donderdag 25 april 2013

Staveringsellinde: wêrom?

By neare nacht en hurde wyn hawwe Provinsjale Steaten efkes wat staveringswizinkjes trochfierd en der is noch mear op kommendewei. De belangrykste wiziging is yn de stavering fan wurden mei in –û of in –oe: “Koarte en lange û-lûden wurde tenei skreaun as ‘oe’ as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd en yn de doetiid fan tiidwurden. Yn oare gefallen wurde se as ‘û’ skreaun.” ‘Spoek’ wurdt dus ‘spûk’. En ‘útnoegje’ wurdt ‘útnûgje’. Yn in pear wurden feroaret de –v yn in –f (‘telefyzje’) en de –z yn in –s. En ‘ieu’ wurdt ‘iuw’.

Dizze staveringshokuspokus komt by de Fryske Akademy wei, dy't graach in Fryske wurdlist, in ‘grien boekje’, gearstalle wol dat ús leare moat hoe’t Fryske wurden stavere wurde moatte. Blykber is in gewoan wurdboek foar dat doel net genôch. Blykber is it ûnbidige, mear as tweintich dielen tellend Wurdboek Fryske Taal (WFT) net gaadlik foar dat doel. Spitich oars, want it is online beskiber en elk kin it dus brûke.

Boppesteande noch frijwat kosmetyske oanpassings sille folge wurde troch mear. Want de Fryske Akademy moat al wurk hâlde fansels; se dogge dêr yn ‘e takomst graach noch wat mear útstellen ta staveringsferoaringen. De wurdlist moat der yn 2014 wêze.

Wêrom moat dit allegear? Net ien dy’t it snapt. Wurdlisten binne nearne goed foar as alle wurden fan dy taal al yn in wurdboek stean, dat ek nochris – digitaal – maklik oan te passen is. En dy wizigingen? Dy binne goed foar guon dy’t de taal leare wolle, wurdt sein. Se meitsje de taal ‘logysker. Och ja, dêr komt de tiidgeast om ‘e hoeke sjen: safolle mooglik risseltaat mei sa min mooglik ynspanning. Want leare, dat is dreech. Dat mei in nije stavering al dy tûzenen minsken dy’t al Frysk lêze kinne, no konfrontearre wurde mei wurdbylden dy’t har tsjinsteane, wat soe it? ‘Collateral damage’ is akseptabel, sjoen it goede doel.

Mar de wizigingen binne dochs demokratysk ta stân kommen? ‘Demokratysk’ is yn dit ferbân in nijsgjirrich wurd. It stimfee fan PS folget it adfys fan de deputearre en hat sels noch noait in tel stilstien by taal noch stavering. It is sels net fan doel krekt te dwaan as fine se soks belangrike ûnderwerpen. De refleks is: wy moatte krektlyk as it Nederlânsk ek in ‘grien boekje’ hawwe. Nochrisom, wêrom? Noch it griene noch it wite boekje ha ik ea ynsjoen en om my te ferdútsen wat it ferskil is tusken dy beide wurdlisten, moat der eins in apart boekje komme.

It iennichste positive risseltaat fan dizze staveringsoplichterij is dat in lyts tal minsken – trije, fjouwer? – wer wurk hat. Mar de kâns om belutsenens by de taal te organisearjen troch in brede diskusje oer sin en ûnsin fan ditsoarte staveringswizigingen te begjinnen, is – fansels mei opset sin – fersitten. Wêr helje PS it lef wei om op grûn fan in adfys fan in net-funksjonearjend ynstitút efkes gau myn taal te feroarjen, wylst se sels te beroerd binne om it brûken fan it Frysk op de eigen ynternetsite ôf te twingen? Earme geveltsjeprovinsje.

Gelokkich binne der al skriuwers dy’t iepentlik witte litte dat it gau dien wêze moat mei ditsoarte wizigingen yn it skreaune Frysk.

Sigrid Kingma op ItNijs.nl: “Wat in ûnsin om dat sa sûnder oan te kundigjen te feroarjen. Ast wolst dat net ien dalik mear goed Frysk skriuwt, dan moatst foaral soksoarte dingen betinke.”

André Looijenga op ItNijs.nl: “Ik diel Sigrid har miening dat se der gjin goed oan dien hawwe om dizze offisjele staveringsferoaring sûnder dúdlike foaroankundiging troch te fieren. It is, om sa te sizzen, ‘stikem’ bard, wylst yn it publyk hast gjinien him der iepentlik oer bekroade.”

En Cornelis van der Wal, op ensafh.nl: “Ik begryp wier net wêr’t dy wiziging foar nedich wie. Wierskynlik wie it wurkferskaffing... Hat de Akademy neat betters te dwaan? De stavering moatte jo sa folle mooglik litte sa’t er is, om’t oars ‘âlde’ boeken dreger te lêzen binne foar de takomstige lêzer. Ik doch der net oan mei!”

Ik slút my graach oan by boppeneamde sprekkers.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten