zaterdag 3 oktober 2026

It mystearje fan de eksplodearjende en ymplodearjende Gielegou-ynstjoeringen


Yn dit koarte tekstke ûndersykje wy fan de Feartfisk trije wizen fan literêre priispromoasje. It giet om de Gielegou, dat is net it fûgeltsje dêr’t Abe de Vries sa’n moai fers oer hat yn syn bondel Blaumelly, it is de troch Tresoar útloofde priis (x 5) foar in romanopset besteande út 20.000 pegels, yntinsive skriuwbegelieding en de publikaasje fan in boek.

Op 30 oktober sil op it Frysk Boekefeest bekendmakke wurde hokker fiif skriuwers mei har subsydzegefoelige noas yn ’e pecunia falle. It relatyf grutte oantal fan fiif (5) prizen freget fansels wol om folle mear ynstjoeringen fan gadingmakkers, want wat is de pr-wearde fan fiif prizen by minder as seis ynstjoeringen? Jo begripe: hjir is romte foar marketing. Wat binne de mooglikheden?

Wize 1. Koördinator fan it Gielegou-proses is Syds Wiersma, de mystyk dichter dy’t lange tiid yn tsjinst wie fan Tresoar en no noch altyd wurket foar Tresoar. Yn De Moanne fan 25 septimber parafrasearret ynterviewer Bert de Jong him oer de priis: ‘Syn ferwachting is dat der mear as tweintich gadingmakkers binne. It makket him optein.’

Dit soene wy realistyske marketing neame wolle. Gjin oerdreaune oantallen neame, net te fier fan de praktyk ôfwike (jierlyks ferskine yn it Frysk tusken de tsien en fyftjin romans).

Wize 2. Fiif dagen nei de publikaasje fan De Moanne blykt de pr-ôfdieling fan Tresoar in oerlis hân te hawwen dêr’t soargen utere waarden oer de beskieden ‘ferwachting’ fan Wiersma wat it oantal ynstjoeringen oanbelanget. Op de Facebookside fan Tresoar ferskynde op 1 oktober de folgjende tekst, tige taalbefoarderjend foar in part yn it Nederlânsk: ‘In boppeslach: mear as santich ynstjoerings foar de Gielegou Rige. Wow! Er zijn meer dan zeventig plannen voor een Friese roman ingestuurd naar aanleiding van de open call voor beginnende prozaschrijvers.’

Dit soene wy maksimalistyske marketing neame wolle. Wy moatte blykber leauwe dat der ‘meer dan zeventig’ begjinnende proazaskriuwers yn it Frysk binne. Of dat in net-bekendmakke oantal skriuwers mear as santich plannen opkrabbele en ynstjoerd hat. Al of net mei help fan AI.

Wize 3. Yn de Leeuwarder Courant fan twa dagen letter, 3 oktober, komt inisjatyfnimmer Arjen Dijkstra, Tresoar-direkteur, oan it wurd yn in parseberjocht. ‘It tal fan dik fyftich gadingmakkers is “folle mear as dêr’t wy op hope hiene”’, lit de krante him sizze. Mar nuver, it krantestik set mei in oar oantal útein: ‘Mear as sechstich oanstoarmjende Fryske proazaskriuwers dogge in goai nei in beurs foar de Gielegou-rige.’

Dit soene wy de himsels yn ’e foet sjittende marketing neame wolle, derfan útgeand dat de sjoernalist yn kwestje de oantallen net fan syn tûme heard hat mar fan Arjen Dijkstra himsels. Tweintich, dat like net op in revolúsje, en mear as santich, dat soe by better sjen betsjutte dat suver alle leden fan It Skriuwersbûn in gokje weage hawwe. Yndie: dat klinkt frij bespotlik. Dan mar earne der tuskenyn sitte. Mear as sechstich? Ja! Of nee, sis mar dik fyftich. Krapoan fjirtich, hie dat net better west om te sizzen? Of tritich. En dan komme al gau de tweintich fan Syds Wiersma wer yn sicht.

Dan no de útkomst fan ús lytse ûndersykje. De pr-stratezjy fan Tresoar is in bytsje in tizeboel, kinne wy dat feilich sizze? Wat der foaral út sprekt, is in wanhopich besykjen om ús te oertsjûgjen fan it grutte, supergrutte, nee, megagrutte sukses fan it Gielegou-idee. Tip 1: besykje tenei gewoan te tellen en it werlike sifer te fermelden. 'Mear as tweintich', 'mear as santich', 'mear as sechstich', 'dik fyftich', sok net al te fernimstich gûcheljen raast dochs om stikjes lykas dit stikje?

En tip 2. Miskien is it wat om it mystearje fan de earst eksplo- en dan wer ymplodearjende Gielegou-ynstjoeringen te demytologisearjen troch alle ynstjoeringen anonimisearre op in site te publisearjen? Net inkeld de literatuer, ek it fertrouwen yn de semy-oerheid soe dan in ‘boost’ krije. Bykommend foardiel: dan soe it belangstellend publyk de winners útkieze kinne, ynstee fan in foarprogrammearre kommisje fan ‘eksperts’ ynklusyf boekferkeaper al dat jild tawize te litten.


.