donderdag 1 maart 2012

KOLLUM (29): Jou ús in regionale krante

Ik lies op liwwadders dat âld-haadredakteur fan de Leeuwarder Courant Rimmer Mulder – grif mei stipe fan de tsjintwurdige haadredaksje – yn ’e pleit is foar oerheveling fan oerheidsjild fan de regionale omrop nei de regionale krante.

Dat is sokssawat as de NRC dy’t freget om stipe fan de NOS. The Sun On Sunday dy’t jild opeasket dat foar de BBC ornearre is. It is de wrâld op syn kop sette.

Dik trije jier lyn skreau ik op in earder weblog in lang stik oer de takomst fan de regionale krante, mear yn it bysûnder de LC. Myn bewearing wie dat de LC allinnich oerlibje kinne soe as regionale krante as er him tenei folút rjochtet op it regionale nijs. Dus gjin lanlike en mondiale kwestys mear op de foarside, net langer de eigen aginda diktearje litte troch De Wereld Draait Door, mar tema’s dy’t yn it eigen ferspriedingsgebiet spylje serieus nimme.

De haadredaksje wie doe in bytsje lilk op my. “Ferried,” rôp Wio Joustra.

De LC tinkt noch altyd dat er heal Volkskrant, heal krante foar Fryslân wêze kin. Mar dat kin net, bewize de ferpiterjende oplages en dito adfertinsje-ynkomsten. Dus der moat wat barre. Mar wêrom dan meilifte wolle op it besteansrjocht fan in oar? Omrop Fryslân is in hiel oar medium, mei in oar publyk, mei in oare taakstelling ek. De Omrop is bygelyks ien fan de pylders fan it Frysk. Wat fan de LC net sein wurde kin.

In miskien noch wol belangriker argumint is de diversiteit yn it Fryske medialânskip. In moloch LC-Omrop soe desastreus wêze foar it konkurrinsjeklimaat dat sjoernalisten normaliter by de lês hâldt. No is dy diversiteit al fier te sykjen, meidat it iennichste oare Fryske deiblêd, it Friesch Dagblad, eins te lyts is om op alle fronten tsjin de LC oan te kinnen. De LC wol blykber ek it lêste bytsje konkurrinsje útskeakelje. Eigen krante earst! Guon redaksjes gedrage har no al as in lyts polytburootsje, dat sil dan allinnich noch mar slimmer wurde. Fataal foar de regio, sokke kartelfoarming.

Fansels sit de LC yn de hoeke dêr’t de klappen falle. De fuzy mei boekebedriuw VBK hat net it soelaas brocht dêr’t op hope waard, sterker noch, troch wanbelied fan de konsernlieding driget it krantebedriuw meisleept te wurden yn de delgong fan it boekebedriuw. Gefolch: de krante hat gjin jild om op eigen manneboet nije inisjativen te nimmen, bygelyks in eigen tillevyzjestjoerder te begjinnen. Dus besykje se earst mar ris om in tillevyzjestjoerder kado te krijen.

Oan de Sixmawei wurdt wachte op in ynvestearder, in prins op it wite hynder dy’t de krante rêde sil. En salang’t dy him net oantsjinnet, om’t it ekonomysk klimaat dêr no ienris net neffens is, kin altyd noch lobbyd wurde by… de oerheid. De mem fan ús allegear. Op kosten fan… ús Omrop.

Folle better soe it wêze om dochs noch mar ris fûneminteel nei te tinken oer wat it eins betsjut om in regionale krante te wêzen yn Fryslân.


Sjoch ek op de NachtRider: 'De falske jammerklacht fan NDC-direkteur Gert Jan Oelderik'
.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten