bygelyks om’t in genderbewuste beneiering fan literatuer absolút foardielen hat. Ek it Fryske literêre ferline lit sjen dat froulike skriuwers fier yn ’e minderheid wiene en dat harren wurk faak minder wurdearre is as dat fan manlike skriuwers. Dêr is yn ’e rin fan ’e foarige iuw en yn ús eigen tiid lykwols wol deechlik wat yn feroare. 

Skriuwers as Simke Kloosterman, Rixt, Ypk fan der Fear, Tiny Mulder, Aggie van der Meer, Jetske Bilker, Albertina Soepboer, Elske Schotanus, Elske Kampen, de list kin maklik langer makke wurde – stik foar stik wiene of binne it literêre swierwichten. Ek jongere froulju warre har tige yn de tydskriften en op 'e poadia de lêste tiid. Oaren litte it by ien boek of bondel, of stoarte har op berne- en jeugdliteratuer.

De fraach dy’t ELLA! oan ’e oarder stelle moat, nei myn betinken, is wêr’t de ûngelykweardichheid dy’t bestriding fertsjinnet no krekt weikomt. En dan tsjut ik net op de misstannen út it ferline, mar op dy fan hjoed-de-dei. No’t bestriding ‘miskien wol hieltyd mear’ noadich is, sa't City of Literature meldt. 

Mear as oait? Is it probleem dan de meast manlike sjuerys? Nee, want literêre sjuerys binne just gauris yn mearderheid froulik. Miskien hat it te krijen mei meast manlike útjouwers? Of meast manlike subsydzjejouwers? Of mei froulju dy’t yn it útoefenjen fan har tradisjonele sosjale rollen gjin plak fine kinne/wolle foar skriuwerij? Mar wol in boel lêze?

Ik ha de antwurden werklik net. Mar isolearre ‘cultural politics’ yn ’e literatuer meitsje my earder kjel as optein. Ungelykweardigens tusken minsken, en dus ek tusken skriuwers, en dus ek yn in literatuer, in kultuer, in maatskippij, nimt ommers folle mear en faak ek noch folle skrinender foarmen oan as konsintraasje op inkeld gender dúdlik meitsje kin. 

Ferskillen tusken nasjonaliteiten, talen, autochtoanen en allochtoanen, ferskillen yn wolfeart, yn oplieding, yn opfieding, binne al dy ferskillen net op syn minst like belangryk yn it discours oer literatuer en kultuerpartisipaasje as genderkwestjes? 

Ik tink dat Brusselsk kultuerbelied gjin inkeld belang hat by werklik maatskippijkrityske Fryske literatuer. Froulju, dát smyt subsydzje op. Eins is it te réaksjonêr foar wurden.
.

zondag 19 april 2026

Befoarderje, nije styl


Marije de Lange ynterviewt Tsjerk Bottema, tsjintwurdich sjef fan it provinsjeblêd de Moanne, earder lange jierren amtner by deselde provinsje. Tsjerk B. is it managemintbroerke fan Ernst B., dy sitte yn deselde gebouwen. Krekt, Bûterhoeke, Blokhûspoarte, Twabaksmerk. It binne Afûkers. En se ha mar ien opdracht: skaf de Fryske literatuer ôf en rop de ‘literatuer yn Fryslân’ út.

Yn dy fariant fan blyn provinsjalisme kombinearre mei behyplik kosmopolitisme kinne ek Hollânsktalige ‘makkers’ dy’t yn it Frysk analfabeet binne, gading meitsje oan subsydzjejild dat foar it behâld fan it Frysk ornearre is. Wie. Oait.

Marije de Lange – ek mar efkes in yntro – is berne en opgroeid yn Mûnein, dêr’t se as jong famke de boeken fan de byb wol oant trije kear ta lies. Lês ik. En sûnt se in pear jier lyn it poadium op stapte mei eigen gedichten ‘is syn [sic] Fryske oarsprong no, úteinlik, in boarne fan grutskens wurden’. Slach acht op dat ‘no, úteinlik’.

De ynterviewster hat yn alle gefallen in protte boeken faak opnij lêzen. Folle doel hat dat oars net hân, want út dy berch lektuer hat se ûnder mear oppikt wat se no oan Tsjerk Bottema foarleit: ‘Friese boeken gaan vaak over dezelfde thema’s: grutskens, de dorpen, de boer… Een beetje navelstaren?’

Je binne noch wat nayf; je fertrouwe op it goede yn de minsken. Je ferwachtsje dan dat Tsjerk Bottema, sels soan fan in Frysk skriuwer, en sjef fan in kultureel highbrowblêd, dêr wol wat tsjinyn lizze sil. Wolnee! Al dy universele tema’s yn al dy universele Fryske boeken, dêr hat net inkeld Marije de Lange noch noait fan heard, ek Tsjerk Bottema fielt him net roppen om derop te wizen.

‘Ja,’ antwurdet er, ‘maar het is ook de vraag: Wat is Friese literatuur? Is dat literatuur in het Frysk, of is dat literatuur in Friesland? Wat mij betreft is het allebei. Dan wordt het al wat minder navelstaarderig.’

Dus, efkes foar de notulen. Nederlânsktalige literêre teksten skreaun tusken Dokkum en Wolvegea moatte tenei ek ta de Fryske literatuer rekkene wurde. Of moatte se, lykas de troch fa. Bruinsma & Bottema o sa priizge roman Geller fan Gabriëlle Terpstra, dan earst noch wol yn it Frysk oerset cq. yngeand behoffene wurde? Letter hoecht dat miskien ek net mear. En hell yeah, wêrom net dalik ek mar alle Ingelsktalige húsflyt tusken Surch en Appelskea derby belûke?

Mei sok suïsidebelied is de Ljouwerter literatuerdiktatuer al sûnt de blomlêzing Swallows and floating horses fan Ernst Bruinsma út 2018 oan ’e gong. It sjueryrapport by de Gysbert Japicxpriis fan ferline jier wie wat dat oanbelanget in twadde tryste mylpeal. En no dus Bottema yn ’t spier foar it ferhûddûke Nederlânsk yn ús skoandere meartalige provinsje. Dêr’t altyd wol in sympatike Rixt-dichteresse yn ’e buert omfytst, ree om yn de Moanne inketswart provinsjaal belied wyt te waskjen.

Allegear moai en aardich, mar komt der nochris in serieus petear op gong? Gean dêr mar net fanút. Us folk is sprakeleas fan bewûndering. Want de provinsjale Fryske taalbefoardering is no safier trochkrongen yn de delikate keunst fan it befoarderjen, dat it hielendal net mear noadich is om te befoarderjen dat it Frysk befoardere wurdt. Dát is pas befoarderjen!


Foto: Marchje Andringa/LC

.

donderdag 1 januari 2026

In freonlik skopke ûnder de kont

 


Jelma Knol (eks-ensafh) hat in stikje op de ‘literêre’ site fan ensafh skreaun oer de ynterviewbondel Wêr bliuwe de froulju? fan Janneke Spoelstra. Jelma Knol fynt dat de Fryske manlike skriuwers in skop ûnder de kont hawwe moatte. It is tink ik it meast neatsizzende stikje op ensafh fan 2025. En dat seit wat.

 

Knol hat it oer ‘in yndrukwekkende, erudite stúdzje, grôtfol analyzes, literatuerferwizings nei stúdzjes oer de rol fan de frou yn de literatuer, de posysje yn oare taalgebieten en boppedat moaie, djipdollende ynterviews mei tsien dichteressen’. Mar wêrom’t Knol dit sa’n yndrukwekkende stúdzje fynt, dêr moatte wy nei riede. Knol woe dan ek net in resinsje skriuwe, se woe graach reklame meitsje. ‘Lês fral it boek fan Janneke!’ is it advys.



Jawis, lês foaral dat boek. De ynterviews binne nijsgjirrich. Mar jo sjogge dan ek al ridlik gau dat it eins net oer in ‘stúdzje’ giet. Der is gjin ûndersyksfraach, gjin hypoteze dy’t toetst wurde moat, gjin kennis dy't ferovere wurde moat. Der binne wol wat sifers, en dy wize út dat fan froulju folle minder dichtbondels publisearre wurde as fan manlju, en dat dichtsjende froulju folle minder faak in priis krije as dichtsjende manlju. Lykwols, dat hat Spoelstra net útfûn, dat wisten wy al.

 

De fraach dy’t se stelle moatten hie, is hoe’t dat komt. Ynstee fan in wittenskiplike ekspedysje om in antwurd op dy fraach te formulearjen, binne der tsien ynterviews mei tsien froulike dichters. Oan dy dichters wurdt de hamfraach lykwols net steld, alteast, der komt gjin antwurd op. Wêrom net?

 

‘Dat dichteressen [de froulju yn kwestje neame harsels leaver ‘dichter’] noch altyd yn de marzje fan de Fryske literatuer operearje sjoen it lytse tal bondels dat útkomt en de seldsume bekroaningen mei literêre prizen’, skriuwt Knol, ‘bewiist Spoelstra mei har sifermjittige analyze.’ Nee, dat bewiist se net. Har boek giet net oer froulju dy’t proaza skriuwe, bygelyks. En wat se oer froulike dichters beweart, dat wisten wy lykas sein al lang.

