En de junysinne fladderet oer de hyasinten
yn de bosk fan Ypeij, hy flaget oer
de roazebottels mei syn mûleharp,
besparket leeljes fan ’e lichten yn syn dûns,
komt mei hasten yn it nutehôf,
nimt ús ierdbei, kers en drúf út hannen.
Nei it fernachtsjen, om’t it him haget,
bout er, wûnder barren, in brêge fan wekker
te wêzen yn de bosk fan Ypeij:
in
sulveren omgong set op bûtenmuorren.
Tusken geande en kommende paden yn
telle wy libelles yn ’e remains of the day.
Do bist myn skat yn ’e jikker, seisto,
dy’t ik yn ’e skaden net fine koe.
Fang ús de lytse foksen, fang se allegear,
fang ús de lytse foksen yn alle bosken fan Ypeij.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten