dinsdag 20 maart 2012

Takom wike: elke dei in Frysk gedicht op Radio4

Fan moandei oantemei freed sil elke dei tusken 16.00 en 18.00 oere op Radio4 yn it programma NTR Podium in troch my foardroegen Frysk gedicht te hearren wêze.

NTR Podium (foarhinne Viertakt Podium) is it muzykaktualiteiteprogramma op Radio4. De redaksje hat my frege om fiif fan de moaiste gedichten út de Fryske poëzij út te kiezen, as it koe net al te lange fersen en as it heal koe moasten se ek noch wat mei natoer of muzyk te krijen hawwe.

De rige útstjoeringen fan takom wike is in tarieding op in útstjoering út it Natoermuseum yn Ljouwert wei op 2 april; dan sil Tsjêbbe Hettinga út eigen wurk foardrage.

Ik bin útkommen op de folgjende fiif fersen:

Obe Postma, ‘Yn maart’
Jan Wybenga, ‘Koine foar twa’
Tytsy Wyngaarden, ‘ik haw praten, mei de hear
Eppie Dam, 'Neigeraden it noarden'
Grytsje Schaaf, ‘Standing by’

De fersen binne allegear te finen yn myn blomlêzing út 2008, Het goud op de weg. Ik lês allinnich de Fryske gedichten; de Nederlânske oersettingen komme op de site fan it programma te stean.

Kommentaar op de seleksje, anyone?


.

3 opmerkingen:

  1. Se hawwe dy frege, my net, mar ast it dan fregest, hoe liket it mei Douwe Tamminga as Eppie Dam?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ha Jan! Jawis, it hiene likegoed fiif oaren wêze kind. Jo wolle yn sa'n lytse seleksje rjocht dwaan oan in hieleboel saken: reputaasje, âld, nij, frou, man, ferskillen yn poëzij-opfettingen ensafh. En dan ek noch net allinnich mar de nammen bringe dy't elkenien ferwachtet. Sokssawat?

    BeantwoordenVerwijderen