 

Sifers dy’t wol ljocht smite kinne op de mear of minder marzjinale posysje fan froulju yn de Fryske literatuer wurde nuvergenôch net troch Spoelstra oanhelle (Rely Jorritsmapriis). Ut dy sifers blykt dat froulju suver like faak in Rely ‘wûn’ hawwe mei ferhalen as manlju.

 

‘Sûnt myn boek út 1993 is der eins gjin ferbettering te sinjalearjen yn de posysje fan Fryske skriuwsters’, skriuwt skriuwster Knol. Falt te betwiveljen, sjoen de Rely-sifers dy’t ik yn myn resinsje fan Spoelstra har boek jûn ha. Mar Knol stoomt gewoan fierder. Se hat mei har buorman praat, en dy jout har grut gelyk: ‘It is in eksakte ôfspegeling fan wat him yn de gewoane wrâld oan diskriminaasje ôfspilet.’

 

Handich fan Knol: sa kin se moai efkes it wurd ‘diskriminaasje’ falle litte sûnder dat se der op oansprutsen wurde kin. O nee, sorry. In pear sinnen letter seit se nammentlik samar hielendal op eigen manneboet, ha, ha, oer de Fryske literatuer dat ‘sels dêr (..) net in frije romte te finen (is), sûnder diskriminaasje’.

 

En se doart it noch wol sterker op te sizzen ek: ‘Soms wurdt dy romte ek noch besmodze mei seksistyske uterings, wylst de âldere generaasje besprekkers (út myn tiidrek) benammen in wat delbûgjende paternalistyske hâlding hie.’



De grutte pine fan ditsoarte frij ferfeelsume identity politics is blykber – ik ha dat yn it Friesch Dagblad ek oanjûn – dat poerbêste froulike dichters as Margryt Poortstra, Baukje Wytsma en Albertina Soepboer de Gysbert (noch) net krigen hawwe. Dy priis hiene se yndie wol (al) fertsjinne. Soepboer kin him de folgjende kear dat er wer foar poëzij útrikt wurde sil suver net misrinne. Mar fan ’t jier wie de priis foar Elmar Kuiper. Miskien mient Knol dat Soepboer har wurk better is? En dat de froulju dus fan ’t jier wer krimineel diskriminearre binne?

 

‘De selsbewustens fan de Fryske dichteressen dy’t út de ynterviews fan Janneke Spoelstra sprekt, de trochlibbe literatueropfettings en striidberens, meitsje my fleurich’, skriuwt Knol. ‘Wêr bliuwe de froulju? Sy binne der al en hawwe der ek altyd west. It binne de oaren dy’t in skop ûnder de kont hawwe moatte.

 

Neffens my moat mear as de helte fan de ynterviewde froulju in skop(ke) ûnder de kont hawwe. Want óf se dichtsje al jierren net mear, óf se litte it al jierren by in debútbondel (seis fan de tsien ynterviewden). Watfoar soarte fan selsbewustens dêr út sprekt, dêr is inkeld Knol mei bekend tink.

 

En oan ’e ein fan de reklametekst wit de lêzer noch hieltyd net a) wêrom’t froulju minder faak dichtsje as manlju, b) wêrom’t froulju minder faak prizen foar dichtwurk krije as manlju, en c) wêrom’t dat presys in probleem is, in probleem sels dêr’t in boek tsjinoan smiten wurde moat? Soe it wêze kinne dat Fryske froulju minder nocht hawwe oan dichtsjen as Fryske manlju, en dat se just wol nocht hawwe oan de ferhaleskriuwerij? Dêr soene de Rely-sifers op wize kinne. Mar sûnder ûndersyk bliuwt ek dat mar in slach yn ’e loft.

 

It nijste idee fan Spoelstra is dat der in aparte Gysbert komme moat foar froulju. Echt wier. Ik lês it yn it magazine fan de Fryske Akademy. Ik fan myn kant fyn dat wy ek rekkenje moatte mei, yn alle gefallen yn ’e takomst, in aparte Gysbert foar minsken fan kleur, ta slaaf makke minsken, minsken mei in ymmigraasje-achtergrûn, non-binêre of geslachtsleaze of geslachtsferoare minsken, fegetariërs, feganisten, blowers, alkoholisten, lymsnuvers, útkearingsûntfangers en fierder foar alle ûnderbeljochte, tamtearre, bespotlik makke of op in oare wize diskriminearre groepen meiminsken dy’t ik no – sorry - ferjit.

 

‘Groupism’, neamde Rogers Brubaker sok tinken. Gau mei ophâlde. En oars graach mei echte ûndersiken komme, dêr’t wy dan in sinfol petear oer hawwe kinne.